






Novimber 2009
Oertinking oer Hawwe en wêze
(troch Rienk Klooster)
Dizze oertinking kin ynladen wurde as PDF-dokumint troch te klikken op de neifolgjende skeakel: Kwea
Preek hâlden yn de rispingstsjinst op snein 8 novimber te Weidum.
Skriftlêzing: I Keningen 18:17-48 (Elia op ‘e Karmel)
Goed om tanktsjinst te hâlden
Sa’n prachtich oanklaaide tafel yn hjerstkleuren en mei alderhande griente en fruit, in lust foar it each is it. Wat ha wy it goed, tink ik dan. Neat te kleien: alle dagen sêd fan iten; in dak boppe de holle; soarch om jin hinne. In protte om tankber en tefreden yn it libben te stean.
'Tel uw zegeningen, tel ze een voor een, en ge ziet Gods liefde dan door alles heen', dat zongen wy destiids op de sneinsskoalle en ús beppe hie dizze wurden yn in moai listke oan it lewant hingjen. En by it sjen nei de nachtmielstafel moat ik tinke oan dizze wize wurden.
Dêrom is it ek goed om alle jierren yn de hjerst in tanktsjinst te hâlden. Want de oerfloed dêr’t wy yn libje, is ommers sa fanselssprekkend net as wy ornaris tinke.
Mar as wy nei de tafel sjogge, dat falt jin op dat der ek noch wat oars op stiet as allinne mar griente, fruchten en oare iterij. Der steane skalen mei brea en in kanne mei wyn. Dy passe dêr perfekt tusken en dy jouwe oan it gehiel tagelyk noch in oare diminsje. Dêrmei wurdt al it goede dat wy fan libje en foar ús sjogge tagelyk boppe himsels úttild en wurde wy konfrontearre mei de fraach nei sin en doel fan ús libben. Want dan giet it net langer om de fraach: 'Wat hasto?', mar om de fraach:
'Wa bisto?' Ik kom dêr daliks op werom.
Elia en syn tiid
Wy hawwe in stik út de bibel lêzen, dat net sa maklik te begripen is, mar dat my wol altiten fassinearre hat. Dit ferhaal dat him ôfspilet op de berch Karmel, koe wolris it hichtepunt wêze fan alle berjochten oer de profeet Elia. Elia is de profeet dy’t yn de tradysje fan Israël in eareplak ynnimt en dêryn neist Moazes stiet.
De grutte tsjinspilers fan Elia yn dit ferhaal is Achab, de kening oer de 10 stammen fan it noardlike ryk Israël. Hy is troud mei Izebel, ín prinsesse ôfkomstich út Sidon, in stêd oan de see yn it Fenysyske gebied, noardlik fan Israël. Ûnder har ynfloed is Achab oergien ta de ferearing fan de fruchtberheidsgod Baäl en waard de Baälstsjinst sa’n bytsje ynfierd as de offisjele godsstsjinst. Yn Samaria, de haadstêd fan it keninkryk fan Achab, wie dan ek in grutte Baälstimpel ferriisd, dêr’t wol sa’n 450 prysters wienen (hjir profeten neamd), dy't Izebel meinommen hie út har lân. Fierders wiene der ek noch likefolle profeten foar de fruchtberheidsgoadinne Asjeara yn it lân. Frijwat Israëlityske profeten dy't hjir tsjin yn opstân kamen, wiene oppakt en ombrocht.
Baäl lit it sitte
Tsjin dizze ôfgoaderij en wrede praktiken komt de profeet Elia yn opstân. Hy siket de kening op yn syn paleis en seit him lyk yn it gesicht: 'Sa wier as de Hear libbet, yn waans tsjinst ik stean: It sil net wer dauje of reine, eardat ik it sis'.
De kening wit yn earsten net wat er fan dy wurden tinke moat, mar as it dêrnei droech bliuwt, de rispinge mislearret en der hongersneed ûntstiet, wurdt it al tinken. Twa jier lang hâldt Elia him yn de woestyn en yn it bûtenlân beskûl foar kening Achab.
Mar dan kriget er troch dat er wer nei de kening tagean moat. En as se elkoar dan tsjinkomme, nei alle gedachten yn de paleistún, dan ropt de kening him ta: ‘Binne jo de man dy’t Israël yn it ûngelok bringt?’
Elia seit dan: ‘Ik haw Israël net yn it ûngelok brocht, mar jo en jimme heite femylje, trochdat jo de geboaden fan de Heare ferlitten hawwe en de Baäls efternei rûn binne’.
En dan daget er de kening út om op de berch Karmel in grutte wedstriid te hâlden. Achab sil dêr ferskine mei de 450 Baälsprofeten út Samaria en dy sille it dan opnimme tsjin Elia. It giet derom dat boppe-op de berch op in alter in bolle offere wurde sil. De god dy’t it alter mei fjoer oanstekt, is de wiere God fan Israël.
Op de bewuste dei is dan in grute kliber folk oanwêzich om te sjen hoe’t it komme sil. Want dit sil ommers
de oere fan wierheid wêze. Wiidweidich en net sûnder humor wurdt ferteld, hoe’t de wedstriid ferrint. De 450 Baälsmannen roppe, raze en hinkeldûnsje de godgânske dei. Op it lêst bestekke se harsels mei messen om harren fruchtberheidsgod te bewegen om it fjoer oan te stekken.
Lykwols om 'e nocht, want Baäl jout taal noch teken.
It wûnder op de Karmel
Mar dan komt de profeet Elia yn aksje. Hy noeget it folk om om him hinne stean te gean, as er it alter oprjochtet en it hout en it bollefleis derop leit. Dan lit er der trije kear fjouwer krûken wetter oerhinne jitte.
Dat getal tolve is it getal foar de stammen fan Israël. Trouwens ek it alter is opboud mei tolve stiennen.
Dêrnei sprekt Elia de wurden:
'God fan Abraham, Izaäk en Israël,
lit it hjoed dúdlik wurde dat Jo God binne yn Israël
en dat ik jo tsjinner bin,
en dat ik dit allegearre yn jo opdracht dien haw.
Jou my antwurd, Heare, jou my antwurd,
dat it folk witte mei, dat Jo, Heare,
God binne en dat Jo har hert wer nei Jo ta keare’.
Wat der dan bart, is hiel bysûnder. In godlik fjoer falt samar ynienen út in kleare loft wei op it alter.
En it fertart net allinne it brânoffer, mar ek de stiennen fan it alter en it sûcht it wetter út de greppel op.
As it folk dat sjocht, dan litte se har allegearre foaroer falle en roppe:
‘De Heare, dy is God! De Heare, dy is God!’
It is in yndrukwekkend ferhaal, benammen ek omdat it sa prachtich ferteld wurdt. Mar wat is der krekt oan de hân en wat is de boadskip foar ús hjoed, op dizze rispingsnein? It is dúdlik dat der yn dit ferhaal twa machten binne, dy’t tsjinelkoar oer steane en dy’t elkoar net ferneare kinne: Baäl en de God fan Israël.
De religy fan de fruchtberheid en it hawwen
Wa is Baäl? Baäl is de kanaänityske god fan de fruchtberheid. De god fan de wolfeart, de ekonomy, it jild soene wy hjoed sizze. Fansels is der op in dei as dizze, no’t wy al dy goeie dingen dêr’t wy fan libje foar ús lizzen sjogge, fansels alle reden om tankber te wêzen. Want wat soe der fan ús wurde moatte sûnder de fruchtberheid fan it lân, sûnder in sûne ekonomy en ek sûnder jild (Hoe sil bygelyks in greidboer bestean sûnder dat er in fetsoenlike priis foar de molke bart)? Yn de bibel sil it belang fan in goed draaiende ekonomy dan ek net ûntkend wurde. Alinne, men mei de wolfeart, it gewin en it jild noait as in allesbehearskjende godlike macht ferearje. As in god ophimsels. Dêr giet it om.
De namme ‘Baäl’ betsjut ‘hawwen’. En as de ynderlike driuw om te hawwen, om yn te klauwen en it stribjen nei it mear dat noait fol rekket, in minske yn de skjirre hat, dan komt it op de kop ferkeard. As de Baäl, it hawwen, dat wol sizze it eigenbelang en it egoïsme, it heechste wurdt, ja god wurdt, dan ûnstiet der in spikerhurde maatskippij dêr't minsken allinne noch foar harsels libje. Soks wie der oan de hân yn it Israël yn de dagen fan Elia. Kening Achab hie yn de haadstêd in Baälstimpel bouwe litten en 450 bûtenlânske Baälsprofeten sprieken dêr alle dagen de gebeden út en fersoargen de offertsjinst. En o wee, dy't oars tocht en dy't gjin oanhinger wie fan de relygje fan it 'hawwen'!
Être et avoir
En de God fan Israël? Syn namme, dy’t út earbied troch gjin Joad útsprutsen waard en wurdt, is ‘Jahweh’.
Dy namme betsjut soks as ‘wêze’, 'Ik sil der wêze'.
En dêrmei stiet dizze Namme streekrjocht foar de namme 'Baäl' oer. De God fan Israël is in befrijer fan slavernij en syn geboaden geane oer leafde en respekt, oer frede en gerjochtichheid. Net oer 'hawwen'.
De Frânske filosoof Gabriël Marcel (1889-1973) makke him der destiids grutte soargen oer dat de westerske maatskippij hieltiten minder minsklik waard. Syn ideeën hat er ûnder oaren delskreaun yn it boek Être et avoir ('wêze' en 'hawwe'). De tsjinstelling fan it 'hawwen' en it 'wêzen' set er foar elkoar oer. Wat er sizze wol is, dat wy yn in maatskippij libje, dêr't alles sa'n bytsje draait om it hawwen. Wy geane dêr hiel fier yn en offerje alles dêr oan op: de natoer, minsklike relaasjes, gerjochtichheid en leafde. Want it giet der fakentiids net om wat men is, mar om wat men hat. It giet fakentiids sels safier, dat men pas wat is, as men wat hat.
Marcel konstatearret dat it iene te’n koste giet fan it oare: want hoe mear as ik haw, wat minder as ik bin.
By it wiere minskwêzen giet it der net sa bot om wat men yn jins libben byelkoar garre hat en byelkoar klaud hat. De echte wearde fan in minskelibben hinget gear mei wat men is, wat men betsjut troch der te wêzen.
Hy pleitet dan ek foar libbensferdjipping, ynkear en ynderlike rêst. Dat sil jin bringe by de djipste lagen fan jins siel. Dat is tagelyk it útgongspunt om de oar echt te moetsjen en ek om God te moetsjen. Être et avoir, wêze en hawwe, twa tsjinstelde libbensprinsipes. Libbensynstellings dy’t oerienkomme mei tsjinst oan de ôfgod Baäl of mei it tsjinjen fan Jahweh, de God fan de bibel, de God fan Israël, de Heit fan Jezus Kristus.
De minske mei wêze, dy’t er is
It is dúdlik dat yn de tiid fan Elia de tsjinstellings op skerp stiene. It gong om de takomst fan it folk Israël: it wolwêzen, de geastlike sûnens, de minsklikheid.
En dat koe allinne mar as der in ein kaam oan de macht fan Baäl. It ferhaal fertelt dat der in wûnderteken rjochtstreeks út de himel komt.
Al it folk wie der djip fan ûnder de yndruk. Hja lieten har delfalle en doarsten no, en noch wol yn it bywêzen fan kening Achab, te roppen: 'De Hear (Jahweh), dy is God! De Hear, dy is God!'
En doe sei Elia: 'Pak no de profeten fan Baäl op en lit net ien fan harren ûntkomme!'
Gjin fredich ein foar dy mannen. Spitich!
Mar de boadskip foar dizze rispingstsjinst is dúdlik.
Tankber binne wy foar it goede dêr’t wy fan libje meie, mar de Hear, Jaweh, Hy dy’t der is, dy is God! En syn hillich wurd seit ús dat it der by Him om giet wa 't wy binne as minske en net wat wy allegearre wol net hawwe en yn ús libben byelkoar garje.
Amen.
Rienk Klooster

