wpd25a8018_02.jpg
wp0616a547.gif
wpd3a37125.gif
wp16ddc10b_02.jpg
wpfa277a31_02.jpg

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

artikels en oertinkings út de Earn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2011 - 2012

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Rienk Klooster - bylden en foarstellings fan Jezus

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

wpfa277a31_02.jpg
wpd3a37125.gif
July 2004
De Protestantse Kerk in Nederland

Dreech
Nei jierren fan oerlis en praten is it der by eintsjebeslút dochs fan kommen: mei yngong fan 1 maaie 2004 binne de ‘Nederlandse Hervormde Kerk’, ‘De Gereformeerde Kerken in Nederland’ en ‘De Evangelisch-Lutherse Kerk in het Koninkrijk der Nederlanden’ fusearre ta ien tsjerke, de ‘Protestantse Kerk in Nederland ‘ (PKN).

Wy hawwe yn de kranten lêze kinnen, hoe dreech it west hat om safier te kommen. Breklinen dy’t yn it
ferline ûntstien binne, kin men net samar wer ûngedien meitsje. En ferskillende tradysjes en organisaasjes binne net samar wer byelkoar te bringen. Mar benammen yn de lêste jierren is der datoangeande wol in hiel soad feroare.
Geandewei waarden de skiedings út it ferline net langer sa field. En dêrmei wiene se yn wêzen efterhelle.
Dat wol net sizze dat alle grifformearden en herfoarmen al safier binne. Der binne in stikmannich pleatslike grifformearde tsjerken dy’t net meigeane yn de PKN, op oare plakken binne it groepen herfoarmen dy’t net
oer te kommen beswieren sjogge.

De fúzje wol sizze, dat de trije tsjerken administratyf en juridysk no opgien binne yn ien tsjerkegenoatskip.
Sa is der no ien synoade, ien tsjerke-oarder, deselde regleminten, deselde teologyske oplieding, deselde traktemints- en pensioenregeling ensfh. Op pleatslik nivo lykwols is alles by it âlde litten: gemeenten meie
har noch rêstich ‘herfoarme’, ‘grifformeard’of ‘luthersk’ neame (mei in eigen administraasje, eigen besittings
en gebouwen en eigen foargongers), mar dan wol yn it ferbân fan de nije PKN.  

Yn Earnewâld feroaret net folle
In pleatslike protestantske gemeente kin ûntstean troch it fusearjen fan twa of mear pleatslike gemeenten: herfoarme, grifformeard of luthersk.
Hjir yn Fryslân sil it dêrby almeast gean om de fúzje fan in herfoarme gemeente en in grifformearde tsjerke. Benammen yn dy gemeenten dêr’t al in Meielkoar-op-wei-proses geande wie, leit it foar de hân om sa gau mooglik de gemeente om te dopen yn in ‘Protstantske gemeente’. Datselde kin ek yn dy plakken dêr’t allinne mar in herfoarme gemeente bestiet.
Yn Earnewâld leit it der lykwols wat oars hinne. Wy hawwe yn ús lêste mienskiplike tsjerkeriedsgearkomst dan ek besletten om de âlde oantsjuttings herfoarme en grifformeard ynearsten noch mar oan te hâlden.  

In pear dingen binne mei yngong fan 1 maaie al feroare: de tsjerkfâden hjitte no offisjeel tsjerkerintmasters
(oft in tsjerkfâdij dêrmei dan no in tsjerkerintmasterij wurden is, dat wit ik net). Nij is ek dat dizze tsjerkerintmasters gjin hannelingen dwaan kinne bûten de oare tsjerkeriedsleden om. Sa moatte offisjele stikken no ek tekene te wurden troch de foarsitter en de skriuwer fan de tsjerkeried.  
wpa8a66861_02.jpg
wp8fc74f0b.gif