Herfoarme Tsjerke Earnewâld

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

Oer skepping en evolúsje

De takomst fan leauwen en tsjerke

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2018 - 2019

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl


FOWE  -  De Earn


Maaie 2011


Gewoane minsken


Peaskepreek nei oanlieding fan Johannes 21:1-19


Johannes 21 is in haadstik dat taheakke is oan it Johannes-evangeelje, dat earder mei haadstik 20 al ôfsletten wie. Yn dizze tajeft wurdt ús in ferhaal oerlevere, dat foar myn gefoel ien fan de pearels is yn it nije testamint. In ferskiningsferhaal is it dat him in wike as wat nei Peaske ôfspilet oan de Mar fan Galilea. Hiel subtyl wurdt it beskreaun, oangripend sels. It is in ferhaal mei in aktueel boadskip en it hâldt jin in spegel foar.


Oars as de oare Peaskeferhalen, dy’t har yn Jeruzalem ôfspylje, nimt dit ferhaal ús mei nei Galilea. Dyselde learlingen dy’t wy yn de berjochten oer Wite Tongersdei, Goed Freed en Peaske yn de haadstêd tsjinkommen binne, binne no werom yn de kontrei dêr’t se oarspronklik weikamen en dêr’t Jezus har destiids roppen hat om syn learlingen te wurden. It liket derop dat nei alles wat se meimakke hawwe, besykje om de tried fan it libben wer wat op te pakken.

Fan har berop wiene se ommers fiskerlju en omdat it libben fierder giet en der wat fertsjinne wurde moat, geane se it wetter wer op om te sjen oft der wat te fangen is.


De ferskining fan Jezus

Mei har sânen binne se: Simon Petrus, Thomas, Natanaël, de beide bruorren Johannes en Jakobus en noch twa dy’t net mei namme neamd wurde. De hiele nacht ha se oan oan it fiskjen west, mar it net bliuwt leech. Mar dan sjogge se dêr by it earste ljocht fan de dei op de igge fan ‘e mar immen stean, dy’t harren taropt om it net ris oan de oare kant fan de boat út te smiten. Dat dogge se en dan fernimme se ynienen dat it net swier is fan de fisk. Johannes is de earste by wa’t in ljocht opgiet, want soks ha se ommers earder ek meimakke.

Hy seit tsjin Petrus: ‘It is de Hear!’ Petrus betinkt him dan net in momint mear, smyt de jas út en wâdet troch it wetter op Jezus ta. De oaren komme him efternei mei de boat.

Yndied treffe se Jezus dêr oan op it strân, by in houtskoalfjoer mei dêrop fisk en bôle. Net genôch foar allegearre. Dêrom moat der noch wat fan de fisk dy’t se krekt fongen hawwe, byhelle wurde. En dan efkes letter sitte de mannen swijend mei elkoar te iten: bôle en fisk. Elk fan harren sit dêr, fol fan syn eigen gedachten en gefoelens.

En sadwaande hinget dêr in hiele aparte sfear, dy fan in sprekkende stilte. Der stiet: ‘Net ien doarst te freegjen: wa binne Jo? Want se wisten dat it de Hear wie’.

Grif belibje se op ‘e nij dat se hjir earder op dit plak sitten ha te iten, ek brea en fisk. Allinne doe mei in hiel soad minsken om har hinne. Miskien tinke se ek wer oan dy Wite Tongersdei, doe’t se dêr op dat boppesealtsje yn Jeruzalem ek meielkoar sa sieten te iten. Doe wie Judas der ek noch by. It wie ommers noch mar krekt lyn, mar wat wie der in soad bard yn dat skoftke tiid. Alderhande yndrukken komme wer boppe. En no sitte se hjir wer te iten en Jezus is wer yn har fermidden.


De fragen fan Jezus

It is Jezus dy’t de stilte ferbrekt. Hy sjocht Petrus oan en seit: ‘Simon, soan fan Johannes, hasto my leaf, mear as de oaren?’  

It kin net oars as dy fraach moat wol hiel hurd by Petrus oankomme. Benammen om’t Jezus him op dizze wize stelt. Om te begjinnen sprekt er him oan mei Simon. Dat wie dan wol syn namme, mar hie Jezus him

net de earenamme jûn fan Petrus?  Petrus dat ‘rots’ betsjut, ‘rotsman’. Mei dy namme sprekt er him no krekt net oan.

Mar der is noch wat yn dy wurden, dy’t by Petrus hurd oankomme. Jezus freget him net allinne oft er wol fan him hâldt, mar ek oft er mear fan him hâldt 'as de oaren'. Dat wol sizze de oare learlingen fan Jezus.

Ik tink dat Petrus fan skamte wol troch de grûn sakje wol. Want hie er dy jûns fan Wite Tongerdei neidat Jezus sein hie dat syn learlingen him allegearre yn de steek litte soene, net roppen: ‘Mar ikke net. Al moast

ik foar Jo stjerre!’

Jezus hie him oansjoen en warskôge: ‘Dyn libben wolsto foar my jaan Petrus? Ik sis dy, noch foardat de hoanne kraait, silsto oan trije kear ta sein ha datso my net kenste’. Mar nee, hoe koe Jezus dat fan him tinke. Dan koe er Petrus noch net!

Mar it wie krekt sa útkommen as Jezus sein hie. Neidat Jezus dy nachts oppakt wie en yn it paleis fan de hegepryster brocht, hie Petrus dêr ek stien, tusken dy soldaten yn om in houtskoalfjoer hinne. En doe’t de omstanners him fregen at er faaks ek by dy Jezus fan Nazaret hearde, hie er hiel benaud útroppen: ‘Nee, nee. Ik hear net by dy man. Ik ken him hielendal net’. Oant trijekear ta hie er dat antwurd jûn. Doe hie er dy hoanne kraaien heard. En hiel efkes hienen de eagen fan Jezus sines moete.

'Simon, soan fan Johannes, hasto my leaf, mear as de oaren?'

'Ja Hear, jo witte dat . ik om jo jou'. Dat is net itselde wurd foar leafhawwen as Jezus brûkt. It hat in folle swakkere lading. Yn de Grykske grûntekst is dat hiel goed te sjen. 'Hoedzje myn skiep', seit Jezus.


Efkes letter freget Jezus him foar de twade kear: ‘Hasto my leaf?’ Oars as de earste kear seit er der net efteroan ‘mear as de oaren’. Petrus jout itselde antwurd as de earste kear: ‘Ik jou om jo’. ‘Hoedzje myn skiep’, seit Jezus.


De trochbraak

Mar as Jezus dêrnei foar de tredde kear de stite ferbrekt en Petrus op de man ôf freget: ‘Simon soan fan Johannes, jousto om my?’ en dêrby letterlik de wurden fan Petrus brûkt, dan sjit Petrus it moed fol en hy seit: ‘Hear, jo witte alles. Jo witte dat ik om jo jou’.

Net in spoar fan grutskens is der oerbleaun by Petrus. Petrus dy’t fan himsels miende dat er in geloofsheld wie, hiel oars en trouwer oan de Master as de oaren.

'Hoedzje myn skiep', seit Jezus dan foar de tredde kear tsjin him. Oan trije kear ta hat er syn Hear ferleagene. En no wol Jezus dan ek oan trije kear ta fan him hearre dat er fan him hâldt. It opmerklike is dat Jezus mei de wurden ‘Hoedzje myn skiep’ trije kear oan Petrus witte lit dat er rehabilitearre is.

Foar Petrus is it no echt Peaske.


Minsken dy't it mei harsels troffen ha

Der is wat yn dit ferhaal dat jin rekket. Dat komt, omdat der sa’n algemien minsklike eigenskip yn oan it ljocht komt. Minsken binne ommers net frij fan pretinsjes.

Minsken dogge har ornaris graach oars, grutter en better foar as dat se binne.

Tsjerkeminsken hawwe ek gauris dy eigenskip. Ik bedoel dat se miene dat se as kristenminsken oars yn it libben steane as de oaren en seker net minder. Want yn it tsjinjen fan de Hear, yn it harkjen nei syn wurd en opdracht, dêr sit in fertsjinste yn dy't jin úttilt boppe de midsmjitte, boppe de oaren, dy't dat allegearre net dogge.

Arrogânsje is trouwens net in eigenskip allinne fan kristenen, yn oare godstsjinsten kinne se der ek wat fan. En bûten de godstsjinstige sfear bestiet it ferskynsel trouwens krekt like goed, by alderhande minsken, op hokfoar trime fan de maatskiplike ljedder se ek stean meie. Minsken hawwe it no ien kear gauris o sa

troffen mei harsels en lykas dy Fariseeër yn dy bekende gelikenis tankje se by wize fan sprekken de Alderheechste dat se net binne lykas ‘dy oaren’.

Sa heech hie Petrus himsels ek op ‘e stâl. Mar doe’t it der wier op oan kaam, wêr wie er doe? Hy wie nearne!

En sa hâldt dit ferhaal jin in spegel foar. Want as it der echt op oankomt, wêr binne dan de helden:

de geloofshelden; de minsken dy’t altiten sa goed witte hoe’t it heart en hoe’t it net heart; de minsken dy’t sa heech byharsels opsjogge? Ik bedoel, hoefolle minsken binne der dy’t yn it deistige libben echt doare te stean foar wat se mei de mûle belide? Hoefolle binne dy’t it oandoare om risiko’s te rinnen.

Hoefolle binne der dy’t ree binne om te kiezen foar rjocht en gerjochtichheid, ek al giet it tsjin har eigen belangen yn. Hoefolle minsken binne der dy’t echt etysk besef hawwe, besef fan goed en kwea? Wat bliuwt oer fan dy moaie wurden en idealen as de kniper op de skine komt?


Fragen foar alle minsken

Wy hawwe ferline wike ús befrijing wer fierd en betocht wat der allegearre bard is yn dy jierren 1933-1945, dy swarte siden yn de skiednis fan de minskheid. Hoe koe it dat sokke dingen barden?

By it hearren fan dy ferhalen en by sjen fan dy bylden, komt by my altiten de bange fraach nei foaren:

‘Hoe soe ik my opsteld ha yn dy tiid? Wat soe ik bygelyks dien ha, as der immen by my foar de doar stie mei in pear Joadske minsken dy’t plak ha moasten. Hie ik dan oan de feilichheid fan myn eigen hûshâlding tocht en sein: "Ik ken se net" of hie ik se deryn litten?'   

Sa haw ik my faak ôffrege, wat ik yn dy tiid sein hie yn myn preken. Der koenen ommers altiten ferrieders ûnder jins gehoar sitte. Ik wit net yn hoefier oft ik risiko's nimme doarst om te stean foar de saak fan it Keninkryk fan God en de gerjochtichheid dy’t dêrby heart. Miskien is it wol dat ik krekt dêrom sa’n djip respekt haw foar dy minsken, dy hiele gewoane minsken faak, dy’t der wol wienen doe't der in appèl op harren dien waard en dy't wol trou wienen oan de opdracht fan rjocht en gerjochtichheid, minsklikheid en neisteleafde.

Wat jin dan sa opfalt by sokke minsken dy’t echt wat út ‘e wei set hawwe yn dy tiid, dat is dat se har dêr sa’n bytsje op foarstean litte, der ek net grutsk op binne. Men heart dan faak sizzen: ‘Och, wy dienen yn dy sitewaasje wat wy tochten dat wy dwaan moasten. Wy ha it net socht, mar binne der sa wat ynrolle. Dat koe net oars’.


Miskien dat ik dêrom ek noait sa ûnder de yndruk bin fan wat minsken al of net leauwe. Ek net fan moaie grutte wurden en heechliturgyske formules en soksawat. Yn wêzen kin ik der net sa goed oer. Folle wichtiger is ommers de fraach: ‘Hokfoar minske bisto? Bisto geef of net? Bisto immen dy’t earne foar stiet as it derop oankomt? Of bist wer sa’n bange grize mûs, dy’t by eintsjebeslút út is op eigenbelang en dy’t pas yn aksje komt sa gau ast der sels “better” fan wurde kinst?’ En sa konfrontearret it ferhaal oer Petrus jin mei de fraach: hokfoar minske bisto sels?


Minsken dy't harsels noch wat better kennen leare moatte

De Frânske filosoof Albert Camus hat ris sein dat Petrus yn wêzen in ferrieder is en dat de tsjerke dus boud is op dizze ferrieder.

Dat is net wier. Petrus wie ommers net in ferrieder. Hy wie in sljochtweihinne minske, lykas dy der safolle binne. Ien dy’t himsels noch wat better kennen leare moast. Hy miende ommers fan himsels dat er in held wie. En dat wie er no krekt net. De tsjerke, trouwens de hiele maatskippij, is net boud op helden, mar op hiele gewoane minsken. Minsken dy’t leare moatte om harsels net heger te achtsjen as oaren. En dy’t út dat besef wei begjinne moatte om harsels te akseptearjen, mar ek likegoed oaren te akseptearjen.

It is opmerklik dat Pretrus foar Jezus goed genôch wie om syn learling te wêzen en ek goed genôch om ‘syn skiep te hoedzjen’.

'Folgje my', seit er dan ek tsjin him.  En datselde seit er tsjin ús.


Amen.  


Rienk Klooster


        Kenne jo josels?