

grûnslach en doel fan de stifting FOWE
artikels en oertinkings út de Earn
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2011 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Rienk Klooster -
Sytse Ypma -

FOWE -
Desimber 2011
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Het hart spreekt
Laat mij door Uw stilten ommedolen,
waar het schendend woord van hen niet is,
dat ik – in een donker woud verscholen –
bij den geur van Uwe boschviolen
word omvat van Uw geheimenis.
Laat mij, als wie uit zijn huis getreden,
ginder in de nevelen verdween -
-
spoorloos in Uw stilten zijn vergleden,
waar ik eeuwig ben met U alleen.
It boppesteande gedicht komt út de bondel Op uwen drempel en is fan de hân fan D.A. Vorster.
Mei it wurk fan Vorster kaam ik yn de kunde, doe't ik in tal jierren lyn alwer frege waard om in artikel oer him
te skriuwen foar diel 6 fan it Biografisch Lexicon voor de Geschiedenis van het Nederlands Protestantisme.
De gegevens dy't ik op dat stuit oer him hie, hâlden net oer. Mar doe lies ik dat er yn de tiid fan de Dútske besetting en de evakuaasje fan Arnhem in skoft yn de pastorij te Skerpenseel (Weststellingwerf) wenne hie, dêr't syn skoansoan dûmny wie by de herfoarme gemeente yn dat plak.
Ik gong wat op syk en kaam doe yn de kunde mei in pakesizzer fan him, dy’t my oan in hiel soad gegevens
en materiaal oer ‘opa Vorster’ helpe koe. Sadwaande haw ik doe foar it Biografisch Lexicon in betreklik lang artikel skriuwe kinnen oer dizze tige nijsgjirrige, mar omtrint alhiel fergetten dûmny en mystyk skriuwer en dichter. Oer it libben en it wurk fan Vorster wol ik yn dit nûmer, mar ek yn de kommende nûmers fan de Earn
it ien en oar skriuwe.
Libben en wurk
Duco Arris Vorster is berne yn 1880 yn Stienwyk en yn 1953 ferstoarn te Arnhem.
Yn 1899 begûn er mei syn stúdzje teology yn Leiden en waard yn 1905 befêstige as dûmny by de herfoarme gemeente te Aldeberkeap en Nijeberkeap (Eaststellingwerf). Yn 1909 naam er in berop oan nei Renesse en yn 1912 nei Olst. Dêrnei hat er fan 1924 oant 1947 as foargonger ferbûn west oan de Feriening fan Frijsinnige Herfoarmen te Arnhem. Fanwegens de oarlochsomstannichheden (slach by Arnhem) bedarre er mei syn frou by syn dochter en skoansoan yn Skerpenseel.
Vorster koe ik al fan diel 2 fan de Nederlandse Mystiek (1948), dat giet oer de mystyk yn it Nederlânske protestantisme. Diel 1 (1947), skreaun troch M.M.J. Smits van Waesberghe S.J. giet oer de roomske mystyk. It ûnderwerp moat Vorster op it liif skreaun wêze, want sels wie er mystikus. Yn 1926 ferskynde fan him in stúdzje dêroer ûnder de titel Mystyk, wylst yn 1946 syn boek Geestelijk Christendom it ljocht seach.
Fierder hat er ferskillende artikels skreaun, ek almeast oer de mystyk.
Ek hiel nijsgjirrich binne syn trije bondels mei mystyk-
Het nieuwe getijde (1924),
Op uwen drempel (1926) en
Het lied dat niemand zingen kan (sûnder jiertal).
Yn it ferjit rekke
In grut drama yn it libben fan Vorster hat west it ferstjerren fan syn soan Jaap yn 1925. It djippe fertriet om it ferlies fan syn soan, dy’t mar 16 jier âld wurden is, is net los te sjen fan syn mystike leauwen en fan de boeken en de dichtbondels dy’t er dêrnei skreaun hat.
As dûmny wie er in tige bejeftige sprekker. Hy koe sa ynmoedich preekje, sa is my ferteld, dat de minsken ûnder syn gehoar dy’t ek te meitsjen hân hienen mei stjerren en ferlies, harren ferstoarnen om samar te sizzen wer foar har seagen.
It is eigenaardich dat Vorster as dichter, skriuwer en mystikus folslein yn it ferjit rekke is. Sa is der yn de yn 2003 ferskynde Encyclopedie van de mystiek gjin wurd te finen oer it libben en it wurk fan D.A. Vorster. Likemin oer de mystyk yn it frijsinnich protestantisme yn it algemien. It lei blykber bûten it eachweid fan de skriuwers fan dit standertwurk, dy't stik foar stik spesjalisten binne op it mêd fan de mystyk.
Roerdelings tichteby
Doe’t ik yn 2002 yn de kunde kaam mei it wurk fan Vorster, wie dat foar my soks as in iepenbiering.
Ik fielde my daliks by de man thús en haw o sa genoaten net allinne fan syn dichtwurk, mar ek fan syn teologyske ideeën. In lyts priuwke dêrfan is it mystike gedicht ‘Het hart spreekt’.
De dichter belibbet syn leauwen as in ynderlike ferbûnens mei God. Benammen fielt er syn stille oanwêzichheid yn de djippe yndruk dy’t de natoer op him makket. Vorster hat in grut part fan syn libben yn Arnhem wenne. Grif hat er dêr yn dy omkriten gauris lykme allinne omkuiere yn de bosken en de fielden en dêr yn alle rêst de yndrukken fan de natoer op him ynwurkje litten: de rook, de kleurepracht en it ferskaat oan lûden.
Dêr yn it ûndergean fan de sfear fan it lânskip fielt er him net iensum of allinne, mar krekt hiel gelokkich en ryk. Want as mystikus belibbet er yn de stilte fan de natoer dat it godlike mystearje roerdelings tichteby him is. Dat er him dêr as minske yn opnommen fielt, dêr diel fan útmakket en suver hast ien mei is. Dat net te omskriuwen gefoel fan burgen wêzen besoarget him in djip gefoel fan lok, in ynderlike rykdom en hy fielt in djippe leafdesbân mei dit ierdske bestean, dat yn wêzen in mystearje is . . .
Dat libbensgefoel treffe wy rûnom oan yn de poëzij fan Vorster. Somtiden ferbynt er it hiel dúdlik mei syn kristlik leauwen, bytiden ek net. Mar ik haw it idee dat syn ynderlike ferbûnens mei it grutte Mystearje dat er 'God' neamt, wol altiten meispilet.
Sa ek yn it gedicht ‘Het hart spreekt’.
Men moat it gewoan in pear kear lêze en op jin ynwurkje litte.
Rienk Klooster
Yn de dizen ferdwûn . . .
