

grûnslach en doel fan de stifting FOWE
artikels en oertinkings út de Earn
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2011 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Rienk Klooster -
Sytse Ypma -

FOWE -
Juny 2010
Kahlil Gibran (1883 -
Dizze dichter, filosoof en keunstner waard berne op 6 jannewaris 1883 yn in Maronnityske (kristlike) famylje yn it doarp Bisharri yn it bercheftige noarden fan Libanon. Libanon wie yn dy tiid in provinsje fan it grutte Ottomaanske ryk fan de Turken.
Syn heit wurke by de belesting mar waard yn 1891 oppakt foar fertsjustering. Hy waard yn 1894 wer frijlitten, mar Gibran syn mem Kamila hie doe al besletten om nei de Feriene Steaten te emigrearjen.
Yn 1895 ferfear de famylje en hja setten har nei wenjen yn Boston, dêr’t mem Kamila de kost fertsjinne foar harsels en har fjouwer bern.
Op skoalle foel Kahlil op troch syn tekentalint en troch in befreone keunstner krige er de kâns om te studearjen yn Europa.
Hy ferstoar oan leverkanker yn New York yn 1931 en syn famylje hat him op syn eigen fersyk te hôf brocht yn syn bertedoarp Bisharri. De natuer en omkriten fan dat doarp spylje in wichtige rol yn syn byldzjende keunst en syn dichtwurk.
Miljoenen fan Arabysk-
Yn de lêste 20 jier fan syn libben begûn er ek yn it Ingelsk te skriuwen.
The Prophet -
Yn de sechstiger jierren wie it tige populêr yn de “hippy-
Guon fan syn boeken binne ek wol yn it Nederlânsk te krijen, mar ik wit net oft der ek Fryske oersettings fan binne*. Ik haw dêrom sels twa stikken út de Profeet oerset, dy't ik hiel moai fyn. De haadstikjes oer it houlik en oer bern, dy't eins ferplichte lêskost wêze moatte soenen foar elkenien, dy't oan in houlik begjint of neitinkt oer it opfieden fan bern (al moat iksels tajaan dat ik noch altyd net troud bin en ek gjin bern haw en dus eins fan beide gjin ferstân ha).
Jan Lautenbach
Kahlil Gibran — The Prophet
ISBN13: 97 89 069 637 662
Kahlil Gibran — De Profeet
ISBN13: 97 80 394 404 288
* Nei oanlieding fan dit artikel hearde ik, dat goeie kunde fan my (Hein Boersma) der ek al ris oersettings fan makke hie.
oer it houlik
En hy (de profeet Almustafa) antwurde en sei:
Jim binne tegearre berne en sil foar ivich en altyd tegearre bliuwe.
Jim sille tegearre wêze as de wite wjukken fan de dea jim dagen fersilje.
Ja, sels yn it stille ûnthâld fan God sille jim tegearre wêze.
Mar lit der romte wêze yn jim tegearre wêzen,
en lit de winen fan de himels tusken jim dûnsje.
Hâld fan elkoar, mar meitsje gjin bân fan de leafde:
Lit it leaver in weagjende see wêze tusken de iggen fan jim sielen.
Folje elkoars beker, mar drink net út ien beker.
Jou elkoar fan jim iten, mar yt net fan itselde brea.
Sjong en dûnsje tegearre en wês fleurich,
mar lit elk fan jim him/harsels wêze,
Sa't de snaren fan in lute harsels binne
en dochs trilje mei itselde muzyk.
Jou jim herten, mar net yn elkoars bewar.
Want allinne de hân fan it Libben kin jimme herten omfiemje.
En hâld tegearre stân, mar net te ticht by elkoar:
want de pylders fan de timpel steane op harsels,
en de iik en de sipres groeie net yn elkoars skaad.
oer bern
En hy sei:
Jimme bern binne net jim bern.
Hja binne de soannen en dochters fan Libbens' langstme nei harsels.
Troch jimme binne se kommen, mar se binne net út jimme,
En al binne se by jim, se binne net jim eigendom.
Jim meie har jim leafde jaan, mar net jim tinzen,
Want hja hawwe har eigen tinzen.
Jim meie har lichem in tehûs jaan, mar net harren sielen,
want har sielen ferbliuwe yn it hûs fan moarn, dêr't jimme net komme kinne,
sels net yn jim dreamen.
Jim meie jim bêst dwaan om op har te lykjen,
mar besykje net om se te meitsjen lykas jimsels.
Want it libben giet net werom yn de tiid en it kliemt ek net oan juster.
Jim binne de bôgen,
dêr't jim bern as libbene pylken troch fuortsketten wurde.
De bôgesjitter sjocht it doel op it paad fan it ûneinige en Hy spant jim
mei al Syn krêft, sadat Syn pylken fluch en fier fleane sille.
Lit jim yn blidens bûgje yn de hannen fan de bôgesjitter;
want sa't Er hâldt fan de pylk dy't fuort fleant,
sa hâldt Er ek fan de bôge dy't stabyl is.
