Herfoarme Tsjerke Earnewâld

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2017 - 2018

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl

FOWE  -  De Earn

Juny 2015


Hoe te bidden?

De skriftlêzings: Psalm 139:1-12; Mattéus 6:5-8 en ; Lukas 11: 1-13.


De wurden fan it Us Heit binne fansels o sa bekend. Mar nettsjinsteande dat binne it wurden dy’t jin op ien of oare wize altiten wer djip reitsje. Want it binne wurden mei glâns en in djipte. Wiere wurden. En sadwaande mei in bysûndere sizzenskrêft. It Us Heit is mei in bytsje ferskil op twa plakken yn de bibel oererve: yn Mattéus 6 en yn Lukas 11.

It gebed yn Mattéus 6 is it meast bekend en wurdt trochstrings brûkt yn de liturgy.


Ferlegen mei it bidden

Mar men kin jin ôffreegje wat it US HEIT sa bysûnder makket en wat de bysûndere wearde dêrfan is.

Ik tink dat it bysûndere is, dat dizze wurden jin helpe om op in suvere en yntegere wize te bidden.

Men kin ek sizze: om op in geastlik folwoeksen wize te bidden en te leauwen. En dêrmei komme wy op in gefoelich punt, dêr’t wy it miskien ek net hielendal meielkoar oer iens binne. Mar ik begjin der al oer.

Ik haw nammentlik it idee, dat der hiel wat minsken om rinne, benammen yn de hjoeddeiske tiid, dy’t wat ferlegen binne mei it bidden. Oaren dêrfoaroer perfoarst net. Op in fakânsjereis haw ik ris in kollega moete,

dy’t folhâlde dat men oeral om bidde koe. Sels om betterskip foar ien dy't op stjerren lei.

Ik haw him doe mar wat prate litten, want hy miende it sa oprjocht wat er sei.

Dat nimt lykwols net wei dat der in soad ferlegenheid is wat it bidden oanbelanget.

Want hat it wol sin en doel? Wat wol men dermei berikke? Wat feroaret derfan?

Is der wol in God, dy’t dernei harket en dy’t it gebed ek ferheart?

Allegearre fragen dy’t gearhingje mei it bidden.


Ferlegen mei God

Dy ferlegenheid dy’t ik bedoel, koe ek wolris gearhingje mei in hiele oare fraach.

De fraach: wa is God?

Want it byld dat wy fan God hawwe, bepaalt hiel bot hoe’t wy leauwe en fansels ek hoe’t wy bidde.

En hoe’t wy leauwe, hinget wer hiel bot gear mei de minske dy't wy binne. Mei ús aard en wêzen.

Mei it fermidden dêr’t wy yn grut wurden binne.

Mei de oplieding dy’t wy hân hawwe.

Mei de minsken dy’t wy moete hawwe.

En net te ferjitten, mei wat wy meimakke hawwe yn de rin fan ús libben. Yn jins libben makket men trochstrings in hiel proses troch, in groeiproses.

Ek it leauwen makket in proses troch fan ynderlike groei. Wat men al of net leaut, hinget dan ek hiel bot gear mei jins persoanlike biografy. Datselde jildt ek foar jins gebedslibben en de fragen en de problemen dy't men dêrmei hat. Bidden giet ommers oer jins relaasje mei God. En krekt dat is wat hiel persoanliks.

Net ien hat dêr wat mei fanneden. Dat is wier. Mar dat wol net sizze dat der net oer praat wurde kin.

Oer de problemen datoangeande. Benammen hjoed-de-dei.


Tiden hawwe tiden

Ik haw it idee dat in eardere generaasje dy problemen minder fielde. Yn guon rûnten wie it gebed hiel gewoan en by alderhande gelegenheden waard der in gebed útsprutsen: foar en nei it miel; by it op bêd gean; by it begjin en oan de ein fan de skoaldei. Gearkomsten, útfierings, brulloften en partijen, oeral waard de seine fan hegerhân by frege. It wienen faak standertgebeden, dat wol.

Mar it hearde der wol by.  

Ik haw it idee dat dy lêste gebedskultuer net mear fanselssprekkend is. Wêrom net? Hat dat dan dochs te krijen mei dy ferlegenheid? Soe it kinne dat wy hjoed-de-dei mei in wat oar godsbyld libje as in eardere generaasje en dat wy sadwaande wat oars mei de dingen fan it leauwen omgeane? Is it om dy reden dat wy

t allegear net mear sa goed witte?


It ús Heit en de rjochtlinen

By al dy fragen kin it miskien in treast wêze, dat de learlingen fan Jezus ek in soartemint fan ferlegenheid fielden oangeande it bidden en him dêrom fregen: 'Hear, wolle jo ús bidden leare?’

En wat leart Jezus har dan? It Us Heit! En wy lêze yn Mattéus 6 dat er har ek noch wat rjochtlinen meijout

oer hoe’t se al en ek hoe’t se net bidde moatte.

Sa bynt er har op it hert om dat net te dwaan lykas de skynhilligen. Want dy meie graach yn it iepenbier

stean te bidden, dat de minsken har mar goed sjen en hearre sille.

‘Dy hawwe har lean al,’ seit er.

‘As jim bidde wolle, doch dat dan yn de binnenste binnekeamer, mei de doar ticht’.

Mei oare wurden: sykje God yn de stilte.

Want bidden is in persoanlike emoasje, in privee-oangelegenheid tusken jin en de himelske Heit.

In momint fan wierheid. Suver en ynteger.

Jezus seit ek: ’Brûk dêrom gjin omstel fan wurden, lykas de heidens dogge. Dy miene dat der better nei har harke wurdt as harren gebed mar lang en lûd is’. Mei dy heidens bedoelt er grif de net-joaden, lykas de Grykske befolking yn Palestina en de Romeinen. Dy hienen ommers ek sa har eigen goaden.

Goaden dy’t alles beskikten. Alles  wat der yn de wrâld barde en wat jin oerkaam yn jins persoanlike bestean, sawol it goede as it kweade.

En troch oanhâldend te bidden moast men sjen om har op ‘e lije side te kommen. En as men har geunst wûn hie, dan koe it wêze dat se jin takomme lieten dêr’t men har sa fûleinich om bidden en smeekt hie.

Sa moat it net, seit Jezus. It liket miskien wol from, mar men moat jin der net troch ymponearje litte.

En der seker gjin foarbyld oan nimme.

‘Jim Heit wit ommers wol wat jim brek binne’.

En by dy útspraak komt psalm 139 jin yn it sin:

‘Der komt my gjin wurd oer de lippen Hear, of Jo witte der al lang fan.

Achter my binne Jo en foar my, rûnom, en Jo lizze de hân op my’.


In ein oan de ferlanglist

Soe it wêze kinne dat de learlingen, neidat se Jezus kennen leard hawwe en syn ynfloed ûndergien, it net mear sa goed witte hoe’t se bidde moatte?

Tusken heakjes: Paulus sit trouwens mei dyselde ferlegenheid. Hy skriuwt oan de gemeente te Rome (8: 26) dizze opmerklike wurden: 'Want wy witte ommers net wat wy neffens rjocht bidde moatte.'

Soe it wêze kinne dat de learlingen fan Jezus earst wol wisten hoe’t se bidde moasten en dienen lykas dy oaren: dy ‘skynhilligen’ en ‘heidens’?

En dat in gebed foar harren oars net wie as wie as it opleppeljen fan in ferlanglistke?

Sa fan ‘God, jou my dit of dat. Tink hjirom en soargje dêrfoar?’

De Fryske skriuwer Trinus Riemersma hat dêr destiids yn syn boek Minskrotten, rotminsken in persiflaazje makke op dat type gebeden.

Jezus bynt syn learlingen op it hert om dêr mei op te hâlden. De himelske Heit wit ommers wol wat wy brek binne.


It gebed fan Jezus

En wat er har leart is yn wêzen oars neat as om op in folwoeksen wize te leauwen en te bidden.

Dat wol sizze: ‘yn geast en wierheid’.

Om te begjinnen meie hja God har ‘himelske Heit’ neame. God is om samar te sizzen as in Heit, dy’t as gjin oar wit wat syn bern nedich hawwe. En as men de stilte siket fan jins binnenkeamer, fier fan alle drokte en ynkeart yn jinsels, dan is Er der en hy heart jin. God sykje dat docht men yn de stilte, út in djippe emoasje wei: iepen en earlik, suver en ynteger.

Mar no de ynhâld. Wêr bidt men wol om en wêr net om? Jezus jout sels in antwurd op dy fraach.

Hy seit: as jim bidde, sis dan:


Us Heit yn de himel,

lit jo namme hillige wurde,

lit jo keninkryk komme,

lit jo wil dien wurde op ierde likegoed as yn de himel.

Jou ús hjoed ús deistich brea

en ferjou ús ús skulden,

lykas wy ús skuldners ferjûn hawwe.

En lit ús net yn fersiking komme,

mar ferlos ús fan de kweade.


It is opfallend dat dit gebed hiel wat oars is as in ferlanglistke, bygelyks in freegjen om sûnens en gelok, in goeie reis nei hûs, in goeie nachtrêst en sokssawat. It giet sels net oer de frede yn de wrâld.

Teminsten net sa direkt.

Mar Jezus seit dat elk dy’t op dizze wize bidt foar oaren en foar himsels, in iepen ear fine sil by de himelske Heit. Elk dy’t freget, sil krije. Elk dy’t siket, sil fine. Elk dy’t kloppet, sil iependien wurde.


Bidde yn geast en wierheid

Mar it wichtichste is grif dy leste opmerking dy’t er makket. En wol dat God syn Geast jaan sil oan elk dy’t Him dêrom freget.

Mei oare wurden: yn in oprjocht gebed komt it der altiten op del dat men freget om de Geast fan God yn jins libben. God is ommers Geast.

En as men it US HEIT bidt, dan freget men oars net as om Gods geastlike oanwêzigens. Dat Er ticht by jin wêze wol. Dat Er jin helpe wol en stypje. Somtiden treaste, somtiden moed jaan en ynspirearje.

Mei it doel dat men de sitewaasje dêr’t men yn ferkeart, oan kin en dat men wize besluten nimt.

Want wy witte allegearre wol dat it libben bytiden ferhipte dreech wêze kin. Der binne tebeksetten en teloarstellings. Der is sykte, lijen, dea, fertriet en gemis. Fan alles kin der op jins wei komme.

En elk kriget dêr sa syn part fan.

Dat is gjin godlike beskikking. Dy dingen barre gewoan. Ferklearrings ha wy net en binne der ek net.

Mar wêr’t wy om freegje meie, is krêft fan boppen. En as wy ús iepenstelle foar de Geast, dan sil dy ús helpe:

‘Achter my binne jo en foar my, rûnom. En jo lizze de hân op my. Dat te witten is my al te wûnder. Ik kin der net by’, seit de dichter fan psalm 139.  

En alle kearen as wy it US HEIT bidde, dan bidde wy yn wêzen om de Geast fan God yn ús eigen bestean

en yn it bestean fan oaren.

Dan bidde wy om de ynderlike krêft om oan te kinnen wat it libben ús bringt. De ynderlike krêft om in minske, in bern fan God te wêzen op it plak dat wy ynnimme yn dit libben.

Dat is bidden 'yn geast en yn wierheid'.


Amen


Rienk Klooster