Herfoarme Tsjerke Earnewâld

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

Oer skepping en evolúsje

De takomst fan leauwen en tsjerke

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2018 - 2019

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl

Septimber 2018


Oer skepping en evolúsje


It skeppingsferhaal yn de Bibel is in yndrukwekkend ferhaal. Doelbewust skept G-d (*) mei syn skeppingswurden de wrâld sa’t wy dy kenne.

It is ek in bemoedigjend ferhaal, want de Bibel seit ús, dat dizze wrâld it risseltaat is fan in doelbewust wollen fan G-d. Yn in tiid dat de wittenskip ús leard hat dat wy libje op in lyts planeetsje, dat omswalket yn in hielal fan sa’n 28 miljard kilometer trochsneed (en wat is der dan noch foarby

de grinzen fan it hielal?) is dat in treastjaande gedachte.

Benammen ek om’t guon minsken hjoed-de-dei tinke, dat se sels, har libben, dit bestean op ierde doelleas is en totaal gjin sin hat.

En dat is ek skoan te begripen as men sjocht nei wat der yn de wrâld bart en de wittenskiplike teöry oer it ûntstean fan it libben op ierde — de evolúsje-teöry —  foar wier oannimt.

As it libben it gefolch is fan wat tafallich gebrobbel yn de oersop en dêrnei fan in seleksje op basis fan ‘the fittest’ (in yndividu dat troch de genetyske fariaasje it meast oanpast is oan tafallige en

feroarjende omstannichheden) jout dat net hiel folle fertrouwen foar de takomst.


Foar ús as minsken fan Kristlik komôf komme de moderne, eksinstinsjele fragen noch wol sa hurd oan as foar oaren. Hast hûndert generaasjes hawwe wy leaud dat de bibelske skeppingsferhalen letterlik wier wienen. En de lju dy’t dêr oan twifelen, pasten wol op om wat te sizzen, want as de Ynkwisysje jo net ferfolge, dan soarge de tsjerke der wol foar dat jo maatskiplik útsletten waarden.



De konfrontaasje

It hat ek laat ta in frjemde dualiteit yn de moderne kristlike minske: hoewol’t wy de feiten fan de

wittenskip kenne en de measten fan ús dy ek net ûntstride, sit yn ús efterholle noch altyd dat âlde Bibelferhaal.

As ik mysels as foarbyld nim, dan haw ik fan jongsôf oan tige ynteressearre west yn skiednis, argeology, geology, ierdrykskunde en biology. En noch altyd binne dat de ûnderwerpen, dy’t ik yn

de krante as earste lês. En dan haw ik it noch net oer de boeken dy’t ik der oer lêzen haw.

As it dus giet oer it ûntstean fan it libben op ierde en de ûntjouwing fan minskapen nei Homo sapiens haw ik dêr ek noait oan twivele. Benammen om’t iksels — basearre op wat men sjocht yn de wrâld om jin hinne en myn beheinde kennis fan biology — leau dat it oerlibjen fan ‘the fittest’ faak hast lyk stiet mei de sterkste en bretaalste.

Likegoed hawwe skepping en evolúsje yn my in reedlik fredich bestean hân, oant ik der mear oer begûn nei te tinken. Dat barde ûnder ynfloed fan in Kursus Teology foar Gemeenteleden, dy’t my

(en in soad oare kursisten) mei de noas op de feiten drukte en twong ta kritysk neitinken oer wat men no wier wol en net leaut.

Dy konfrontaasje tusken Leauwe en Bibel oan de iene kant en it wittenskiplik ûndersyk nei de Bibel oan de oare kant is einige mei in folsleine oerwinning fan de wittenskiplike benadering fan de Bibel. De Bibel is en bliuwt in weardefol boek, mar de ferhalen binne net mear letterlik wier.

In part fan de Bibel bestiet út ferhalen dy’t ivichheidswearde hawwe, mar oaren binne troch de tiid efterhelle. Tink allinne mar oan wat de Bibel oer froulju en homo’s seit.


Frjemde redenaasjes

‘Undersykje alle dingen en behâld it goede’, seit Paulus yn syn earste brief oan de Tessalonikers.

Wy kinne de holle yn it sân stekke, mar net in minske kin útnaaie foar de eksistinsjele libbensfragen.

‘Bestiet God?’ Is sa’n fraach en it antwurd is al faker jûn: dat kin net ien bewize, mar der is ek net ien gelearde dy’t bewize kin dat er net bestiet.

En dy’t it wol prebearje, sette harsels wat foar gek, want in wittenskipper hâldt him oan wat er bewize kin.

En itselde jildt neffens my foar de fraach ‘Wa en wat is G-d?’ It sil in soad lêzers bekend foarkomme as ik sis, dat wy der yn ús famylje thús amper oer neitinke doarsten. Mar in hiele soad Kristlike

gelearden hawwe der gjin muoite mei hân om ús foar te skriuwen hoe en yn hokker G-d wy leauwe moasten. Gelokkich haw ik mids njoggentiger jierren it boek ‘A History of God’ fan Karen

Armstrong lêzen en oan de ein fan dat boek hie ik safolle frjemde redenaasjes oer G-d lêzen, dat ik fan neat mear seker wie. Utsein fan ien ding: alle sprekken oer Boppe komt fan hjir ûnder op ierde

en net ien kin sizze dat er wit hoe't G-d is of tinkt.


Wat oerbliuwt

Boppesteande prakkesaasjes binne hjirfoar koart beskreaun, mar it hat my en in soad oare minsken faak tsientallen jierren koste om de âlde Gods-bylden los te litten.

Oaren hâlde noch dwers troch alles hinne fêst oan it âlde ek al binne se faak ferlegen mei har eigen fragen, dy’t se faak net iens ûnder wurden bringe doare.

It meast sinnige wat se jin faaks noch foar de fuotten smite is ‘En wat leausto dan noch?’

En se ha gelyk. In soad fan it âlde is foarby gien en der binne gjin dúdlike antwurden foar yn it plak kommen.

In grut foardiel is wol, dat men net mear mei de fragen oanklaud sit, dy’t de âlde Godsbylden meibringe en dat men gewoan sizze kin ‘Ik wit it net’ en ‘Leauwen is moai, mar dwaan is in ding’.

Want rjocht dwaan is yn it âlde Joadske leauwen wol sa wichtich as teöretysk geprakkesear.


Dochs hat neitinken oer de evolúsjelear foar my wol ta hiele wichtige ynsjoggen laat. Want dy lear hat noch altyd gjin antwurd op de fraach hoe’t it libben en it tinken en bewustwêzen fan de minske (en foar my ek fan alle oare libbene wêzens) ûntstien is. Wêr komt it wei? En wêr giet it (nei de dea) hinne? Wat elektryske skokjes en ferbinings lykje my altyd in te simpel antwurd op it (ûntstean fan) it Wûnder fan it Libben. Ek al wit ik net wat it presys is, it ropt by my altyd wol in grut ûntsach

(foar G-d?) op. Ik haw noch altyd it gefoel, dat der mear tusken himel en ierde is as wat de wittenskip wol of net bewize kin.


In twadde punt is, dat frijwol alle libbene wêzens op ierde op de ien of de oare manier sosjale wêzens binne. Se libje yn in mienskip mei oaren en hawwe dêrtroch op de iene of de oare manier

evolúsjonêr súksesfol west. Dat sosjale aspekt — soarch foar jongen, partners, de keppel — is hiel wat oars as ‘survival of the fittest’. Der binne wol evolusjonêre aspekten oan te wizen, mar oft dy de trochslach jûn hawwe, is mar de fraach. Der binne in hiele soad net-taastbere dingen yn dit bestean — leafde, hoop, trou, tagedienens — dêr’t de evolúsjelear gjin antwurd op hat, mar dy’t ús yn dit libben wol oerein hâlde en moed jouwe om alles ûnder eagen te sjen. Sels de libbensfragen dêr’t net altyd direkt in antwurd op te jaan is.

It bliuwt in saak fan ‘Leauwe, Hope en Leafde’.


Jan Lautenbach


(*): As ik G-d brûk yn dit artikel doch ik dat om oan te jaan, dat wy— sa't it yn de 10 geboaden stiet— tige hoeden omgean moatte mei it brûken fan de namme fan it mystearje G-d. De kristlike tsjerke-gelearden binne troch it betinken fan de Trije-ienheidslear fier fan de oarspronklik Joadske

JHWH ôfrekke.

FOWE  -  De Earn


Ingelske karikatuer fan Charles Darwin