

grûnslach en doel fan de stifting FOWE
artikels en oertinkings út de Earn
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2011 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Rienk Klooster -
Sytse Ypma -

FOWE -
Maart 2010
Hjir stean ik foar!
"Wêrom 't ik bliid en tankber bin, dat ik kristen bin – dat is it tema fan dizze kollum. Sûnder dat it in teologysk betooch wurdt, begjin ik dochs mei de namme fan ién teolooch, ien dy't him tige ynspand hat foar it kontakt tusken de religys:
Raimon Panikkar. Fan him komt it – ûnderwilens tige bekende – byld fan in grutte keamer mei in soad grutte ruten mei útsjoch op in prachtige tún. Elke godstsjinst, seit er, is in eigen rút. Elk rút lit wer in oar stikje fan dy prachtige tún sjen.
Kom, sjoch hjir ris! Allegearre binne se der fan oertsjûge, dat har eigen rút it
bêste sicht jout, mar in totaalbyld krijt men lykwols allinne troch hinne-
It libben sjen troch in ‘kristlike’ bril
Yn dizze kollum wol ik jim graach mei sjen litte troch it rút fan it kristlik leauwen. Mar om’t ik in persoanlik ferhaal hâlde soe, meitsje ik it glêswurk krekt even lytser. Ik kies foar de bril. Op in kear gong ik nei de optisjen foar in lytse reparaasje (tocht ik). Ik hie gjin reservebril by my. Mar de bril koe net daalk makke wurde, dus mocht ik nei twa dagen weromkomme. Sûnder bril werom nei hûs dus. Ik bin thúskommen,
mar ik ha mar neist de fyts rûn. En út en troch even ekstra kuere by it oerstekken.
Wat ûnwis rûn ik by ien del, dy’t bêst myn buorfrou wêze kinne soe, of dochs net?
Foar my is it (kristlik) leauwen in bril, dy’t ik moarns opset, wêrnei’t ik deselde werklikheid ynienen in stik skerper sjoch. Jim begripe no wêrom’t ik bliid en tankber bin dat ik kristen bin. Is soe my miskien wol sûnder rêde, mar ik soe seker trijefjirde part fan wat der te sjen is, net sjen.
Wat ik sjoch as ik dy bril op haw, is dat ús bestean der net samar tafallich is.
Ús bestean is foar it ljocht roppen. It moast der wêze. Ik sjoch ek dat de minske in fantastysk wêzen is, lichem en geast, mear as alle oare wêzens yn steat ta grutte prestaasjes, sawol technysk as moreel.
Ik sjoch ek dy oare kant, dat minsken in net út te roegjen oanstriid hawwe om alles stikken te meitsjen.
Mar dat guon krêften, spesjaal dy fan de leafde sûnder eigen belang, net stikken te krijen binne.
Mei dy bril op sjoch ik hoe’t minsken op elkoar oanwiisd binne, dat it in grutte misfetting is om persoan fan persoan te skieden, groep fan groep en folk fan folk. Boppedat sjoch ik, as ik mei dy bril de takomst skôgje, dat der in wûnderlik moaie wrâld foar ús leit, it Keninkryk fan God; genede, barmhertigens, rjochtfeardigens en ferjouwing binne noch mar in pear wurden, dy't hjir by passe. Ek yn it no, ek yn it ferline binne dêr trouwens al stikjes fan te sjen. Goed sjen!
Roazige bril?
Immen oars seit no tsjin my: set dy bril no ôf, sa is it net, it is in roazige bril.
Ús bestean komt nearne wei, it is tafal en giet nearne hinne, strak hâldt it mei in grutte knal wer op.
Lit dyn yllúzjes los, libje der noflik hinne, aanst giest dea, dat is soer, mar it is net oars. It libben hat gjin doel.
Ik set myn bril ôf, sjoch dernei, nee, gjin roazige bril. Ik sjoch der trochhinne, nee, neat te rêden, it iennichste is dat ik no folle skerper sjoch wat der om my hinne bart. Ik bin der wis fan. Dizze bril hâld ik op.
It kristlik leauwen ferdjippet en ferriket myn bestean.
Dy ferriking is perfoarst net it ferrykjen fan de roazige bril, dy’t alles noflik makket. Krekt oarsom, it bysûndere fan it leauwen is krekt, dat it in soad omtinken hat foar alles wat der mis giet. It symboal fan myn godstsjinst is it krús, dat ferwiist nei de eksekúsje fan de persoan, dêr't it allegear om draait yn it kristlik leauwen:
Jezus Kristus.
It wichtichste kristlike feest, Peaske, is de ôfsluting fan in tiid fan 40 dagen, dat wiidweidich stilstien wurdt by it lijen yn de wrâld en op ‘t lêst by it lijen fan Jezus sels. Peaske is it grutte feest, dêr’t wy fiere dat God it der dochs net by sitte lit.
In hichtepunt yn it jier is foar my de Peaskenacht, de nacht fan Stille Sneon op Peaskemoarn, as wy yn ús gemeente de nacht weitsjend, pratend en biddend trochbringe: wy geane troch de tsjusternis fan de nacht en binne der wis fan dat de nacht ôfsletten wurde sil mei it ljocht dat wer ferskynt. Dat ferwiist nei Kristus, mar tagelyk nei alle sitewaasjes fan tsjusternis en hope of wanhope yn jins eigen libben of yn de wrâld.
God en de bibel
Jim hearre it: it kristlik leauwen is in godstsjinst by’t benammen giet om in minske.
En God dan? Betsjut it opsetten fan dy bril dat ik ynienen alles oer God wit?
Nee, dat is net sa. Persoanlik sis ik, en ik fermoed dat in soad kristenen my dat neisizze sille, dat wy sa goed as neat fan God witte.
Om de fergeliking mei de bril wer te brûken: God is as de sinne, wy kinne him fiele – de sinne op jins hûd op in waarme maitiidsdei – mar besjen slagget net, it is tige ûnferstannich om yn de sinne op te sjen.
Ik leau net dat ús hillige boek, de bibel, wurden befettet dy’t God – yn letterlike sin – sprutsen hat. Ik leau net dat der troch God opstelde regels yn steane, dêr’t wy ús oan hâlde moatte. Ik leau dat de bibel in samling fan boeken is, dêr’t minsken har ûnderfining en har yntuysje fan wa’t God is, omset hawwe yn ferhalen, gedichten en lieten. Ik leau wol, dat dy yntuysje hiel faak tige raak troffen is en haw der totaal gjin muoite mei om dy as wierheid te akseptearjen.
Kristenen hawwe de hiele bibel fan de joaden oernommen. Wy leauwe dat de joaden yn har bibel, Tenach, wiere wurden oer God sein hawwe. God as de deunbye, God dy’t ús it grutte geskink fan de frijheid jûn hat, God dy’t ús graach op it spoar set fan rjocht en gerjochtichheid, barmhertigens, ferjouwing en dy’t ek sels in barmhertige en leafhawwende God is – it kin net oars as dat dizze grutte ûntdekking fan it âlde Israël wier is.
Kristenen leauwe dêrneist, dat jo God sjen kinne yn de persoan fan Jezus Kristus.
In minske dus. Hy is as it bekende dûnkere plaatsje, dat by in sinnefertsjustering brûkt wurdt om wól nei de sinne te kueren en te sjen wat der bart.”
Bert Dicou
Predikant Minniste-
Minniste gemeente Wormerveer