






Juny 2009
Oertinking oer Ezechiël 37: De Geast fan Pinkster
(troch Rienk Klooster)
Dizze oertinking stiet ek yn de Earn fan juny 2009, en dy kin ynladen wurde as PDF-dokumint troch te klikken op de neifolgjende skeakel: Earn 44
Skriftlêzings: Ezechiël 37:1-14 en Hanlingen 2:1-14
Peaske en Pinkster geane yn wêzen oer itselde: oer libben en dea. Mar ‘libben’ hat wer alles te krijen mei ‘geast’. Ik soe gjin bibelferhaal witte dêr’t dat sa treflik ûnder wurden brocht wurdt as yn it fisioen yn Ezechiël 37. Oan it wurd is ien fan de grutte profeten út de tiid fan de Babyloanyske ballingskip.
De Joadske godstsjinst hat in skiednis fan ieuwen en hat in hiele ûntjouwing troch-makke op de lange geastlike wei dy’t de Israëliten gien binne. In wei fan wrakseljen mei de grutte fragen dy’t oproppen waarden troch it libben en troch wat harren as folksmienskip oerkaam. It opmerklike is, dat krekt yn de slimme en drege tiden de meast djipsinnige gedachten ûntstien binne. Sa wurket dat no ienkear yn it libben.
Yn slimme tiden geane de minsken iepen en wurde se ûntfanklik. Dan falle de maskers ôf en komt it oan op wat autentyk is en wat echt fan wearde blykt te wêzen. Sa fine wy yn de bibel rûnom spoaren en berjochten fan sa’n geastlike wrakseling.
It fisioen fan Ezechiël
Dat is ek sa yn it bonkeferhaal yn Ezechiël 37. It spilet yn de 6e ieu foar Kristus, yn de tiid fan de ballingskip. Yn 586 hiene de Babylonyske legers Jeruzalim mei timpel en al mei de grûn gelyk makke en in grut part fan it folk wie deportearre nei Babyloanje. Wat soks betsjut, is foar ús net foar te stellen. In protte minsken moatte dêrby dea-rekke wêze en dy't it al oerlibben, hawwe sawat alles efterlitte moatten. Op frjemde grûn fiele se har desoriïntearre. In soad minsken hawwe psychyske skea oprûn, trauma’s soene wy hjoed sizze.
Yn psalm 137, in liet dat út dy tiid datearret, lêze wy: ‘Oan de streamen fan Babel, dêr sieten wy te skriemen, as wy oan Sion tochten. Dêr hongen wy ús lieren oan de wylgen’. Sion, dat is berch dêr’t de timpel stie.
Dat hillige bouwurk, sintrum fan godstsjinst en leauwen fan Israël, wie plondere en yn de brân stutsen troch de Babyloanjers. Ek Ezechiël hie it allegearre meimakke. En no yn Babyloanje sjocht er it as syn opdracht om syn folksgenoaten mentaal oerein te hâlden. Dat is ek nedich, want in protte minsken sitte folslein oan de grûn. It is tsjin dy histoaryske eftergrûn dat wy it ‘bonkefisioen’ pleatse moatte.
'De Heare lei de hân op my en brocht my troch syn Geast bûtenút en sette my midden yn de delling. Dy lei fol mei deade bonken'. Men freget jin ôf, wêr't sa'n byld oan ûntliend wêze kin. Ik tink dat dat hiel gewoan in histoaryske eftergrûn hat. Der wiene wolris slaven dy’t de woestyn yn flechten en dy’t dêr dan it paad bjuster rekken. En in inkelde kear waard der by tafal wolris in keppel fan sokke flechtlingen weromfûn.
Oan sa’n makabere fynst, is neffens my dit byld oer dy bonken ûntliend. En dat byld hellet de profeet oan yn de boadskip dy’t er hat foar syn folk. Want hy makket him grutte soargen oer harren geastlike tastân. It mei dan wêze dat dizze minsken it oarlochsgeweld en de deportaasje fysyk oerlibbe ha, mar ‘de geast’ is derút.
De minsken binne mismoedich en sitte mentaal djip yn de nederklits. Sadwaande hat de profeet it gefoel dat as er om him hinne sjocht en de stimming beharket, dat er dan yn sa’n delling fol mei deade bonken stiet. Mar dan fielt it ynienen krekt as wurdt der in hân op him lein, wurdt er bewust makke fan de sitewaasje en krijt er de ynspiraasje om te sprekken. It is yndrukwekkend sa't it ferteld wurdt.
'Hy liet my der bylâns gean, der hielendal omhinne; ik seach dat de delling der fol mei lei – safolle wiene der – en dat se slim útdroege wiene. Doe frege Er my: 'Minskesoan wat tinkt dy, kinne dizze bonke wer ta libben komme?' Doe sei ik: 'Heare myn God, dat witte Jo allinne!'
De profeet moat dan wurden sprekke oer dy bonken. Hy seit: ‘Toarre bonken, hear it wurd fan de Heare.
Dit hat God de Heare tsjin jim te sizzen: sjoch Ik bring de siken by jim der wer yn en jim sille wer ta libben komme. Ik sil wer sinen op jim meitsje en fleis op jim waakse litte, it fel wer oer jim hinne lûke en de siken
der wer by jim ynbringe. Dan sille jim wer ta libben komme en jim sille witte dat Ik de Heare bin’.
Dan begjint it te rûzjen en der komt der beweging yn it spul. De bonken passe har ynelkoar, der ferskynt wer fleis, spieren en hûd. In Peaskeferhaal liket it wol: in opstanning! In lichaamlike opstanning noch wol! Mar der skeelt noch ien wêzenlik ding oan an: de siken binne der noch net.
Minsken krije de Geast
'Doe sei Er tsjin my: sprek mei dyn profetewurd de Geast oan, profetearje no Minskesoan en sis tsjin de Geast: dit Hat God de Heare te sizzen: Geast kom út alle fjouwer wynstreken en blaas alle liken de siken yn, dat se wer ta libben komme’.
Dat docht de profeet en dan komme de minsken wer ta libben. As wie it Pinkster.
Ta beslút komt der dan in ferklearring by dizze makabere bylden. Wy lêze: ‘En doe sei Er tsjin my: Minskesoan, dy bonken, dat is ús hiele folk Israël. Hja sizze: ús bonken binne útdroege, ús hope is ferflein, it is dien mei ús! Sis dan: Ik sil jim grêven iepen lizze, jim derút ferrize litte en werombringe nei Israëls grûn.
Ik sil jim myn Geast ynjaan en jim sille libje’. Ezechiël 37, in yndrukwekkend en djipsinnich ferhaal. In Peaske- en in Pinksterferhaal tagelyk.
Yn Hanlingen 2, it klassike Pinksterferhaal, lêze wy ek oer minsken de Geast krije en dy’t ta libben komme. Want men kin jin yntinke dat dy learlingen fan Jezus nei de ferskinings fan Peaske en Himelfeart ek mei in holle fol fragen efterbleaun binne. Benammen mei de fraach, hoe’t it no fierder moat. By guon miskien twifel en
ûnsekerheid, by oaren faaks teloarstelling en mismoedigens. Mar op it Pinksterfeest, as it yn Jeruzalim optilt fan pylgers dy’t rûnom wei kommen binne om dat feest dêr te fieren, dan bart der ynienen wat bysûnders mei de learlingen fan Jezus. Wy lêze: ‘Der kaam ynienen út de himel in gerûs oft der in ferheftigen wyn oanstrûzen kaam; dat klonk troch it hiele hûs dêr’t se sieten. Der ferskynde harren wat dat op flammen fan fjoer like, dy’t útinoar gongen en dy setten har op elk fan harren del. En se waarden fol fan de Hillige Geast’. Mei oare wurden de learlingen komme oerein, sette har yn beweging en begjinne út te dragen wat se fan harren master heard en leard hawwe. Wat hja te sizzen hawwe, sprekt in soad minsken sa bot oan, dat dy wolle der ek by hearre. En sa ûntstiet dêr dy deis de gemeente fan Jezus Kristus.
De tsjerke kin net sûnder Geast
Wat jin opfalt yn beide ferhalen, sawol yn Ezechiël as yn Hanlingen, dat is de krusiale betsjutting fan de Geast. Dat jildt sawol foar it âlde folk Israël as foar de jonge
gemeente fan Kristus. It is om samar te sizzen in kwestje fan libben en dea, fan bestean of net bestean.
Hjoed-de-dei binne der in protte minsken dy’t har soargen meitsje oer de takomst fan de tsjerken. Tryste ferhalen kin men beharkje oer fergrizing, efterútgong, leech-
rin ensfh. Sa fan: ‘Ús bonken binne útdroege, ús hoop is ferflein, it is dien mei ús!’
Ik tink dan: ‘As wy dat mar faak en lûd genôch roppe, dêr foaral goed yn leauwe en dat nei bûten ta útstrielje, dan krije wy fêst wol gelyk. Want net ien sil him derta oanlutsen fiele om by sa’n tryst selskip te hearren’. En as de tsjerke mei it doel om it eigen ynstitút en de eigen organisaasje noch wat byelkoar te hâlden, oars neat
útfine kin as wat op âlde ambylden om te slaan, hieltiten wer krampeftich de klam leit op de âlde learstikken, op âlde (en faak lege) liturgyske formules en fan alles oanbiedt oan tsjinsten dêr’t net ien om ferlegen sit, sûnder dêrby te harkjen nei wat der wier oan fragen libbet by de minsken, dan sil it sûnder mis ferkeard ôfrinne. Want ik haw hiel bot it idee dat de tsjerke domwei gjin ried wit mei de fragen fan dizze tiid en dat hja de stoffige antwurden yn it foar al klear lizzen hat. Mar de grutste kwaal dêr't de tsjerke bryk oan giet, koe wolris wêze, dat hja deabenaud is foar de wurking fan de Geast. Dat wol sizze foar entûsjasme, foar kreativiteit, foar spontaniteit en miskien wol foar de grutte fragen dêr't it yn it libben wier om giet.
De minske kin net sûnder Geast
Mar it Pinksterevangeelje is net allinne in boadskip foar de tsjerke. Folle wichtiger is it dat wy, elk fan ús yn ús sitewaasje en op ús plak oanrekke wurde troch de Geast. Want der is in soad dat jin deltriuwe kin: de omstannichheden; dingen dy't jin oerkomme en oandien wurde; aaklike minsken om jin hinne; negative ûnderfinings út it ferline, dy’t jin pleagje. It freget bytiden in soad moed en krêft om it yn it deistige bestean mentaal op de fuotten te hâlden. Hoefolle pine kin in minske ferdrage? Sadwaande ha wy ek yn ús persoanlike libben, de ynspiraasje fan de ruach ‘elohim, de geast fan God, de geast fan Kristus mear as nedich om echt te libjen. Om jin doelen te stellen, positive útdagings te finen, de sin yn it libben en de sin oan it libben te bewarjen.
De Hillige Geast lit him fanâlds al net bine oan fêste patroanen en ynstituten.
De Geast wurket oeral. De Geast wurket yn de stilte, yn de meditaasje. Yn de skientme fan de natuer, de sfear, de kleuren, de lûden, de rook, de yndrukken.
Mar de Geast wurket benammen yn en troch minsken. Yn wat minsken foar elkoar betsjutte kinne.
Minsken dy’t der binne op it goeie momint, dy’t goeie dingen sizze: mei wurden, mar ek sûnder wurden.
In eachopslach, in gebeart. De Geast wurket yn in goed petear, in petear fan hert ta hert; yn in goeie diskusje; oeral dêr’t minsken elkoar moetsje, mar dan ek wier moetsje; oeral dêr’t minsken elkoar opheine en
oerein helpe. De Geast wurket yn in goed ferhaal, yn goeie analyze, yn in keunstwurk, yn in gedicht, in goed boek. Mar de Geast wurket ek yn it genietsjen fan in goed miel, in goed glês wyn. De Geast hat te krijen mei it goeie libben, mei sin en doel. Mei ljocht en libben, mei takomst en optimisme, mei wat de joaden elkoar
tawinskje as se elkoar moetsje: 'Sjaloom aleichem', 'frede mei jimme!'.
Frede yn de sin fan: it goede fan it libben lykas God it bedoeld hat. ‘Myn Geast sil ik jim ynjaan en jim sille libje!’ Dat is Pinkster!
Amen
Rienk Klooster
