Herfoarme Tsjerke Earnewâld

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

Oer skepping en evolúsje

De takomst fan leauwen en tsjerke

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2018 - 2019

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl

Septimber 2016


De profeet as hoeder


Skriftlêzings: 2 Korintiërs 3; Mattéus 28: 16 - 20


Ofskiedspreek fan Rienk Klooster yn Earnewâld op 19 juny 2016

 

Skriftlêzings: 1 Keningen 22: 1-28

Johannes 18: 28-39

 

Wat is wierheid? En hoe moat men omgean mei de wierheid? Wat kin men sizze en wat net? It liket sa ienfâldich, mar yn de praktyk fan it deistige libben leit dat hiel yngewikkeld en stekt it hiel nau.

De fraach nei wat wier is en wat net, dêr rint men yn it libben allegeduerigen tsjinoan.

De fraaach wat wier is, is dan ek altyd wer in wichtige libbensfaach. It is de grutte fraach yn de filosofy.

De fraach yn alle wittenskippen, yn de rjochtspraak, yn de polityk.

Mar ek in wichtige fraach yn de godstsjinst, yn de praktyk fan it leauwen.

Yn de beide bibelfragminten dy’t wy lêzen hawwe, giet it ek oer it tema ‘wierheid’. En wy sjogge hoe’t de minsken dermei omgeane.

In nijsgjirrich stikje psychology.  

 

Moai waar profeten

Yn 1 Keningen 22, giet it oer de profeet Micha ben Jimla. In echte profeet.

Efkes wat oer de eftergrûn fan dit ferhaal. It spilet yn 852 foar Kristus. Israël is dan útelkoar fallen yn twa keninkrykjes. Der is in noardlik ryk mei Samaria as sintrum en Achab as kening (it wie in grutte boef).

En der is in súdlik ryk, Juda, mei Jeruzalim as sintrum en Josafat as kening.

Aram oftewol Syrië is yn dy tiid in bedriging foar de Israëliten. It stedsje Ramot yn Gilead (grinsgebied) hâlde se bygelyks al in skoft beset. En no komt kening Josafat by syn kollega Achab mei it plan om tegearre mei harren legers de Syriërs de tosken sjen te litten en har út Ramot te ferdriuwen. Achab fielt dêr in soad foar. Mar dan seit Josafat tsjin Achab: ‘Freegje earst de Heare om in útspraak’. Kening Achab ropt dan syn profeten byelkoar, 400 man (Earnewâld hat 420 ynwenners) en freget har om ried. Ienriedich sizze dy dan dat harren kening de striid seker winne sil.

Dy 400 binne saneamde ‘hofprofeten’, amtners yn tsjinst fan de kening. De ieuwen troch hawwe oan alle hôven fan sokke mannen west, dy’t wol oppasse sille om dingen te sizzen dy’t de baas net hearre wol. Men praat ommers mei deselde mûle as dêr’t men ek mei yt. Ek dizze 400 hofprofeten

– de profeet Sidkia mei syn izeren hoarnen foarop – binne dan ek o sa ienriedich en per definysje loyaal oan de kening. Slippedragers en sjerpslikkers,

loyaal oan it systeem, ek al is it tsjin better witten yn. En it soe my net fernuverje as dêr oan it hôf in soartemint fan eangstkultuer hearsket. Elkenien is bang foar elkenien en men sil wol oppasse wat men seit. Oars is it samar by de kening. En dat is net goed foar jins karriêre.

 

Gjin hoeders en gjin lieders

Kening Josafat hat it spultsje troch en freget oan Achab: ‘Is hjir oars gjin profeet dy’t wy freegje kinne?’

Ja, dy is der wol: Micha, de soan fan Jimla. Mar dat is sa’n ferfelende dwerslizzer, ien dy’t allinne mar ûnheil profeterarret. Dêrom hat Achab him oppakke litten en him it swijen oplein.

Wy ha heard hoe’t it ferhaal fierder giet. Micha wurdt ophelle. Underwilens kriget er fan de boade noch de wink om sa ferstannich te wêzen en praat de kening nei de mûle. Mar Micha is dat net fan doel en seit:

‘Sa wier as de Heare libbet, ik sil oars net sizze as wat Hy my seit’. De wierheid dus.

Mar as er dan foar dy beide kenings stiet, seit er hiel synysk: ‘Dy oarloch tsjin de Syriërs, dat moat altyd wêze! Dat is wat jim ommers sa graach hearre wolle?’ ‘Toe no Micha’, seit Achab, ‘en no in bytsje searieus graach’. En dan sprekt Micha ben Jimla dizze profetyske wurden:  

‘Ik seach hiele Israël op de bergen fersille as skiep dy’t gjin hoeder mear hawwe. En de Heare sei:

‘Se ha gjin lieders mear, lit elk yn frede wer nei hûs ta gean’.  

‘Hie ik it jo net sein’, seit Achab tsjin Josafat. ‘Hy profetearret oars net as ûnheil’.

 

De profesij komt út

En dan giet Micha noch efkes troch. Hy neamt de hôfprofeten in stel ligers en sjerpslikkers, beseten troch in kweageast. De profeet Sidkia mei de hoarnen wurdt dan sa lilk, dat hy slacht Micha mei de folle fûst lyk yn it gesicht. Dêr wurdt uteraard neat fan sein en Micha wurdt werombrocht nei de sel. En om’t er de kening sa it leksum jûn hat, wurdt er foar straf op rantsoen set.

‘Ja, oant ik werom kom’, ropt Achab him noch nei. Micha draait him dan noch ienkear om en seit: ‘As jo behâlden weromkomme, dan hat it net de Heare west dy’t troch myn mûle sprutsen hat!’

Fierderop yn datselde haadstik wurdt dan ferteld, hoe’t Achab sneuvelet tsjin de Syriërs. Hy wurdt troffen troch in ferdwaalde pylk.

As er dan thúsbrocht wurdt, dan is er al dea blet . En as de begraffenis west hat en de feinten de wein dy’t ûnder it (keninklike) bloed siet, himmelje sille, dan sjogge se dat hûnen de wein al skjinslikke hawwe.

 

‘Wat is wierheid?’

Wat is wierheid?  Dêr giet it om yn dit ferhaal yn it profetyske boek 1 Keningen. En 885 jier letter klinkt dyselde fraach út de mûle fan de Romeinske procurator Pontius Pilatus. Hy sit dy deis – it wie op in freed – mei in ferfelend probleem. Hy moat rjochtsprekke oer in wat nuvere man: Jezus fan

Nazaret. De beskuldigings dy’t ynbrocht wurde, de arguminten en de bewizen, it is in rommeltsje.

En dan seit dy man ek noch dat er in soartemint fan kening is, mar dan fan in ryk net fan dizze ierde.

‘Ik bin Kening’, seit er, ‘dêrfoar bin ik berne en yn de wrâld kommen, dat ik foar de wierheid útkomme soe:

elk dy’t it mei de wierheid hâldt, harket nei my’. En dan sprekt Pilatus syn bekende wurden: ‘Wat is wierheid?’

En hoewol’t Pilatus gjin inkelde skuld fine kin yn dy Jezus fan Nazaret, lit er it gewurde dat er dyselde deis noch krusige wurdt, 33 jier âld.

Wat is wierheid? Yn de filosofy is in útspraak wier, as in útspraak de werklikheid werjout.

Mar wat is de werklikheid? En sa is de diskusje oer wat wierheid is al ieuwenlang geande. Sa hat der yn de 19e ieuw in hiel orizjineel tinker west – ik bedoel Friedrich Nietzsche – dy’t sein hat: ‘Wierheid hat te meitsjen mei macht.

Dy’t de baas is, bepaalt wat wier is en wat net’.

Ik helje Nietzsche mei opset sin oan, omdat de beide bibelferhalen dêr in foarbyld fan binne.  

Yn 1 Keningen 22 stiet Micha ben Jimla  allinne tsjin dy 400 hôfprofeten oer, amtners yn tsjinst fan de

kening, grize mûzen, loyaal oan it systeem.

It systeem dat basearre is op macht. En dy 400 geastlike lieders hawwe har stik foar stik ynpasse

litten yn dat systeem. It systeem dat net allinne machtich is, mar tagelyk ek hillich. En dêrom hat sa’n systeem altyd de wierheid oan har kant. Yn sa’n systeem dat basearre is op macht en eangst, dêr is gjin romte foar in ôfwikende miening of in kritsyk lûd. It systeem makket út wat wier is en wat net wier is. En it systeem hat altyd gelyk. Yn sa’n systeem is as it derop oan komt mar ien ding hillich: en dat is net de wierheid, mar dat is it systeem sels. En dy’t it net mei it systeem iens is, is in dwers-lizzer, in ketter, in dissidint. En dy is yn it foar al feroardiele.

Jezus stie op dy bewuste freed ek each yn each mei sa’n machtssysteem. ‘Ik bin berne en yn de wrâld kommen, dat ik foar de wierheid útkomme soe: elk dy’t it mei de wierheid hâldt, harket nei my’.

Wat is wierheid?’ is dan Pilatus syn réaksje.

‘Wierheid’ en ‘wierheid’, twa likense wurden, mar wat de ynhâld oanbelanget in wrâld fan ferskil.

Twa wrâlden dy’t opelkoar botse en elkoar net ferneare. Oan de iene kant de ‘wierheid’ dy’t

basearre is op macht en yntimidaasje. Dat is de wierheid fan Achab en de 400 grize mûzen om him hinne.

En allyksa de wierheid fan de procurator Pontius Pilatus en syn machtssysteem.

En oan de oare kant de wierheid dy’t te meitsjen hat mei it Ryk fan God en dy’t basearre is op earlikheid, op yntegriteit en op in suver gewisse. Dat is de wierheid dêr’t profetyske figueren as Micha ben Jimla en Jezus fan Nazaret foar steane. Yn al har kwetsberens.

 

Minsken mar benammen organisaasjes kinne min omgean mei macht

In aktueel foarbyld dêrfan binne de saneamde dissidinten en ‘kloklieders’, guon dy’t har steure oan

ûnrjocht en misstannen. Dy’t kritysk om har hinne sjogge en dy’t witte fan de dôfpotkultuer binnen it systeem. Dy’t witte hoe’t it der om en ta giet en hoe’t elkenien him wyslik stil hâldt. Elkenien is bang foar elkenien. Mar de dissidint, kloklieder hat de moed om himsels net mûldea meitsje te litten en syn gewisse sprekke te litten. Hy sjocht fierder as syn eigen belang. Hy wol in tsjinner wêze fan de wierheid en bringt de misstannen oan it ljocht. Sokke minsken moatte fakentiids anonym bliuwe. Want men kin noch sa bot gelyk ha, mar as der oare belangen yn it spul binne: sa’n kloklieder, sa’n dissidint, sa’n ferrieder, sa’n ketter, wa tinkt er wol net dat er is. In misbaksel dat net past yn it systeem.

Dy âlde profeten wiene fan sokke misbaksels.

Micha ben Jimla pipe net mei yn it koar fan dy 400 grize mûzen. Hy hie de moed om de wierheid te

tsjinjen. Hoe’t it krekt mei dizze Micha ôfrûn is, dat witte wy net. Hoe’t it mei Jezus fan Nazaret ôfrûn is, dat witte wy mar al te goed.

Mar beide ferhalen wolle ús sizze dat it Wurd fan God, it Ryk fan God no krekt te meitsjen hat mei dat profetyske lûd, mei dy krityske dwerslizzers, dy kloklieders, dy dissidinte geasten, dy ketters dy’t har net ynpasse litte yn in systeem dat himsels grut en breed makket, dat himsels hillich ferklearret en mient hearskje te kinnen oer de wierheid en dat it ha moat fan yntimidaasje. En datselde profetyskelûd, dat is no krekt de essinsje fan de bibel, fan it Keninkryk fan God.   

Fansels kin in maatskippij net sûnder systemen. By in demokrasy heart in steatsapparaat. En by in tsjerke heart no ienkear in organisaasje. Mar noch it iene, noch it oare is op himsels hillich. It binne mar middels om tsjinstber te wêzen oan it wolwêzen fan minsken. Mar om’t sokke systemen sa min omgean kinne mei macht, dêrom is it goed dat der krityske geasten binne, dy’t de mûle iepen skuorre:

kloklieders, dissidinten, ketters en profeten.

As leauwige minsken moat ús dat oansprekke.

Wy besykje ommers boargers te wêzen fan it Keninkryk fan God.

It Godsryk dat wol yn dizze wrâld is, mar net fan dizze wrâld. Foar ús is der ommers in oare Kening

en dêrmei ek in oare wierheid.

 

Amen.

 

Rienk Klooster


FOWE  -  De Earn