wpd25a8018_02.jpg
wp0616a547.gif
wpd3a37125.gif
wp16ddc10b_02.jpg
wpfa277a31_02.jpg

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

artikels en oertinkings út de Earn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2011 - 2012

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Rienk Klooster - bylden en foarstellings fan Jezus

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

wpfa277a31_02.jpg
wpd3a37125.gif
18 desimber 20101

De essinsje fan it bestean  

PREEK, hâlden op de 4e snein fan Advint yn Earnewâld.  

Skriftlêzing Lukas 1: 26-56.

It ferhaal dat wy lêzen hawwe yn Lukas 1 is net allinne in hiel bekend ferhaal, mar ek in ferhaal dêr’t yn de tsjerke altiten hiel wat oan ophongen is. It learstik fan de berte út de fammesteat (Ned. de maagdelijke geboorte) giet werom op dit ferhaal. De hearen teologen hawwe in tal ieuwen neidat dit ferhaal spilet, op konsily's oan it harsenskraabjen west oer de fraach hoe’t it krekt siet mei de minsklikheid en mei de godlikheid fan Jezus, dy godlike en dy minsklike natoer yn dizze iene persoan. En yn harren net te bedjipjen wysheid ha se doe formules betocht wol sa yngewikkeld, dat men der  pineholle fan kriget.   

Pineholle krije wy net fan it ferhaal yn Lukas 1. It is in ferhaal krekt hiel gefoelich en hiel sybtyl, hiel byldzjend en ien en al symbolyk. Want it ferhaal wol yn bylden sizze, wat him eins net ferwurdzje lit.
It is, lykas safolle bibelferhalen, in ferhaal mei in geheim. En krekt dêrom bliuwt it ferhaal yn al syn soberheid en suverheid ek sa boeiend. En is it noch altiten by steat om jin oan te sprekken.  
In ferhaal mei in geheim, sa soe ik it neame wolle. It is in ferhaal dat hielendal net giet oer gewichtige en gelearde manlju, lykas op de konsily's. It binne ferhalen dêr’t krekt froulju der sa’n grutte rol yn spylje.
Yn it foarste plak Maria, mar ek har âlde nicht Elizabeth is hiel wichtich. De ferhalen litte jin tinke oan it  ferhaal út Genesis 18, dêr’t de âlde Abraham en Sara besite krije fan hege gasten.
Ien dêrfan blykt God sels te wêzen. En dy dielt harren dan mei dat se op harren âlde dei dochs noch in soan krije sille. Dat is in hiel wichtich ferhaal. Want hjir leit de oarsprong fan it folk Israël. In folk mei in ûnnatuerlike oarsprong. Ûntstien troch dit bysûndere wurd fan God.

Net natuerlik
Soks is yn de ferhalen yn Lukas 1 ek oan de hân. Wa soe by Elizabeth, dy’t op hege jierren in soan ferwachtet, ek net daliks tinke oan it ferhaal oer Sara. Hjir bart wat dat folslein ûnnatuerlik is. En it ferhaal dat wy lêzen ha oer dat famke Maria, dy’t op in oare mar likegoed ûnnatuerlike wize yn ferwachting rekket, is yn wêzen in fariant op datselde bibelske tema.
De ferhalen wolle sizze: wat hjir bart is hiel bysûnder, it giet tsjin de natoer yn. It past yn it grutte ferhaal oer de wei dy’t God giet mei it folk Israël, mar breder noch: it past ek yn it ferhaal fan God mei de minskheid.
Hjir is hiel wat bysûnders oan de hân, wol it ferhaal sizze. It giet om de berte fan in bysûnder minske. Bysûnder en fan kapitaal belang mei it each op de takomst. Fan hegerhân wurdt de berte oankundige.
Dit bern sil skielk grut wêze en Soan fan de Alderheechste neamd wurde. Kening sil er wêze oer it folk fan Jakob  (Israël), kening op de troan fan David, foar altyd. Want syn keningskip, dêr sil gjin ein oan komme.
‘De  Hillige Geast sil jo komme’, seit de ingel tsjin Maria, ‘en de krêft fan de Alderheechste sil syn skaad oer jo lizze. Dêrom sil it bern Hillige neamd wurde, Soan fan God’.

De himel rekket de ierde
No ja, toe mar!
Mar, wy moatte ús betinke, dat dit religieuze taal is, bibeltaal. Taalfilosofysk besjoen is it taal mei in aparte status, symboalyske taal. In ferhaal is it dêr’t de tradysje yn trochklinkt. In ferhaal mei in geheim.
Yn ferhaalfoarm wurdt hjir ferteld oer de nauwe relaasje, de djippe bân dy’t der wêze sil tusken dit bern en syn himelske Heit. Hy sil skielk dejinge wêze dy’t de minsken it Keninkryk fan God ferkundigje sil. Hy sil it ferkundigje en hy sil it bringe. Yn him rekket de himel de ierde.
Dat Elizabeth en Maria yn ferwachting reitsje, is dan ek gjin gynekologyske hokus pokus, it is in bibelske wize fan fertellen. Hiel subtyl en ek hiel suver.
It ferhaal oer de oankundiging troch de ingel Gabriël oan Maria is letter yn de skilderkeunst wit hoe faak ôfbylde. En dan is opfallend dat der eins altiten in wite leelje op it doek te finen is. De wite leelje is it symboal foar suverens.

Troch de krêft fan Gods wurd
Mar as yn datselde ferhaal de ingel oan Maria meidielt dat har âlde nicht Elisabet al goed fiif moanne yn ferwachting is (Maria sil der ynwindich wol om lake ha), dan docht er in wichtige útspraak.
Hy seit: ‘By God is ommers neat ûnmooglik’. In soksoartige siswize lêze wy ek yn dat âlde ferhaal yn Genesis 18, as Sara laket om it berjocht dat se op har stokâlde dei in bern krije sil.
‘By God is ommers neat ûnmooglik’.
Ik haw dy wurden, dy’t hjir yn it Gryksk oerlevere binne, nochris wat better besjoen. En ek hoe’t dy oerset binne. En dan moat ik sizze dat ik net gelokkich mei de oersetting yn ús Fryske bibel.
It giet der net om dat by God alles mooglik is. Yn de sin dat Er alles kin, dat foar Him neat te bjusterbaarlik is of sokssawat. Ik sis it mar, omdat sa’n tekst oars rare misferstannen oproppe kin.  
It giet net om it bjusterbaarlike. It giet om it bysûndere, it ûngewoane.

De ingel seit letterlik tsjin Maria seit de ingel letterlik, dat gjin wurd dat fan God útgiet sûnder krêft wêze sil. Dat is dochs wol wat oars as dat alles en fan alles by God samar mooglik is.
Nee, gjin wurd dat fan God útgiet sil sûnder krêft wêze. Dat wol sizze it hat krêft yn him, it sil effekt ha. Der giet wat fan út en it sil syn útwurking net misse. It sil om samar te sizzen wat ta stân bringe dat bysûnder is, ûngewoan en unyk. Dwers tsjin de natoerlike gong fan saken yn.
Sa soe ik dizze wurden útlizze wolle.

Mar wat betsjutte dy wurden no hjoed foar ús?
Wy belibje op it heden de Advintstiid. Advint wol sizze: útsjen en ferwachtsje nei it kommen fan... ja fan wat? Wêr sjogge wy krekt nei út en wat ferwachtsje wy?
Nei dy kening dy’t de Soan fan de Alderheechste neamd wurdt en oan waans keningskip gjin ein wêze sil. Ungewoan, ûnnatuerlik en bysûnder. Mar wat betsjut dat? Ik bedoel, wat betsjut dat hjoed, yn ús tiid, yn de dagen fan ús libben?

It libben op ierde
Wat is it natuerlike libben? Wat is gewoan? Wat is gewoan yn de maatskippij, yn de polityk, yn it deistige omgean mei elkoar? Dêrby moat ik tinke oan in hiel wichtich boek dat yn 1859 ferskynd is.
Ik bedoel fan Charles Darwin, The Origin of Species.  Oer it ûntstean fan de soarten yn de natoer.
Hy skeau dêr oer de striid, dy’t yn de natoer fierd wurdt om te oerlibjen. Dêrby sille dy libbensfoarmen dy’t op ‘en bêsten oanpast binne oan de sitewaasje, oerlibje te’n koste fan oaren. Yn de natoer jildt in struggle for life en de survival of the fittest.
Yn it natuerlike omgean fan minsken mei elkoar is it net oars. Dêr jildt ek it rjocht fan de sterkste, de rykste, de machtichste. It giet der net om wat wier is of wat goed is. It giet om hiele oare dingen: belangen, jild, macht, eare en neam mar op. Om noch mar te swijen oer hiele negative, ûnbewuste en tsjustere kanten yn
de minsklike siel. Wy sjogge dat yn it grut, op nasjonaal en op mondiaal nivo. Mar wy sjogge it ek likegoed
yn de ferhâldings tusken minsken op doarpen, yn buerten, binne femyljes en hûshâldings.
De skiednis fan de minskheid is wier net om fleurich fan te wurden.

En wat is fakentiids sin en doel fan wat minsken bestribje? No ja, sis it mar.
Ik brûk dan gauris de Dútske siswize: eine Mischung von Irrtum und Gewalt, dws. in mingsel fan dwaling, domheid en geweld. ‘Wij leven in een bezeten wereld. En wij weten het’, sa begûn de histoarikus Huizinga yn 1935 syn bekende boek In de schaduwen van morgen.
Wij leven in een bezeten wereld en wij weten het. En as wy net oppasse, dan tinke wy ek noch dat in wrâld dy’t sa dwaas yn elkoar stekt, dy’t boud is op belangen en op macht, hiel gewoan is.

It keninkryk fan God
Ik kom no werom by ús ferhaal oer dy Kening waans berte fan hegerhân oankundige is. In berte dy’t dwers tsjin de natoer yngiet en ek in keningskip dat fan in hegere oarder is en dat tsjin it natoerlike libben yngiet.
It giet oer it Keninkryk fan God, it Godsryk dat boud is op it wurd fan God. D.w.s. op gerjochtichheid, op minsklikheid, op frede en leafde. Ûngewoan, ûnnatuerlik en bysûnder, sa sil dizze Kening wêze en sa sil syn Keninkryk ek wêze.
In absurde gedachte. Ja dat is ek sa. Mar it kin der wêze omdat it berne is út de krêft fan de Hillige Geast fan God. Omdat de Alderheechste syn skaad deroer leit.  

Wat dit ferhaal sizze wol is dit. Wy libje no ienkear yn dizze wrâld. En wy wurde der troch meinommen, oant op in bepaalde hichte. It kin net oars. Mar, it wiere libben, de essinsje fan it bestean, dat wat doel en sin jout oan ús libben, dat hat te krijen mei wat oars. Mei dy oare Kening en mei dat oare Keninkryk, dat gjin ein hat, dat der wie, dat der is en dat der wêze sil.
Salang as wy ús dêrfan bewust binne en besykje om dat stal te jaan yn ús bestean, yn wat ús dwaande hâldt en wêr’t wy yn ús libben foar kieze, dan sil dat wurd fan dy ingel oan Maria noch altiten syn útwurking net ferlern ha.
Dat is it belibjen fan Advint, it kommen fan de Kening en syn Ryk yn de dagen fan ús libben.

Amen.

Rienk Klooster





   


wp9f7061fe_02.jpg
wpa290b104_02.jpg