

grûnslach en doel fan de stifting FOWE
artikels en oertinkings út de Earn
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2011 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Rienk Klooster -
Sytse Ypma -

FOWE -
Oktober 2009
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Yn juny 2000 ferskynde fan de hân fan W. van der Veen ‘Johannes Hendrikus Zelle. Volksverhalen over een
legendarisch predikant (1907-
Zelle yn syn neidagen
Persoanlik haw ik Zelle ien kear meimakke en wol yn in middeistsjinst yn de grifformearde tsjerke op de Rottefalle. It moat om 1980 hinne west hawwe. Myn buorfrou hie my witte litten dat Zelle dy sneins preekje soe. Hja hie him wol faker heard en sei: ‘Je wete wel krek waar hy it in it gebed over hewwe zal.
Et komt altiten op itselde near´. In oare -
‘It is in man dy’t destiids in grutte namme hie yn ús rûnten, mar hy ferkeart no dúdlik yn syn neidagen’.
Hawar, ik wie o sa nijsgjirrich om Zelle, dêr’t ik sa faak oer heard hie, ris oan it wurd te hearren.
Wrâldfrjemd
De man makke blykber sa’n yndruk, dat ik him no, sa’n tritich jier letter, noch hiel dúdlik foar de geast krije kin: dy opmerklike swarte bosk hier (ynsmard mei skuonpoetsersguod), syn aparte wize fan rinnen en de manier fan oansjen fan syn gehoar. Dat wol sizze: hy seach de minsken net echt oan, hy makke gjin eachkontakt.
Fan syn iepeningsgebed is my bybleaun dat er dêr it ferdjerlike kommunisme yn oanhelle.
Uteraard songen wy allinne mar psalms. Syn preek, kreas yn trije punten, gong oer
Petrus. Fan de ynhâld binne my mar in pear flarden bybleaun. Sa hie er it oer de
eagen, dy’t de spegel wiene fan de minsklike siel. Hy warskôge ús ek foar it lidmaatskip
fan net-
Doe’t ik de man kritysk beharke: yn syn omgean mei de bibel, syn wize fan preekjen en syn wize fan bidden, tocht ik: ‘Wat ik hjir hear, is net ien en al oerflakkigens en lege retoryk, mar dizze man is ek folslein wrâldfrjemd en lang net normaal’. Ik fûn it lykwols nijsgjirrich om him ris te hearren, mar fierder wie ik der wol klear mei.
Grôtfolle tsjerken
Mar doet’ ik it boekje fan Van der Veen ûnder eagen krige en trochlies, begûn it ferskynsel Zelle my dochs te fassinearjen. Hoe is it mooglik dat dy man, nettsjinsteande syn nuvere en bytiden hufterige wize fan dwaan,
sa populêr wie. Hy hie dúdlik autistyske eigenskippen en wie sadwaande steurd yn syn omgean mei minsken, mar oeral dêr’t er ferskynde, siet de tsjerke grôtfol. Wiene it syn wat al te simpele, populistyske en konservative ideeën, dy’t der by in soad minsken wol yn woene? Hie it te krijen mei syn teatrale wize fan dwaan, syn opmerklike ferskining en de sensasjonele titels fan syn preken, lykas:
'Slappe Tinus uit de patatkraam', 'Piet Pelle op zijn Gazelle', 'Op de rand van het ledikant' en sokssawat?
It ferbaast jin dat der destiids sa'n grut -
Ek Zelle koe de tiidgeast net keare
Destiids tocht ik wol klear te wêzen mei dizze man, mar nei it lêzen fan it boekje fan Van der Veen murk ik dat ik geandewei mear sympaty foar him krige.
Zelle wie in persoanlikheid dy’t dúdlik earne foar stie. En as men it no iens is mei sa’n man of net, sa’n hâlding twingt respekt ôf. Dêrby hat er tagelyk wat oandwaanliks en wat ûntwapenjends. Wol men de persoan Zelle rjocht dwaan, dan moat men him pleatse yn syn tiid, d.w.s. yn de bekrompenheid fan de ferpyldere maatskippij fan it Nederlân oant fier yn de santiger jierren fan de tweintichste ieu. Yn de tiid ‘toen geluk nog heel gewoon was' belibbe 'de liuw út Ljouwert’ syn gloarjejierren. Mar fan wat der krekt mei de maatskippij oan de hân wie yn de twade helte fan de sechstiger jierren en dêrnei, de ‘kulturele revolúsje’ dy’t doe op gong kaam en dy’t it tinken radikaal feroarje soe, dêr begriep er hielendal neat fan.
Alles rekke doe ommers hiel hurd yn in feroaringsproses: de demokratisearring kaam op gong, de tinkbylden oer seksualiteit en opfieding feroaren, de sekularisaasje sette troch, ensfh. It wiene prosessen dy’t ek net foarbygongen oan it grifformearde folksdiel. Johannes Hendrikus Zelle moast dat allegearre oansjen en der wie foar him gjin preekjen oan om de tiidgeast te kearen, hoefolle ferbaal geweld oft er ek brûkte en hoe’t er (leafst fjouwer kear sneins) ek drige mei hel en ferdommenis. Dizze feroarings sieten no ienkear yn de loft.
En om’t Zelle de feroarings net byhâlde koe, feroare er fan in legindaryske ‘preektiger’ geandewei yn in ‘kweakjende kikkert’ dy’t om 1980 hinne op de Rottefalle al troch frijwat grifformearden net serieus mear nommen waard. ‘En och, sa’n kikkert’ tocht ik doe’t ik him preekjen hearde, ‘dy moat men gewoan kweakje litte en foaral net plat traapje wolle’.
Rienk Klooster

Dûmny Zelle wie tige sunich
en rûn faak troch Ljouwert
mei byinoar sammele hout
foar de kachel