wpd25a8018_02.jpg
wp0616a547.gif
wpd3a37125.gif
wp16ddc10b_02.jpg
wpfa277a31_02.jpg

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

artikels en oertinkings út de Earn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2011 - 2012

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Rienk Klooster - bylden en foarstellings fan Jezus

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

wpfa277a31_02.jpg
wpd3a37125.gif
Septimber 2009
Oertinking oer Jezus en it kwea fan syn tiid
(troch Jan Lautenbach)

Dizze oertinking  kin ynladen wurde as PDF-dokumint troch te klikken op de neifolgjende skeakel: Kwea

Lêzingen: Lukas; haadstik 19, de fersen 11 oant en mei 27.
Dêrnei Lukas 13, it 31ste fers: “Doe wie it ek, dat inkelde Fariseeërs, by him kamen en seinen: “Sjoch dat jo hjirwei komme, want Herodes (Antipas, de soan fan Herodes de Grutte) wol jo fermoardzje.”

De foarbye moannen hawwe wy in grut tal preken heard oer de macht fan it kwea yn dizze wrâld en yn de minsken sels. Besikers fan de Earnewâldster Rûnte hawwe der in rige lêzingen oer hân en op de praatrûnte ha we der ek oer te set west.
En foar alle minsken dy’t der noch neat fan meikrigen haw, kin ik de saak koart gearfetsje: alle prekers en sprekkers steane oan de ein fan har ferhaal mei lege hannen.
It kwea is fan alle kanten besjoen, mar hoe’t it komt dat minsken duvels foar har meiminsken en de skepping wurde kinne, dêr is net ien fan harren út kommen en de measten sille dat ek daalk tajaan.
It kwea is en bliuwt ûnbegryplik en ûngrypber. Dochs haw ik der wol in soad fan leard.

Goed en kwea yn ússels
Yn it foarste plak fan de earste preek oer it kwea fan Jan Koops. Dat gong oer de goede en de wylde weet, dy’t troch inoar hinne groeie. Hy wiisde der op, dat de likenis net allinne giet oer it útroegjen fan de wylde weet (oftewol it kwea), mar dat it goede en it ferkearde yn alle minsken neist inoar groeie en besteane. Foar mysels fierder tinkend, kom ik ta de konklúzje: dêr sit foar in soad fan ús de oast. De balke yn in oar syn each sjen,
is net sa’n probleem en in soad minsken yn dizze wrâld komme ek noait fierder as dat. Mar earlik nei en yn josels sjen en tajaan, dat josels ek net altyd suver op ‘e graat binne, dàt kin in minske konfrontearje mei syn eigen djipste ôfgrûnen.
Dat waard my nochris dúdlik nei ôfrin fan de lêzing fan Hessel Posthuma, doe’t him frege waard wêrom oft er Boeddhist wurden wie. It antwurd op dy fraach docht hjir net ta de saak, mar wol syn opmerking oer it meditearjen. En dan haw ik it net oer meditaasje yn de sin fan rêstich sykhelje en wer kalm wurde yn ‘e drokte fan al den dei, mar oer meditaasje yn de sin fan: selsûndersyk en tige kritysk nei josels sjen. It Boeddhisme leit dêr tige de klam op, want in minske kin net trochgroeie op it geastlike libbenspaad – ferljochting neame se dat yn it Boeddhisme - as er himsels hieltyd foar de gek hâldt oer himsels en syn eigen djipste gefoelens, langstmen, eangsten en hanneljen, oft dy no goed of ferkeard binne.

Goed en kwea yn ‘e Joadske mystyk
In twadde aspekt fan it kwea, dat ik al wol earder tsjinkommen wie yn ‘e Joadske literatuer, brocht  Sjef Laenen nei foaren yn syn lêzing oer goed en kwea yn ‘e Joadske mystyk. Neffens de Joaden is God almachtich en ferantwurdlik foar de skepping.
Dy skepping is goed en dus kin it net oars of God hat ek it kwea skepen en mei in hiele dúdlike bedoeling. De kristlike lear fan de sûndefal fan Adam en Eva en de erfsûnde hat perfoarst gjin woartels yn de Torah. It is krekt Gods bedoeling dat wy troch ûnderfining leare wat goed en kwea is. Alles wat yn de Bibel stiet, kin (ek) opfette wurde as in inerlik barren. De úttocht út Egypte, de reis troch de woastyn, de ballingskip yn Babylon: it binne reizen dy’t alle minsken persoanlik meitsje moatte om tichter by God en har bettere sels te kommen. It is krekt yn de konfrontaasje mei it kwea dat de minske boppe himsels útgroeie kin. Yn de Joadske mystyk wurdt sein, dat yn alle minsken in tzaddik, in rjochtfeardige, skûlet. Alle minsken kinne útgroeie ta ien fan de 36 rjochtfeardigen, om waans rjochtfeardigens God de wrâld noch altyd yn stân hâldt.

De syktocht nei de ‘histoaryske’ Jezus
Al neitinkend oer dizze saken, tocht ik der ynienen oan, dat de kommisje Earnewâldster Rûnte yn har program ien ding fergetten hat en dat is: wat wie de hâlding fan Jezus foar it kwea oer? Hoe gong hy om mei it kwea en it lijen dat er tsjinkaam yn it Israël fan syn tiid? No is dy fraach maklik te beäntwurdzjen as wy útgeane fan besteande Kristlike dogma’s, mar foar minsken dy’t leard hawwe om kritysk nei te tinken oer de ynhâld fan de Bibel, is it tige nijsgjirrich om ris te sjen nei hoe’t Jezus omgong mei de Romeinske oerhearskers fan syn tiid. Wat wie syn antwurd op de sosjale misstannen yn it Israël fan dy tiid? Wat kinne wy fan him leare?

Foardat  wy útein sette mei ús ûndersyk nei Jezus en syn omgong en oanpak fan it kwea, past lykwols earst in fikse warskôging. Sûnt de tiid fan de Renêssânse en de Ferljochting hawwe bibelgelearden op syk west nei de saneamde “histoaryske Jezus”.
Want sûnt it guon teologen dúdlik waard, dat de Bibel net altyd “letterlik” wier wie, hawwe optimistyske gelearden miend, dat wy troch wittenskiplike metoaden wer sicht krije koenen op de wiere Jezus.
De tiid hat ús lykwols leard, dat wy noait wer 100% sicht krije kinne op dy histoaryske Jezus. It bliuwt sjen yn in “besleine spegel” en al yn 1906 hat Albert Schweitzer yn syn “Geschichte der Leben-Jesu-Forschung” (Frysk: skiednis fan it ûndersyk nei it libben fan Jezus) konkludearje moatten: “Even like it der op, dat wy de histoaryske Jezus moetsje soenen, mar hy bleau net stean en gong ús tiid foarby om nei syn eigen tiid werom te gean”. Oan de oare kant moat sein wurde, dat it histoarysk wittenskiplik ûndersyk fan de lêste jierren nei de skiednis fan Israël in hiele soad algemiene ynformaasje opsmiten hat oer it libben yn de tiid fan Jezus, histoaryske foarfallen, eftergrûnynformaasje oer it deistige libben ensfh. Ek de fynst fan de Deade See rôlen en de Nag Hammady geskriften hat ús wer nije ynformaasje oplevere, lykas ek it bestudearjen fan it Nije Testamint troch Joadske wittenskippers.

De klassike útlis fan Lukas 19
Hjoed sille wy dus teset oer Jezus en syn omgong mei it kwea en ik haw dêrfoar in pear stikken keazen út it boek Lukas. Haadstik 19: de fersen 11 oant en mei 27: de gelikenis fan ‘e tsien goudstikken. Dat is trouwens in ferkearde oersetting, want oarspronklik stiet der minas, dat almeast mei pûnen oerset wurdt en dat gelyk stiet oan 100 denarii, dat wie de gongbere Romeinske munt yn dy tiid.
As begjinnende bibelstudint komt it geregeld foar, dat men jinsels foar de kop slacht en seit: “Wêrom haw ik dit net earder sjoen?” of “Wêrom moat in oar my der op wize, dat ik oer de wierheid hinne stroffelje en it noch net sjoch?”
Sa is it ek mei dit bibelgedielte en ik tink dat in soad dûmnys oanklaud binne mei dizze tekst, want der wurdt net in soad oer preke. (by it tarieden fan dizze oertinking koe ik noch net witte, dat Jaap Veenstra der begjin septimber 2009 ek oer preekje soe). Ik haw socht op ynternet en der wurdt oer alles preke mar net oer dit stikje. Ik haw wol in pear Amerikaanske preken fûn, dy’t de klassike Kristlike útlis jouwe, dy’t ik yn myn jeugd ek noch wol ris heard haw.
De man fan heech komôf is Jezus, de feinten binne syn folgelingen, dy’t it al of net goed dogge mei har goudstikken c.q. talinten, mar o wee as jo net dogge, wat God en Jezus wolle, want dan rint it raar mei jo ôf: God lit jo foar syn eagen slachtsje (dat stie yn âldere oersettings) of deastekke (de nije oersetting).
Foar minsken dy’t leauwe yn in leafhawwende God in net te fertarren útlis.

De histoaryske eftergrûn fan Lukas 19
En dan lêst men yn in boekje fan in Joadske Nijtestamintikus, dat wy ús kompleet ferrifelje litte troch it wurd “gelikenis”. Want Jezus fertelt hjir net in learferhaal, mar in wier ferhaal yn de foarm fan in gelikenis.
Hy die dat yn de foarm fan in gelikenis, om’t it destiids libbensgefaarlik wie om streekrjocht krityk te hawwen op de Romeinske oerhearskers en har setbazen. Ik kom dêr daalk noch op werom.
Want de man fan heech komôf, dêr’t it hjir om giet is Herodes Archelaos, ien fan de trije soannen fan Herodes de Grutte, dy’t stoarn wie yn it jier 4 foar Kristus. Archelaos wie in broer fan Herodes Antipas en de healbroer fan Herodes Philippus.
Doe’t syn heit stoarn wie, rôp it leger him (neffens it lêste testamint fan syn heit) út ta kening, mar hy wegere dat, om’t er syn kleem op de troan earst oan keizer Augustus yn Rome foarlizze woe. Mar foardat er ôfreizge nei Rome, wie der yn Jeruzalim allegear opskuor en reboelje, want de Joaden wiene deabliid dat se ferlost wiene fan de wrede Herodes de Grutte. Dy reboelje ûnderdrukte Archelaos troch in bloedbad oan te rjochtsjen, dat 3.000 Joaden (benammen oanhingers fan de Fariseeske rjochting) it libben koste. De Joadske skiedskriuwer Flavius Josephus skriuwt dêroer: “Dizze Joaden waarden ôfslachte neist har offerjeften, en de hiele (foarhôf fan) de timpel lei fol deaden.”
Dêrnei beneamde Archelaos in tal minsken ta setbaas om it ynbarren fan de belesting op gong te hâlden (Jezus neamt dat eufemistysk “saken dwaan”) en reizge nei Rome. De tekst fan de gelikenis is dan gelyk oan de werklike skiednis, want stiet der: “Syn lânslju lykwols haten him en stjoerden him in delegaasje efternei mei it boadskip: wy wolle net, dat hy ús kening wurdt.” Mar hy krige de keninklike weardichheid al, al moat dêrby sein wurde, dat Archelaos minder krige as ferwachte. Want Augustus ferdielde it âlde ryk fan Herodes ûnder syn trije soannen:
- Herodes Archelaos krige Judea, Samaria en Idumea;
- Herodes Antipas krige Galilea en Perea en
- Herodes Philippus krige Batanea, Trachonites en de hichte fan Golan te’n Easten fan de Jordaan.

De rest fan de gelikenis giet dan oer it tige hurde bestjoer, dat Archelaos tsien jier lang útoefenet. Mei syn belestingheffing rûpelet er de minsken en it lân op in freeslike manier út en it ferhaal beslút mei de wraak fan Archelaos: “Mar dy fijannen fan my, dy’t net woenen, dat ik har kening wurde soe, bring dy hjir hinne en stek se foar myn eagen dea.”
It mei dúdlik wêze, dat Archelaos neffens de wurden fan syn feinten en himsels “in hurd man” is. Hy wie sels sa hurd, dat de Joaden har wer beklagen by de keizer en yn it jier 6 nei Kristus hat keizer Augustus Archelaos ôfset en ferballe nei Galje.
It kaam Augustus ek wol goed út, want fan dy tiid ôf stie Judea streekrjocht ûnder Romeinske prefekten of prokuratoaren, dêr’t de wolbekende Pontius Pilatus der ien fan wie. No wisten Jezus syn taharkers hiel goed, dat dy prefekten net folle better wiene as Archelaos en ek Pontius Pilatus stie bekend as ferskuorrend wreed. Yn it jier 36 waard ek hy weromroppen nei Rome.

De macht en realiteit fan it kwea yn Jezus syn tiid
No sitte wy hjir hjoed net yn tsjerke om ús kennis fan de skiednis wer op te heljen, mar ik ha faak it gefoel,
dat in soad minsken – ek tsjerkeminsken – faak wat al te romantysk nei Jezus en syn tiid sjogge.
It byld is almeast fan: Jezus kuiere wat troch Israël hinne, makke kloften minsken better, fertelde prachtige likenissen, hâlde berchredes, wie oeral wolkom en de minsken joegen him altyd wol in miel iten of in sliepplak. De iennichsten dy’t him net lije mochten, wienen in pear Farizeeërs en dy ha him mei help fan de Romeinen fermoardzje litten.
Mar as wy de Bibel en de skiednisboeken goed bestudearje, dan komme wy ta it ynsjoch, dat de werklikheid hiel wat oars wie. En yn dizze ‘likenis’ fan Jezus komt hiel ûnferwachts nei foaren hoe’t it lân der werklik hinne lei. Ik sis ‘ûnferwachts’ hiel doelbewust, want as jo bygelyks sjogge wat Mattéus yn haadstik 25 fan dit ferhaal makke hat, dan is it fan flymskerpe maatskippijkrityk feroare yn in sêftsedige likenis. En wy moatte dan tajaan, dat de Evangeeljeskriuwers net sa sterk yn har sandalen stienen as har foargonger Jezus. De wrede oerhearsking troch de Romeinen en har trawanten wurdt almeast amper neamd. Hjir en dêr fynt men der yn de Evangeeljes spoaren fan, mar noch faker komt it foar, dat de Romeinske oerhearskers der knap foarwei komme. In pear foarbylden:
- Pilatus, de man dy’t tûzenen Joaden oan it krús fermoarde hat, fynt (neffens de Evangelist) Jezus ûnskuldich. De Joaden wolle it sels. Hy wasket syn hannen der ôf;
- De Romeinske senturion dy’t nei it ferstjerren fan Jezus belydt: “Sûnder mis, dy man wie in Soan fan God”;
- De Romeinske offisier, dy’t sels in synagoge foar de Joaden boud hie.

As jo dizze oertinking  fierder lêze wolle, kin er ynladen wurde as PDF-dokumint troch te klikken op de neifolgjende skeakel: Kwea
wp9f7061fe_02.jpg