






Desimber 2007
It krystferhaal: hiel bysûnder
Yn desimber 2006 hie ik in telefoanysk fraachpetear mei Berber Bijma, meiwurkster fan it provinsjaal tsjinstesintrum fan de protestantske tsjerken yn Fryslân te Ljouwert. Yn ferbân mei in artikel yn it blêdsje fan it tsjinstesintrum woe hja graach in stikmannich dûmny's yn Fryslân hearre oer wat it kryst-evangeelje en it krystfeest harren persoanlik sei. Om’t myn miening datoangeande noch neat feroare is, jou ik hjir wer wat ik doe sawat sein haw.
'It bibelferhaal yn Lukas 2 ferfeelt my noait. De ynhâld en de djipte fan it ferhaal, de bylden en de symboalen, it bliuwt foar my hiel bysûnder. Krystfeesten ferfele my al gau, mar it krystferhaal sels mei ik o sa graach fertelle, benammen oan bern. Bern binne hiel ûntfanklik foar de sfear fan krysttiid en as ik harren it ferhaal fertel, dan komme my de krystfeesten út myn eigen bernetiid wer yn it sin. Ik fûn it altyd prachtich’.
'Men kin it krystevangeelje maklik (dogmatysk) plat preekje. Mar it ferhaal sels hat in grutte sizzenskrêft: minsken ûnderweis, it ljocht, de ingels, de hoeders. De djipte en de glâns fan it ferhaal yn Lukas 2 fassinearret my altiten wer'.
'De essinsje fan it krystferhaal is foar my dat it keninkryk fan God yn ús hert en yn ús bestean komme wol. Konkreet betsjut dat: minsklikheid, humaniteit. It giet derom wat minsken foar elkoar betsjutte kinne.
Minsken kinne ljocht bringe yn elkoars bestean'.
'De tsjinst op krystmoarn fyn ik alle jierren wer hiel bysûnder. Wy hawwe dan noait koaren en sokssawat,
mar altiten in tsjinst mei fiering fan brea en wyn. Foar my binne dat de tekens by útstek fan it tichteby kommen fan God yn Kristus. In ferhaal is in ferhaal, mar tichterby as de taastbere brea en wyn kin it hast net. Ien fan myn favorite útspraken, ûntliend oan in grut mystikus, is dan ek: 'Al wie Kristus tûzen kear yn Bethlehim berne, mar net yn dy, dan bist en bliuwst in bûtensteander'.
'Mei Peaske en mei Pinkster ha wy ek in fiering mei brea en wyn, om sa de essinsje fan it leauwen ta syn rjocht komme te litten. Fan de trije grutte feesten is Peaske wol it meast essinsjeel. Peaske giet foarôf oan Kryst. Yn de tsjerkeskiednis hat Peaske dan ek âldere papieren. Der mei dan wat in hiërargy yn sitte, mar Kryst is foar my net fan in mindere oarder'.
Ík bin altiten wol hiel gau sêd fan alle drokte en kommersje om krysttiid hinne. Sa seach ik yn oktober al wer de earste krystmannen. En yn de desimbermoanne is alles ferjûn fan de krystfersiering en skalle rûnom yn supermerken en warehuzen de krystlieten jin yn ‘e mjitte. Troch al dy franje hinne moat men wol ekstra jins bêst dwaan om de kearn fan it krystfeest fêst te hâlden’.
Rienk Klooster
Fuotstappen yn it sân
Dit gedicht (fûn op ynternet) haw ik brûkt yn myn earste preek oer de leauwensbelidenis.
Der stie boppe: (van Loes)
'Ik heb heel weinig met religie en met de Heer, maar de essentie van deze
woorden spreken mij enorm aan’.
Ik dreamde en sjoch,
ik rûn oan it strân by leechtij.
Net allinne wie ik, de Hear wie by my.
Wy rûnen tegearre, it libben troch
en lieten yn it sân
in spoar fan fuotstappen, twa oan twa.
De Hear rûn oan myn hân.
Ik bleau stean, seach efterom
en seach myn libbensrin
yn tiden fan wille en gelok,
fan djip fertriet en wanhoop.
Mar doe’t ik it spoar goed beseach,
seach ik op de hiele wei,
krekt dêr’t it op ‘en dreechsten wie,
mar ien pear stappen stean . . .
Ik sei doe: ‘Hear, hoe kin dat no!
Krekt doe’t ik Jo sa nedich hie . . .
Krekt doe’t ik sels gjin útkomst seach,
op it dreechste stik fan ’t libbenspaad . . .'
De Hear seach my fol leafde oan
en joech as antwurd op myn fraach:
'Myn leave bern,
doe’t it sa dreech foar dy wie,
doe haw ik dy droegen . . .'


