Herfoarme Tsjerke Earnewâld

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

Oer skepping en evolúsje

De takomst fan leauwen en tsjerke

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2018 - 2019

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl


FOWE  -  De Earn


Juny 2009

Charles Darwin (1809 - 1882)

De evolúsjeteory en de bibelske skeppingsberjochten


Op 12 febrewaris fan dit jier wie it twahûndert jier lyn dat Charles Darwin berne is. Sadwaande is 2009 dan ek útroppen ta Darwin-jier en wurdt der folop omtinken jûn oan wurk en libben fan dizze ynfloedrike wittenskipper. Darwin hat mei syn evolúsjeteory net allinne fan grutte betsjutting west foar de biologyske wittenskip, mar it hiele tinken is troch him beynfloede.

Charles Darwin kaam út famylje fan medisy en sadwaande lei it foar de hân dat hy yn dy tradysje fierder gean soe. In grut probleem wie dat er der net oer koe om bloed te sjen en dêrby hie er folle mear belangstelling foar alderhande ferskynsels yn de natoer. Op oanstean fan syn heit, dy’t graach woe dat syn soan goed te plak kaam, hat er doe teology studearre mei it doel om dûmny te wurden yn in lytse plattelânsgemeente.

Dêr soe er genôch tiid oerhâlde om him dwaande te hâlden mei de biology en de geology. De teologyske stúdzje brocht er ta in goed ein, mar it dûmnyskip lake him net ta. Syn hert lei dúdlik earne oars.


De reis mei de Beagle

Yn 1831 is er yn de gelegenheid om de Beagle, in reis om de wrâld te meitsjen. De reis mei de sylboat soe fiif jier duorje. Darwin dy’t hielendal net fan farren hâlde en in soad lêst fan seesykte krije soe, naam ûnderweis eltse gelegenheid te baat om op ûndersyk út te gean. De boat fear earst út Plymouth, in haven yn it suden fan Ingelân, de Atlantyske Oseaan oer nei de eastkust fan Súd-Amearika; doe fierder nei it suden om Kaap Hoarn hinne; dêrnei wer nei it noarden by de westkust lâns. Fia de Galápagos-eilannen sylde de Beagle de Grutte Oseaan oer nei Austraalje en fan dêr wei oer de Yndyske Oseaan nei de kust fan Súd-Afrika. Doe de Atlantyske Oseaan oer, wer nei de westkust fan Súd-Amearika en fan dêrwei op hûs oan nei Plymouth.  


Darwin hat ûnderweis de eagen folop de kost jûn. Oeral dêr’t er kaam hat er safolle as er mar yn de gelegenheid wie de natoer observearre: de planten, en de fossilen (ôfdrukken en oerbliuwsels fan libbensfoarmen dy’t útstoarn binne). Mar ek hat er it lânskip yn him opnommen en de geologyske ferskynsels dy't dêr te sjen wiene.

In protte oantekens hat er makke en ek tekeningen. Mar boppedat hat er in soad neitocht oer wat er seach en hat er besocht om ferbannen te lizzen tusken it iene en it oare. En dat lêste brocht him ta belangrike ynsjoggen dêr’t er tige ferneamd om wurde soe. Werom yn Ingelân skreau er in ferslach, dat yn 1839 útjûn is ûnder de titel The voyage of the Beagle.


1859: On the origin of species

Darwin wie dus hielendal net in grut gelearde, gjin professor of sokssawat, mar hy wie wol ien dy’t de natoer om him hinne hiel skerp beseach en beriddenearre. Sadwaande hat er yn wêzen de boustiennen levere foar de teory, dat de iene libbensfoarm yn in stadich feroaringsproses út de oare ûntstiet: de evolúsjeteory.

Dy teory is net troch Darwin sels útfûn. Dy waard om 570 foar Kristus hinne al ferkundige troch de Grykske tinker Xenophanes. Mar wol hat Darwin troch syn skerpe observaasjes de ûnderbouwing levere, dêr’t de evolúsjelear op stuolket. Om´t er seach hokfoar fiergeande konsekwinsjes as syn teory hie, skrille er derfoar

tebek om dy te publisearjen. Want sa’n publikaasje soe in hiel soad losmeitsje kinne oan wjerstannen en in revolúsje feroarsaakje kinne op alderhande gebied. Pas doe’t er yn de gaten krige dat oaren oan de haal gean soene mei syn ûndersikings en der oer publisearje soene, ferskynde yn 1859 syn ferneamde The Origin of Species.

De folsleine titel is The Origin of Species by Means of Natural Selection. Or the Preservation of Favoured Races in the Struggle for Life (It ûntstean fan soarten troch natuerlike seleksje. Of it behâld fan de befoardiele rassen yn de striid om it libben). It is opmerklik dat Darwin it wurd evolution yn syn boek net brûkt. Allinne yn de slotsin brûkt er it wurdsje evolved, in tiidwurd dat 'ûntjaan', 'ûntwikkelje' betsjut.


Darwin syn boek makke al fuortendaliks doe’t it ferskynde yn 1859 in hiel soad los.

Yn de wrâld fan de natoerwittenskippen waard it hiel goed ûntfongen, want de arguminten wiene tige ûnderboud troch empirysk ûndersyk: troch skerpe waarnimming en refleksje. Op guon punten is syn teory fansels wol bysteld, mar hjoed-de-dei is de hiele biologyske wittenskip net mear foar te stellen sûnder de evolúsjelear. De evolúsjelear bringt der gearhing yn, leit ferbân tusken it iene en it oare. En lettere ûndersikings befêstigje allinne mar de teory fan Darwin.

Protest kaam fan de kant fan de tsjerken. De ideeën fan Darwin wiene ommers yn striid mei de bibelske skeppingslear. De tsjerke hie libje kinnen mei de âlde wittenskiplike opfetting, dat de eksimplaren fan de ferskillende libbensfoarmen fan elkoar ferskille koene, mar dat de soart as sadanich in konstant gegeven wie.

Dy wie troch God sa skepen ‘neffens syn aard’. Mar Darwin ornearre, dat de soarten ek feroarje koene en dat de hjoeddeiske libbensfoarmen it einprodukt binne fan in lang proses fan stadige feroaring.


The Origin of Species is dus in hiel wichtich boek - der is wol sein dat der bûten de bibel gjin boek bestiet dat sa'n grutte ynfloed hân hat – mar it is in boek dat him net sa maklik lêze lit. It giet oer de ûntjouwing fan it libben, net oer it ûntstean fan it libben. Op dy fraach hat de natoerwittenskip noch altiten gjin antwurd.

De haadgedachte fan Darwin wie, dat de libbensfoarmen net konstant binne, mar feroarje kinne.

In feroaring yn in stadich proses fan oanpassing oan feroarjende omstannichheden.

Op syn seereis kaam Darwin op de Galápagoseilannen, in ein westlik fan de kust fan Súd-Amearika.

Op dy eilannen seach er in type finken dy’t op elkoar liken, mar dochs op alle eilannen krekt wat fanelkoar ferskilden. Op it iene eilân seach er guon mei skerpe bekjes, dy’t ynsekten ieten en nektar út de blommen hellen. Op in oar eilân seach er krekt sokke finkjes, mar dan mei koarte dikke bekjes dy’t geskikt wiene om nuten en siedsjes te kreakjen. En sa seach er wol in fyftjin soarten dy’t har stik foar stik oanpast hiene oan de omstannichheden op it eilân dêr’t se libben. Dat brocht him op de gedachte, dat it hiel goed mooglik wie dat de finkjes oarspronklik fan it kontinint fan Súd-Amearika libbe hiene, dêrnei op dizze eilannen telâne kommen wiene en har op ien of oare wize oanpast hiene al neffens de sitewaasje op it eilân. Mar hoe?


Trije prinsipes: fariaasje, gaadlike eigenskippen en erflikheid

Hy begjint dan nei te tinken oer de erflikheidslear en oer fokmetoades fan nuete bisten. Hy betinkt him dat der dan wol alderhande soarten fan bisten besteane, mar binnen dy soarte binne gjin twa likensen te finen (ôfsjoen ienaaiïgen). Der is dus fariaasje binnen de soart. Dat is tagelyk it earste wichtige prinsipe fan de gedachtegong fan Darwin.

As it no sa is, dat yn de rin fan de tiid de natuerlike omstannichheden feroarje (bygelyks it klimaat, natuerlike fijannen) en dat der fan in soart in stik as wat binne, dy't tafallich eigenskippen hawwe, dy't bettere oarlibbingskânsen biedt, dan wurket dy eigenskip yn harren foardiel. It libben yn de natoer is sawol foar planten as foar dieren ommers in striid om it bestean. Mar dy planten en dieren dy't op 'en bêsten oanpast binne oan de omstannichheden, dy rêde it op en bliuwe yn libben. Dat kin wêze om´t se krekt wat grutter en sterker binne, in bettere skutkleur hawwe, better oer kjeld of waarmte kinne, in wat oare snavel ha of wat langere poaten, neam mar op. Prinsipe twa is dan ek: dy't de gaadlikste eigenskippen hat, dy sil oerlibje.

Prinsipe trije is de erflikheid. De geunstige eigenskippen sille trochjûn ommers trochjûn wurde oan de generaasje dêrnei. En as dy lytse feroaring dy’t yn it foardiel fan de plant of fan it dier wurket, him noch in kear as wat foardocht, dan sil der nei in pear generaasjes in libbensfoarm wêze, dy’t frijwat ferskilt fan de foarâlden. Dêrby is it sa dat de natoer it oan tiid hat en dat ferklearret ek, wêrom oft fossile libbensfoarmen út in fier ferline sa bot ferskille kinne fan de hjoeddeiske.


Kaartehûs

Darwin hie dit ûntdutsen en seach wat de konsekwinsjes wiene foar wittenskip en leauwen. Hy wie teolooch en wist mar al te skoan hoe’t de teology basearre wie op it gesach fan de bibel, dêr’t in ferhaal yn foarkaam (Genesis 1), dat fertelde dat de ierde skepen wie yn seis dagen. Hy wist ek dat neffens datselde ferhaal de minske troch God op de sechsde dei skepen wie as de kroan wie op de godlike skepping.

Yn The Origin of Species hat Darwin it dan wol net oer de ôfstamming fan de minske (dêr soe er letter oer skriuwe), mar hy seach wol dat syn ideeën ek datoangeande fiergeande konsekwinsjes hiene en dat de hiele bibelske skeppingslear gjin wittenskiplike wearde hie en as in kaartehûs ynelkoar falle soe.  


Doe’t it boek yn 1859 ferskynde, wie de earste oplage yn ien dei útferkocht. It waard in bestseller, dy’t noch altiten fannijs printe wurdt en yn alderhande talen oerset is. Want it is echt in hiel orizjineel en magistraal wurk. Net allinne de hiele biology is sûnt 1859 fan karakter feroare, mar de evolúsjeteory hat it hiele tradisjonele wrâldbyld oantaast en feroare, ek it byld fan de minske. Neffens de evolúsjelear is de hiele werklikheid om samar te sizzen ien grut systeem, dêr’t alles mei alles gearhinget en dat tagelyk yn ien grut feroaringsproses sit, in proses fan hûnderttûzenen, ja sels fan miljoenen jierren. Dat binne boeiende gedachten, mar wol gedachtegongen, dêr’t men oan wenne moat.

Benammen as men grutbrocht is mei de bibelske skeppingsferhalen. Mar oer de ferhâlding skepping en evolúsje wol ik it in oare kear ha.  


Rienk Klooster


Literatuer:

Charles Darwin, The Origin of species, útjefte Wordworth 1998; Nederlânske oersetting Het onstaan van soorten, útjefte Olympus 2006;

A. Desmond en J. Moore, Darwin. De biografie, útjefte Nieuw Amsterdam, 1991;

C. Buskes, Evolutionair denken. De invloed van Darwin op ons wereldbeeld, Amsterdam 2006.   


Karikatuer fan

Charles Darwin