Herfoarme Tsjerke Earnewâld Hiemside Frysk Oekumenysk Wurkferbân

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2017 - 2018

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Hiemside Frysk Oekumenysk Wurkferbân Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl


FOWE  -  De Earn


Septimber 2011


Begjinne by it begjin


De skriuwer Chaim Potok seit op de earste side fan In the beginning:

‘Alle begjin is swier’. Hy hat gelyk. Wy binne minsken dy’t oanstriid hawwe om alles by it âlde te litten, omdat wy it net stean hawwe op it nije. Wy hingje oan âlde gewoanten en ek ús rituelen binne fakentiids deselde as dy fan ús foarfaars.

It is net ienfâldich om wat nijs te begjinnen, in oare fysy te ûntwikkeljen, in bibelpassaazje oars te lêzen as dat jin altiten meijûn is.


Sa is it ek mei it begjin fan de bibel. Genesis 1, it boek fan it begjin, fertelt oer it ûntstean fan alles wat bestiet. Oer it boek fan it begjin hawwe al in hiel soad útlizzers gear west en noch altiten boeit it. Yn it lêste nûmer fan de Earn stie in bydrage oer Genesis 1:1 mei in nije oersetting fan ‘himel’. It wurd sjamaim waard oerset mei ‘fjoerwetter’. It soe bydrage ta in better begryp fan it skeppingsferhaal. My liket dat ûnsin ta. Yn de bibel wurdt yn in tal fan teksten sprutsen oer ‘himel en ierde’. Dy beide wurden binne net te skieden. Dy hearre by elkoar, lykas ‘nacht en dei’, jûntiid en moarntiid’, ‘manlik en froulik’.


'Beresjit' - yn it begjin

Al langer as in hele ieu wurdt yn alderhande publikaasjes ornearre dat de earste beide haadstikken fan Genesis net as earste teksten opskreaun binne. Op grûn fan tekstanalyse is it hast wol wis dat Genesis 1 de komposysje hat fan in gedicht of in hymne (liet). Dat gedicht hat ek in namme, in koprigel ofwol in opskrift.

Dy is sa: ‘By it begjin fan it skieden fan himel en ierde’ of koartwei: ‘Yn it begjin’.

It giet hjir net om in begjin fan de tiid, om de âlderdom fan de ierde, om de oarsprong fan ús materiële werklikheid. Der wurdt ek net sein dat de ierde út safolle geologyske ierdlagen bestiet of dat ús libbenswrâld foarme is troch evolúsje.

It giet ‘yn it begjin’ om it begjin fan in hymne. It giet net oer de oerknal, dêr’t de ierde út ûntstien is. It giet om it begjin fan it begjin.


Om dit begjin hinne witte wy mei oanwinnende wissigens dat it gedicht fan Genesis 1 makke is troch in dichter, in pryster-dichter, in kohen, dy't yn de 5e ieu foar Kristus mei Israël yn de babylonyske ballingskip libbe. Oan de streamen fan Babel kaam er yn de kunde mei de babylonyske skeppingsmyte, de Enuma Elisj. De begjinregels dêrfan binne: 'Doe't de himel boppe noch net neamd waard, ûnder de fêst grûnfêste ierde noch gjin namme hie . . . doe't noch gjin inkelde god feskynd wie . . . doe waarden de goaden berne'. De pryster fûn dat in moaie myte. Mar troch syn leauwen yn de unike God fan Israël sette er dêr in oare komposysje foaroer, dy't in lofliet op de God fan Israël befetsje soe.

Sadwaande betocht er in liet fan sân dagen. In liet mei in refrein: ‘It waard jûn, it waard moarn, in dei.

Sân kear wurdt yn dit liet sein: ‘God seach dat it goed (tof) wie’. ‘Tige goed’, hjit it op de sechsde dei as de minske neffens it byld fan God skepen wurdt. ‘Manlik en froulik’ skoep er harren.


Skeppen is skieden. Dat hawwe minsken as O. Noordmans en Ellen te Wolde ús leard. Skeppen is soks as it út elkoar heljen fan wat ien grutte tizeboel is. Út elkoar: dat is wat mei skeppen bedoeld wurdt. In elk kriget yn alles in eigen plak.

Yn Genesis 1 ha wy te krijen mei in leauwensliet, in oade oan de God fan de minsken. It gedicht beslút yn Genesis 2:4a op de sânde dei mei de foltôging fan ‘himel en ierde’. Dy beide hearre fan it begjin oant de ein fan it liet ûnferbreklik byelkoar.

Op de sabbat komt der in ein oan it skeppen fan God. Hy rêst út fan syn wurken.

Allyksa mei de minske ek in dei ha dêr’t er ta rêst komt.

Sadwaande hjit it dat de minske net altiten mar trochgean moat mei it wurk, mar dat er fan ophâlden witte moat.

De pryster-dichter oan de streamen fan Babel is wat nijs begûn.

In nij liet hat er komponearre. ‘Yn it begjin’.

Alle begjin is swier as men fertroud is mei in letterlike werjefte. Mar in nije wize fan lêzen kin in nije fysy op it bibelske skeppingsliet mooglik meitsje.


Henk Buning


‘s Gravenzande

(earder dûmny by de Herfoarme gemeente Holwert, Waaksens-Brantgum en Blije)  


        Kenne jo josels?