

grûnslach en doel fan de stifting FOWE
artikels en oertinkings út de Earn
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2011 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Rienk Klooster -
Sytse Ypma -

FOWE -
Oktober 2009
Tinzen by Simone de Beauvoir, dy ‘t dit jier 60 jier lyn 'de twade sekse' skreau
"De minske sil troch syn dieden aktyf bydrage moatte oan de komst fan de messiaanske tiid. Neffens de Talmoedyske tradysje is de skepping net ôf.
Salang ’t it konflikt tusken goed en kwea net oplost is, moat it skeppingsproses fuortset wurde. It is in privileezje fan de minske dat er bydrage mei oan it foltôgjen fan dat proses, troch jin yn te setten foar it goede.” (Herman M. van Praag yn "God en psyche. De redelijkheid van het geloven. Visies van een Jood” side 328).
Prate fan in feestje kin amper brûkt wurde tagelyk mei de útdrukking “twade sekse”. Men kin net feest fiere oer eat dat net te akseptearjen is.
Simone de Beauvoir wie in “netsjes opbrocht” famke út de Roomsk-
It protest hjirtsjin fan Simone de Beauvoir, hat ús de eagen iepene en ús striidfeardigens oanfitere om saken
te feroarjen. En it is de fraach yn hoefier ‘t wy froulju ússels, yn 2009, noch sjogge
as “twade sekse”, as ôflaat fan ‘e man, as ôfwiking fan de noarm: de man-
Fjouwer dagen nei myn troudei begûn ik mei it lêzen fan Simone de Beauvoir, doe’t
we werom wiene fan ús houliksreis. Ik wie al gau-
“twade sekse”? Ûntslach by houlik wie noch standert, ôfhinklikens wie de takomst fan de troude frou, mem. It waard foar jin makke. Gjin reden foar in feestje.
Alteast . . .
Feroarings troch de Reformaasje
Ik bin in dochter fan de Reformaasje. Pausen en prysters diktearje net hoe’t myn libben der út sjen moat.
Yn de fuotspoaren fan Calvyn koe ik witte dat God mei in minskelibben net altyd oer sljochte wegen giet.
En it like my in prima útdaging om ris werom te gean nei de grûntalen fan de Bibel, sa ‘t ek Erasmus, Calvyn en Luther dien ha. En wiene Katharina von Bora en Idelette de Bure eins wol “twade sekse”?
Maarten Luther beäntwurdet dy lêste fraach sels, bywannear ‘t er sprekt fan “dominus Käthe”, dêr’t er binnenshûs nei harket, dêr bûten folget er de Hillige Geast. As eardere non hat se nochal wat yn ‘e mars:
in grut hûs, in soad gasten, seis bern, in (griente)tún, genêskunde, teology en fierder . . .
Ek foar Idelette wie der gjin moderne standerthúshâlding, foarsjoen fan alle gemakken.
En de Kristlike frijheid fan Luther, hat dy noch wat te betsjutten foar froulju? Kristlike frijheid, dy’t te krijen hat mei Gods barmhertigens, dêr’t de easken fan de wet yn Kristus yn ferfolle binne: lijen, stjerren, opstanning.
In libbenswei om te gean, as neifolging . . .
As allinne Gods genede ferlossing bringt, jildt dat foar alle minsken, dus ek foar froulju. Nei ‘t se Luther lêzen hiene, ferlieten nonnen har kleaster. Se lieten har net langer definiearje troch de prysters. It houlik mei mannen as Luther, Martin Bucer, Matthias Zell en Simon Robert, moat dizze froulju frijheid brocht hawwe; in frijheid dêr’t se al har talinten fierder yn ûntploaie koene.
De twade generaasje froulju út de Reformaasje, wie net mear (heech) oplaat yn in kleaster en in houlik mei bern, in húshâlden, bernestjerte en de wrâld om har hinne, brochten ek har beheinings mei. Paapske definysjes oer froulju hiene foar manlju beskate foardielen en krigen dus njonkenlytsen wer de oerhân.
De posysje fan de frou neffens Genesis
Tsjin dy eftergrûn wraksele Calvyn mei oersettings, preken en dogmatyk en mei de stedsbestjoeren fan Straatsburch en Genève. En dan is it winst dat er Idelette syn “bûtengewoane libbensmaat” neamt en dat er der op wiist dat man en frou inoar oer en wer, yn lykweardigens en mei respekt ta help wêze moatte.
As dosint Hebrieusk en Alde Testamint moat Calvyn witten ha dat de frou oan de man jûn is as in “helper dy’t is as hy”, ien foar him oer, dy’t him rjocht yn de eagen sjocht en dy’t him tsjinsprekt en korrizjearret as dat nedich is. Ien dy't liket op God (Genesis 2:20).
Yn it iepenbier moat de frou swije en hearrich wêze, mar thús ûnderrjochtet hja de bern en praat hja mei har man oer syn wurk yn de wrâld. Immen mei Idelette har libbensskiednis, as doperske flechtlinge út Liège, widdo fan Jean Stordeur, mem fan libbene en deade bern, sil harsels wierskynlik gjin “twade sekse” field ha. Hja hie net deselde ambysjes as Marie Dentière, dy’t al foardat Calvyn nei Genève kaam dêr preke en boeken skreau. Dêr wie Calvyn net negatyf oer, al moedige er it ek net oan. Pas yn 2002 wie de tiid ryp om Marie Dentière te beneamen as froulike reformator.
De “twade sekse” foarby
Sizze dat God in “twade sekse” skepen hat is sà beskamsum foar in God fan leafde, gerjochtichheid en erbarmjen, dat we dêr net yn leauwe hoege. De útdrukking tsjûget fan in grut kwea, dat ek no noch yn stân hâlden wurdt fanwegen allegear soarten belangen.
Neffens it sitaat fan Herman van Praag, is elk minske mei ferantwurdlik om it kwea te kearen. Dêrta mei men as frou jinsels sjen as in lykweardige helper en tsjinspiler fan manlju en kin men ek jins posysje yn de wrâld ynnimme.
Lês sels, set sels oer, ynterpretearje sels en definiearje dysels.
As wy ússels yn 2009 noch beneame as “twade sekse”, litte wy ús op teologysk en spiritueel mêd lyts en dom hâlde. Manlju dy’t no noch miene dat hja yn superioriteit it evenbyld fan God binne en dy’t op grûn dêrfan lykweardigens en wederkearigens foar froulju oer ôfwize, binne teologysk en spiritueel net folgroeid en remme yn har feministyske ûntwikkeling. Bûten de befrijingsteology bedarre.
Froulju kinne stean yn de Kristlike frijheid, dy’t net ien har ûntnaderje kin.
Dat rikt fierder as teologyske frijheid. “God en de twade sekse” is nei 60 jier gjin reden foar in feestje; God en de feministyske beweging wol.
Mei tank oan Simone de Beauvoir.
drs. H. Jacobs-
Simone de Beauvoir mei Jean Paul Sartre
