






Augustus 2006
Oertinking: it is foar my te wûnderbaarlik, ik kin ‘t net witte! (Job 42, fers 3)
(troch Jan Lautenbach)
Lêzingen: Job 40, de earste 14 fersen en út haadstik 42 de earste 6 fersen
Harold Kushner
Ik wol begjinne mei te sizzen, dat ik it boek Job altyd mar in dreech boek fûn ha. Krekt lykas in soad oare minsken hie ik der muoite mei. Ik haw ek noait begrepen, dat alle grutte teologen fan earder tiid en hjoed-de-dei Job sa moai fine, dat se der boeken oer fol skreaun hawwe.
De fernuvering foar my begjint al by de weddenskip fan God mei satan. God stiet ta dat satan alle bern fan Job fermoardet. Der wurde krapoan 40 haadstikken folpraat troch Job en syn freonen. Dan sprekt God sels út it needwaar en de stoarm en úteinlik krijt Job fan God syn sûnens en syn rykdom wer werom. En nei al dy wurden hie ik it gefoel as hie ik de clou fan it ferhaal net begrepen en koe ik der hielendal gjin grip op krije.
Dat ik no it gefoel haw dat ik der wat mear fan begryp, is te tankjen oan in boekje fan in liberale (liberaal yn de sin fan frijsinnich, net otterdoks) Joadske rabby, dy’t yn it boekje “When bad things happen to good people” yn 13 siden in útlis jout, dêr’t men as modern minske mei út de fuotten kin. En dy’t jin tagelyk wat bybringt fan it respekt en it ûntsach dat de Joaden hawwe foar har (en ús) God.
Dizze oertinking is dan ek foar in grut part basearre op de útlis fan dy rabby, Harold Kushner.
Eftergrûnen by it boek Job
Foardat ik begjin mei de feitlike útlis wol ik earst ta ynlieding in pear punten neame, dy’t fan belang binne foar it begripen fan Job.
Yn it foarste plak is it goed om te witten, dat de skriuwer fan Job sa’t wy dat kenne, reagearret op it wrâldbyld en it godsbyld fan syn tiid. In hiele oare tiid as uzes, want absolút elkenien leaude yn it bestean fan goaden. En yn har almacht om alle dingen op dizze ierde te bestjoeren en te regeljen. De Joaden leauden yn ien God, mar syn almacht stie net ta diskusje. Boppedat wie God in rjochtfeardich God. In gefolch fan dat leauwen wie dan ek, dat alles wat jo oerkaam de wil fan God wie. As jo siik waarden, of as jo in ûngelok oerkaam, dan koe it net oars of God die dat om jo te straffen foar jo ferkearde dieden. Fangefolgen koe it fansels foarkomme, dat poerbêste minsken, dy’t slim siik wiene, noch siker waarden troch prakkesaasjes oer har skuldgefoelens: “It kin net oars of ik haw wat ferkeard dien”. It sintrale tema fan it boek Job, giet dan ek oer de fraach hoe’t de trije neifolgjende útspraken har ta inoar ferhâlde:
a. God is almachtich;
b. God is rjochtfeardich en
c. Job is in goed minske.
Yn it twadde plak wol ik der op wize, dat Job in learferhaal is, in gelikenis om ús wat te fertellen en wat by te bringen. Sokke ferhalen steane der mear yn de Bibel. Ek Ruth en Jona binne learferhalen en se hearre ta de moaiste fan de hiele Bibel. By Ruth en Jona giet it der bygelyks om oft it boadskip en it heil fan Jahweh ek foar net Joaden bedoeld binne. Is Gods heil en leafde en ferjouwing fan skuld ek mooglik foar minsken dy’t net Joad binne? Foar ús as net Joaden is it antwurd op dy fraach sels fan libbensbelang. Sûnder dêr fierder op yn te gean, sil jim dúdlik wêze, dat de skriuwers fan Ruth en Jona dêr JA op sizze. Ruth de Moäbityske wurdt letter sels opnommen yn de geslachtsregisters fan David en Jezus, om ‘t de minsken fan letter tiid net mear yn de rekken hiene dat it om in learferhaal gong.
Mei alle respekt foar minsken, dy’t alle ferhalen yn de Bibel noch foar letterlik wier oannimme, hat it foar my persoanlik in grutte ferromming west om te witten, dat it om learferhalen giet.
De weddenskip fan God mei satan is net wier bard, mar it is in folksferhaal, dat de skriuwer brûkt om nei te tinken oer it godsbyld fan syn tiid, dêr’t er net mei út de fuotten kin. Minder sinfolle diskusjes oer hoe’t Jona trije dagen oerlibje kin yn de mage fan de walfisk binne net mear nedich.
En des te better kinne wy ús konsintrearje op it werklike boadskip fan dizze ferhalen.
It ûntstean fan it boek Job
Yn it tredde plak wol ik koart noch wat sizze oer hoe’t Kushner it ûntstean fan it boek Job sjocht.
Fansels komme wy hjir wittenskiplik besjoen op glêd iis, want it kin noait oars wêze as in rekonstruksje fan wat der mooglik bard wêze kinne soe, mar sa’t de Joaden sels sizze: “Fan elk bibelwurd binne santich kear santich útlizzen mooglik en allegearre binne se wier.”
Neffens de gelearden moat it boek Job, sa’t wy dat kenne, basearre wêze op in folksferhaal. In soarte fan ferhaal mei in moraal, dat ferteld waard om de minsken te sterkjen yn har leauwen en godstsjinst. It is trouwens dúdlik te sjen, dat it om in mearke giet, om in “Der wie ris . . . “ ferhaal, want de haadpersoan Job is sa goed en sa perfekt, dat elkenien daalk witte kin, dat men mei in net besteand persoan te meitsjen hat.
Dat folksferhaal begûn op deselde manier as it bibelboek mei de weddenskip tusken God en satan, Job dy’t alles ferliest en slim siik wurdt. Yn it folksferhaal is it dêrnei – lykas yn alle folksferhalen – folle simpeler as yn it boek wat wy kenne: Jobs frou jout him it advys om God te ferflokken en syn freonen riede him oan om syn leauwen en frommens mar oerboard te goaien as dit it risseltaat fan al syn frommens is. Mar Job hâldt fêst oan syn leauwen oan God en úteinlik ferskynt God oan Job en beleannet Job foar syn leauwen en trou troch him noch riker te meitsjen as fantefoaren.
De moraal fan it ferhaal is dúdlik: wat der ek barre mei, hâld fêst oan dyn leauwen yn God. Foar alles wat der yn dyn libben bart, hat God in goeie reden en ast mar fêst hâldst oan Him, dan komt alles wol wer goed.
“En se libben noch lang en gelokkich” sil ek destiids wol de ein fan dit folksferhaal west hawwe.
Ferhalen lykas dizze wiene der eartiids by de rûs en se waarden trochjûn fan generaasje op generaasje. En hiele rigen minsken sille der sûnder mis treast by fûn hawwe.
Mar de anonime skriuwer fan Job koe der net mei út de fuotten. Wat is dat foar in God dy’t ûnskuldige bern deadzje lit en Job yn it lijen stoart om in weddenskip fan satan te winnen? Is bline hearrigens oan God dan de heechste wet foar ús en mei Job dan net protestearje tsjin it ûnrjocht dat him oerkommen is?
De skriuwer fan Job hat sa ferûntweardige west oer dit âlde ferhaal, dat er it sels wer skreaun en hielendal binnenste bûten keard hat. Hy hat it himsels dêrby net maklik makke, want hy wie in filosoof fan nivo.
Hy wie in yntelligint man, in dichter mei in grut gefoel foar taal, dy’t Job skreaun hat yn sierlike, dichterlike taal. In taal dy’t tûzenen jierren letter faak amper te begripen is en op ferskate manieren út te lizzen. Oersettings fan Job binne dêrom faak ek hiel ferskillend.
Om ien foarbyld te neamen: de útspraak “Ik sil ûntsach hawwe foar God” kin likegoed oerset wurde mei “Ik sil gjin ûntsach hawwe foar God”. En der is mei gjin mooglikheid efter te kommen wat de skriuwer krekt bedoeld hat. Dat moat alhielendal út de kontekst opmakke wurde.
In oar punt dêr’t de skriuwer it himsels net maklik makke hat, is dat er alle stânpunten en arguminten earlik nei foaren bringt. It is dúdlik te fernimmen, dat de skriuwer mei Job meifielt, mar dochs bringt er de mienings fan Job syn freonen goed trochtocht nei foaren. Pas oan de ein fan it boek Job is hiel hoeden en subtyl oanjûn hoe’t de skriuwer der sels oer tinkt, mar dochs set er alle arguminten, ek al binne it sines net, klear en dúdlik op in rychje. Fangefolgen wurdt men as lêzer hinne en wer slingere fan it iene stânpunt nei it oare.
De tradysjonele útlis
Lit ús dan no ris besjen wat de skriuwer fan it “nije” Job krekt feroare en oanpast hat yn syn ferhaal.
Yn it earstoan liket it as folget hy it oarspronklike ferhaal frij krekt. It wurdt wat moaier en langer sein as yn in mûnling ferhaal mooglik is, mar de freonen fan Job besykje Job, dy’t syn bern ferlern hat en dy’t deasiik is, te treastgjen. Yn wêzen ferkundigje se alle tradisjonele en fromme dingen út it oarspronklike ferhaal: reitsje dyn leauwen net kwyt troch al dizze rampen. Wy hawwe in leafhawwende God yn de himel en Hy sil der foar soargje dat de goede minsken it goed hawwe en dat de ferkearden straft wurde foar har ferkeardens.
Ik wit net hoe’t it jim giet, mar by it lêzen fan sokke wurden, krij ik it suver benaud. Want hoe faak wurde ditsoarte fan goed bedoelde opmerkings net makke om minsken wer moed yn te sprekken? Ynienen sjocht men hoe leech en hol dizze wurden binne as wy se ôfsette tsjin it leed wat Job oerkomt. En wat minsken de wrâld oer en de tiden troch oerkomt. Ek by Job sille se oankommen wêze as krige er in slach mei in moker. Hoesa soarget God der foar dat it de goede minsken goed giet en dat de ferkearden har straf krije? Wolle syn freonen dêrmei sizze dat myn bern ferkeard wiene en dat se dêrom no dea binne? Bedoele jim dat iksels ferkeard west haw en is dat de reden, dat my dit oerkomt?
Wat haw ik dan dien, dat safolle slimmer is as wat jimme dogge, dat ik dit te ferduorjen krij?
De freonen binne fansels ferbjustere oer dizze útbarsting fan har freon. Har antwurd is, dat net ien ferwachtsje kin, dat God him seit wêrfoar oft er straft wurdt. Neffens de freonen hat God it fierstente drok mei it bestjoeren fan de wrâld om listjes by te hâlden fan de kearen dat minsken lige of in bidler mei lege hannen fuortstjoere. Wy kinne der allinne mar fanút gean dat net ien perfekt is en dat God wit wat er docht. As wy dêr net mear fan útgean kinne, wurdt de wrâld in gaos, dêr’t net in minske mear yn libje kin.
Mar Job lit him net sa maklik fan de sokken prate. Hy beweart ek net dat er perfekt is, mar hy seit dat er mear as de measte oare minsken besocht hat om goed en fatsoenlik te libjen. Hoe kin God in leafhawwende God wêze as hy de minsken aloan beloert om har te betraapjen op de lytste flater of ferkearde died en har dêr dan daalk op te pakken en swier te straffen? En hoe kin God rjochtfeardich wêze as kloften oare minsken lang sa swier net straft wurde as Job.
De toan fan de diskusje wurdt hieltyd lulker en skerper. De freonen fan Job sizze: Job, do hast ús foar de gek hâlden. Wy tochten datsto like from en godstsjinstich wiest as wy, mar no sjogge wy datsto heechmoedich en arrogant bist en in godslasterer. Gjin wûnder dat God dy dit oandocht, want God lit Him net foar de gek hâlde.
Job swart dat er ûnskuldich is
Trije omgongen lang duorret de diskusje. Job bringt syn miening nei foaren en de freonen ferdigenje God. Of better sein, se ûnderskriuwe de gongbere teologyske dogma’s.
En dan docht de skriuwer ûnferwachts in briljante set. Hy lit Job in berop dwaan op de bibelske strafwetjouwing. Want as in man beskuldige wurdt fan in misdied sûnder dat dy bewiisd wurde kin, mei er swarre dat er net skuldich is. En as de oanklagers dan net mei bewizen komme kinne, dan moatte se har oanklacht ynlûke. Hiel haadstik 31 swart Job dat er ûnskuldich is.
Hy stelt dat er de earmen altyd holpen hat, noait wat stellen hat en dat er him noait fermakke hat oer de ûndergong fan syn tsjinstanners.
Hy daget God út om mei bewizen te kommen of om ta te jaan dat Job gelyk hat.
Foardat ik no fierder gean mei it ferhaal, wol ik earst wer werom nei wat ik yn it begjin it sintrale tema fan Job neamd haw. Hoe moatte wy oan mei de 3 folgjende útspraken:
a. God is almachtich;
b. God is rjochtfeardich en
c. Job is in goed minske.
Út it foargeande sil jim dúdlik wurden wêze, dat de freonen fan Job de maklikste útwei kieze: God is almachtich en rjochtfeardich, dus kin it net oars of Job is folle minder goed as wy tinke en God straft him dêrfoar. De freonen fan Job wolle der net iens oan tinke, dat it mooglik oars wêze koe, want dan soene se har hiele wrâldbyld op de kop sette moatte.
En wat docht Job sels? Hoe komt hy út dit dilemma? Job sit der swier trochhinne, mar hy wit ien ding seker: hy is gjin kwea en ferkeard minske. Hy is miskien net folslein en perfekt, mar hy is hoe dan ek net safolle minder as alle oare minsken, dat er dit fertsjinne hat.
As bern fan syn tiid leaut er dat God alles foar it sizzen hat, dus hy kiest der foar om opsje B ferfalle te litten. God hoecht net altyd rjochtfeardich te wêzen.
De rest fan de oertinking is te lêzen troch te klikken op de neifolgjende skeakel (link)::
0608 Job