

grûnslach en doel fan de stifting FOWE
artikels en oertinkings út de Earn
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2011 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Rienk Klooster -
Sytse Ypma -

FOWE -
Juny 2010
Leauwige ferbylding as antydepressivum
Depresjekultuer
Likernôch 800.000 Nederlanners binne besteld mei swiersettigens oftewol depressiviteit, mear as in miljoen brûke antydepressiva. Depresje spoeket om. Net allinne yn minsken, mar likegoed yn de media.
Hieltiten faker komt it ûnderwerp werom yn kranten, op ynternet-
It boek De depressie-
De hjoeddeiske depresje-
Kikker gaat fietsen
De psycho-
God is noch dit, noch dat. Mar Van Buuren hâldt it lykwols by it Neat. Hy hâldt de stap yn, dêr't de mystikus in stap fierder docht. It ûnderskied tusken de nihylist en de mystikus sit him yn it omgean mei dat Neat.
De nihylist tinkt der oer nei, sjocht dernei, priuwt derfan en oanfurdet it as syn libbensfisy. De mystikus kringt djip yn it Neat troch en wurdt der ien mei. En dan set er in beslissende stap. Hy ‘ferbyldet’ dat Neat. Sadwaande wit de mystikus fan rauwe oalje soks as brânje te meitsjen. Want troch yn dat Neat del te gean en dernei te harkjen, komme der bylden omheech, dy’t op harren bar wer wurden krije.
Sa ûntstiet in oersette nije oanwêzichheid, dy't in ego-
Wurkplak foar ynderlike ferbylding
Der is op it heden in oanheljende belangstelling foar de mystike teology. Dêr wurdt in taal sprutsen fan in sykjen en finen fan God, dy’t minsken fersteane. It liket my ta dat it krekt dizze tradysje is, dy’t helpe kin om jin religieus ‘te wapenjen’ tsjin depresje en jin by te stean. Mei dizze mystike teksten kin men jins psychyske libben yn kultuer bringe, dat it sadwaande in geastlike kwaliteit kriget. Ien fan de manieren dêr’t dat konkreet troch wurde kin, is te wurkjen oan in bewust ferbyldzjen fan jins ynderlik. Wat docht it jin as men jins ynderlik yn in gebedshûs feroaret, of jin foarstelt dat it lykas in baarnende toarnbosk is? Dy bylden, dêr tinke wy net oer, mar dy binne wy sels. Anselsm Grün skriuwt dat it der om giet om dy yn ús ta te litten en ús dy foar te stellen: ‘Ik bin de baarnende toarnbosk, leech en útbaarnd, mar dochs fol fjoer, fol fan Gods hearlikheid. Ik bin de timpel, rom en moai. Yn my wennet de Ûneinige God'. Dizze bylden jouwe ús in nije identiteit oer de leechte hinne.
Hja hielje ús siikmeitsjende selsbylden. Fia dat proses jouwe wy oan ússels ynderlik hieljende bylden en wurden, trochdat wy de krêft dy't dizze symboalen yn har hawwe, yn ús opnimme.
Etty Hillesum en Teresa fan Avila
It makket nochal wat út, ek as it om depresje giet, as men jins eigen ynderlik oan syn lot oerlit, of as men
it ûnderhâldt as in tún. Yn it earste gefal kin it samar ferwurde ta in wyldernis of in toarre flakte fan swiersettigens. Yn it oare gefal feroaret it bygelyks yn in tún dêr’t blommen yn bloeie, lykas: tankberens, sêftens, ferwûndering, oerjefte en fearkrêft.
Dit yn kultuer bringen fan jins ynderlik kin dus troch ferbylding. En de mystisy binne de pioniers fan sokke ferbylding. Mystisy kinne paadwizers wêze, dy’t jin meinimme yn harren bylden op harren syktocht nei God. Dêrby tink ik benammen oan Etty Hillesum. Yn de djippe depresje fan de Twade Wrâldkriich skreau hja in deiboek.
In dokumint is it fol mystike ferbylding fan har ynderlik. Dêr set hja de stap fan it ‘neat’ nei it ‘eat’.
Yn it begjin fan har deiboeken wurdt hja pleage troch swiersettige stimmings en remmings, mar njonkenlytsen brekt hja dêr trochhinne en kringt hja troch nei in djippere ynderlike laach ûnder dy swiersettige ‘stimmingskoarste'.
Dêr fynt hja ynderlike romte en gearhing. ‘Myn sintrum wurdt mei de dei steviger’, skriuwt hja. Hja wurdt dêrby holpen, omdat der immen is dy’t har by de hân kriget en de taal sprekt dy't har ynderlik thús bringt.
Mar ek sels beskikt hja oer in grut talint oan ferbyldingskrêft. Hja ferstiet de keunst om har ynderlike befinings te ferbyldzjen en dêr foarm oan te jaan.
Ek grutte mystisy fersteane dy keunst. Hja jouwe symboaltaal sawol oan harren stimmings, sawol oan de rouwe as oan de mear beslipe, dat it sadwaande in werklikheid wurdt dêr’t hja har ta ferhâlde kinne.
Sa hat Teresa fan Avila it oer de ynderlike ‘boarch’ en oer in ‘tún’ dy’t troch God yn kultuer brocht wurdt.
Dat freget fan har om ree te wêzen. En hja leit har tún oan ‘by in gebedswei lâns’. Hja harket en ferbyldet, en God sprekt.
Binnenwurk
Jehannes fan it Krús brûkt de bylden fan it beklimmen fan de berch Karmel en fan de reis troch de tsjustere nacht. Etty Hillesum ferstiet dy keunst ek. Hja wit dat de binnenwrâld like reëel is as de bûtenwrâld.
Hja skriuwt: ‘Men moat dit goed yn de rekken hâlde. De binnenwrâld hat ek syn lânskippen,
kontoeren, mooglikheden en har ûnbegrinze gebieten. En sels is men it lytse sintrum,
dêr’t binnen-
Dat minsken har hjir bewust fan wêze soenen en sels in lyts sintrum wurde, dêr’t
binnen-
Yn elts gefal slagget it Etty Hillesum om yn har ynderlike gaos en depresje, yn de tiid fan de destruktive Twade Wrâldkriich, in foarbyld te wêzen en hieltyd better it stjoer te hâlden oer dat eigen sintrum.
Fia aktive ferbylding skept hja har eigen ynderlike werklikheid.
En hja brûkt dêrby bylden lykas ‘boarne’ en ‘put’. Ien fan har meast bekende sitaten giet oer dy put.
Op de boaiem fan dy put, dêr wurdt hja God gewaar. Hja skriuwt: ‘Yn my sit in hiele djippe put en dêr sit God yn. Bytiden kin ik derby komme, mar almeast leit der stien en grús foar dy put. Dan is God bedobbe rekke, moat er wer opdold wurde’. Bestiet God dêr djip yn dy put as in geduldich wachtsjende realiteit, sa freget hja har ôf. Nee, dêr yn de djipte fan it ynderlik is feitlik neat. Mar it is de ûnderfining fan dochs de depressive stimmings en emoasjes foarby te gean; in ûnderfining dy’t fan in eigen kwaliteit is en dêr’t krêft, rêst en fertrouwen fan útgeane. Men ûnderfynt dat dizze kwaliteit útstiicht boppe jins ik en syn ferlet.
Mei dat lêste falt men dan net langer gear.
It is in ûnderfinen fan ‘eat’ dat boppen jins beheinde ik útstiicht. Foar dy ûnderfining fynt Etty Hillesum ‘God’ it meast gaadlike wurd, it wurd om mei út te drukken wat dêr dan is, dêr yn de djipte fan har ynderlik.
Sa skept hja út betsjuttingsleaze leechte ‘eat’, en dat eat feroaret yn ‘Immen’. En mei dy Immen giet hja yn petear. Hja falt op de knibbels en hja bidt.
Sa is God in metafoar foar har djipste ynderlik, dêr’t rêst en sereniteit hearskje.
Mei dizze symbolisaasje feroaret har ynderlik yn in boarne, dêr’t in stream fan Oanwêzichheid (term fan Eric Voegelin) út opwâlet, dy’t har in libbenskwaliteit skinkt dêr’t de uterlike omstannichheden net langer de trochslach jouwe.
Hja djippet har krêft op út dy ynderlike boarne, dy’t in boarne fol libbensenerzjy blykt te wêzen. Sa tilt hja harsels út boppe de omstannichheden, boppe it depressive yn har en de naziterreur dy’t har depressyf makket.
In stim dy’t wat te melden hat
Ek hjoed kinne Etty Hillesum en oare mystisy foarbylden wêze om fia spirituele wei in dialooch oan te gean mei jins eigen stimmings, sels mei de depressive. Dat freget om binnenwurk. Dat freget om omtinken, geastlike begelieding en ferbyldzjen fan in fakentiids braak lizzend gebiet.
Allinne al om depressiviteit net te besjen as in soartemint fan psychyske swolderij, dêr’t men sa gau mooglik fan ôf wol mei pillen of troch te praten, mar as in taal fan it ynderlik, as in stim dy’t wat driuwends te melden hat, is al hiel wat.
Depresje wurdt dan ‘in siel yn need’: eat wol him kenne litte. Dat ynsjoch is in earste stap.
Dêrnei freget it om omtinken en ferbyldingstaal, dy’t oanrikt wurde troch geastlike begelieders.
Jins ynderlik bliuwt dan gjin toarre flakte, mar men begjint deroan te wurkje dat it in moaie tún wurdt, dêr’t it goed toevjen is.
Of wy bouwe oan in timpel yn ússels, as in romte dêr’t God yn wennet. Sa wurdt men ta mear as lichem, mear as psyche. Sa wurdt men ta geastlike realiteit, in minske as in timpel dêr’t Gods hillich fjoer yn baarnt. Fragen oer eat of neat binne dan net langer wichtich, omdat de rykdom fan de ferbylde werklikheid himsels dêrboppe úttilt, as in wûnderlike kwaliteit en eigenheid fan minskewêzen, de depresje foarby.
Sytze Ypma
(oersetting Rienk Klooster)


Etty Hillesum