Herfoarme Tsjerke Earnewâld

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

Oer skepping en evolúsje

De takomst fan leauwen en tsjerke

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2018 - 2019

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl


FOWE  -  De Earn


Desimber 2009


Longerjend lânskip

Yvonne Hiemstra oer de dichter C.O. Jellema, boer en dichter


Wie wij zijn wordt zichtbaar in het gedachte

beeld dat de zon beschijnt. Een boerderij-

profiel. Nanachtvorst heeft de schapewei

gewit. Geboortevlies besluit de grachten


te dun om wat er in het water overnachten

wou: de wil om weer te worden als zij

die ons voorgingen. Zo voorbarig vrij

zijn wij hier besloten in het hier verwachte:


kijken beherbergt ons, wij zijn het beeld.

Eindelijk samenvallen met de vroege

morgen. Bevroren dauw. Een taal die zwijgt.


Geborgen in een bomenrij, geneigd

tot luisteren naar wind. En die ons droegen:

portretten aan de wand. Gelijst. Vergeeld.


Boppesteand gedicht fan C.O. Jellema is nei myn betinken ien fan de juwieltsjes dy’t de Hollânske poëzije ryk is. Njonken it weemoedige taalgebrûk, mei syn langstme nei ferfleine dagen, giet dit wurk fan Jellema oer in pynlik, mar ek wêzentlik tema: dat fan de dea.


Ut in laach fan boeren en dûmnys

Cornelius Onno Jellema waard berne op 9 septimber 1936 yn Grins. Hy ferstoar op 19 maart 2003 yn syn wenplak Leens. Syn libben wie ferweve mei it Grinzer plattelân. Jellema hat op skerpsinnige wize, sa't dy

him eigen wie, de gefolgen foar it plattelân fan de sekularisaasje en de ûnttsjerkliking observearre.

En it gie him oan it hert.

Dat er hjir moederaasje mei hie is net sa ferwûnderlik. Hy wie de âldste fan trije soannen, berne út in houlik tusken ds Otto Samuel Jellema en Eetje Aaffiena Barlagen. De húshâlding stie bekend as tolerant yn tinken en stie iepen foar kulturele ûntjouwing. Yn dit fermidden wie er as bern fan in dûmny fertroud rekke mei taal en literatuer.

It geslacht Jellema wurdt tekene troch Fryske en Grinzer boeren en dûmny’s. En dy twa poalen, dy’t utersten liken te wêzen, hat Jellema yn syn wurk hiel ticht byinoar brocht. De boer yn him wist fan it wrotten yn de grûn. De dûmny yn him besocht de bisten, it lânskip - it ierdske en de fergonklikheid - te tsjutten yn de

gruttere ferbannen fan it bestean. Jellema, kommend út sawol in laach fan boeren as fan predikanten, wist dat wy, lykas psalm 103 sjongt: as gers en blommen hinne gean . . .


Thús op it  ‘Hoge Laand’

As predikantesoan is er hikke en tein yn plakken as Beilen en Amersfoart, mar ek it Fryske Sint Anne hat syn thús west. As soan fan in dûmny spruts it eins fansels: ek dizze telch út 'e famylje soe de kânsel opgean. Dochs fielde Jellema tidens syn stúdzje teology yn Amsterdam gjin ropping it saneamde ‘bliid boadskip’ te ferkundigjen. Mar benammen fielde er him net thús yn de tsjerklike struktueren. Té dogmatysk, ferstikkend en smoarend. Nee, teinei wienen it de deade Dútske tinkers en dichters mei wa’t er yn petear wêze soe: Rilke, Hölderin en Meister Eckhart, fan wa’t er wurken oerset hat. Sa studearre Jellema ôf yn de Dútske taal- en letterkunde yn Utert en sa krige er letter in posysje oan de Grinzer Universiteit.

De boer en de dûmny yn him lieten him lykwols net los. As syn alter ego’s waarden hja it meast yntegrearre yn syn dichtkeunst. Yn de measte fan syn gedichten jout Jellema blyk fan rintmasterskip. It liket as joech it lânskip Jellema in mystike tagong ta eat dat de sinlik waarnimbere wrâld te boppe giet. Dat Jellema mei ynmoed oer it lânskip prate, wurdt dúdlik as er it Grinzer lânskip, mar ek syn eigen tún by syn wente yn Leens, dat in soarte fan lytshôf fan Eden wie, de 'moeder van mijn gedachten' neamt.

Jellema wie op syn wize dwaande mei it hoedzjen en noedzjen fan it lânskip dêr’t er wenne. 'Als kind liep ik daar in de velden, waarin van alles groeide, zwanenbloemen nog groeiden, planten die er tegenwoordig nauwelijks nog zijn'. Jellema joech oan dat it wichtich wie foar de minsk each te hawwen foar de grûn dêr’t wy op steane en dy’t ús draacht. De beammen, de loften, de iepen romte mei har pleatsen, de tsjerketuorren dy’t ta himelshichten rikke, binne stille tsjûgen fan ferfleine tiden. It longerjend lânskip as libben keunstwurk.


Doe‘t God it plattelân ferliet

As it waar it taliet, wie Jellema alle dagen oan it wurk yn syn tún. Hy hat wol it ferwyt krigen dat er nea fierder seach as de hage dy’t om syn eigen tún stie. Mar neat is minder wier. Besibbe oan de Grinzer grûn as er wie, makke er him grutte soargen oer hoe't der mei it plattelân omsprongen waard. De boer dy't op djippe genetyske lagen ta him spruts, makke him drok om de bisten dy't út it lânskip ferdwûnen, de sleatten dy’t tichtsmiten waarden, de ruilferkaveling, de skaal-fergrutting, it stribjen nei mear en grutter. Ferskriklik fûn er de wynmûnen, de boarlokaasjes. Hy hat der noch in blauwe moandei foar yn de polityk sitten, mar Jellema wie gjin man fan it kompromis. De dûmny yn him koe fan wetter gjin wyn meitsje.

Hy gie wer oan it wurk, mei syn pinne, mei syn túnklauwer. Dat lei him better. En sa betsjinne er him fan syn eigen ark en in taal dy't tagong jout ta in oare werklikheid.

It twapetear tusken de boer en de dûmny yn him, kaam ek ta utering yn hoe’t Jellema it proses fan sekularisaasje belibbe hat. Doe’t God it plattelân ferliet, stienen de tsjerken der ferlitten by, as karkassen tsjûgen fan wat 'm dêr ea ôfspile hie. Neffens de dichter hat de tsjerke, njonken de taak godshûs te wêzen, ek de opdracht it lânskip te beskermjen. Hjoed-de-dei hat de minsk God loskeppele fan kultuer; it minsklik

hanneljen is it nije kredo. ‘Het respect dat men vroeger had voor de eigen omgeving is verdwenen en dat heeft ook te maken met het verdwijnen van het godsbesef. Dat houdt het respect levend, en het besef dat we meer rentmeesters zijn dan uitbuiters. Een kerk geeft nog uitdrukking aan het vroegere gevoel . . .’

(ynterview NRC 23-11-96).


Grof geweld fan plannemakkers

Jellema moast net in soad hawwe fan de wize fan omgean mei de dingen, sa as dat hjoed-de-dei bart.

De nôtkerrel, as begjin en ein fan it libben, eat dat fergean moat om wer op te kommen . . . neffens Jellema hat de hjoeddeistige minsk der gjin weet mear fan. Sa sille der ek yn Fryslân grutte yndustriële projekten út

de grûn ferrize. Projekten lykas de Sintrale As, dêr’t it rendemint neffens ûndersikers slim diskutabel fan is, mar dêr’t we bestjoerders net oer hearre, de Heak om Ljouwert, de ôffalûne by Harns. It is mar de fraach hoe’t dit grof geweld him ferhâldt ta wat it op ynhâld opsmyt.

Jellema wrotte yn de grûn en socht yn syn gedichten de befêstiging fan wat er fermoede: it respekt, de moederaasje foar dat wat west hat en de tradysjes dy’t ús de takomst yn drage moatte. Hy naam de wrâld om him hinne waar en seach dat dy wearden troch hjoeddeistige bestjoerders en plannemakkers oan har fallisemint holpen waarden. Mar yn syn dichtsjen kamen se wer ta libben, waarden se manifest en joech er se ivichheidswearde.


Prachtige fiergesichten

Mar Jellema wist dat de einichheid fan dit ierdske libben nea werklik oerwûn wurde koe. En dat is de eksistinsjele pine fan de minske. Wy kinne no ien kear net werom nei it hôf fan Eden. Faaks dat Jellema dêrom yn syn eigen tún dwaande wie in ôfspegeling fan dat Eden te meitsjen. Wy moatte erkenne dat wy alles dêr’t wy fan hâlde op in dei ferlieze sille. In minske is bûn oan plak, tiid en romte en oan it eigen lichem dat einich is. Lykwols, weet hawwen fan de dea, is wat oars as him oanfurdigje.dea freget om ferset.

De dea trune Jellema oan ta dichtsjen en ta klauwen yn de hurde, toarstige grûn. Jellema wie besibbe mei dy grûn, mei syn foarâlden, mei de tradysjes fan syn jeugd. Lykas it iepeningsgedicht oanjout: in ferbining mei in pleats, it lânskip.

Nei myn betinken binne de wurken fan Jellema fan in net te oerskatten wearde. It binne skatten yn de ikker. Dy't de muoite nimt syn wurken te lêzen, wurdt beleanne mei prachtige fiergesichten.

Cornelis Jellema hat as gjin oar begrepen dat it de minsk te’n diel falt de dingen om him hinne te (be)neamen. It skeppende wurd is fan heechste wearde om it bestean foarm te jaan. Mar in minske is net gelyk oan god:

de minske sprekt taal dy't altyd foarriedich en dêrmei per definysje foarbarich is. Brekber, wif, mar benammen tear. Dat binne de antwurden op de fraach nei wa't wy te'n djipsten binne: langstme, leafde, ôfskie en dea.


Aber die Lüfte, aber die Räume! (Rilke)

Op 23 maart 2003 waard Jellema begroeven op in selskeazen plak: de wierde fan Saaksum.

Swarte hynders brochten him nei syn lêste rêstplak.

De seizoenen lûke oan syn grêf foarby . . .aber die Lüfte, aber die Räume . . .

Jellema rêst yn it Hoge Laand, it longerjende lân fan syn foarfaars, it laach fan boeren en dûmny’s.

Op syn grêfstien stean wurden fan syn hân: En wij zijn hier om het te noemen tot wij niet meer zijn . . .


Wij zullen noemen wat wij zien, elkaar

de tover tonen van een morgenlicht

over het veld, de voren die gericht

zijn op een eindeloze einder waar


belijning overgaat in tint, vloeibaar

ons overtuigt – zoals in een gedicht

golvend in ’t bedrog van vergezicht

de smelting van twee beelden tot een paar –


dat uit ruimte die weerkaatst een brein

de vorm beschaduwt die zich, groeiend, schier

in oplossing voltrekt, onder vernis


van wat wij denken dat tastbaar is

ons beeld van heugenis, en wij zijn hier

om het te noemen tot wij er niet meer zijn.


Drs. Yvonne Hiemstra


Jellema, C.O., Oefeningen bij een Beek, 2002

Jellema, C.O., Verzameld werk, gedichten en essays, 2005


Dit stik stiet yn in langere fersy yn de Moanne, oktober 2009, nûmer 8


Utsjoch oer de tún fan Jellema

nei it Hoge Laand


foto © Abe de Vries

De bibleteek fan Jellema

yn Leens (Lains)


foto © Abe de Vries