

grûnslach en doel fan de stifting FOWE
artikels en oertinkings út de Earn
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2011 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Rienk Klooster -
Sytse Ypma -

FOWE -
Juny 2009
Johannes Calvyn (1509 -
2009 is útroppen ta Calvyn-
Berte en oplieding
Jean Calvyn is berne op 10 july 1509 yn Noyon, in stêd yn in noarden fan Frankryk. Calvyn wie de soan fan Gérard Cauvin en Jeanne Lefranc: de fjirde fan seis bern.
Nei it earste hûsûnderrjocht en in jongesskoalle yn Noyon waard er yn 1523 foar ferfolchûnderwiis nei Parys tastjoerd. Hy bedarre dêr ynearsten op it Collège de la Marche, dêrnei op it Collège Montaignu. Hjir krige er benammen ûnderwiis yn Frânske en Latynske letterkunde. Syn heit hie yn it sin dat er dêrnei teology studearje soe, mar it waard in rjochtestúdzje yn Orléans (1528) en Bourges (1529). Yn 1532 waard er doctor yn de rjochten yn Orléans.
Yn dyselde snuorje ferlatinisearre er syn namme Jean Cauvin yn Iohannes Calvinus. Dizze latinisearre foarm waard yn it Nederlânsk Johannes Calvijn en yn it Frysk meitsje wy der mar Johannes Calvyn fan.
Yn 1532 ferskynt Calvyn syn earste boek, in kommentaar op De clementia fan de filosoof Seneca.
Yn dy publikaasje, dy't dúdlik in hulde wie oan Erasmus, komt er noch nei foaren
as in humanist, dat wol sizze immen dy't dan wol Roomsk-
Grysk-
Bekearing
Op 1 novimber 1533 die bliken dat Calvyn de reformatoaryske kant oergien wie. De rektor Nicolaas Cop hie foar syn rektorale rede in berop dien op help fan syn freon Johannes Calvyn. Yn dy rede kamen frijwat sitaten foar, net allinne fan Erasmus, mar ek fan Maarten Luther. Nei oanlieding fan dy rede moast Calvyn út Parys weiflechtsje. Hy hie him bekeard ta de reformaasjebeweging dy’t op dat stuit yn Europa geande wie.
Hy swalket dan in skoft om yn Frankryk, leit kontakten mei in tal minsken dy’t foar him fan belang wêze sille, nimt in skûlnamme oan en begjint te studearjen. Syn teologyske ideeën begjinne dan fêstere foarmen oan te nimmen. Yn 1535 bedarret er yn Bazel, dêr’t er de reformatoaren Heinrich Bullinger en Guillaume Farel moetet.
Yn 1536 ferkynt de earste edysje fan syn bekende haadwurk Instututio Religionis Christianae.
Dit boek sil syn libbenswurk wurde. Nei it earste ferskinen dêrfan sil er der noch jierrenlang oan wurkje en der oanfollings en útwreidings oan taheakje. Der ferskine in twade, tredde en fjirde printinge fan dit wurk, sawol yn it Latyn as yn it Frânsk. De fjirde en lêste printinge, in trijedielich wurk, yndield yn tachtich haadstikken, ferskynt yn 1559, fiif jier foar syn dea.
Earste perioade yn Genève
Yn 1536 reizget Calvyn nei Genève. Farel hie syn help ynroppen by de reformaasje yn dy stêd en Calvyn besjocht dit as in ropping fan God. Calvyn is fan betinken dat reformaasje net allinne om de geastlike kant giet, mar dat ek it iepenbiere libben dêrby oanpast wurde moat. Neidat hy en Farel in kategismus en in leauwensbelidenis opsteld hiene, woene se dat alle ynwenners dy stikken ûnderskriuwe soene.
Doe’t dat ta in konflikt kaam mei it stêdsbestjoer dat gâns liberaler wie, waarden de beide reformatoaren út Genève ferballe.
Straatsburch
Calvyn reizge doe nei Straatsburch, dêr’t er troch tadwaan fan syn freon en reformator Martin Bucer dûmny waard by de Frânske flechtlingegemeente yn dy stêd. Hy soe dêr oant 1541 ta bliuwe. Bucer hie yn dy jierren in grutte ynfloed op him. Johannes Calvyn trout dêr mei Idelette de Bure. It jonkje dat hja yn 1546 krije soene, ferstoar al gau nei de berte. Yn Straatsburch begûn Calvyn te wurkjen oan in protestantske liturgy. Yn 1539 ferskynde in earste psalmboek mei 18 psalms en in stikmannich gesangen. It jier dêrop ferskynden der formulieren foar de betsjinning fan Doop en Nachtmiel en ek de earste bibelkommentaren.
Twade perioade yn Genève
Neidat de bestjoerlike ferhâldings yn Genève feroare wiene, waard Calvyn dêr yn 1541
op ‘e nij dûmny en hy soe dêr oant syn dea ta bliuwe. Hy pakte fuortendaliks de tried
wer op en begûn mei it gearstallen fan in tsjerke-
1. doktors (doctores) oftewol leararen foar it ûnderrjocht oan studinten teology en de oplieding ta it dûmnyskip;
2. dûmnys foar it foargean yn de earetsjinsten, d.w.s. it preekjen en it betsjinjen fan doop en nachtmiel;
3. âlderlingen foar it hanthavenjen fan de tsjerklike tucht, dat wol sizze tafersjoch hâlde op lear en libbenswannel fan de leden fan de gemeente;
4. diakens, belêste mei de soarch foar de earmen.
Yn 1559 rjochte Calvyn in akademy op mei it doel om dûmnys op te lieden. Theodorus Beza waard de earste rektor, mar Calvyn joech sels ek ûnderwiis. Sa waard Genève in wichtich sintrum foar de reformaasjebeweging yn Europa. Rûnom wei kamen de studinten om yn Genève te studearjen en om dêrnei yn har eigen fermidden it gedachtegoed fan Calvyn út te dragen. Ûnder harren wiene:
John Knox (Skotlân);
Marnix fan Sint Aldegonde (Nederlannen) en
Caspar Olevianus (Dútsklân).
Betsjutting
It sil dúdlik wêze dat de betsjutting fan Calvyn grut west hat. Benammen yn Frankryk, Nederlân, Skotlân, Hongarije en Zevenburgen (Roemeenje) hat de kalvinistyske reformaasjebeweging grutte ynfloed hân. Mar ek op frijwat plakken yn Michigan hat it protestantisme in kalvinistysk karakter. Yn ús leauwen en tinken binne wy dan ek frijwat kalvinistysker as wy wolris tinke. As wy de dingen ris op in rychje sette, dan komme wy ta
in tal wichtige punten, dy’t o sa werkenber binne.
Calvyn hat brutsen mei it roomsk-
Ynstee dêrfan in tige sobere ynrjochting fan de tsjerke, in hiele oare liturgy en
in prinsipieel oare tsjerke-
Yn de earetsjinst kaam de klam te lizzen op de skriftlêzings en de útlis dêrfan: de preek. Ynstee fan it Latyn waard by alle ûnderdielen fan de tsjinst de folkstaal brûkt. Ynstee fan fêste liturgyske gebeden, kaam it gebed dat net bestie út fêste formulearrings, mar út wurden dy’t net standert wiene, mar fansels wol mei soarch opsteld.
Ynstee fan koarsang mei oargelbegelieding kaam de gemeentesang ûnder lieding fan in foarsjonger.
It is opmerklik, dat de liturgyske fersobering safier gong, dat it oargel net langer spylje mocht yn de earetsjinst. Oargelmuzyk achte men in 'wrâldske' oangelegenheid. Der waard wol oargelspile, mar net yn de tsjinst. Dat is op guon plakken sa bleaun, sels oant yn de 19e ieu ta. Wat songen waard, wiene bibelske lieten: de 150 berime psalms en in tal gesangen ûntliend oan bibellieten.
Ynstee fan de roomske bycht kaam it fêste ûnderdiel fan de kollektive skuldbelidenis en genedeferkundiging. Ek waard it steefêst lêzen fan de Tsien Geboaden ynfierd. Fan de sân sakraminten bleauwen allinne doop en nachtmiel oer.
Fan eucharisty nei nachtmiel
It nachtmiel hie by Calvyn in wat oare betsjutting as de roomske eucharisty.
Yn de roomske teology is it sa dat Jezus Kristus wierliken presint is yn brea en wyn (praesentia realis). Calvyn learde dat brea en wyn gewoan brea en wyn bliuwe, mar dat de Hear yn de geast oanwêzich is by dejingen dy't leauwe. Calvyn sels hie yn Genève it nachtmiel graach alle wiken fiere wollen, mar de tsjerkeried fûn ienkear yn de moanne wol genôch. Omdat der yn de stêd fjouwer tsjerken wiene, wist Calvyn it sa klear te krijen dat alle wiken op ien plak yn de stêd in fiering mei brea en wyn hâlden waard. Sadwaande wie elkenien yn de gelegenheid om alle sneinen it nachtmiel mei te meitsjen.
Fan paus nei âlderling
Essinsjeel is ek de feroaring op tsjerk-
De gemeenten kamen ûnder lieding te stean fan in tsjerkeried, keazen út en troch de gemeenteleden sels.
It sintrale amt yn de tsjerkeried wie yn wêzen it âlderlingskip. De âlderling hie in pastorale taak en moast der ek op tasjen dat it yn de gemeente oarderlik om en ta gong. By dat lêste hearde ek de tsjerklike tucht, d.w.s. it tafersjoch op in kristlike libbenswannel fan de gemeenteleden. Dy’t bûten de stringen stapten, koene nei in warskôging útsletten wurde fan it nachtmiel en yn it slimste gefal ôfsnien wurde fan de tsjerkemienskip.
De diaken wie yn wêzen in âlderling mei in bysûndere opdracht: de earmesoarch. Allyksa wie de dûmny yn wêzen in âlderling dy’t as taak hie om de bibel út te lizzen. De doktor (learaar) wie yn wêzen in âlderling dy’t de opdracht hie om it ûnderwiis te fersoargjen. Yn it Nederlânske kalvinisme hat dit amt gjin stal krige en binne de ûnderwiistaken opdroegen oan de dûmny en de âlderlingen. De gearstalling fan de tsjerkeried lykas wy dy sûnt ieuwen kenne, giet dus werom op de ideeën fan Calvyn. It heucht my noch fan in kolleezje oer tsjerkerjocht, dat de heechlearaar opmurk: de âldering is de pion dêr’t Calvyn de paus ‘skaakmat’ mei set hat.
Rienk Klooster
Literatuer: O.J. de Jong, Geschiedenis der kerk, Nijkerk 1992
Ek is it ien en oar ûntliend oan de webside fan de PKN
Johannes Calvyn,
53 jier âld,
nei in gravuere fan
René Boyvin
boarne: Wikipedia
win
