Herfoarme Tsjerke Earnewâld

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

Oer skepping en evolúsje

De takomst fan leauwen en tsjerke

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2018 - 2019

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl


FOWE  -  De Earn


Septimber 2010


Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld


Yn in bûtengewoane gearkomst op 16 augustus hat de tsjerkeried fan de herfoarme gemeente offisjeel in berop (33,33 % fan folsleine wurktiid) op my útbrocht.In opmerklik barren, sawol foar de gemeente as foar mysels. De lêste kear dat in Earnewâldster tsjerkeried selsstannich sa’n berop útbrocht hat, wie yn 1908.

Doe gong it om G.J.A. Offerhaus út Groot-Schermer, dy’t oant syn dea yn 1936 yn Earnewâld bleaun is.

Mei de dûmny’s en oare foargongers dêrnei gong it wat oars. Guon wienen tagelyk ek ferbûn yn in oare gemeente dêr’t Earnewâld mei kombinearre wie, oaren wienen bystân yn it pastoraat of helppreker.

Neat mis mei fansels, mar net lykas Offerhaus en syn trije foargongers (B. Bolleman van der Veen, D.L.E. Blankstein en J. Folpmers) offisjeel beroppen allinne troch de Earnewâldster tsjerkeried.

En sa hat ien fan de alderlytste gemeenten yn Fryslân de man beroppen dy’t al sûnt 19 juny 1983 as bystân yn it pastoraat by harren yn tsjinst wie.


De kombinaasje mei Westerwert

Opmerklik is it fansels ek foar mysels. In jier ferlyn hie ik net tinke kinnen dat myn karriêre yn de tsjerke sa’n ferrin krije soe. Foar guon lêzers dy’t dat net witte, is it tink ik goed om it ien en oar út te lizzen oer de dingen dy’t har de lêste tiid ôfspile hawwe.

Sûnt 19 juny 1983 wie ik offisjeel as dûmny ferbûn oan de  herfoarme/protestantske gemeente Westerwert (Jorwert, Weidum, Bears en Jellum). Dizze gemeente foarme in ‘pseudo-kombinaasje’ mei herfoarme Earnewâld, dêr’t ik foar 25 % fan myn wurktiid oan ferbûn wie. Dat wie hiel goed te dwaan en ik haw lange jierren mei entoesjasme en foldwaning wurke yn beide gemeenten. Ek yn Westerwert haw ik in hiele goeie tiid hân. Lykwols ûnstienen dêr spannings mei de tsjerkeried, dy’t net op te lossen wienen. Doe’t ik dêr ein jannewaris fan dit jier melding fan makke by it breed moderamen fan de klassis Frjentsjer, hat dy my pleatst ûnder ordinânsje 3-19 fan de tsjerke-oarder, dat wol sizze frijsteld fan alle wurk oant der in definitive

regeling komt mei Westerwert. Op myn fersyk is der by dy frijstelling fuortendaliks in útsûndering makke foar it wurk yn Earnewâld.


Befêstiging op snein 3 oktober 2010

Omdat herfoarme Earnewâld ek graach mei my fierder woe, is der in tsjerkoarderlike regeling troffen dy’t it mooglik makket, dat ik foar 1/3 fan myn wurktiid yn dy gemeente beroppen wurde kin. En dat is dan no bard. It doel is dat ik yn de tsjinst op 3 oktober o.s. offisjeel as dûmny by de herfoarme gemeente befêstige wurde sil. Myn kollega drs. Yvonne Hiemstra, ferbûn oan de Feriene Kristlike Gemeente yn Dokkum en foarsitter fan it Frysk Oekumenysk Wurkferbân by ús yn Earnewâld, sil my befêstigje.

Nei dizze offisjele befêstiging, dêr't ik myn ja-wurd jaan moat op de amtsfragen en de offisjele befêstigings-wurden útsprutsen wurde, hâld ik dan myn yntreepreek. Dizze wol hiel bysûndere  en feestlike tsjinst op 3 oktober sil in tsjinst wêze fan wurkferbân en herfoarme tsjerkeried beide.


It wurk yn Earnewâld giet troch

Ien fan de dingen dy’t by dy beroppingsproseduere ek dien wurde moast, wie it opstellen fan in wurkplan.

Wy ha yn de tsjerkeried ôfpraat dat it tal tsjinsten dêr’t ik yn foargean sil, lykas foarhinne bliuwe sil op achttjin yn it jier. En ek dat ik lykas foarhinne foar de iepenbiere kant op de Master Franke skoalle de godstsjinstlessen fersoargje sil. Om’t ik wat mear wurktiid krige haw (fan 25 % nei 33 1/3 %) sil ik ek dy minsken ris opsykje dy’t dan wol net yn it doarp wenje, mar hjir wol geregeld yn tsjerke komme of har op in oare wize mei ús gemeente ferbûn fiele.


Fansels sil ik, lykas foarhinne, ek beskikber wêze foar it FOWE, foar de Earnewâldster Rûnte en foar de redaksje fan it tydskrift de Earn. Datselde jildt foar de gearwurking mei de grifformearde tsjerke.

Ik hoopje dat wy sa meielkoar yn in goeie harmonije gearwurkje sille ta opbou fan it geastlik libben yn Earnewâld en dat wy in goeie tiid yn de mjitte gean meie.


Rienk Klooster