






De Earnewâldster Rûnte
Wittenskip, filosofy en teology sitte net stil en alle dagen komme der nije saken op ús ôf dy’t om in antwurd freegje. De offisjele tsjerke docht dat almeast net en krûpt wei efter ieuwenâlde dogma’s.
Boppedat is de preekstoel net it ideale plak om sokke nije dingen oan de oarder te stellen.
Al frij gau nei de oprjochting fan it Wurkferbân kaam bestjoerslid Doeke Faber (†) mei it idee om neist de tsjerketsjinsten mear aktiviteiten op te setten.
De bedoeling wie om mear omtinken te jaan oan de útkomsten fan wittenskiplik bibelûndersyk en oare, nije teologyske ûntjouwings. Dêr moasten dan ek bekende teologen foar útnoege wurde om in program mei ynhâld te realisearjen.
Wy wiene gau út de ried oer de namme: Earnewâldster Rûnte (nederlânsk: kring).
Hoewol’t elkenien it in goed plan fûn en Doeke Faber samar in tal goeie sprekkers byinoar swile hie, wie de grutte fraach foar ús fansels: is hjir wol ferlet fan en komt hjir wol folk op ôf.
Wy hopen foar it earste jier op in 30 dielnimmers. Dan soe it noch lang net útkinne, mar ek net in fermogen kostje. Ta ús grutte ferbjustering joegen har mear as 100 minsken op foar dielname!
Fan dat momint ôf meitsje wy diele wy it program foar it kommende jier út op de lêste jûn fan de searje lêzingen en in pear moanne letter binne alle 140 plakken fersein.
Nei it earste winterskoft (2000 - 2001) mei as tema ‘Fersoening’ ha de folgjende ûnderwerpen oan de oarder west: Godsbylden; de taal fan it leauwen; romte fan leauwen; Kristology; fan kaft oant kaft; mystyk en spiritualiteit, feroaring yn it religieuze lânskip: útdaging of bedriging?; it kwea as macht en as realiteit ensafh.
In tal ynliedings binne op dizze hiemside te finen ûnder Earnewâldster Rûnte oan de linkerkant.
Program seizoen 2012-2013
- It nije sprekken oer God -
‘Bliuw net stilstean by wat west hat en hâld net fêst oan it ferline.
Sjoch, Ik bin mei wat nijs dwaande, it begjint al út te kommen.
Fernimme jim it net?’ (Jesaja 43:18-19)
Yn de foargeande jierren fan de Earnewâldster Rûnte ha wy dwaande west mei sprekken en tinken oer Bibel en tradysje. Frijwat ûnderwerpen dy’t in rol spylje yn ús tradysje en yn de teology, binne dêrby op it aljemint kommen. Sa ha wy it hân oer klassike tema’s lykas Kristology, Fersoening, Godsbylden ensfh. Ek binne der útstapkes makke nei net-kristlike tradysjes, lykas it Joadendom, de Islam en it Boeddhisme.
It bestjoer is fan betinken dat der hjoeddedei gauris op soarchlike en benammen negative toan praat wurdt oer Bibel en leauwen. Tsjerken rinne leech, de teology jout net langer Godskennis en spilet foar in protte minsken in oerstallige rol. Oan de oare kant hâldt it leauwen de minsken wol dwaande. Dat âlde dogma’s trochstrings ôfdien hawwe, mei dúdlik wêze. Mar foar ús is it dêrom no krekt in fraach, hoe’t men it hjoeddedei al op in positive wize hawwe kin oer God, leauwen en tsjerke.
Yn it seizoen 2012-2013 wol de Earnewâldster Rûnte ûndersteande fragen oan op it aljemint bringe:
- Hoe no fierder mei de teology?
- Hoe sjogge wy de takomst?
- Wêr fine wy nije tekens fan in âlde taal en tradysje?
Wy wolle sykje nei positive wizen om fan bestjutting te wêzen foar de dei fan hjoed en foar dy fan moarn.
Data en ynlierders fan 2012 - 2013 binne:
Tiisdei 25 septimber 2012 Ciska Stark
Tiisdei 30 oktober 2012 Gerben Heitink
Tiisdei 27 novimber 2012 Wouter Slob
Tiisdei 8 jannewaris 2013 Rienk Klooster
Tiisdei 5 febrewaris 2013 Eric Borgman
Tiisdei 5 maart 2013 Gerard van Midden
YNTEKENING
Yntekening kin allinne troch € 30,00 (de man/frou) oer te meitsjen op banknûmer 29.89.25.664 op namme fan 'Earnewâldster Rûnte', Aldwâld, mei fermelding: seizoen 2011 - 2012.
It definitive program wurdt jim dan sa begjin septimber 2012 tastjoerd.
Ynformaasje: Tjabel Klok, E-post t.klok2$upcmail.nl
Tillefoan (0512) 37 17 44
Program seizoen 2011-2012
It tema fan de Earnewâldster Rûnte foar it winterskoft 2011 – 2012 is de oan Hannelingen 8:30 ûntliende tekst: 'Begripe jo wol wat jo lêze?'
It is in feit dat de Bibelske geskriften sawol foar de leek as de saakkundige dreech te begripen binne.
Dreech om te lêzen, te begripen en út te lizzen.
Boppedat makket it ferskil mei hokker bedoeling en út hokker foarûnderstelling men jin dwaande hâldt mei dizze lektuer.
Der is ommers in grut ferskil yn fisy op de bibel. Sa is it foar de iene groep in sammeling âld-israëlityske geskriften, skreaun en oerlevere troch minskehannen, wylst it foar in oare groep in hillich boek is, it ivige en net oan te taasten Wurd fan God, ynspirearre troch God sels en beklaait mei absolút gesach.
In soad minsken binne opgroeid mei de bibel, dy't har noch altyd yn 'e besnijing hat, mar rinne tagelyk om mei ûnderskate fragen, dy't opsmiten wurde troch de bibel sels, mar ek troch it moderne krityske tinken.
Mei de rige lêzingen fan it kommende winterskoft 2011 - 2012 wolle wy besykje om wat ljocht skine te litten op de fragen dy't libje by ússels en de oare dielnimmers fan de Earnewâldster Rûnte.
10 jannewaris 2012
Dr. E.J. Keulen
Het boek Job brengt de worsteling met het onschuldige lijden onder woorden. De inleider geeft in zijn lezing een sleutel om dit boek te verstaan.
7 febrewaris 2012
Prof. dr. C. J. den Heyer
Paulus, man van twee werelden. Zelf schrijft hij in een van zijn brieven: ik ben de joden een Jood en de grieken een Griek – een apostel als een kameleon?
6 maart 2012
Dr. H.J. Siebrand
‘De mobiele lezer’
De eeuwen door bestaat er onverminderd eenfascinatiehet woord en voor de taal. Tegenwoordig zijn we ‘mobiele lezers’ geworden. Wij kunnen met woorden dingen doen.deze lezing leggen we het accent op wat de tekst niet zegt maar wat de tekst wel met je doet.
Desimber 2004
Bylden en foarstellings fan Jezus. Teologyske gedachten
It tema fan de Earnewâldster rûnte is dit winterskoft “Kristology”, d.w.s. ideeën en opfettings oer de persoan Jezus fan Nazareth. Ferskate sprekkers ha wy útnoege om út har kundichheid wei wat te sizzen oer dit ûnderwerp.
Sa hiene wy op 28 septimber de bekende heechlearaar Harry Kuitert yn ús fermidden, dy’t de útspraak die: oer Jezus fan Nazareth witte wy oars neat as dat er in manspersoan wie en dat er in joad wie. Hy hat ússels gjin boek of geskrift neilitten dêr't er syn ideeën yn dellein hat. Wat wy oer him sizze kinne, dat ha wy allegearre fan oerlevering; dat wol sizze wat de skriuwers fan de nijtestamintyske geskriften ús oer him meidiele. Wy sille it dus dwaan moatte mei wat der oer him sein wurdt yn de evangeeljes neffens Mattéus, Markus, Lukas en Johannes en oer wat der oer him sein wurdt yn de brieven fan Paulus.
No is it sa dat al dizze skriuwers in bepaald byld fan Jezus hiene, dat elkoar hjir en dêr frijwat ûntrint.
Sa hat Paulus frijwat in oare foarstelling fan him as Johannes. En Mattéus wer oars as Markus en Lukas.
No is it sa dat it Markusevangeelje it âldste is en dat Mattéus en Lukas dêr frijwat oan ûntliend hawwe, mar net sûnder dingen weilitten te hawwen en oare dingen deroan taheakke. Dat komt omdat se stik foar stik in wat oare fisy op him hiene en in oar publyk hiene dêr’t se foar skreaun ha. Sa hellet Mattéus benammen de joadske kant fan Jezus nei foaren, om’t er syn evangeelje skreaun (of sammele en bewurke?) hat foar in joadske gemeente fan kristenen, nei alle gedachten yn Antiochië.
Byldfoarming
Kuitert brocht yn syn lêzing in wichtich punt nei foaren, nammentlik dat wat de persoan Jezus fan Nazareth oanbelanget, der sprake is fan byldfoarming. Wy kenne him allinne mar út bylden, dy’t dêrnei wer oanlieding jûn ha ta nije byldfoarming.En wy kinne ús nei oanlieding fan dy oerlevere bylden ek allinne mar bylden fan him foarmje. Mar dat jildt net allinne fan de bibelske persoan Jezus, dat is mei de oare bibelske figueren yn wêzen net oars.
Trouwens datselde jildt ek min ofte mear fan de minsken dy’t wy yn it deistige libben moetsje.
Hoe’t dy oar echt is, dat witte wy net. Wy kinne ús heechút in byld foarmje, al neffens dat wy dy oar kennen leard hawwe. Dy byldfoarming hinget nau gear mei de relaasje dy’t wy mei dy oar hawwe.
Om’t in relaasje gearhinget mei it libben sels en sadwaande altiten yn beweging is, kinne de bylden dy’t wy fan de minsken om ús hinne hawwe ek altiten feroarje en der bestiet datoangeande soks as groei. Bylden kinne sadwaande skerper wurde.
Yn it leauwensproses is groei nedich
Datselde jildt ek fan it byld dat wy hawwe fan de bibelske persoan Jezus fan Nazareth. As wy as bern op skoalle, op de sneinsskoalle of thús de earste ferhalen hearre, begjinne ek de bylden har te foarmjen. Letter wurdt geandewei dat byld bysteld of wurde âlde bylden ôfbrutsen en komme der nije foar yn it plak. Dat bart al neffens dat men dingen heart, lêst of meimakket. Yn wêzen hinget de byldfoarming gear mei it leauwensproses dat men as minske trochmakket yn jins libben.
It byld fan Jezus dat men hat is dan ek hiel persoanlik en hinget gear mei jins leauwen yn him.
Dat wol net sizze dat der gjin diskusje mooglik is. Sterker noch, krekt as der iepenheid is foar diskusje, kin men foarkomme dat in byld bestjurret, iensidich wurdt en stean bliuwt yn bygelyks in bernlik stadium.
Dat is de reden wêrom’t wy yn Earnewâld keazen hawwe foar in lêzingrige oer it tema “kristology” en ik besykje wol om yn in tal preken de ferskillende bibelske Jezus-bylden wat neier te beljochtsjen.
Rienk Klooster
FOWE - De Earnewâldster Rûnte