wpd25a8018_02.jpg
wp0616a547.gif
wpd3a37125.gif
wp16ddc10b_02.jpg
wpfa277a31_02.jpg

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

artikels en oertinkings út de Earn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2011 - 2012

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Rienk Klooster - bylden en foarstellings fan Jezus

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

wpfa277a31_02.jpg
wpd3a37125.gif
Oktober 2004
De bibel: Hillige Skrift en Wurd fan God?

Yn it tsjerklike taalgebrûk wurdt fakentiids praat oer Heilige Schrift en Gods Woord as de bibel bedoeld wurdt. Sa kin men bygelyks yn Artikel I -3 fan de tsjerke-oarder fan de Protestantske Tsjerke yn Nederlân lêze oer gehoorzaamheid aan de Heilige Schrift als enige bron en norm van de kerkelijke verkondiging en dienst.
Okkerdeis krige de tsjerkeried fan de klassis Bûtenpost in stik, dêr’t ek wakker de klam lein waard op overeenstemming met Gods Woord. Omdat dizze termen yn tsjerklike fermiddens blykber maklik brûkt wurde as synonimen foar de bibel, is it goed om dêr ris kritysk nei te sjen en der ris wat fragen by te pleatsen.
De term Heilige Schrift ropt op, dat de bibel net samar in samling âlde geskriften is, mar dat it in hillich boek is. “Hillich” is in wurd dat thús heart yn de godstsjinst en ferwiist nei it godlike.
"De bijbel is niet ons persoonlijk bezit, maar een gave van God", sa begjint it boekje De bijbel. Taal en teken in de tijd, yn 1999 útjûn troch de herfoarme, de grifformearde en de lutherske synoaden. Dat tsjut al oan, dat oan de bibel in godlike oarsprong takend wurdt ('wurd fan God’ is).

Kritysk bibelûndersyk
Men kin jin ôffreegje, hoe’t de tsjerke hjir sa by komt. It antwurd is: dat belydt de tsjerke fanâlds en dêr hâldt de tsjerke har dan ek hiel graach oan fêst. Dat is hiel eigenaardich, benammen tsjin de eftergrûn fan de resultaten fan it kritysk wittenskiplik bibelûndersyk. Want de bibelwittenskip hat oantoand, dat de bibel ûntstien is yn in histoarysk proses fan ieuwen; dat it in produkt is fan in grut ferskaat fan auteurs, samlers en redakteuren; dat der alderhande ferhaalstof yn ferwurke is (myten en leginden); dat it spoaren draacht fan de âld-easterske kultuer; dat der diskusje west hat oer boeken dy’t der al of net yn opnommen wurde moasten ensafuorthinne. Om koart te kriemen: de bibel is in samling geskriften, skreaun en trochjûn troch minsken lykas ús, mei alle minsklike skaaimerken dy’t dêrby hearre. En net in boek dat fan hegerhân diktearre is. Sokke boeken besteane net!

Dêrby is it net sûnder gefaar om samar termen as Hillige Skrift en Wurd fan God yn de mûle te nimmen.
Ien stapke fierder en guon leauwigen (fûnemintalisten) skriuwe in absolút en godlik gesach ta oan it hillige boek, dat ús jûn is troch God sels. En dan stiet de wei iepen nei  in Bibelmisbrûk, dat alderhanne bizarre foarmen oannimme kin.
Mei oare wurden: men moat de bibel altiten kritysk lêze en besykje om de ferhalen en berjochten te lêzen tsjin de eftergrûn fan de tiid en de kultuer dêr’t se yn skreaun binne. Men moat mei de bibel yn petear bliuwe en ûnderskied meitsje tusken saken dy’t fan wearde binne en dy’t dat net binne.
Foar wat dat lêste oanbelanget (net fan wearde), kin men tinke oan wat der beskreaun stiet oer oarloch en geweld yn Gods namme; oer slavernij, deastraf, de posysje fan de frou, homoseksualiteit; oer de spiiswetten en de sabbat.

It bysûndere fan de bibel
Mar wat dêrfoaroer de bibel ta in boek fan ûnskatbere wearde makket, hat te krijen mei de rike geastlike ynhâld fan guon ferhalen en gedachten. Der binne ferhalen en ideeën dy’t in geweldige djippe minsklike libbensûnderfining fertsjintwurdigje. Dat komt, om 't de bibel in joadsk boek is. En krekt dit folk, dat de ieuwen troch te meitsjen hân hat mei ûnderdrukking en ûnrjocht, hat yn har godstsjinst in djip gefoel foar minsklikheid ûntwikkele.
Fan de religieuze ûnderfinings fan dit folk, har geastlike wrakseling mei de fragen oangeande libben, minskewêzen en skiednis, is de bibel de literêre delslach. In djip gefoel foar respekt foar de minsklike weardichheid en foar humaniteit is dan ek oeral yn de bibel werom te finen. En dat makket de bibel no krekt sa bysûnder. Yn de berjochten en de ferhalen, benammen dy’t ta de hichtepunten fan de bibel hearre, ûntdekke wy wat fan de sin en it doel fan it minsklike bestean. Wurden fan ivige wearde, dy’t men belibje kin as ‘wurden fan God’.
Dat is de reden wêrom’t de bibel minsken fan no, sawol tsjerklik as net tsjerklik, wat te sizzen hat en wêrom’t it boek respekt fertsjinnet.  

Wy hawwe gjin hillich boek
Op de begjinfraach, oft men de bibel samar ‘Hillige Skrift’ en ‘Gods Wurd’ neame mei, moat it antwurd dan ek ûntkennend wêze: wy hawwe gjin hillich boek! Allinne God is hillich! En allikemin mei men de bibel samar ‘Wurd fan God’ neame, as hie God de bibelske geskriften sels sa neamd.Mei dizze termen moat krekt uterst hoeden omgien wurde. Wurden en gedachten út de bibel kinne pas ‘hillich’ en ‘godlik’ foar jin wurde as de wurden jin reitsje en men jin dertroch oansprutsen fielt yn jins hert en yn jins gewisse. Mar dat is in hiele subjektive en persoanlike ûnderfining, dêr’t men gjin algemiene jildichheid oan ferbine mei. En ek folslein oars as wat yn tsjerklike fermiddens sa maklik dien wurdt: út in bepaalde leauwenslear en bibelbeskôging wei in kwasy objektyf etiket fan hilligens en godlikens op it hiele boek plakke en dêrnei fan de leauwigen ferwachtsje dat dy har dêrûnder deljouwe.

Rienk Klooster
wpa8a66861_02.jpg
wpdf91ffbb_02.jpg