Herfoarme Tsjerke Earnewâld

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

Oer skepping en evolúsje

De takomst fan leauwen en tsjerke

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2018 - 2019

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl


FOWE  -  De Earn


April 2015


De geast fan God

Skriftlêzings: 2 Korintiërs 3; Mattéus 28: 16 - 20


In skoftke lyn is der in publikaasje ferskynd fan Edward van der Kaaij, dûmny by de ‘fredestsjerke’ yn Nijkerk op de Veluwe, mei as titel De ongemakkelijke waarheid van het christendom. De echte Jezus onthuld.

Dêr ferkundiget er de stelling dat de Jezus dy’t wy kenne út it Nije Testamint gjin histoaryske persoan is,

mar in mytyske figuer, dy’t allinne bestiet yn ferhalen en berjochten. De histoaryske Jezus lykwols hat noait bestien. In soad eleminten út de ferhalen hawwe har oarsprong yn de mytology fan it âlde Egypte.

Dêr komt de oermyte wei fan in God dy’t minske wurdt, dy’t stjert en wer ta libben komt en dy’t op 25 desimber berne wurdt út in faam.

Van der Kaaij seit dat him troch each te krijen foar it mytyske karakter fan de Jezus-figuer, in soad dúdlik wurden is. Ynearsten mei it faaks lykje dat de bile oan de woartel lein wurdt, mar by neier ynsjen wurdt it leauwen der riker troch, sa seit er. En hy stimt fan herten yn mei de lear fan de tsjerke.


Opskuor wurdt delbêde

De reaksjes liigden der fansels net om. Sa fan: 'No ha wy earst dy dûmny yn Seelân hân, Klaas Hendrikse, dy't ferkundige dat God net bestiet, mar dat Er bart yn it kontakt tusken minsken. En no ha wy ien dy't de historisiteit fan Jezus ûntkent'.

Yn de grifformearde tsjerke te Nijkerk waard him op snein 18 jannewaris (de ‘Snein fan de Ienheid’) de tagong ta de preekstoel wegere.

Troch it Grifformeard Bûn, de uterst rjochtse fleugel fan de tsjerke, waard fuortendaliks al roppen om maatregels fan leartucht. Mar de skriba fan de synoade fan de PKN, Arie Jan Plaisier, wist de gefoelens wat del te bêdzjen mei de ferklearring dat Jezus net oan in mytysk krús hongen hie, mar oan in echt krús en oan in echt krús de lêst fan de wrâld droegen hie. It Grifformeard Bûn wie tefreden mei dy wurden. Ik lies ek noch in útspraak fan Gijs van den Brink, heechlearaar dogmatyk oan de VU, dat de wittenskiplike wearde fan it omstriden boek van Van der Kaaij 'nihyl' wie en dat 'it heil fan God allinne op de minske ta komt troch it libben, de dea en de opstanning fan de Joad Jezus'. En mei dy wize útspraken fan Plaisier en Van den Brink sil ek dizze stoarm yn it tsjerklike glês wetter wol wer belune wêze.


In man fan hearren en sizzen

Gemeente, men kin dizze diskusje ôfdwaan as wat tsjerklik hottefyljen. Mar dat nimt net wei dat it hjir giet oer in hiele âlde fraach. Want it is net de earste kear dat dy steld wurdt.

Mar de fraach dêrefter is: ‘Hinget it kristlik leauwen ôf fan de historisiteit fan Jezus?’  Of mear filosofysk sein: ‘Is wierheid ôfhinklik fan historisiteit?’

Guon tinke dat dat al sa is. Mar myn persoanlike antwurd is: ‘Nee!’

Ik tink trouwens wol dat Jezus fan Nazaret in histoaryske persoan west hat. Ik kin my net yntinke dat in beweging as it kristendom samar ûntstiet. Der moat in sterke persoanlikheid west ha, in garismatysk persoan, in religieus sjeny, dy’t in djippe yndruk makke hat op syn tiidgenoaten.

Dat kin hast net oars. Mar Jezus hat foarsafier't wy witte sels neat op papier set. Wat wy oer him witte, ha wy allegearre fan hearren en sizzen, d.w.s. benammen út de geskriften fan it Nije Testamint.

En dy jouwe amper of gjin histoaryske ynformaasje. Ek de fjouwer  evangeeljeboeken  binne gjin biografyen fan Jezus. Alle fjouwer jouwe se wer hoe’t yn de earste ieu yn ferskillende fermiddens tsjin Jezus oansjoen is en hoe’t minsken him belibbe hawwe. It is kleure troch ynterpretaasje en tradysje. Datselde jildt bygelyks ek foar de brieven fan Paulus. Paulus skriuwt dan wol fan alles oer Jezus, mar hy hat him net persoanlik kend.


Neat mei sikerheid bekend

Albert Schweitzer, de grutte teolooch en tropedokter, hat  yn 1913 in boek publisearre ûnder de titel Geschichte der Leben-Jesu-Forschung.

Dêryn besprekt er alle stúdzjes dy’t der oant doe ta ferskynd wienen oer it libben fan Jezus. En hy komt ta de konklúzje dat al dy beskriuwings stik foar stik mear sizze oer de skriuwers sels as oer de persoan Jezus fan Nazaret.

Schweitzer sprekt it fermoeden út dat de histoaryske Jezus - nei alle gedachten hat er in Joadske rabby west, in 'apokalyptikus' dy't leaude dat de ein fan de tiden nei-oan wie en it Godsryk ferkundige - fanwegens syn ideeën wjerstân oprôp en by eintsjebeslút troch de Romeinen krusige is.

Mar oer syn libben witte wy neat mei sikerheid.

Wat Schweitzer goed 100 jier lyn al sei, hat Van der Kaaij dus no ek ûntdutsen, mar hy giet noch in stap fierder mei te sizzen dat Jezus dan wol hielendal net bestien ha sil (ek dy gedachte is net nij). Mar oant safier Van der Kaaij.


Wêr giet it om yn it leauwen?

Lykwols bliuwt de fraach stean: 'Hinget it kristlik leauwen ôf fan de historisiteit fan Jezus?'

Myn antwurd haw ik al jûn en ik hoopje yn dizze preek dúdlik te meitsjen dat it yn it leauwen om hiel wat oars giet as historisiteit. Minsken dy’t har leauwen ôfhinklik meitsje fan historisiteit, dy rinne grutte kans om troch minsken as Van der Kaaij yn betizing te reitsjen en har leauwen kwyt te reitsjen. Dat is de reden dat ik deroer begjin.  

Om te begjinnen is it opmerklik dat de auteurs fan de geskriften fan it NT har hielendal net drok  meitsje oer de fraach nei de histoaryske Jezus.

It gong har om hiel wat oars: om wat er foar har betsjutte. En dan kom ik út by Paulus, de man dy’t op sa’n bysûndere wize bekeard wie. Hy hie Jezus  dan wol moete yn in fizioen, mar hy hat him persoanlik hielendal net kend. It is krekt dy Paulus dy’t yn syn twade brief oan de Korintiërs in pear opmerklike útspraken oer Jezus docht, dy’t ús neffens my fierder helpe yn ús fraach nei de wierheid oangeande Jezus.

Dat brief is rjochte oan de kristlike gemeente yn de Grykske havenstêd Korinte en seker gjin maklike lektuer. Mar wy kinne der út opmeitsje dat der in spanningsfjild is tusken Paulus en guon fan de  minsken dêre.

Der skynt in groep te wêzen dy’t de gemeente yn ûnstjoer bringt troch fêst te hâlden oan it neikommen fan de 613 geboaden yn de Tora. Paulus set dan twa dingen tsjin elkoar oer. Yndied is dêr it âlde ferbûn, de skreaune wet dy’t Moazes oan de Israëliten jûn hat. Paulus dy’t fan komôf in Fariseeër wie, wit der alles fan, mar hiel bewust hat er him dêr fan distansjearre. En dan hat er it oer ‘in nij ferbûn yn Kristus, troch de Geast fan de libbene God, yn de herten fan de minsken’.

Hy set se foar elkoar oer en seit: ‘De skreaune wet makket dea, mar de Geast makket libben’.

Al dy regels fan de Tora belibbet er as in benearing. It is as hat men in 'kape' oer de holle. Mar as men jin bekeart ta Jezus, dan wurde dy kape en dy benearing weinommen.

En dan docht er de útspraak: 'De Hear no is de Geast en dêr't de Geast fan de Hear is, dêr is frijheid' ('befrijing ' is faaks in bettere oersetting). En: 'Wy allegearre dy't mei in ûnbedutsen gesicht de hearlikheid fan de Hear as yn in spegel oanskôgje, wurde nei it selde byld fan uterlik feroare, wat langer wat hearliker, troch de Hear ommers dy't Geast is'.


Geast fan God

It binne grutte en wichtige wurden, dy’t Paulus hjir delskriuwt. Hy seit, dat it giet om de Geast fan Kristus dy’t by ús is en dy’t ús frij makket en romte jout. Om geastlike romte giet it, om ynderlike befrijing fan twang en benearing. Kristus wie om samar te sizzen fol fan de Geast fan God. God dy't er syn himelske Heit neamde. Paulus wiist derop dat de essinsje fan it leauwen de Geast is. It giet derom dat men oanrekke wurdt troch de Geast fan Kristus en dêrmei troch de Geast fan God. De Geast dy't minsken frijheid jout en romte, dy't minsken ynspirearret en yn beweging set foar de grutte dingen fan it Ryk fan God: gerjochtichheid, frede, humaniteit, yntegriteit. Dat it Jezus ek om Geast giet, docht bliken út wat de evangelist Mattéus meidielt as Jezus nei syn opstanning noch ienkear oan syn learlingen ferskynt en dat syn lêste boadskip oan harren is: ‘Sjoch, ik bin alle dagen mei jim, oan ‘e ein fan de tiden ta’. It giet om de oanwêzichheid fan syn Geast yn de herten fan syn learlingen.

De libbene Geast fan Kristus, de Geast fan God, dy’t befrijt, dy’t libben makket en ynspirearret.

Datselde is ek neffens Paulus de essinsje fan Jezus.


De essinsje fan it leauwen

It is langer as fjirtich jier lyn dat ik ris in preek hearde fan de links-frijsinnige  dûmny Joh. P. van Mullem, ien fan de oprjochters fan de Zwingli-beweging.

Hy die doe de opmerklike útspraak: 'Desnoods doen wij het zonder God, desnoods doen wij het zonder Jezus, maar zonder de Geest kunnen we geen moment!'

Dy wurden setten my doe oan it tinken.

Okkerdeis hie ik in petear mei immen, dy’t tsjin my begûn oer de publikaasjes fan Klaas Hendrikse en Erik van der Kaaij. En ik sei: As Klaas Hendrikse seit, dat God net bestiet, dan rekket my dat eins net.

En likemin as Van der Kaaij seit dat Jezus gjin histoaryske persoan is. Mar as in teolooch sizze soe dat de Geast net bestiet: de Geast fan God, de Geast fan Kristus, dan soe ik sizze: ‘Lit dy persoan in oar berop sykje! Want teologen dy’t har net oansprutsen fiele troch de Geast, dy’t gjin ynspiraasje mear ha en dy’t net witte wat ‘befrijing’ is, dy rjochtsje allinne mar skea oan’.


Ta beslút gemeente: it sykjen fan Godsbewizen en bewizen fan de historisiteit fan Jezus, ik soe sizze ‘Súkses dermei!’.

Dy dingen hearre net  ta de essinsje fan it leauwen. Foar ús is God der ommers, ek al kinne wy syn bestean net bewize. ‘God is Geast’, is in útspraak fan Jezus sels. En Paulus seit:  'De Hear no is de Geast, en dêr't de Geast fan de Hear is, dêr is frijheid'.

By it bestean fan God en it bestean fan de Man fan Nazaret, giet it om in geastlike oanwêzichheid.

Dy Geast, wêr komt er wei en wêr giet er hinne?

Dêr ha wy gelokkich gjin greep op. En dêrom bliuwt de Geast yn wêzen in mystearje. En in mystearje moat men ek in mystearje litte. As men bewize wol en der greep op krije, dan wurdt it leauwen sa plat.  

Op it heden is it de 40-dagentiid tiid foar Peaske.

Wy tinke dan yn it bysûnder oan it lijen fan Jezus. En syn lijen lit jin de eagen iepen gean foar it lijen fan minsken, it minsklik lijen yn de wrâld.

Dat wy dêr each foar krije, hat wer te meitsjen mei Geast, mei de trochwurking fan de Geast fan Kristus dan wol de Hillige Geast fan God dy’t de himelske Heit is.

Dy Geast is dan ek de fêste grûn dêr’t it leauwen op basearre is. Dy godlike Geast is it, dy’t frij makket fan benearing en fan waanbylden.

Dy Geast is it dy’t jin yn beweging set, dy’t ynspirearret ta dieden fan minsklikheid en fan leafde. Salang as  dy Geast mar by ús bliuwt, dan is al it oare allinne mar bysaak.


Amen


Rienk Klooster