wpd25a8018_02.jpg
wp0616a547.gif
wpd3a37125.gif
wp16ddc10b_02.jpg
wpfa277a31_02.jpg

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

artikels en oertinkings út de Earn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2011 - 2012

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Rienk Klooster - bylden en foarstellings fan Jezus

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

wpfa277a31_02.jpg
wpd3a37125.gif
FOWE  -  Oertinkings
Desimber 2007
God as de ‘Almachtige’

Yn de rige fan preken oer de saneamde apostoalyske leauwensbelidenis’ haw ik it hân oer de fraach, wat it krekt betsjut as wy it hawwe oer it leauwen yn in ‘almachtige’ God. De belidenis begjint ommers mei de wurden: 'Ik leau yn God de Heit, de Almachtige, Skepper fan himel en ierde’.
Guon hawwe my frege om de tekst fan dizze preek. Sels hie ik it al yn de holle en skriuw dêr in artikel oer foar it tsjerkeblêd. Dit artikel is yn grutte linen de ynhâld fan de preek lykas ik dy hâlden haw yn Jorwert en yn Earnewâld. De skriftlêzing wie út 1 Johannes 4: 7-21, dêr’t boppe stiet ‘God is leafde’.

Ien fan de redenen wêrom 't ik de apostoalyske leauwensbelidenis noch noait as in belidenis yn in tsjinst útsprutsen haw, hat te krijen mei dy foarstelling fan God as ‘de Almachtige’. Ik haw der noait yn leaud en kin der ek net yn leauwe. Want dan soe ik myn wurk as dûmny en as pastor net langer neffens ear en gewisse dwaan kinne. Ik wol yn dizze preek dan ek dúdlik meitsje dat tsjin de foarstelling fan de God fan Israël as 'de Almachtige' frijwat beswieren yn te bringen binne en ek dat it hielendal net sa'n bibelske foarstelling is as fakentiids tocht wurdt.
Foar in hiel soad minsken en ek teologen, is de foarstelling fan God as ‘de Almachtige’ likefolle as in aksioma. Hja nimme it foar sekerwier oan en der falt net oan te twiveljen. De bibelske wûnders binne op dat Godsbyld basearre. Want God is ommers ‘almachtich’ en kin yn prinsipe alles. Hy is by steat om troch de natuerwetten hinne te brekken en safolle wûnders te dwaan as er mar wol. ‘By God is alles mooglik’, hear ik dan gauris sizzen.  

Filosofy oer ‘almacht’
Mar wat is krekt ‘almacht’? Kinne wy ús dêr wat by foarstelle? Der hat in filosoof west, dy’t sei: it wurd ‘Almacht’ is op himsels in leech en sinleas begryp. It is ynderlik tsjinstridich en heft himsels op. Want bûten dy Almacht bliuwt der gjin romte oer foar in oare macht. En wêr moat de Almacht dan noch macht oer ha? Dat is ien om oer nei te tinken.
Mar der is noch in beswier tsjin it begryp ‘Almacht’ yn te bringen. Want is de Almachtige ek bûn oan de regels fan de logika?
Kin de Almachtige bygelyks in sirkel meitsje dy’t fjouwerkant is. Of in stik izer dat fan hout is. Kin de Almachtige in stien meitsje wol sa swier, dat er him sels net mear optille kin? Sadwaande bin ik it iens mei de filosofen dy’t sizze, dat 'almacht' in begryp is, dat mei himsels yn striid is en tagelyk leech.

Wêr komt it begryp ‘Almachtige’ wei?
Ik haw ris neigien, wêr oft yn de bibel God de ‘Almachtige’ neamd wurdt. Dat is in kear as wat yn it boek Genesis; hiel faak yn it boek Job; yn it NT hast net, útsein yn it boek Iepenbiering. Mar it is hiel opfallend, dat Jezus noait oer God praat as 'de Almachtige'. As wy nei de Hebrieuske grûntekst sjogge, dan fine wy dêr it wurd der El Sjadaj. El betjut 'God'. Sjadaj is yn de Septuaginta, de âlde Grykske oersetting fan de hebrieuske bibel troch in tal joadske gelearden út de 3e ieu foar Kristus, oerset mei Pantokratoor. Letterlik betsjut dat ‘hearsker oer alles’.
Yn de Vulgata, de Latynske oersetting fan de gelearde Hieronymus om 400 nei Kristus hinne, jout it wurd omnipotens.
Dat betsjut ‘Almachtige’. Fia it Latyn is de oersetting ‘Almachtige’ dus yn ús bibel bedarre. En dêrom wurdt God yn de apostoalyske leauwensbelidenis 'de Almachtige' neamd. Om’t dy belidenis yn de measte tsjerken alle sneinen oplêzen wurdt, is dizze eigenskip fan God der by in hiel soad tsjerkeminsken fêst ynsliten.
Ik bin op syk gien en fûn yn myn Hebrieuske wurdboek (Koehler-Baumgartner) by dat wurd Sjadaj alderhande ferklearrings en oersettings, mar ta beslút stiet der: Keine Erklärung ist befriedigend. No explanation is satisfactory. Der is dus gjin befredigjende ferklearring. Dat jout te tinken.

In oare oersetting: in oar Godsbyld?
Der is in nijsgjirrich ferhaal oer rabby Simeon, ien fan de oersetters fan de niisneamde Septuaginta. Hy rûn ek tsjin dat wurd Sjadaj oan, dy Namme foar de Hillige God. Hy begriep net wat dat wurd betsjutte en dus ek net hoe’t er it oersette moast yn it Gryksk. It ferhaal fertelt dat er dêr stie mei it wurd yn de hannen. En doe foel it op de grûn yn twa stikken.
Hy pakte se fan de grûn. En sa stie er dêr mei yn de iene hân Sja en yn de oare hân daj. Hy seach fan lofts nei rjochts, fan rjochts nei lofts en doe nochris en nochris . . .  En ynienen seach er, as waard it him ynjûn wat dy geheimsinnige namme betsjutte: Sja is ommers gewoan ‘dy’ yn it Hebrieusk en daj betsjut betsjút 'genôch'. 'Dy't genôch is', dat is de betsjutting. Want Hy, de Ivige, is ommers genôch foar ús, foar ús bern, foar ús folk.
De joadske gelearden Aquila, Symmachus en Theodotion hawwe yn de 2e ieu nei Kristus yn harren ferbettere Grykske oersetting fan de Hebrieuske bibel alle trije Sjadaj dan ek net oerset mei pantokratoor (hearsker oer alles), mar mei hikanos, dat 'genôch' betsjut. Nochris: dat jout te tinken!
Ik tink dat as Sjadaj yn ús bibel fanâlds ek mei 'genôch' oerset wie en net mei 'almachtige', dat fiergeande konsekwinsjes hân hie foar it leauwen. Want hoefolle minsken rinne net om mei de foarstelling dat God yn prinsipe ‘almachtich’ is, dat er alles kin: ûngelokken tefoaren komme, minsken beskermje, siken wer better meitsje, deaden werom bringe yn it libben en neam mar op. Ja, Hy docht it fansels net altiten, sa is dan de riddenaasje, allinne mar as it Him ‘yn syn net te bedjipjen wysheid’ goed tinkt. En wy moatte ús dêr ûnder deljaan. ‘Fromme berêsting’ hjit soks. En dat is yn it pastoraat gauris oanprize as in grutte kristlike deugd. Want it jout ommers gjin pas en kom yn opstân tsjin de wil fan God.

Opstân tsjin it âlde Godsbyld
Mar minsken dy’t in bytsje kritysk binne, freegje har ôf, hoe’t dy ‘almacht’ him rymje lit mei de godlike leafde, dêr’t de bibel sa fol fan stiet? Want as God sa ‘leafdefol’ is, wêrom lit er dan minsken krepearje oan kanker of oan MS?
Wêrom binne der dan natuerrampen, dy't sa'n protte slachtoffers meitsje: droechte, ierdskoddings, oerstreamings, tsunamys? Foar ien dy’t almachtich is, moat it ommers net sa’n grut kerwei wêze om dêr wat oan te dwaan, soe men sizze. En men kin jin ôffreegje, wêrom’t de Almachtige God net yngrepen hat yn Auschwitz, yn Sebrenica, yn Ruanda.
En wêrom grypt er hjoed net yn yn Darfour, yn Birma en neam mar op. Hoe kin in God dy’t leafdefol hjit te wêzen dit lijen talitte? Men soe sizze: of hy is net al-machtich of hy is net leafdefol. Ien fan beiden. Want as er almachtich wêze soe dan soe er ommers samar yngripe kinne. Slimmer noch: as er almachtich is en alles op ierde ferrinne lit neffens syn wil, dan hat er ek alle ellinde sa beskikt. Auschwitz en neam mar op.
En wêrom grypt er hjoed net yn yn Darfour, yn Birma en neam mar op. Hoe kin in God dy’t leafdefol hjit te wêzen dit lijen talitte? Men soe sizze: of hy is net al-machtich of hy is net leafdefol. Ien fan beiden.
Want as er almachtich wêze soe dan soe er ommers samar yngripe kinne. Slimmer noch: as er almachtich is en alles op ierde ferrinne lit neffens syn wil, dan hat er ek alle ellinde sa beskikt. Auschwitz en neam mar op. Dan wiene de boalen oars net as wurktugen yn syn hân.

Heidensk godsbyld?
Guon sille miskien tinke: ‘Dûmny, dûmny, jo bakke se wer brún fan ‘e moarn.' Nee bêste minsken, ik wiis der allinne mar op dat dy foarstelling fan in almachtige God net doocht, in soad kwea oanrjochte hat en noch altiten oanrjochtet. It ropt alderhande falske ferwachtings op en djippe teloarstellings.  Want krekt om dizze reden binne protten minsken fan it leauwen ôfrekke. ‘Yn sa’n freeslike God, dy’t sokke freeslike dingen talit
en sels docht, dêr wol en kin ik net yn leauwe’, krij ik dan te hearren. En wat moat men dan sizze? Ik jou dy minsken altiten grut gelyk! Want wat moat ik sizze, gemeente, as ik by in siikbêd stean?
'Dit wurdt jo fan Godswege oandien?’
'God soe jo bêst helpe kinne as er dat woe, mar om ien of oare reden docht er dat net?'
'Jo moatte dat mar fan Him oanfurdzje?'
Moat ik yn in stjerhûs sizze: ‘It is spitich, mar it wie blykber de tiid foar jim mem, jim heit, jo man of jo frou?
It wie blykber de tiid foar jim bern. God hat it sa beskikt. Want God is de Almachtige en Hy beskikt alles.
Hy wit wat goed foar ús is.
Ik soe se net graach de kost jaan wolle de minsken dy’t libje mei sa’n godsbyld, dy’t sa leauwe en de kollega’s dy’t it sa ferkundigje.  Mar ik neam it ûnpastoraal' en ûnminsklik. Sels ûnkristlik en net bibelsk.
Ik soe it sels heidensk neame wolle. Yn de heidenske âldheid komme wy ditsoarte fan godsfoarstellings oeral tsjin: yn Egypte, yn Grikelân en yn de Romeinske goadewrâld. Dit is bygelyks ek de god dêr’t in man as Hitler yn leaude: net yn de bibelske God fan de leafde, mar yn in almachtige ‘beskikker’ of wol de ‘foarsjennichheid’. Oan de almacht fan dizze god ûntliende er syn macht, sa wie er fan tinken.
Om my meie minsken leauwe wat se wolle. Elk hat it rjocht om it de apostoalyske leauwensbelidenis nei te sizzen en te leauwen yn in God dy’t ‘almachtich’ is. En elk hat ek rjocht op syn eigen teloarstellings, tink ik dan. 'El Sjadaj', keine Erklärung ist befriedigend. Gjin ferklearring is befredigjend.
De oersetting fan 'de Almachtige' is dat seker net. Persoanlik hâld ik it leaver op dy rabby Simeon dy’t de tekst falle liet en sei: Sja en daj. Hy dy't 'genôch' is. En ik slút my oan by de ferklearring dy't de joadske gelearden Aquila, Summachus en Theodotion joegen oangeande El Sjadaj. God dy't genôch is.

Wat seit Jezus fan God?
En no kom ik by Jezus fan Nazareth. Hy, dy’t de Soan fan God neamd wurdt. It is opmerklik dat Jezus de himelske Heit noait oansprekt mei ‘almachtige’ en ek noait sa oer him praat. Yn net ien fan de fjouwer evangeeljes komt it wurd ‘God Almachtich’ foar. Dat hoecht ús ek gjin nij te dwaan, want wat Jezus ús leart oer de himelske Heit, is dat er 'leafde' is. Hy is de Goede Hoeder, sa haw ik yn de earste preek oer it Apostolicum dúdlik meitsje wollen, Hy is as in Heit, sa haw ik dúdlik makke yn de twadde preek, in Heit dy’t mei in gefoel fan djippe emoasje sjocht nei syn bern. En yn dizze tredde preek lis ik de klam op de godlike leafde. Dat haw ik sels net betocht, ik haw it út de bibelske ferhalen en berjochten. Benammen haw ik it fan Jezus fan Nazareth.
Ik haw earder al sein dat foar ús de persoan fan Jezus Kristus in finster is op God. Yn him sjogge wy om samar te sizze hoe’t God is. 'Dy't my sjoen hat, hat de Heit sjoen', is in bekende útspraak fan him. Alles wat Jezus ferkundiget en leart, hat te meitsjen mei it Godsryk fan frede en leafde, fan djippe minsklikheid. En yn syn libben giet Jezus dy wei, mei alle konsekwinsjes dy’t dat hat. It is krekt syn kwetsberens dy’t ús opfalt,
it ôfsjen fan geweld, it stribjen nei frede.
Hy is de Goede Hoeder, dy’t each hat foar minsken, benammen dy minsken dy’t der ûndertroch geane.
En hy ropt syn learlingen op om him te folgjen yn it dwaan fan de wil fan God.

Jezus’ byld fan God: in God fan leafde
Yn syn earste brief docht Johannes dan ek oars net as dit boadskip fan Jezus trochjaan:
Freonen, lit ús inoar leafhawwe, want de leafde komt fan God;
elk dy’t leafhat is in bern fan God en ken God. Dy’t net leafhat, ken God net, want God is leafde.
As wy inoarren leafhawwe, bliuwt God yn ús  syn leafde is yn ús ta syn doel kommen.
Dêr witte wy oan, dat wy mei him ferbûn bliuwe: dat Er ús fan syn Geast jûn hat.
Gemeente, God is Geast. Hy is de Geast fan it goede. Hillige Geast. En as der al sprake is fan soks as ‘macht’, dan is dat de krêft fan dy Geast, de Geast dy't minsken besielet, ynspirearret en om samar te sizzen ‘bergen fersette’ lit. Dêr sille wy it mei dwaan moatte. En no kom ik wer by dy joadske gelearden, dy’t dat drege en mysterieuze wurd El Sjadaj oersetten mei ‘genôch’. Want de Ivige, de Alderheechste, dy’t Abraham rôp om mei Him op wei te gean, de Ivige, dy’t it folk Israël befrijde út Egypte en it paad wiisde troch de woestyn nei it ûnthjitten lân, de Ivige dy't it âlde folk de Tora joech, de Tsien Wurden fan frede en gerjochtichheid, om dêrneffens te libjen, dy God is foar ús ‘genôch’. En wy sizze: dy God dy’t wy yn it bysûnder kennen leare troch wat Jezus ús leart en sjen lit, troch syn ûnderrjocht en syn hiele libben, dy is foar ús ‘genôch’. It is wier, wy sjogge gjin almachtige beskikker, gjin blyn needlot, mar in God dy’t barmhertich is en fol fan genede. In God dy’t de leafde sels is. 'Dy' is 'genôch': El Sjadaj.

Amen.                                                                       Rienk Klooster