wpd25a8018_02.jpg
wp0616a547.gif
wpd3a37125.gif
wp16ddc10b_02.jpg
wpfa277a31_02.jpg

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

artikels en oertinkings út de Earn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2011 - 2012

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Rienk Klooster - bylden en foarstellings fan Jezus

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

wpfa277a31_02.jpg
wpd3a37125.gif
Maart 2010

In nij begjin meitsje

Skriftlêzings: Amos 5:21-24; Mattéus 4:12-25

It begjin fan in nij kalinderjier is foar frijwat minsken in tiid om de saken wer wat op in rychje te setten.
De goeie foarnimmens, dy’t minsken dan hawwe, dy hearre dêr ek by. Op himsels is it goed om sa út en
troch yn jins libben de tiid te nimmen foar refleksje. Sa fan: ‘Wêr bin ik mei oan de gong en wat soe ik ek hast wer? Wat wol ik al en wat wol ik net!’ Sokke mominten binne wichtich. It is goed om dêr sa út en troch tiid foar te nimmen. En net allinne mei de jierwiksel.
Bytiden moat men om samar te sizzen ‘in nij begjin meitsje’.
Fansels kin men it libben net oerdwaan. Dat sizze wy dan wolris: ‘As ik it nochris oerdwaan koe, dan soe ik dit . . . of ik soe dat . . .' Mar yn wêzen hat sa'n útspraak gjin sin, want men kin jins libben net oerdwaan.
It libben is ommers unyk. Men libbet mar ien kear. Alteast, dêr gean wy mar fanút. Dus mei ‘in nij begjin meitsje’, bedoele wy wat oars. It is folle earder in weromgean nei de oarsprong. Op syk gean nei it oarspronklike útgongspunt. En troch in besinning op dat oarspronklike útgongspunt de saken bystelle,
op ‘e nij plannen meitsje foar de takomst en fannijs besykje om yn dy line fierder gean.

As it yn it libben fêstrint, moat men werom nei it útgongspunt
Sa wurket dat bygelyks yn minsklike relaasjes. As minsken tsjin elkoar sizze, dat se besykje wolle om op ‘e nij mei-elkoar te begjinnen, dan wol dat sizze dat se werom wolle nei dat oarspronklike útgongspunt, doe’t it allegearre noch goed en suver wie.
It momint bygelyks, doe’t twa minsken fereale op elkoar rekken. It momint bygelyks dat men by de widze stie. Of de tiid dat men noch fol siet mei plannen en idealen foar de takomst. Doe’t de takomst noch iepen foar jin lei en alles noch ljocht like.
In nij begjin meitsje wol dan ek sizze: besykje om djip yn jinsels (yn jins ûnthâld en jins gefoel) dat punt werom te finen, wer op te djipjen, en om dêr wat mei te dwaan. Út dy basis wei, de dingen wer bystelle en it libben wer op it goeie spoar bringe.
Wy witte ommers allegearre wol dat troch alderhande omstannichheden de boel hiel bot fêst rinne kin.
Wol sa fêst, dat it dreech wurdt om yn fertrouwen fierder te gean, de takomst yn ’e mjitte. Der kin ommers fan alles wêze, dat jins bestean ûnder spanning set, dat fan ynfloed is op jinsels en op jins relaasje mei de minsken om jin hinne. Want it libben ferrint net igaal. Der binne altiten hichten en djipten, rjochte einen en skerpe bochten. Der binne ljochte plakken en dûnkere plakken. Minsklike relaasjes binne sadwaande altiten yn beweging. Dêrom moat der op ’e tiid praat wurde. Op ’e tiid moat men wer op syk gean nei dat oarspronklike útgongspunt.
Want dat is wichtich om in nij begjin meitsje te kinnen. Sa by gelegenheid moat men jinsels de fraach stelle: ‘Wat soe ik, wat soene wy ek wer?'

Wat is it útgongspunt fan it leauwen?
En sa is it ek goed om sa út en troch nei te tinken oer de fraach: ‘Wat wie ek wer de basis fan it leauwen? Fan jins persoanlike leauwen? En wat is it oarspronklike útgongspunt fan it gemeente-wêzen?
Want de tsjerke yn al syn ferskiningsfoarmen, stiet yn in tradysje. Stiet sels stiif fan de tradysje, sa haw ik it idee. Alderhande tradysjes binne der. En sels ha wy dy ek. Fansels kin men dêr net sûnder. Mar de fraach is, hoe swier dy tradysjes foar ús wage. Soms haw ik it idee dat de tradysjes sa swier wêze kinne en sa oerhearskjend, dat se it leauwen en it libben earder smoare as romte jouwe.
Sa wiene wy fan it hjerst yn Grikelân. De tsjerken dêr binne prachtich, sawol fanbûten as fanbinnen.
Ien en al keunst: de ikoanen, de muorreskilderings en net te ferjitten de mozaïken. Prysters rinne dêr om yn tradisjonele habiten. De liturgy wurdt fierd mei in soad wijreek en bestiet út ieuwenâlde formules en lieten.
De teology dêr omhinne makket dúdlik dat it sà heart en net oars. Nijsgjirrich, mar tagelyk wurdt men jin dan ek wer bewust fan de posysje en útgongspunten fan jins eigen leauwen.  

Wêr giet it om yn it leauwen?
It is wier, it protestantisme hat yn de 16e ieu grutte opromming hâlden yn wat doe belibbe waard as tradisjonele rompslomp. Minsken as Luther, Zwingli, Calvyn en ek Minne Simens woene werom nei de soberheid fan de bibel. Werom nei de oarsprong, om samar te sizzen. In nij begjin.
Mar dêrmei ûntstiene wer nije tradysjes, dy’t ek wer hillich waarden. Ik tink dat wy hjir te krijen ha mei in ieuwenâld probleem.
Want al yn it âlde Israël wiene der guon, dy’t har steurden oan de timpeltsjinst mei al syn pracht en priel en syn hillige tradysjes. It wiene de profeten dy’t de uterlike skyn der fan ynseagen en dy’t fan de oarspronklike útgongspunten fan it leauwen in bytsje werom fine koenen yn dy timpeltsjinst yn Jeruzalim.
Sa’n profeet wie Amos. Fan him lêze wy de wurden:

Besparje My it gebalt fan lieten,
it muzyk fan harpen mei Ik net hearre.
Mar lit it rjocht oanrôlje as wetterweagen
En de gerjochtichheid as in rivier dy’t noait opdroeget.

It is hiel nijsgjirrich dat de profeet hjir it byld brûkt fan in rivier. Want in rivier ûntspringt heech yn de bergen út suvere boarnen. It wetter is dêr skjin, helder en fris. Mar al neffens dat in rivier fierder streamt, komt der fan alles op út en komt der fan alles yn telâne dat der fan hûs út hielendal net yn heart en dat sa’n rivier by eintsjebeslút fersmoarget. Op syk dus nei de suvere boarnen.

It boadskip fan Jezus
By de skriftlêzing út Mattéus 4 en it sykjen nei de boarnen fan it leauwen moast ik tinke oan 1997, doe’t myn frou en ik mei in reisselskip yn Israël wiene. Wy sieten kofje te drinken yn in kafee oan de Mar fan Galilea.
Op it strân lei in fiskersboat. En dan is der net safolle foar nedich om yn jins gedachten werom te gean nei dy dei dat dêr oan de igge fan dyselde mar immen rûn, in rabby, dy’t in stikmannich fiskerlju rôp om syn learlingen te wurden.
It wiene de bruorren Simon en Andreas en Johannes en Jakobus. En doe’t er harren rôp, sa wurdt ferteld, ha se op slach de netten dellein en binne se mei him meigien. ‘Minskefiskers’ soe er fan harren meitsje.
En mei dizze fjouwer manlju en noch in pear oaren teach er troch Galilea, joech er ûnderrjocht yn de synagogen en fertelde it bliid boadskip fan it Keninkryk fan God. En dêr op in hichte yn Galilea, net fier fan de mar ôf, spriek er syn bekende berchrede út.

Oer dy rabby, Jezus fan Nazareth, ha wy lêzen yn Mattéus 4. En de kearn fan it boadskip wie: ‘Bekear jimme, want it himelske ryk is tichteby kommen’.
In simpele boadskip. En noch altiten de kearn fan wêr’t it om giet: it Godsryk fan frede en fan leafde.
Wat er dêr krekt mei bedoelde, hat er neier útlein yn syn berchrede, mar ek yn in grut tal gelikenissen en wûndertekens. Mar ek syn eigen libben wie dêr ien grutte yllustraasje fan. Want yn dat Godsryk giet it om it bestean fan no en hjirre. It giet derom dat de grutte dream fan de minsklikheid stal krije sil yn de dagen fan  ús libben, yn wat wy fan ús libben meitsje.
It is opfallend dat Jezus net in protte wetten en foarskriften jout oer wat wol mei en wat net.
Hy hat ek net leard dat de dingen bliuwe moatte lykas se altiten al west hawwe.
Dat ha wy der wer fan makke. En dat dogge wy hieltiten wer.
Nee, Jezus hat allinne wat rjochtlinen jûn. En de minsken moatte sels mar sjen wat se dermei dogge. Want dat is ommers tige ôfhinklik fan de sitewaasje. De iene sitewaasje is de oare net. En de iene minske is de oare net. Alle minske binne unyk en ha sa har eigen jeften, talinten en mooglikheden. It Keninkryk fan God is
sadwaande ek like kleurryk as it libben sels. It jout oan it libben in bysûndere kleur en in bysûndere smaak.
En yn wat de iene minske foar de oare betsjutte kin, dêr ljochtet wat op fan de bedoeling fan it minskewêzen, d.w.s. fan it fisioen fan it Godsryk. Dêryn sjogge wy om samar te sizzen wat fan God sels.

God ropt minsken
'Bekear jim', seit Jezus, 'want it himelske ryk is tichteby kommen'.
Hy ropt minsken. Want it Godsryk bestiet út minsken. Minsken dy’t ynspirearre binne. Minsken dêr’t wat fan út giet.
En yn it leauwen giet it yn wêzen om gehoar te jaan oan dy stim. Dy stim dy’t jin ropt om oerein te kommen. Sokke roppingsferhalen, dêr is de bibel fol fan:
Abraham waard roppen, Mozes waard roppen. En dêrnei wiene der hieltiten wer profeten dy’t de ropstim hearden en dy’t der gehoar oan joegen om geastlik lieding te jaan oan it folk. En allyksa ropt Jezus minsken om him hinne.
Want it Godsryk is altyd mienskip-foarmjend. Minsklikens hat ommers altiten te krijen mei minsklike relaasjes. Jezus ropt minsken dan ek mei gjin oar doel as om in minske foar oare minsken te wêzen.
Dêrby giet it net om grutte klibers folk of de macht fan it getal. Ik tink dat it dêr no krekt hielendal net om giet.
Net om kwantiteit giet it, mar om kwaliteit. De ynderlike bekearing fanwegens dat Godsryk dat yn Jezus fan Nazareth yn ús libben komt, hat alles te meitsjen mei de kwaliteit fan ús bestean. Dat is de kearn, dêr’t it om giet. De oarsprong.

In nij kalinderjier leit foar ús: 2010. ‘Opnij begjinne’, dêr hiene wy it oer.
Dat betsjut werom gean nei de oarsprong. De oarsprong fan wat wy ek al wer soenen en wat wy ek al wer woenen. Mar ek nei de oarsprong fan it leauwen, nei de ropstim fan de Hear: ‘Bekear jim, want it Godsryk is tichteby kommen. Folgje my!’

Amen

Rienk Klooster  

wp9f7061fe_02.jpg
wp45cef1f5_02.jpg

De timpel fan Herodes

yn Jeruzalim