

grûnslach en doel fan de stifting FOWE
artikels en oertinkings út de Earn
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2011 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Rienk Klooster -
Sytse Ypma -

Tiisdei 10 jannewaris 2012
Earnewâldster Rûnte mei Dr. E.J. Keulen
Tiisdei 24 jannewaris 2012 om 19.45 oere
Bestjoer FOWE
Tiisdei 13 maart 2012 om 15.30 oere
Kommisje Earnewâldster Rûnte
Earnewâldster Rûnte
Hoewol’t it seizoen 2011 -
foar it folgjende winterskoft 2012 -
-
‘Bliuw net stilstean by wat west hat en hâld net fêst oan it ferline.
Sjoch, Ik bin mei wat nijs dwaande, it begjint al út te kommen.
Fernimme jim it net?’ (Jesaja 43:18-
Yn de foargeande jierren fan de Earnewâldster Rûnte ha wy dwaande west mei sprekken
en tinken oer Bibel en tradysje. Frijwat ûnderwerpen dy’t in rol spylje yn ús tradysje
en yn de teology, binne dêrby op it aljemint kommen. Sa ha wy it hân oer klassike
tema’s lykas Kristology, Fersoening, Godsbylden ensfh. Ek binne der útstapkes makke
nei net-
Op de hiemside (homepage) wurde altyd de lêst taheakke artikels (koart) publisearre.
De siden binne it noflikst te lêzen yn 1360 * 768 piksels
Omtinkers
Yn it net witten fan guon dingen, leit in soad wysheid.
Wysheid kin allinne ferwurven wurde troch in learende geast: dy’t gjin fragen stelt, sil ek gjin antwurden fine.
Suksesfolle minsken stelle bettere fragen.
En dêrtroch krije se bettere antwurden
Feiten ûntrint men net troch se te ûntstriden.
It libben is prachtich. Men moat allinne wol de
moed ha om dat (eigen) libben te libjen.
Lear josels kennen, foar’t jo tinke, dat jo in oar kenne
As men de wierheid fertelt, hoecht men net folle te ûnthâlden
It finen fan lok leit yn it genietsjen, net yn it besitten
Libje hjoed en net moarn:
moarn is it wer hjoed.
Tink oan juster, dream fan moarn . . .
mar libje hjoed.
Sûnder doel gjin doelpunt.
De wize oertinkt syn eigen fersinnen.
Net dy fan in oar.
Yntelliginsje krijt men mei, wiisheid moat men leare
Nimmen hat wat oan religy of filosofy as er der net earst sels mei wraksele hat.
Elkenien sei dat it net mooglik wie, oant der ien kaam, dy’t dat net wist.
Ast de wyn net feroarje kinst, feroarje dan de stân fan dyn seilen.
Wat mis gien is, kinst net mear feroarje. Wol rjochtfeardich ripperearje.
It wichtichste by kommunikaasje is hearre wat der net sein wurdt.
Alles wat men yn dit libben nedich hat, binne ûnwittendheid en selsfertrouwen.
Dan hast altyd súkses. Mark Twain
Kânsen binne as bussen. Der stoppet altyd wol ien. Richard Branson
In soad kennis is net sasear wysheid, mar mear in goed ûnthâld.
Desimber 2010
As God net bestiet, kin Hja ek in frou wêze
It wie gjin reden om it oan ’e kant te lizzen, mar yn syn boek Geloven in een God die niet bestaat sette dûmny Klaas Hendrikse my op side 33 al bûten de doar.
Dêr nimt er ôfstân fan kollegateologen en -
'God bestaat in het ritueel, of voor de duur van het gebed, zonder dat Hij daarbuiten bestaat.’
Ik bin teolooch noch predikant, mar ek in liturgys dichter dy’t om it wurd ‘God’ net hinne kin en wol, lit wolris wat trochskine. En oars mei ik my as minske oansprutsen fiele, te mear omdat de útspraak fan jongs ôf myn stilswijend idee west hat. Foar Hendrikse bin ik in bûleblazer, immen dy’t op 'onnavolgbaar creatieve wijze om de hete brij heen [draait]'. Kreativiteit ha ik my altyd op útlein, en it soe my in eare wêze, foar rûntsjemeallen om dampende petielen hinne mocht ik lykwols net in grut talint ûntwikkelje.
Desimber 2010
Oer de Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
In bysûnder barren hjoed, sawol foar de herfoarme gemeente fan Earnewâld as ek foar mysels. Want wa hie noch mar in jier lyn tinke kinnen dat ik nochris offisjeel ferbûn wurde soe oan dizze gemeente, dêr't ik al langer as 27 jier wurkje?
Okkerdeis sei in kollega: 'Do hast mar in nuvere karriêre'. Mar hawar, it is no ienkear sa dat de dingen yn it libben ferrinne lykas se ferrinne. En it libben hinget oan elkoar fan tafallichheden. Tafal, dat wol sizze: It falt jin ta, it komt op jins wei. Dêr moatte wy net yngewikkeld of heechdravend oer dwaan. It is gewoan wat it is.
18 desimber 2011
In Advintspreek: de essinsje fan it bestean
It ferhaal dat wy lêzen hawwe yn Lukas 1 is net allinne in hiel bekend ferhaal, mar ek in ferhaal dêr’t yn de tsjerke altiten hiel wat oan ophongen is. It learstik fan de berte út de fammesteat (Ned. de maagdelijke geboorte) giet werom op dit ferhaal. De hearen teologen hawwe in tal ieuwen neidat dit ferhaal spilet, op konsily's oan it harsenskraabjen west oer de fraach hoe’t it krekt siet mei de minsklikheid en mei de godlikheid fan Jezus, dy godlike en dy minsklike natoer yn dizze iene persoan. En yn harren net te bedjipjen wysheid ha se doe formules betocht wol sa yngewikkeld, dat men der pineholle fan kriget.
Pineholle krije wy net fan it ferhaal yn Lukas 1. It is in ferhaal krekt hiel gefoelich en hiel sybtyl, hiel byldzjend en ien en al symbolyk. Want it ferhaal wol yn bylden sizze, wat him eins net ferwurdzje lit.
It is, lykas safolle bibelferhalen, in ferhaal mei in geheim. En krekt dêrom bliuwt it ferhaal yn al syn soberheid en suverheid ek sa boeiend. En is it noch altiten by steat om jin oan te sprekken.
Maaie 2011
Gewoane minsken
Peaskepreek nei oanlieding fan Johannes 21: 1 -
Johannes 21 is in haadstik dat taheakke is oan it Johannes-
Oars as de oare Peaskeferhalen, dy’t har yn Jeruzalem ôfspylje, nimt dit ferhaal ús mei nei Galilea. Dyselde learlingen dy’t wy yn de berjochten oer Wite Tongersdei, Goed Freed en Peaske yn de haadstêd tsjinkommen binne, binne no werom yn de kontrei dêr’t se oarspronklik weikamen en dêr’t Jezus har destiids roppen hat om syn learlingen te wurden. Lês mear>>
Desimber 2011
De skatkeamer fan ús hert
Ôfrûne oktober wie ik yn Rome.
In besite oan de Ivige stêd, sa't Rome ek wol neamd wurdt, is tige de muoite wurdich, benammen as jo ynteressearre binne yn de tsjerklike skiednis. Tusken alle pracht en priel hope ik in glimp op te fangen fan it ivige, it godlike. Mar dat foel my net ta.
Rome is drok. Men kin oer de koppen wol rinne yn it Fatikaan en de Sint Piter.
It is in spultsje fan grut, grutter, grutst, as it om tsjerken giet. Wylst it dochs sa ienfâldich begûn . . . mei in lytse poppe yn in krêbe.
Desimber 2011
Betinke
Doe’t ik mei dizze preek begûn, hie ik it briefke mei acht nammen foar my lizzen.
De acht nammen fan de ferstoarnen dy’t daliks oplêzen wurde sille. Mar yn in tsjinst as dizze komme jin ek wer de nammen yn it sin fan safolle oaren, dy’t earder al of folle earder al by ús weifallen binne troch de dea. Oan guon dêrfan tinke wy miskien noch wol alle dagen, as wie it de dei fan juster. Dy nammen hearre om samar te sizzen by ús libben en sille ús dan ek bybliuwe, salang as wy der binne. Dêrmei hat in tsjinst as dizze foar frijwat fan ús in grutte emosjonele lading, mar hopenlik ek in grutte emosjonele wearde. Want it is goed om te betinken.
In âlde Joadske siswize seit ommers: ‘Yn it betinken leit ferlossing, mar ferjitte en swije betsjut ballingskip’.
It is ek goed om dat betinken mei elkoar te dwaan. Men is ommers net de iennichste dy’t omrint mei gefoelens fan leechte en gemis. Der binne mear lykas jin.
En eins binne allinne dyselden dy’t ek it ien en oar meimakke hawwe, by steat om jins pine oan te fielen.
Desimber 2011
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Het hart spreekt
Laat mij door Uw stilten ommedolen,
waar het schendend woord van hen niet is,
dat ik – in een donker woud verscholen –
bij den geur van Uwe boschviolen
word omvat van Uw geheimenis.
Desimber 2011
Oer Messias-
Sa út en troch lêst en/of heart men wer ris fan groepen Kristenen of beskate sekten,
dy't ferwachtsje dat it ein fan 'e tiden oansteande is en dat Jezus Kristus (de Messias)
mei gauwens (werom-
Soks giet faak lykop mei preken út Iepenbierings oer ierdskoddings, oarloggen en de lêste striid tusken Satan en dy Messias.
Ek it Joadedom wachtet noch altyd op de komst fan de Messias en der hawwe ek ferskate Joadske falske Messiassen west, dy't foar in soad teloarstelling soarge hawwe.
En yn de Islam -
It docht dus wol bliken dat tinkbylden oer de Messias noch libje as in hert yn de trije grutte monoteïstyske godstsjinsten en dat it foar ús fan belang is om te witten wêr oft dy ideeën weikomme en wêr't se ta liede kinne.