Herfoarme Tsjerke Earnewâld

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

De takomst fan leauwen en tsjerke

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2017 - 2018

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl

FOWE  -  De Earn

Septimber 2017


De takomst fan leauwen en tsjerke


Doe’t ik yn ‘e sechstiger en santiger jierren opgroeide yn Drachten wie hast elkenien dy’t ik koe Griffermeard. Om ‘e pear jier waard der in nije tsjerke byboud en de tsjerken sieten moarns en middeis fol.

It is hast net foar te stellen hoe’t Fryslân en Europa yn inkelde tsientallen jierren feroare binne.

Ek yn Earnewâld is dat te fernimmen. De Herfoarme gemeente wie altyd mar lyts, mar de Griffermearde tsjerke siet yn ‘e tachtiger jierren faak noch fol.

Sûnt mids tachtiger jierren tsjerkje wy yn Earnewâld en de Herfoarme tsjerke is hast (letterlik) útstoarn.

Ek de Griffermearde tsjerke wurdt leger en leger en yn beide tsjerken nimt it tal besikers ûnder jongere minsken hieltyd mear ôf. Men sjocht it ek by de besikers fan de Earnewâldster Rûnte: aloan mear grize kopkes en lju dy’t min op ‘e gong binne.

Hoe is it mooglik dat de oerhearskjende Kristlike kultuer fan Europa yn inkelde tsientallen jierren sa ynelkoar stoarte koe? Hat de Kristlike beskaving dan neat oars west as in tin laachje fernis oer wat minsken feitlik tinke en leauwe?

Ik moat tajaan, dat ik sels ek it produkt fan dy feroarings bin. Sa’t Kuitert (dizze moanne krekt ferstoarn, mar yn ‘e begjintiid fan ‘e ER hat er faak lêzingen yn Earnewâld jûn) yn boek nei boek ôfskied nimme moast fan it leauwe fan de foarfaars, haw ik dat dien troch syn en meters oare boeken oer filosofy en teology te lêzen. Kursus Teologyske Foarming, Earnewâldster Rûnte; diskusjes mei oaren dy’t der ek sa oer tochten of krekt net.


Yndustrialisaasje, mobiliteit, ûnderwiis

Mar de ûnderlizzende oarsaken fan dy feroarings yn it leauwen wienen al langer oan de gong en dat

wienen benammen de yndustrialisaasje en de tanommen mobiliteit fan de maatskippij. Op syk nei wurk en in reedlik bestean ferlieten minsken hûs en hiem. Hiel letterlik, want eartiids kamen in soad minsken amper har eigen doarp, gemeente en provinsje út. Yn Fryslân byg. hat de fyts makke dat de wrâld foar de gewoane man tsientallen kilo-meters grutter waard. En troch dy tanommen mobiliteit koe men ûntkomme oan de sosjale

kontrôle fan de tsjerke, it doarp en de eigen besletten mienskip.

In oar gefolch fan yndustrialisaasje en foarútgong wie better ûnderwiis. Foar it earst krigen grutte groepen yn de maatskippij lykas de arbeiders tagong ta fuortset ûnderwiis en dêrtroch ta de ideeën fan wittenskip en Ferljochting. Yndustry en maatskippij hienen ferlet fan minsken dy’t wat leard hienen. Sa kamen se yn ‘e kunde mei nije en oare tinkbylden en ideeën, dy’t faak hiel oars wienen as wat se yn tsjerke en op de kristlike

skoalle leard hienen.

Dat hie al rillegau gefolgen foar it leauwen fan grutte groepen minsken en it leargesach fan de tsjerke.

We leauwe noch wol wat, mar we witte net krékt mear wat. Yn alle gefallen twifelje we tige oan wat de tsjerke ús as absolute wierheid ferkundiget. En mear noch as de twifel oer it godlike hawwe de minsken twifels oer de (tsjerklike) ynstituten en ynstellings, dy’t sizze dat sy de ferkundigers fan de iennichst wiere G-d en godstsjinst binne.


En it is krekt dy twifel dêr’t de kristlike tsjerke net goed mei omgean kin. Dat is hiel goed te ferklearjen, want yn de begjintiid wienen der safolle ferskillende streamingen yn it Kristendom, dat it derom spand hat, hoe’t it leauwe útpakke soe. Pas nei in lange striid hat yn Westeuropa de otterdokse Roomske tsjerke de striid winne kinnen. En dat benammen om’t de oare rjochtings sa ferdield wienen, dat se net op koenen tsjin de

sterke organisaasje fan de otterdoksy.


Fragen oer G-d en Kristendom

As gefolch dêrfan hâlde de measte tsjerken noch altyd fêst oan belidenisgeskriften fan 1.500 jier âld en is elkenien dy’t dêr oan twifelet net in ‘echte’ Kristen en sa’n ien komt dus net yn ‘e himel.

It is net in grutte keunst om hiel koart in rige foarbylden te neamen fan de problemen, dêr’t de moderne minske tsjin oan rint op syk nei G-d.

Yn it foarste plak is dat, dat de tsjerke seit dat G-d  goed en rjochtfeardich is en tagelyk Almachtich. Dat is perfoarst net te rymjen mei alle lijen yn de wrâld, want dan soe G-d dêr streekrjocht ferantwurdlik foar wêze.

Lykas de measte Joaden haw ik der allang foar keazen om te leauwen, dat de Almacht fan G-d dus blykber net absolút is, mar de tsjerke kin dêr mar min mei omgean.

In oar grut probleem fan it Kristendom is it sintrale plak fan Jezus. Neffens de offisjele lear binne de

sûnden fan de minske sa grut, dat se allinne fersoend wurde kinne troch de dea fan Jezus, de Joadske profeet, dy’t in kristlike (soan fan) G-d waard. Keppele dêr oan is it learstik dat ferlossing fan de ivige dea allinne mooglik is troch te leauwen yn dy Jezus. Moderne kristenen kinne it ta de hel feroardieljen fan in rjochtfeardige Joad, Hindû of ateïst net lyk krije mei it idee fan in rjochtfeardige G-d. En sa soenen wy noch wol in hiele rige stellings út de Belidenisgeskriften neame kinne, dy’t rjocht foar de ideeën fan de hjoeddeiske,

westerske minske oer steane.


De takomst fan religy

Op basis fan ús kennis fan de skiednis fan de ôfrûne pear hûndert jier soe men dêrom foarsizze kinne, dat it Kristendom, mar ek alle oare, fêstige religy’s it dreech krije sille yn alle westerske en har fierder modernisearjende lannen. Goed ûnderwiis en frijheid fan mieningsutering sille earste betingsten foar sa’n ûntjouwing wêze. Dochs sille der altyd lytse groepkes otterdokse leauwigen fan alle godstsjinsten oerbliuwe, mar hja sille net mear as râneferskynsels wêze yn in oars en frijer tinkende mienskip.

Tagelyk sille der ek lannen wêze, dy’t benefter bliuwe en dêr’t de tradisjonele religy’s noch wol in pear hûndert jier mei kinne of sels noch hiel bot groeie kinne. Te tinken is oan Afrika, Súdamearika, it Midden Easten en parten fan Aazje.


Tagelyk witte wy dat Homo sapiens al tsientûzenen jierren lang foarme is troch religieuze fielings en dat it ferlet oan religieuze tsjutting grut is.

Om’t de besteande, ynstitúsjonalisearre religy’s de feroarings yn it religieuze ferlet net byhâlde kinne, is it wierskynlik, dat it religieuze lânskip de kommende tiid fersplinterje sil. Allegearre groepkes en rjochtings

- ek kommersjele - sille besykje in part fan it frijkommen religieuze plak op te foljen en wat de útslach wurdt,

is net te foarsizzen. Sels 20 ieuwen letter is noch amper te ferklearjen wêrom’t it Kristendom destiids sa’n grut súkses wurden is yn it Romeinske ryk. Al binne in soad histoarisy it der faak wol oer iens dat it idee fan in libben nei de dea, doe - en ek no noch - in grutte oantrekkingskrêft hân hat.


Likegoed moat wol sein wurde dat it hawwen fan ien religy in grutte mienskipsfoarmjende en stabilisearjende ynfloed hân hat yn it Westen. Dat de wrâld hjoed-de-dei liket te feroarjen yn grutte tallen ‘bubbles’ fan minsken en groepen liket my in grut gefaar foar de rêst yn ‘e wrâld.

Miskien wie ien algemiene, kristlike tsjerke sa raar noch net?


Jan Lautenbach


Lês ek:

Yuval Noah Harari - Sapiens, een kleine geschiedenis van de mensheid.



De ideeën fan de âlde Griken oer har god Zeus, hawwe ek grutte ynfloed hân op it byld, dat kristenen fan G-d hienen.