Herfoarme Tsjerke Earnewâld

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

Rjocht dwaan

Oer skepping en evolúsje

De takomst fan leauwen en tsjerke

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2019 - 20

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2


Foar it bûsboekje:


Moandei 21 augustus 2019 om 14.00 oere

Kommisje Earnewâldster Rûnte yn De Pein


Sneon 19 oktober 2019 om 19.30 oere

Lêzing fan Jan Hiemstra en Freerk van der Wal

oer ‘de warbere bij’.
Mei muzyk fan Jan van der Wal en Tsjibbe Reitsma op oargel en harmoanium


Tiisdei 10 septimber 2019

Earnewâldster Rûnte mei Prof. Dr. C.J. Den Heijer.

Jezus bron van hoop – ook bron van tegenspraak.

De geschiedenis van de kerk is geen bron van hoop, maar kennis van het verleden kan ons wel inspireren de moed desondanks niet te verliezen.

Earnewâldster Rûnte, program winterskoft 2019-2020


foar de seis lêzingen oer


‘Moed fan ‘e hope’


Oer de krêft fan ferbyldzjen en de wei fan betrouwen

It wêzenlike fan it leauwen is geastkrêft. It is it fermogen om hoek te hâlden yn in kompleks, ynderlik tsjinstridich en fakentiids ûnbegryplik bestean mei sinleaze einen en kanten. Dit lêste jildt net allinne foar it histoaryske barren dat him ôfspilet yn de grutte wrâld, mar ek likegoed foar sitewaasjes dêr’t men as minske yn bedarje kin. As men dat yn jin omgean lit, kinne negative gefoelens fan defêtisme en synisme jin maklik yn de besnijing krije. Dat is lykwols in libbenshâlding dy’t liede ta neat. It is dan ek net ommenocht dat yn de Bibel de hoop sa wêzenlik is. Dat is wat oars as sjen troch in rosse bril of oerflakkich optimisme. Hoop sit op folle djippere lagen. Hoop betsjut libbensmoed, gjin belies jaan, leauwe yn de takomst, warber bliuwe en kreatyf. Koartsein: hoop is de geastkrêft fan it libben.  


10 septimber 2019 Prof. Dr. C.J. (Cees) den Heyer

Jezus bron van hoop – ook bron van tegenspraak

De geschiedenis van de kerk is geen bron van hoop, maar kennis van het verleden kan ons wel inspireren de moed desondanks niet te verliezen.

Prof.dr. C.J. (Cees) den Heyer is emearitus heechlearaar.


8 oktober 2019    Dr. T.O.F. (Ton) van Prooijen
Hopen tegen alle hoop in

Jürgen Moltmann zette in de jaren zestig het thema hoop op de theologische agenda. Hoe actueel is zijn ‘theologie van de hoop’ een halve eeuw later?

Dr. T.O.F. (Ton) van Prooijen is dûmny yn Breda.


19 novimber 2019   Drs. J.S. (Hans) Schuman
Het kwaad van het niet kunnen hopen: de list van de ideologie van het hier en nu.

De druk van de moderne maatschappij op de mens om nu te presteren, nu te verdienen, nu te consumeren ontneemt hem de vrijheid om zich een toekomst te verbeelden die radicaal anders kan zijn. Bevrijding van het nu geeft ruimte voor de utopische verbeelding van de toekomst.

Drs. J.S. (Hans) Schuman, sosjolooch, ferbûn oan Hegeskoalle ‘Holland’ as dosint en direkteur.


7 jannewaris 2020  Dr. S. (Sytze) Ypma

De creatieve kracht van geloofsmoed en verbeelding
Een godsdienstpsychologische beschouwing van Paul Tillichs werken over moed en geloof.

Dr. S. (Sytze) Ypma is dûmny by de PKN tsjerke yn Frjentsjer.


4 febrewaris 2020   Prof. Dr. F. (Frits) de Lange

Heilige Onrust. Een pelgrimage naar het hart van religie

De hedendaagse pelgrim op weg naar Santiago de Compostella leert ons wat geloof in de kern is: opstaan, in beweging komen, de ene voet voor de andere zetten, leven van en in gastvrijheid.

Prof.dr. F. (Frits) de Lange is heechlearaar Etyk oan de P.T.U., fêstiging Grins, www.fritsdelange.nl


3 maart 2020  Dr. C. (Colet) van der Ven
Een droom kerven in een hart, een boom, een stenen tafel

Misschien is het wel een van de grootste menselijke talenten om in het hart van de hel te kunnen geloven in de hemel. Om in het holst van de nacht te kunnen denken aan het ochtendgloren.

Dr. C. (Colet) van der Ven, sjoernalist.


Tiid: 19.30 – 21.30 oere. Plak: PKN-Tsjerke Eben Haëzer. Adres: Wiidswei 6, 9264 TL  Earnewâld


Yntekening kin troch € 35,00 (de man/frou) oer te meitsjen op banknûmer NL62 RABO 0132 7430 51 op namme fan 'Frysk Oek. Wurkferbân', Nes, (fermeld yn de omskriuwing fan de betelling jim adres en postkoade yn ferbân mei it tastjoeren fan it program). It definitive program wurdt jim ein augustus tastjoerd. Losse ferkeap € 8,00 de lêzing.

Kontaktadres: Tine van Minnen, Wiesterwei 12, 9143 WJ Nes. Till.: 06 – 20600409  

E: tine.vanminnen@kpnplanet.nl



Omtinkers


De wierheid dy’t freonen jo net fertelle, is it bêste wapen fan de fijân.


Hoe seldsum de wierheid ek is, it oanbod hat altyd grutter west as de fraach.


Sprek de wierheid, of immen oars docht it wol foar dy.


De wierheid makket frij, mar earst silst der swier it mier oan hawwe.


De wierheid is net te ûnderwizen, allinne te libjen.


Nije wierheden begjinne almeast as ketterijen en se einigje faak as byleauwe.


Yn it net witten fan guon dingen, leit in soad wysheid.


Wysheid kin allinne ferwurven wurde troch in learende geast: dy’t gjin fragen stelt, sil ek gjin antwurden fine.


Suksesfolle minsken stelle bettere fragen.

En dêrtroch krije se bettere antwurden


Feiten ûntrint men net troch se te ûntstriden.


It libben is prachtich. Men moat allinne wol de

moed ha om dat (eigen) libben te libjen.


Lear josels kennen, foar’t jo tinke, dat jo in oar kenne


As men de wierheid fertelt, hoecht men net folle te ûnthâlden


It finen fan lok leit yn it genietsjen, net yn it besitten


Libje hjoed, net moarn: moarn is it wer hjoed.


Tink oan juster, dream fan moarn . . .

mar libje hjoed.


Sûnder doel gjin doelpunt.


De wize oertinkt syn eigen fersinnen.

Net dy fan in oar.


Yntelliginsje krijt men mei, wiisheid moat men leare


Nimmen hat wat oan religy of filosofy as er der net earst sels mei wraksele hat.


Elkenien sei dat it net mooglik wie, oant der ien kaam, dy’t dat net wist.


Ast de wyn net feroarje kinst, feroarje dan de stân fan dyn seilen.


Wat mis gien is, kinst net mear feroarje. Wol rjochtfeardich ripperearje.


It wichtichste by kommunikaasje is hearre wat der net sein wurdt.


Alles wat men yn dit libben nedich hat, binne ûnwittendheid en selsfertrouwen.

Dan hast altyd súkses.        Mark Twain


Kânsen binne as bussen. Der stoppet altyd wol ien. Richard Branson


In soad kennis is net sasear wysheid, mar mear in goed ûnthâld.


It geheim fan in goeie preek is in goed begjin en in goed ein en dêr tusken yn moat men it sa koart mooglik hâlde.


Elke menút fan jo libben is wer ien menút foargoed foarby.


In gelokkich ein hinget fansels ôf fan wêr’t men it ferhaal beëiniget.


Elk ein is tagelyk in nij begjin.


Want G-d set minsken bûten de tiid en lit har priuwe fan de ivichheid.

Augustus 2019

Earnewâldster Rûnte wurdt selsstannich en giet troch


Om’t de Earnewâldster Rûnte (ER) noch altyd goed draait (sawol organisatoarysk as kwa besikers) mar yn feite net it haaddoel fan it wurkferbân is (dat is it organisearjen fan Fryske tsjerketsjinsten yn Earnewâld)

hat it bestjoer fan it FOWE yn oerlis mei de kommisje ER besjoen hoe oft de aktiviteiten it bêste fuortset wurde kinne.

It FOWE wol dat sels net dwaan, om’t dat wer bestjoerlike en finansjele oanspraaklikens meibringt.

Der is dêrom besletten in aparte Stifting Earnewâldster Rûnte/Rotonde op te rjochtsjen, dy’t as doel hat it organisearjen fan de lêzingen yn Earnewâld.

De Stifting krijt in startkaptaal mei fan it FOWE, sadat se yn alle gefallen jierren foarút kinne.

De lêzingen foar it winterskoft 2019-2020 sille al foar rekken fan de nije Stifting komme.

It bestjoer fan it FOWE winsket de nije Stifting in soad súkses mei it fuortsetten fan de lêzings.


Tine van Minnen en Jan van der Wal

Augustus 2019

FOW Earnewâld hâldt op


Yn 2016 en 2017 binne 5 bestjoersleden fan it FOWE der om ferskate redenen mei ophâlden. Op dat stuit wienen der noch 2 bestjoersleden oer: Tine van Minnen dy’t der al 20 jier yn sit en der mei ophâlde wol no’t se al in pear jier mei pinsjoen is en Jan van der Wal dy’t no sûnt ein 2016 meidraait. Dêrneist docht Jan Lautenbach noch aktyf mei as administrateur en webmaster.

Boppedat sit der ek gjin tsjerkeriedslid fan de lokale tsjerke mear yn it bestjoer. Dat moat eins al neffens it karbrief, want alle Frysk Oekumenysk Wurk-ferbannen wolle altyd gearwurkje mei lokale tsjerklike gemeente(n). Lykwols hat de PKN Earnewâld it nei de fúzje drok mei har eigen saken en ek dêr rint it net oer fan de frijwilligers.

It draaiend hâlden fan it wurkferbân mei twa bestjoersleden is net te dwaan, mar de syktocht nei nije, Frysksinnige tsjerkeminsken, dy’t har ynsette wolle foar de doelstellings fan it FOWE hat gjin súkses hân.

Fierder is benammen troch âlder wurden en ferstjerren fan de (Frysksinnige) tsjerkeleden yn Earnewâld yn it bysûnder, mar ek yn de omkriten, de efterban fan it FOW en it tal besikers fan de tsjerketsjinsten bot tebekrûn. Dat hat ek de reden west om simmerdei gjin tsjinsten mear te organisearjen.

It bestjoer hat no besletten om nei 2019 op te hâlden mei de tsjerketsjinsten. Wy sille de Stifting FOWE

noch net daalk opheffe (wa wit, binne der oer in pear jier wòl entûsjaste minsken te finen dy’t it wurk

fuortsette wolle).

Ynearsten wurdt it FOWE dus in ‘sliepende’ Stifting, dy’t oars net docht, as it behear fan it eigen fermogen. Dat behear sil yn it teken stean fan it doel fan de Stifting: it befoarderjen fan it hâlden fan Frysktalige tsjerketsjinsten, bygelyks troch it stypjen fan de oare Wurkferbannen. Dêrneist bliuwe fansels alle aktiviteiten mooglik dêr’t mar man/froukrêft foar te finen is.

It is spitich dat it sa einiget, mar de kommende jierren sille noch wol mear tsjerken slute (moatte).

It is hjir net it plak om te analysearjen wat de problemen fan de hjoeddeiske lear en praktyk fan de tsjerke binne. Wy sjogge werom op in Wurkferbân, dat goed 20 jier (sûnt 4 oktober 1998) meidraaid hat yn de mienskip fan Earnewâld en omkriten. Wy hawwe tige moaie tsjinsten hân: oertinkings dy’t jin wat seinen, goeie koaren, moaie muzyk en in noflike mienskip.        

Wy tinke bygelyks ek oan de searje preken fan dûmny Klooster oer it ús Heit en de belidenis.

It súkses fan de lêzingen fan de Earnewâldster Rûnte - in idee fan foarsitter Doeke Faber - kaam ús suver oer it mad, mar die ús as bestjoer tige goed. En der sille ek minsken wêze, dy’t de Earn aanst misse sille. Hoe faak krigen we net in komplemintsje fan in lêzer foar ien of oare preek of oertinking.

Wy tinke fansels ek oan de moed en fleur fan eardere bestjoersleden: Doeke Faber is al neamd, mar ek Hieke Bruinsma, Koos Landheer en in soad oaren (ek fan bûten it doarp), dy’t wy hjir net allegearre neame kinne.

Wat goed wie, sil goed bliuwe en wy tinke der mei waarme fielings oan werom.

Wy hoopje jimme fan ‘t hjerst noch in pear kear te sjen yn de lêste tsjinsten en oars mooglik op de lêzingen fan de ER.

It bestjoer fan it FOW Earnewâld

Tine van Minnen en Jan van der Wal

Augustus 2019


Rjocht dwaan


It begripen fan oare minsken is somtiden net maklik en sa is it faak ek mei de bibel.

De oarspronklike betsjutting fan de ferhalen is bytiden kompleet ûndersnijd.

Se binne earst mûnling oerbrocht, letter opskreaun yn in taal dy’t gjin gebrûk makket fan klinkers; in taal dy’t

– lykas alle âlde talen – mar in beheinde wurdeskat hat fan in goed 6.700 wurden, sadat de measte wurden

faak mear betsjuttings hawwe kinne; se binne bewurke troch lettere generaasjes, oerskreaun troch

skriuwers, dy’t har wolris fersinden, sadat it NT mear as 250.000 ferskillen yn de tekst hat; oerset yn oare talen lykas Gryksk en Latyn en dêrút wei yn noch wer oare talen.

Yn it gefal fan de Evangeeljes binne de oarspronklike Hebrieuske of Arameeske boeken ferlern gien, sadat wy ús rêde moatte mei Grykske oersettings dy’t faak ûnbegryplik binne.


Joadsk taaleigen

Yn dit artikel wol ik it hawwe oer sa’n oerset-probleem út Eksodus 20, de tsien geboaden.

It giet my benammen om fers 5: “want Ik, de Heare dyn G-d, bin in oergeuntich G-d, dy’t de ûngerjochtichheid fan ‘e heiten op ‘e bern ferhellet, oan it tredde en fjirde geslacht ta fan harren dy’t my haatsje, mar dy't geunst bewiist oan it tûzenste geslacht fan dy’t My leafhawwe en myn geboaden ûnderhâlde”.

Noch altyd wurdt dizze útspraak brûkt om te bewizen, dat G-d in god fan straf en wraak is.


Lês mear>>