






Desimber 2007
De trije wizen
(Preek hâlden yn Earnewâld op Âldjiersjûn)
Skriftlêzings: Psalm 72; Mattéus 2:1-12
Wy hawwe it ferhaal lêzen oer de wizen út it Easten, de mannen dy’t neamd wurde yn Mattéus 2. Der wurdt ferteld dat hja fier út it Easten weikamen en op wei gongen, omt se in hiele bysûndere stjer oan de loft stean sjoen hiene. De mannen komme dan oan yn Jeruzalim en freegje wêr’t de Kening fan de Joaden te finen is, dy’t koartlyn berne is. Want hja wolle him begroetsjen en hulde bringe.
De wize mannen bedarje dan by kening Herodes en krije dêr te hearren dat se yn Bethlehim wêze moatte.
De stjer dy’t se yn it Easten sjoen hawwe, wiist harren de wei en sa fine se it plak dêr’t se wêze moatte.
Bliid rinne se it hûs yn, sjogge it jonkje mei Maria, syn mem. Hja falle op de knibbels en dogge him hulde.
De tassen geane iepen en de kostberheden dy’t se meinommen hawwe, wurde foar it ljocht helle: goud, wijreek en mirre. Dit binne net samar wat kreamkadootsjes, it binne stik foar stik keninklike jeften.
De wize mannen út it Easten. Wy krije it idee dat se út de kontreien komme fan it hjoeddeiske Irak of Iran. It sille stjerre-kundigen west hawwe. Of faaks ek wol astrologen, gelearden dy’t tochten dat it lot fan de minsken en fan de wrâld út de stân fan de stjerren op te meitsjen wie. En omdat se goud, wijreek en mirre by har hiene, giet de tradysje der fanút dat se mei har trijen wiene. De tradysje hat letter fan dy wizen trije kenings makke en har de nammen jûn: Kaspar, Baltazar en Melchior. Neffens de tsjerklike’ kalinder kamen se yn Bethlehim oan op 6 jannewaris. Yn de tsjerke yn it easten is dat de krystdatum.
Der is in prachtige leginde oer noch in fjirde wize: Artaban. Faker as ien kear haw ik op in bernekrystfeest dat ferhaal ferteld. Dy fjirde wize earet de kening fan de Joaden mei dieden fan djippe minsklikheid.
Krystboadskip Beatrix
Mar dit jier wie der in oare wize, dy’t it keningsbern hulde brocht. Net in kening wie it, mar in keninginne. En dan net ien út in fier lân, mar ús eigen keninginne Beatrix. En men hoecht wier net in grut oanhinger fan it keningshûs te wêzen om dizze krystboadskip wurdearje te kinnen.
Ik nim oan dat wy allegearre de wichtichste passaazjes út har taspraak wol heard of lêzen hawwe en ek de diskusje dêroer wat folge ha. Ik sitearje:
“Vandaag zien wij een neiging tegenstellingen juist te verscherpen. Grofheid in woord en daad tast de verdraagzaamheid aan. Discussies ontaarden in verharde verhoudingen. In zo’n sfeer worden mensen al snel als groep over één kam geschoren en worden vooroordelen als waarheid aangenomen. Daarmee erodeert de gemeenschapszin.
Hoewel het niet altijd gemakkelijk is, kan weerstand toch overwonnen worden door toenadering te zoeken tot mensen uit andere tradities en overtuigingen. Dat vergt een instelling van luisteren en leren. Een dialoog wordt mogelijk als allen daadwerkelijk bereid zijn ook eigen zekerheden in de discussie te betrekken.
Aan gemeenschapszin bestaat vandaag meer dan ooit behoefte. Dat geldt ook voor de wereld om ons heen, die zozeer roept om vrede en gerechtigheid. ‘Gerechtigheid groeit waar vrede is, en wie vrede zaait, zal gerechtigheid oogsten’
Dit woord uit de bijbel is vandaag niet minder actueel dan tweeduizend jaar geleden. Toen werd de boodschap van vrede voor allemensen op aarde verkondigd. Ook nu vraagt dat de inzet van een ieder. De weg daartoe is die van de naastenliefde; dat is de opdracht van Kerstmis.”
Net elkenien wie hjir like bliid mei dizze wurden. Mijnheer Wilders voelde zich danig in zijn kuif gepikt. Mar de minister presidint stiet gelokkich fjouwerkant efter de wurden fan de keninginne en is ree om it debat mei de lieder fan de Partij voor de Vrijheid oan te gean. Dat kin dus spannend wurde.
Frede en gerjochtichheid
No haw ik wakker socht om it bibelsitaat fan de keninginne, mar ik koe it net fine (it kin ek út ien fan de apokrive boeken komt, mar dêr bin ik net sa yn thús). Wat Beatrix sei, wie lykwols alhiel yn de line fan psalm 72, it liet oer de kening fan de gerjochtichheid. Want opkomme foar frede en gerjochtichheid, dat is bibelsk besjoen de taak fan in kening.
En ik moat sizze dat it sa stadichoan ek tiid wurdt dat der ris wiere en profetyske wurden sprutsen wurde oer wat der hjoed-de-dei yn ús maatskippij oan de hân is. Want der binne dingen dy’t net goed geane. Nederlân hat lange tiid de namme hân fan in tolerant en ferdraachsum lân te wêzen, in lân dêr’t wy ree wiene om elkoar te nimmen lykas wy binne. Roomsk-katoliken en Protestanten yn ferskillende soarten, wy ferdroegen elkoar. Joaden en oare minsken fan bûten de grinzen fûnen hjir in betreklik rêstich en feilich plak. Der wie romte.
Mar hjoed-de-dei dogge him ferskynsels foar, dêr’t wy net bliid mei wêze moatte. Tsjinstellings wurde skepen, foaroardielen en karikatueren wurde oproppen, etiketten wurde útdield, hate wurdt siedde. Ûnkunde en domheid slagge dêrby mar al te faak foar master op.
Wat bynt minsken?
Fansels is it sa dat der ferskillen binne tusken minsken en minsken. Mar hawwe dy der net altiten west? Der binne ferskillen tusken kultueren en godstsjinsten; ferskillen bygelyks tusken it joadendom en it kristendom en tusken it kristendom en de islam (om it foar it gemak mar by dy trije te hâlden). Mar der binne ek grutte oerienkomsten tusken dizze trije gods-tsjinsten.
Sûnder dat wy echt witte wat dy oar leaut en wat it leauwen foar him betsjut, steane wy hjoed-de-dei klear mei ús oardiel en foaroardiel. Ik kin my ergerje oan kollega’s dy’t oars net dogge as de finger lizze by de ferskillen tusken joadendom en kristendom en benammen by dy tusken kristendom en islam. En altiten wer giet it om de lear oangeande Jezus Kristus. Dat de Joaden dêr net yn leauwe, dat is dúdlik. Yn de Koran komt Jezus dan wol foar, mar de moslims leauwe net dat hy in godlik persoan is. En dêrom ûnderskriuwe de moslims net de lear fan de trije-ienichheid.
Mar wêrom moat no sa de klam lein wurde op de ferskillen? Wêrom net de klam lizze op wat jin bine kin en wat men fan elkoar leare kin? Wêrom jin net ôffreegje wat dy oar belibbet yn syn leauwen, en wat it leauwen krekt foar him betsjut?
Foaroardielen
Sa ha wy op de Earnewâldster rûnte twa jûnen in sprekker hân oer de islam en wy ha noch in kursus fan in pear jûnen oer wat dy godstsjinst krekt ynhâldt. Yn Mantgum ha wy op 27 jannewaris in oekumenyske tsjinst mei in dûmny en in imam. De grutte wearde fan sokke aktiviteiten is dat men elkoar op dize wize ris moetsje kin. Want de foaroardielen en de karikatueren oer en wer, lige der net om.
Wy hiene op 6 novimber yn Earnewâld in jûn mei de islamolooch H. Mintjes, dy fertelde dat hy in tal jierren yn Pakistan wenne en wurke hie. En hy fertelde dat er dêr op in kear yn selskip wie, dêr’t er him ûntfalle liet dat er út Nederlân kaam. Ien fan oanwêzigen makke doe de opmerking: ‘Nederlân, is dat net dat lân dêr’t de minsken in hiele ekstreme foarm fan protestantisme oanhingje. Sa strang sels dat se har bern net ynintsje litte wolle tsjin polio?’
Mintjes sei: ‘Ik haw dy man doe mar útlein dat sokke minsken der wol binne, mar dat om in hiele lytse groep gong. In groep dy’t seker net represintatyf is foar it leauwen yn Nederlân’. Wat er dêrmei sizze woe, is dat der byldfoarming oer en wer is en dat wy fakentiids hiele karikaturale foarstellings hawwe fan elkoars leauwen en opfettings.
Antysemitisme en anty-islam
Dit soarte fan foaroardielen is net ûngefaarlik. Ik haw krektlyn lêzen Saul Friedländer Nazi-Duitsland en de Joden, in hiel goed boek oer de freeslike dingen dy’t de Joaden oandien binne yn de jierren 1933-1945. Ien fan de dingen dêr’t ik my o sa oer ferbaasd ha, dat is dat Europa yn dy tiid (mar ek al hiel lang dêrfoar) ferjûn wie fan antysemitisme. Echt ferjûn wie, fergiftige!
De tsjerke mei syn anty-joadske teology hat dêr it nedige oan bydroegen, mar der sitte noch folle djippere lagen. Alle minsklike kwea waard om samar te sizzen projektearre yn ‘de Joad’. De Joad, dy hie it dien en de maatskippij koe allinne mar sûn wurde as de Joaden derút ferdwûn wiene.
Lykas Europa eartiids ferjûn wie fan antysemitisme (haat tsjin de joaden), sa wurdt Europa hjoed-de-dei ferjûn fan anty-islamityske sentiminten. Dat wie it dat troch my hinne skeat by it lêzen fan dit boek. En mei dy gedachte yn de holle haw ik it útlêzen. No binne sokke boeken dochs al gjin fleurige lektuer. Mar fan dizze gedachte waard ik al hielendal net fleurich. Ik tink dat it hjoed-de-dei dan ek in hiele wêzenlike opdracht foar de kristike tsjerke is om wat oan te dwaan oan dy foaroardielen en dy gefoelens fan haat.
Hoe ûntsteane foaroardielen?
It is al wer wat jierren ferlyn dat de teolooch Feitse Boerwinkel in boekje skreaun hat mei as titel Inclusief denken. Hy stelt yn dizze publikaasje twa wizen fan tinken foar elkoar oer:
ynklusyf tinken en eksklusyf tinken. Minsken dy’t ynklusyf tinke, dy steane iepen yn it libben. Dy binne ree om oare minsken te moetsjen, nei oare minsken te harkjen, oare minsken te akseptearjen yn har oarswêzen en oare minsken romte te jaan. Deselde romte dy’t se ek foar harsels freegje. Minsken dy’t eksklusyf tinke, binne minsken dy’t de wierheid yn pacht hawwe. Dy witte krekt hoe’t it sit mei de dingen fan it leauwen en hoe’t it heart. Sels hearre se ta de groep fan útkarden dy’t harsels lokkich priizje meie. Alle oare minsken libje yn dwaling en dêr wol men it leafst neat mei te meitsjen ha, seker net nei harkje of iepen foar stean. Want dy kinne jin allinne mar oan it twiveljen bringe oangeande it wiere leauwen. Dy moat men dus bûten slute. Dat dogge minsken dy’t eksklusyf (bûtenslutend) tinke.
Wat driuwt minsken dy’t sa tinke? Troch hokfoar gefoelens wurde dy behearske?
Ik tink dat it se yn wêzen bang binne, se binne deabenaud foar dy oar. En ik tink dat se ek net sa hiel seker binne fan har eigen opfettings, om’t se bang binne foar twivel. Dêrom ferketterje se de oar en dogge oars net as wize op de tsjinstellings. It binne minsken dy’t geastlik net yn beweging binne. Har leauwen is in fêststeande, statyske oangelegenheid. Ôfskerme, ôffrede en yn wêzen ‘dea’, hoe raar oft it klinke mei.
Op syk nei frede en gerjochtichheid
Yn psalm 72 giet it oer in kening dy’t syn folk liedt yn gerjochtichheid en frede. En net oer in ûnderdrukker of in bange diktator. It giet oer in kening dy’t der wêze wol foar alle folken op ierde. In kening dy’t net útslút, mar dy’t ynslút. Hy hearsket oan ierdryks einen ta. Hy slacht om samar te sizzen syn earmen om de hiele wrâld hinne.
En de wizen út it Easten, de mannen dy’t dy bysûndere stjer efternei reizgen, dy sochten om sa’n kening. En de stjer brocht harren by eintsjebeslút yn Bethlehim by de kening fan de frede en de gerjochtichheid foar alle minsken. Dy kening ferearen hja mei goud, wijreek en mirre. Beatrix brocht dyselde kening hulde mei har yngeande wurden, har oprop om as minsken yn frede en gerjochtichheid mei elkoar om te gean, elkoar net ferketterjen en te feroardieljen, mar om elkoar te moetsjen en elkoar te akseptearjen.
Mei har wize wurden wol ik dizze preek op de grins fan 2007 en 2008 beslute:
‘Gerjochtichheid groeit dêr’t frede is, en dy’t frede sieddet, sil gerjochtichheid rispje’.
Dit bibelwurd hat nei twatûzen jier noch neat oan aktualiteit ferlern.
Amen.
Rienk Klooster
