wpd25a8018_02.jpg
wp0616a547.gif
wpd3a37125.gif
wp16ddc10b_02.jpg
wpfa277a31_02.jpg

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

artikels en oertinkings út de Earn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2011 - 2012

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Rienk Klooster - bylden en foarstellings fan Jezus

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

wpfa277a31_02.jpg
wpd3a37125.gif
Desimber 2004
Meditaasje nei oanlieding fan de moard op 2 novimber 2004

Ik wie mei de auto ûnderweis, doe’t ik de radio oansette en premier Balkenende oan it wurd hearde oer de moard op Theo van Gogh. By it ûnferwachts hearren fan sa’n freeslik berjocht giet der in skok troch jin hinne: “Hoe kin dit yn de goedigens? En yn Nederlân noch wol?” It hâldt jin dwaande en de sneins dêrop haw ik der yn de tsjinst wiidweidich omtinken oan jûn.    

"Theo van Gogh is vermoord en allemaal zijn we gewond geraakt", mei dy wurden brocht Freek de Jonge yn syn konferânse de sneintejûns dêrop syn gefoelens ûnder wurden. Dêrmei sloech er de spiker op de kop, want ik haw ek it gefoel dat it barren fan 2 novimber ús as Nederlanners allegearre rekket, sear docht sels en dat wy der ek allegear oars fan wurden binne.
Hiel bliid wie ik mei de brief dy’t ik in pear dagen nei de moard krige fan it Platform Levensbeschouwing Kleurrijk Fryslân, ûnderskreaun troch fjouwer minsken: Ds. Corry Nicolay fan de Protestantske tsjerke, Imam Mustafa Önlü fan de Turkske mienskip yn Ljouwert, Imam A. Kharrad fan de Marokkaanske mienskip yn de Fryske haadstêd en Jan Bosman, funksjonaris fan it Katholieke Steunpunt Maatschappelijk Activeringswerk.
Yn dat brief waard mei ôfgriis sprutsen oer de koelbloedige moard op Theo van Gogh en de oprop dien om gjin geweld út te dragen yn wurden en dieden, mar as minsken fan ferskillende godstsjinstige en etnyske eftergrûn op in freedsume en respektfolle wize mei-elkoar om te gean.

Mar tagelyk wurde wy ús derfan bewust dat it der yn Nederlân op it heden tige slim foar stiet. En ek dat wy derop ferge wurde om rekkenskip te jaan fan ús eigen posysje en ferantwurdlikheid. Sa moatte wy ús bygelyks de fraach stelle oft de frijheid fan it wurd sizze wol dat alles mar sein wurde kin en moat sûnder rekkenskip te hâlden mei de gefoelens fan in oar?
De tendins wie ommers: Alles  moet kunnen!  En dat guon dingen lykas de Ingelsken sa treflik sizze not done binne, dat miste der yn Nederlân faak oan. Dêrmei ik ek wer net sizze wol dat der nije taboes yn it libben roppen wurde moatte.
It moat lije kinne om de dingen dy’t sein wurde moatte earlik te sizzen. En ik moast tinke oan de spreuk fan de fersetsman Van Randwijk: "Een volk dat voor tyrannen zwicht zal mear dan lijf en goed verliezen. Dan dooft het licht!"
Allinne is it wol is de toan dy't de muzyk makket.

Fierders steane wy foar de wichtige fraach: wat soene wy yn ús eigen lytse rûnte dwaan kinne yn dizze sitewaasje?  Wat dat oanbelanget, bin ik fan betinken dat it in goed ding wêze soe, dat wy wat mear ynformaasje en ynsjoch krije yn wat de islam krekt foar in godstsjinst is en wat it leauwen foar in moslim betsjut. En fierders dat wy beseffe moatte dat moslim wêze net itselde is as  fûnemintalist wêze, ekstremist
of terrorist.
Wy moatte ús yn gjin gefal liede litte troch eangst dy’t allinne mar ferblinet en betizet. It is wichtich om de dingen goed te ûnderskieden en it respekt te bewarjen foar dy minsken dy’t dan wol oare gewoanten hawwe
as ús en oars leauwe, mar dy’t fierders folslein goedwollend binne.
It brief fan it niisneamde Platform is yn alle gefallen in goed sinjaal op it goeie momint en in teken fan hoop mei it each op de takomst.

Rienk Klooster


wpa8a66861_02.jpg
wpba6b241c_02.jpg