

grûnslach en doel fan de stifting FOWE
artikels en oertinkings út de Earn
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2011 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Rienk Klooster -
Sytse Ypma -

FOWE -
Desimber 2011
Betinke
Gedicht: Ida Gerhardt: ‘Zevenmaal om de aarde te gaan’.
Lêzingen: Psalm 23 en 1 Korintiërs 13
Doe’t ik mei dizze preek begûn, hie ik it briefke mei acht nammen foar my lizzen.
De acht nammen fan de ferstoarnen dy’t daliks oplêzen wurde sille. Mar yn in tsjinst as dizze komme jin ek wer de nammen yn it sin fan safolle oaren, dy’t earder al of folle earder al by ús weifallen binne troch de dea. Oan guon dêrfan tinke wy miskien noch wol alle dagen, as wie it de dei fan juster. Dy nammen hearre om samar te sizzen by ús libben en sille ús dan ek bybliuwe, salang as wy der binne. Dêrmei hat in tsjinst as dizze foar frijwat fan ús in grutte emosjonele lading, mar hopenlik ek in grutte emosjonele wearde. Want it is goed om te betinken.
In âlde Joadske siswize seit ommers: ‘Yn it betinken leit ferlossing, mar ferjitte en swije betsjut ballingskip’.
It is ek goed om dat betinken mei elkoar te dwaan. Men is ommers net de iennichste dy’t omrint mei gefoelens fan leechte en gemis. Der binne mear lykas jin.
En eins binne allinne dyselden dy’t ek it ien en oar meimakke hawwe, by steat om jins pine oan te fielen.
Mar net ien komt werom . . .
Gefoelens fan leechte en gemis, fan in djippe langst nei dy oar dy’t der net mear is, wurdt útsprutsen yn it gedicht ‘De gestorvene’ fan Ida Gerhardt.
Zevenmaal om de aarde te gaan
Als het zou moeten op handen en voeten;
Zevenmaal om die ene te groeten
Die daar lachend te wachten zou staan.
Zevenmaal om de aarde te gaan
Zevenmaal over de zeeën te gaan,
Schraal in de kleren, wat zou het mij deren,
Kon uit de dood ik die ene doen keren.
Zevenmaal over de zeeën te gaan.
Zevenmaal om met z’n tweeën te staan.
Ik krige dat gedicht ûnder eagen fan myn kollega Elly Stellingwerf. Hja fertelde my dat hja fan ‘t simmer it
iene stjergefal nei it oare meimakke hie, yn de rûnte fan har kollega’s en har famylje, mar ek hjir yn Earnewâld. Op ien fan de roukaarten stie de tekst fan dit gedicht fan Ida Gerhardt.
It gedicht is yn ien wurd hertferskuorrend. Ommers: alles soe men der foar oer ha om dy iene dy't men sa mist, te moetsjen, werom te krijen. Mar dat kin net. Sa stekt de werklikheid net yn elkoar.
Dêrby moast ik tinke oan myn bêste kammeraat, dy’t omrint mei in uterst gemiene harsentumor, dêr’t neat oan te dwaan is en oan syn frou dy’t al twa kear operearre is oan termkanker.
'It is bizar, mar it is net oars', seinen se okkerdeis, doe't wy harren opsochten.
Wat falt der te sizzen?
De dea is in mystearje en ek it libben is in mystearje. In mystearje fol mei fragen.
By Slauerhoff fûn ik in yndrukwekkend gedicht dat beslút mei dizze wurden:
Je hebt weinig gedacht en veel gezwegen
En stil de handen om mijn hoofd gelegd. Zo zeggend
Zelfs de grootste liefde kan niet tegen de dood,
Die niets ontziet en alles slecht.
'Wy sjogge troch in spegel yn riedsels', seit Paulus.
Ik tink dat wy dea ek net moaier en oars foarstelle moatte as dat it is.
Sa wie ik in tal jierren ferlyn op in kursus op it seminaarje yn Driebergen.
It petear gong oer de realiteit fan dea, de fragen dêr omhinne en oer it rouproses dêr’t men dan troch hinne moat en dat bytiden sa swier wêze kin.
'Maar er is wel een grote troost', sei in kollega: 'Christus heeft de dood overwonnen'. En oaren foelen him dêryn by. Ik hearde dat wat oan en stelde him doe de fraach: ‘Soest dy gedachte wat neier taljochtsje wolle. Want ik begryp dyn stelling net’.
'Ja, maar dat mogen wij toch geloven'. En hy seach wat om him hinne nei guon oaren.
Ik sei: 'Ja jullie mogen geloven wat je wilt, maar kun je ook concreet maken wat je bedoelt. Want ik begrijp hier echt helemaal niets van en ik kan mij er ook niets bij voorstellen. Ik heb zelfs het idee dat je voorbijgaat aan de realiteit. Maar leg het eens uit. Bestaat in jouw optiek dan de dood niet meer. Gaat het over een hiernamaals. Vertel eens’.
De man helle de skouders op, seach wat ferheard om him hinne. Blykber omdat in kollega syn opfettings net samar diele koe en him sokke krityske fragen stelde. Mar it antwurd moat ik noch fan him ha.
De moaie praatsjes foarby: de hurde werklikheid
Wat ik sizze wol: wat ha wy oan alderhande goed bedoelde fromme praatsjes yn in stjerhûs en by in grêf?
De dea is in realiteit, dêr’t wy gjin antwurd op hawwe. Der falt allinne mar in stilte.
Ik fyn it altiten hiel bysûnder dat it yn Joadske rûnten ferbean is om te praten yn in stjerhûs. Gjin wurden fan treast of sokssawat te uterjen.
Nee, stil wêze en swije. En ik tink dat each yn each mei de dea de stilte noch it bêste antwurd is.
Want wy sjogge, om it mei Paulus te sizzen, ommers ‘troch in spegel yn riedsels’.
Ek al soe men sân kear op hannen en fuotten om de ierde gean wolle, lykas Ida Gerhardt dichtet, de grutste leafde kin net op tsjin de dea, dy’t net ien sparret, lykas Slauerhoff seit.
Beide dichters dogge neffens my rjocht oan de hurde realiteit fan de dea. De hurde werklikheid dêr’t wy mei te krijen ha as de dea taslacht yn ús rûnte fan freonen, yn ús famylje, yn de hûshâlding.
Treast
By in routsjinst lês ik altiten graach bepaalde stikken út de bibel. Wurden dy’t net foarbygeane oan de realiteit. En krekt dêrom treast biede kinne. 1 Korintiërs 13 bygelyks, it liet fan de leafde.
De leafde is it measte, it djipste en it heechste dat der tusken minsken bestean kin. It liet ropt ús op om te skûljen by elkoar. By minsken dy’t der op ‘e tiid foar jin wêze wolle.
Minsken dy’t iepensteane foar jins gefoelens en dêr’t men jins ferhaal by kwyt kin. Minsken dy’t harkje kinne, dy’t attint binne en dy't op 'e tiid witte te swijen en dy't op 'e tiid de goeie wurden witte te finen. Wurden dy't net foarbygeane oan de realiteit. In inkeld wurd kin al genôch wêze.
Wat ik by in útfeart ek faak lês, binne psalmwurden. It binne wurden dy’t mei minsken troch de djipten fan it libben hinne gien binne en dy’t sadwaande by steat binne om jin oan te sprekken en djip te reitsjen.
Psalm 23: ‘De Heare is myn Hoeder. Neat bin ik brek. Troch Him mei ik lizze yn griene greiden. Hy bringt my by wetters dêr’t ik rêst fyn. Al gean ik troch in delling fol djippe skaden. Jo binne deun by my’.
En dan dy wurden: ‘Kleare goedens en geunst sille my folgje, al myn libbensdagen. En ik sil in fêst plak ha yn it hûs fan de Heare, salang’t de dagen duorje’.
Is it in falske treast?
Ik wit it net. Persoanlik tink ik fan net. Dit psalmliet wol útdrukking jaan oan it betrouwen dat wy der yn dit libben op ien of oare wize net allinne foar steane. Dat der Immen is: Hy dy’t der wie dy’t der is en dy’t der wêze sil. En dy’t Leafde is.
Leauwen wol eins oars net sizze as dat men jin yn dit ierdske libben tabetrouwe mei oan Him, dy’t oars en grutter is as jin. En yn waans hoede men burgen is: yn it libben fan no en hjirre, mar ek oan ‘de oare kant’, wat dat ek wêze mei . . .
Mar no praat ik út in leauwen wei dat tagelyk in betrouwen is.
Wat wy hjir hjoed allinne mar dwaan kinne, dat is betinke. En yn dat betinken fiele wy ús ferbûn mei elkoar, mei ús ferstoarnen dy’t yn gedachten by ús binne en mei dat grutte Mystearje dêr’t wy gjin wurden foar hawwe en dat wy ‘God’ neame, ‘ús himelske Heit’. Amen.
Rienk Klooster
Gefoelens fan leechte en gemis . . .
