

grûnslach en doel fan de stifting FOWE
artikels en oertinkings út de Earn
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2011 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Rienk Klooster -
Sytse Ypma -

FOWE -
Juny 2009
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
'Het evolutionistische denken vernietigt de basis van de samenleving', sa skreau de eardere direkteur fan de EO, Bert Dorenbos. En hy heakke der oan ta dat dizze ferneatiging ek alles te krijen hie mei abortus, eutanasy en embrioseleksje: 'Het zwakke moet dood'.
In nuvere útspraak. It soe wêze kinne dat minsken dy ’t de evolúsjeteory serieus nimme in iepener hâlding hawwe foar saken as abortus of eutanasy oer. Mar om op grûn dêrfan te stellen dat dizze minsken dwaande binne om inkeld it swakke de nekke om te draaien, giet my te fier.
Charles Darwin (1809-
Survival of the fittest as model foar de maatskippij?
Dat de minsk net langer as dé kroan op de skepping sjoen wurdt, liket foar ús ‘moderne’ minsken in grutter probleem as foar guon minsken yn Darwins’ tiid.
Darwin syn ideeën meitsje dat de minske net langer boppe de natoer stiet, mar hjir diel fan út makket.
De oermite fan de Ferljochting is dat de minsk him út it neat wei ta soeverein subjekt
ferklearre hat. Dat wy ússels as minsken ferheven hawwe boppe de natoer, boppe de
wierheid en boppe God sels, komt ús hjoed-
Fansels, kritisy sizze dat as wy yn grutte problemen komme sille as wy Darwins model
tapasse op de maatskippij. De eardere direkteur fan de EO makket him dêr ek hiel
drok oer: hy suggerearret dat Darwin syn teory liede sil ta in foarm fan libjen dy
’t bygelyks it Nazisme legitimearje kinne soe. Tajûn: oan de ein fan de 19-
Nietzsche en de fragen fan goed en kwea
Doe ’t Darwin yn Ingelân warber wie mei it stellen fan de fragen oangeande de natoer, wie der in Dútske filosoof drok dwaande mei it stellen fan wichtige morele fragen oangeande de werklikheid om him hinne.
Berne yn 1844 en ferstoarn yn 1900 studearre Friedrich Nietzsche in skoftlang teology, mar stapte al gau oer nei de filosofy. Lykas Darwin wie ek hy fertroud mei in Godsbesef. Neffens Nietzsche hat de minsk God fermoarde. Neffens in soad minsken wie Nietzsche ateïst, mar dat falt noch te besjen. Hy giet út fan it feit dat de minske God net misbrûke moat foar it delbêdzjen fan syn eigen gewisse. Mei dy útspraak hat Nietzsche neat sein oer it al of net bestean fan God.
In selde soarte fan diskusje is hjoed-
Darwin publisearre yn 1871 syn boek 'The descent of Man', dêr't er de evolúsjeteory tapast op de minske.
Ek ús moreel besef stammet fan de apen ôf en der is gjin hegere fundearring foar moraal. Mar no komt de tinkflater: sels al stamme wy 100 kear fan de apen ôf, dan noch is it net sein dat mei de beskriuwing fan dat wat is, dat dan ek de heechste kwalifikaasje kriget.
Ik bedoel dit: as Darwin skriuwt oer de survival fan de fittest, it rjocht fan de sterkste as kondysje fan de minsk en de werklikheid, dan hat hy perfoarst net sein dat Hitler de heechste moraal yn pacht hie. It is in teory dy´t ferklearje wol, mar it jout gjin morele kwalifikaasje. Yn dy sin lit Darwin oerein wat de bibel ferkundiget; it besteansrjocht fan de swakste. Opfallend detail is, dat Darwin yn syn tiid it wurk fan de teolooch William Paley lies en fassinearre wie troch syn godsbewiis, dat syn grûn fûn yn it argumint fan de ‘intelliginte ûntwerper’ fan de natoer. De ideeën fan Paley ha in grutte ynfloed hân op it wurk fan Darwin. De diskusjes komme dus altyd werom, se bin fan alle tiden. ‘Ûnder de sinne is neat gjin nijs', sa sei de Preker.
Misbrûk fan God
Wie Darwin drok mei de fraach nei it ûntstean en de ûntjouwing fan it libben, sa wie Nietzsche drok dwaande mei al dy minsken dy’t God misbrûke om harren eigen gewisse glêd te striken. Etyk en moraal, de lear oer wat goed en net goed is, ferwurdt ta eat wat it net wêze mei: it is in utering fan de wil ta macht. Nietzsche hat syn bêst dien om dizze leagen te ûntmaskerjen. Nietzsche ferklearre God net dea om’t er leaude dat er net bestie. It ynteressearre him net. Hy ferklearre God ek net dea om de minsk ûngelokkich te meitsjen.
Hy ferklearre God dea om’t er de minsken wekker meitsje woe út in falske dream. Wy moatte de wrâld nimme sa ‘t er is, lykas ek Darwin foarstie. De les is dat wy ideeën en oertinkings fan minsken lykas Darwin en Nietzsche net meitsje moatte wat se net binne.
It konflikt tusken fûnemintalistyske leauwigen en fûnemintalistyske wittenskippers
sil nea ferdwine as de leauwigen it Genesis ferhaal foar letterlike feite-
De evolúsjeteory kin ús helpe om te begripen wêrom’t minsken binne wat se binne. Nietzsche hat besocht ús ynsjoch te jaan wêrom oft minsken dogge sa’t se dogge. Mar foar beide tinkers jildt: it antwurd op de fraach nei it goede libben, en wát de minsk dwaan moat om dát libben te libjen, ha beide tinkers net beäntwurdzje
kinnen. Dêrfoar moatte wy dochs wier earne oars ús ynspiraasje sykje.
Yvonne Hiemstra
Friedrich Nietzsche
win
Skepping of evolúsje
Se stiene lang al nêst elkoar,
de keale beam en minskemêst,
de iene frege oan de oar:
'Wa
wie der earst en wa kaam lêst?'
't Wie oan de hichte net te sjen,
se rikten beide like
heech,
dochs wie der in ferskil yn gen,
dat seach men op it earste each.
De beam beseach
syn libbensrin
út God syn goede skepping wei,
der sprute út it oerbegjin
in beamsel
op 'e tredde dei.
De wike wie in dei te koart
foar 't libben fan de minskemêst,
de skepping
wie dus sa net bard,
in oar ferhaal waard syn hâldfêst.
Wat Darwin sei, befoel him
wol,
in libbensrin sa sterk as stiel,
hy hold it grif sân ieuwen fol,
naam oan de evolúsje
diel.
Foar beide hold de tiid gjin skoft,
de beam jûchheide as in mins,
de mêst bleau
hingjen yn de loft,
sa fine sel en stiel har grins.
(it gedicht hjirboppe mocht Yvonne Hiemstra foar har oertinking brûke fan Willem
Tsjerkstra. Tsjerkstra is ûnder oaren skriuwer fan romans, gedichten en berne-
