

grûnslach en doel fan de stifting FOWE
artikels en oertinkings út de Earn
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2011 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Rienk Klooster -
Sytse Ypma -

FOWE -
Desimber 2009
Kryst Kollum
Sûnt ik 15 jier lyn begûn bin de bibel te bestudearjen wit ik, dat Jezus net op earste Krystdei berne is.
En dat de âlde teksten letter taheakke mytyske ferhalen binne om Jezus te legitimearjen as Messias.
Mattéus bout it ferhaal benammen op mei ferwizings nei Jezus as in twadde Mozes. By Lukas wurdt gebrûk makke fan de âldtestamintyske wûnderbaarlike berte om it yngripen fan God dúdlik te meitsjen.
Ik ha dus net folle mear mei Kryst, al moat ik tajaan dat de muzyk en de âlde bylden by my noch altyd emoasjes oproppe.
Ik bin dus ien fan dy minsken, dy’t noch by de tsjerke hearre (wolle) en dêr’t guon fan sizze: ‘Wat docht er dêr noch?’ Want as jo net (mear) yn Jezus en de fersoening troch de krúsdea leauwe, wat ik eartiids wol dien haw, dan geane jo de ivige ûndergong temjitte, sizze guon. Lykwols kin ik al lang net mear leauwe yn in God, dy’t sûnder moederaasje it grutste part fan it minskdom foar ivich (!) nei de hel (!) ferwiist.
Ik haw in oar byld fan God krigen, want ik kin net lykas it Fatikaan of de Islam alle homo’s in plak yn it paradys ûntsizze (om mar wat te neamen).
Jezus wie in minsk
‘Wat seit it Kristendom of Jezus jo dan noch?’, wurdt my wol ris frege.
Dat is fansels in fraach, dy’t elke bibelstudint him/harsels hjoed of moarn stelle
moat. Ik moat tajaan: neidat de wûnderbaarlike berte, it Messias-
Want dat is foar my de fassinaasje mei Jezus: dat er minske wie. In minske, berne
yn in djip-
Syn âlders ha him de Joadske wet foarlibbe en hy hat de Joadske tradysje mear as 20 jier yngeand bestudearre foardat er op ‘en paad gyng mei syn eigen, fernijende ynsjoggen yn it âlde, Joadske leauwe.
Wy witte spitigernôch neat fan syn berte en syn libben foardat Markus en Johannes syn libbensferhaal begjinne mei syn doop yn de Jordaan. Dêr bart wat mei him, dêr krijt er de Geast.
Wat der wier bard is, delsaaiende dowen en/of stimmen út de himel, is foar my net sa wichtich.
Mar dêr op dat plak, fielde Jezus him roppen, dêr krige er ‘de Geast’ sa’t wy dat neame.
In minske kin de Geast krije
Jezus syn fierdere libben hat yn it teken stien fan de stim, dy’t him roppen hat by de Jordaan, foar Joaden it plak dêr’t se it troch God ûnthjitten lân yn geane.
Jezus as minske, dy’t besiket om nije wegen te sykjen mei God, yn in tiid dat ûnrjocht en oarloch syn lân en folk ferskuorre, seit my persoanlik mear as de healgod fan de evangelist Johannes. Dêr wit Jezus al yn it foar dat er lije moat, mar ek dat er wer ferrize sil.
De werklikheid is fansels oars.
It liket my, dat Jezus wraksele hat mei de hurde feiten fan it libben, sa’t jo en ik no noch dogge.
As minske is Jezus roppen en as minske is er ûndergien en tagelyk oerein bleaun. As minske hat er syn folgelingen sá ynspirearre, dat se nei syn dea oan it krús net leauwe koene, dat er stoarn wie.
Ik leau dat wol, mar tagelyk leau ik, wol ik leauwe, dat de Geast fan God noch altyd delsaaie kin op minsken.
Jan Lautenbach
