grûnslach en doel fan de stifting FOWE
De takomst fan leauwen en tsjerke
Twa ferskillende wizen fan leauwen?
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Goed Freed en it lijen fan de minske
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2019 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Sytse Ypma -
FOWE -
Maaie 2010
It pak fan ús heit
Jaitsche (Sus) Wassenaar hie my frege om in pear wurden te sizzen by gelegenheid fan de presintaasje fan ‘Het pak van mijn vader’ (de Nederlânske oersetting fan har boek It pak fan ús heit) op snein 11 april 2010 yn 'De trein fan de frijheid' op it NS stasjon te Ljouwert. De taspraak is hâlden yn it Nederlânsk, mar foar De Earn haw ik him oerset yn it Frysk. Rienk Klooster
Bêste minsken,
Foar my fielt it as in grutte ear dat ik hjir fan ‘e middei it wurd fiere mei. Mei dy ear bedoel ik dat Sus Wassenaar safolle betrouwen yn my hat, dat hja my frege om in wurdmannich te sprekken by de presintaasje fan it boek, dêr’t ik fan wit dat it in hiel soad foar har betsjut: Het pak van mijn vader, de Nederlânske oersetting fan It pak fan ús heit.
Goed en fout
Sels hear ik ta de generaasje fan babyboomers, dy't de jierren 1940-
En omdat wy de dingen dy't doe bard binne allinne mar út de skiednisboeken kenne en fierder fan hearren en sizzen, ha wy dêr al gau wat in fertekene byld fan krige. Ús âlden wienen noch frijwat ûnder de yndruk fan wat der benammen yn dat lêste drege skoft fan de Dútske besetting bard wie. Dy perioade fan maatskiplike fersteuring en terreur hawwe it byld fan al dy fiif jierren in stikhinne kleure. De ferhalen dêroer rôpen trochstrings it byld op fan in freeslike tiid, dêr’t smjunten en helden fûleinich foarelkoar oer stienen.
De smjunten dat wienen de Dútskers en de Nederlanners dy't mei harren kollaborearre hienen; de helden dat wienen de alliearden en de minsken fan it ferset. Sa ûntstie der in byld fan utersten, as hie it yn dy hiele perioade in spultsje west fan swart of wyt, fout of goed.
As wie it hieltiten gien om in bewuste etyske kar. Dit byld waard oproppen en befêstige yn tal fan publikaasjes, net yn it lêste plak troch dy fan de bekende histoarikus Lou de Jong.
Dat byld wie goed fout
Mar der is ek in hiel oar byld, dat neffens my gâns realistysker is. In âld fersetsman hjir út de stêd, in wize man fan yn de njoggentich dy’t ik kennen leard haw en dêr’t ik it gauris mei hân haw oer syn ûnderfinings yn de jierren fan de Dútske besetting, wie dêr hiel nochter oer. Hy sei: ‘Och dy earste jierren fernamen wy net der net iensen safolle fan (de Joaden is in oar ferhaal), mar pas de lêste oardel jier waard dat oars.
By eintsjebeslút waard it in spultsje fan oerlibjen. In hantsjefol stie oan ús kant en in oar hantsjefol stie oan de Dútske kant, mar de rest wie griis: net goed en net fout. Dy wachte ôf en koe alle kanten út’.
Dat der trochstrings mar in bytsje helden en hilligen binne, is ommers in âlde wierheid. It byld dat Nederlân yn de jierren 1940 -
De wierheid hat in skel lûd
Ik neam yn it foarste plak Chris van der Heijden, Grijs verleden. Nederland en de Tweede Wereldoorlog ferskynd yn 2001. Van der Heijden rekkenet op in like pynlike as oertsjûgjende wize ôf mei it falske byld fan ‘heldedom’ en ‘smjuntedom’ dat nei de befrijing ûntstie. Foar yn syn boek hellet er in tal stellings oan fan skriuwers, dêr’t er him by it skriuwen fan syn boek troch liede litten hat. Sa sitearret er ek stelling 1 út de dissertaasje fan Jaap Hofman, De collaborateur. Een sociaal-
Dy stelling is sa:
‘De onmacht van het grootste deel van het Nederlandse volk om daadwerkelijk verzet te bieden aan de Duitse bezetter heeft geleid tot schuldgevoelens, ter bestrijding waarvan de collaborateurs een dankbaar doelwit van projectie boden. Deze omstandigheid is de oorzaak van de overaccentuering van de tegenstelling “goed”en “fout” en heeft nader onderzoek naar de achtergrond van de collaboratie in de weg gestaan’.
Geandewei is der mear omtinken foar hiele oare kanten fan wat der yn de tiid fan de Dútske besetting en ek nei de befrijing bard is, d.w.s. foar de skaadkanten. Foarbylden dêrfan binne: Henk Eefting, De bijzondere rechtspleging 1944 -
Wat ferswijd wurdt, komt letter wer boppe
As dûmny bin ik yn myn pastorale wurk gauris minsken tsjinkommen, minsken dy’t yn de tiid fan de Dútske besetting ‘fout’ west hienen. En ek bern fan ‘foute’ âlden bin ik gauris tsjinkommen. Omdat ik my iepenstelde foar harren ferhalen, krige ik pastorale kontakten, dy’t sawol foar harren as foar mysels tige weardefol west hawwe. Want wêr koene dizze minsken harren ferhalen kwyt? Der lei ommers in taboe op de dingen dy’t se foar en nei de befrijing meimakke hienen. Fan dy ferhalen is my bybleaun, hoe dreech minsken it hawwe kinne mei de jierlikse nasjonale betinkingsdagen, dy perioade yn april en maaie as foar harren gefoel alles wer opikkere wurdt en nei boppen komt.
Datselde haw ik trouwens ek in frou sizzen heard, waans heit op 11 april 1945 (hjoed 65 jier ferlyn) by Dronryp deasketten is. Hja wie in jier as fiif doe’t heit ophelle waard. It binne bylden dy’t djip ynkrast steane yn har siel en dêr’t se oant hjoeddedei ta lêst fan hat.
Oer wat der barre kin yn in bernesiel en hoe’t soks in libben lang trochwurket, giet ek it boek fan Jaitsche Wassenaar. Yn har gefal giet it om in heit dy’t yn de tiid foar de befrijing in ‘fout’ pak yn de kast hingjen hie. Wat der allegearre barde yn en om it doarp op dy 15e april 1945, oer wat der mei har âlden en mei oare famyljeleden barde en hoe't hja dat belibbe hat, dat beskriuwt se yn har boek. It is in egodokumint, sawol oangripend as weardefol, krekt omdat it sa suver en sa ynteger skreaun is. De skriuwster giet yn har boek werom nei dat lytse famke, hoe’t dy dat allegearre belibbe. Hja beskriuwt troch berne-
Hja swijde, oant der op in dei wat barde, dêr’t se by betrutsen wie en dat ek mei ûnrjocht te krijen hie.
Op dat stuit kaam ynienen de geast út de flesse. Noch langer swije en de dingen fertriuwe, dat slagge net langer. Mar de geast dy’t frijkaam wie tagelyk ek in hiele kreative geast.
En it boek It pak fan ús heit, wie dêr it risseltaat fan.
Net folle belangstelling foar de wierheid?
Ik haw it destiids kocht, lêzen en besprutsen mei ferskillende groepen kategisanten. Sa ek yn de hjerst fan 2009. It boek makke in djippe yndruk op dit o sa nijsgjirrige ploechje pubers. En doe’t ik harren foarstelde om de skriuwster dan mar ris út te noegjen, wienen se it dêr fuortendaliks mei iens. Gelokkich wie Jaitsche daalk ree om nei Weidum ta te kommen en har ferhaal dêr te dwaan. Myn kategisanten hienen in ûnferjitlike jûn hân, sa fertelden se letter. Mar wat fûnen se dy frou beskieden!
Doe’t ik Jaitsche letter yn in petear frege oft se wol faker útnoege wie foar in lêzing oer har boek, wie ik tige ferheard fan har te hearren dat dat noch nea bard wie.
Dy jûns yn novimber 2009 wie sadwaande foar har de alderearste kear (It pak fan ús heit ferskynde yn 1993). Doe't hja my fertelde dat der mei koarten ek in Nederlânske oersetting fan ferskine soe, wie ik bliid om dat te hearren. Want dit boek fertsjinnet it om ek bûten it Fryske taalgebied lêzen te wurden. De minsken moatte dizze dingen witte. En blykber is de tiid dêr anno 2010, 65 jier nei de befrijing, einlings ryp foar.
Sus Wassenaar, it skriuwen fan dit boek hat in oerwinning foar dy west, in gefoel fan ynderlike befrijing hat it dy jûn. Dyn siel hast deryn lein. Do hast de moed hân om it swijen te ferbrekken. Dat is te 'n koste gien fan guon persoanlike relaasjes. Mar ik tink datst mei dyn boek al in hiel soad minsken in tsjinst bewiisd hast en oaren noch fan tsjinst wêze silst. Minsken dy’t harsels o sa weromfine kenne yn dat lytse famke dat Jetske hjit. En oaren hast de eagen hjirfoar iepene, lykas myn kategisanten dy jûns. Sus, fan herte lokwinske mei it ferskinen fan Het pak van mijn vader. En as ik hiel earlik bin, dan sjoch ik al wat út nei de dei dat der in oersetting yn in Ingelsk útkomme sil: My Daddy's Dress.
Sjongende NSB-
yn ‘it pak’