

grûnslach en doel fan de stifting FOWE
artikels en oertinkings út de Earn
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2011 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Rienk Klooster -
Sytse Ypma -

Septimber 2008
Oertinking oer Lukas 13: oer bûgd wêzen en oerein kommen
(troch Rienk
Klooster)
Dizze oertinking stiet ek yn de Earn fan oktober 2008 en dy kin ynladen
wurde as PDF-
'Jou my wjukken’
Skriftlêzing: Lukas 13:10-
Gemeente. Yn maaie en juny sieten wy
yn lyts komitee byelkoar om dizze starttsjinst ta te rieden.
Wat moast it tema wêze?
'Kijk
de kerk' wurdt ús troch de synoade oanrikt. Goed bedoeld fansels, mar ús spriek
it net sa bot oan. Likemin as de tema’s fan alderhande oare startsneinen op it ynternet.
Doe kamen wy út op de titel fan it iepenloftstik dat dit jier opfierd wurdt yn Jorwert:
‘Jou my wjukken’. Dat sei ús mear.
Ik wit net oft guon fan ús it stik sjoen hawwe
of de film kenne. De Ingelske titel is As it is in heaven (2004).
By de Oscar-
Karakterûntjouwing
Hiel nijsgjirrich is it wat der bart mei de haadpersoan, de topdirigint
Daniël Daréus.In man dy’t derop út is om krekt troch muzyk de herten fan minsken
iepengean te litten. It is ek nijsgjirrich wat der bart mei de oare minsken dy’t
yn it ferhaal foarkomme. De doarpsdûmny bygelyks en de koarleden. Hoe 't dy har ûntjouwe
en hoe 't dy karakters bleatlein wurde.
Der sitte ferskillende hichtepunten yn it
stik. Sa’n hichtepunt is fansels it slot as de dirigint leit te stjerren oan in hertoanfal
en dan heart hoe’t de minsken yn de konsertseal spontaan begjinne te sjongen. By
eintsjebeslút hat er mei syn muzyk de herten fan de minsken iepene.
‘Tenei is myn libben fan my’
In oar hichtepunt is it liet fan Gabriëlla. Dat is in
frou dy’t in hiel swier libben hat en dy’t troch har man Ferry,
in hiele tyrannike,
agressive en tagelyk ûnbenullige man, mishannele wurdt. Elkenien hat begrutsjen mei
har, mar net ien kin der wat oan dwaan. Ut harsels moat hja safier komme om oerein
te kommen út har ellindige sitewaasje.
De dirigint Daréus helpt har troch de krêft
fan de muzyk. Krekt dizze frou moat it liet sjonge oer opstanning en libben. Hja
nimt de útdaging oan en it is yndrukwekkend om te sjen, hoe’t dizze frou oereinkomt
en mei in rjochte rêch dat liet stiet te sjongen. In liet, hiel sterk fan ynhâld
en fol fan geastkrêft en libbensmoed.
Ja, tenei is myn libben fan my,
want ik bin sa koart hjir op ierde.
Ut dy langst wei
naam ik myn beslút.
Wat ik socht, ha ik hjir no fûn.
Dit is einlings wat ik graach
woe,
Ik betroude op myn gefoelens.
Wist dat ik oait in diel ha soe
fan de himel dy’t
ik nea fûn.
Ik wol fiele dat ik libje,
al myn dagen lang.
Ik wol wêze wa’t ik bin.
Ik
wol witte dat ik libje.
Ja ik fiel dat ik it kin!
Ik wie jimmer trou oan mysels,
ek
al kaam dat amper nei bûten.
Earder seach ik gjin oare wei,
mar no kies ik en ik bin
frij!
Wat ik wol, is libje,
wêze wa’t ik bin.
as ’n frou sa sterk en frij.
Út de nacht
ferriist de dei.
Ik bin hjir, no,
en gjinien nimt my dit ôf!
En de himel dêr’t ik fan
dream,
leit foar my yn it hjir en no.
Ik wol fiele dat ik libbe ha!
It ferhaal yn it koart
Myn ferhaal is fansels gjin resinsje fan in tonielstik of fan
in film. It is in preek by gelegenheid fan de start fan
it winterwurk. Mar dit tonielstik
brocht my by in bibelferhaal, dat foarkomt yn Lukas 13. It giet oer in frou dy’t
troch Jezus better makke wurdt. It is in hiel koart en ûnbekend ferhaal. It spilet
him ôf yn in synagoge, ik tink fan yn Galilea. It giet dêr oer in frou dy’t al 18
jier ‘in geast fan swakkens hie’ (sa stiet it dêr letterlik). Hja wie sa rûngear,
dat hja koe hielendal net mear rjochtop stean.
Jezus is dwaande mei syn ûnderrjocht
en dan falt ynienen syn each op dy miswoeksen frou. Hy seit dan tsjin har: ‘Frou,
jo binne ferlost fan jo swakkens’. Hy leit har de hannen op, stiet der en meiïens
stiet se rjocht oerein en prizet God. Der ûntstiet dan by de oare synagogegongers
in diskusje oer de fraach, oft it wol pas jout om op de rêstdei immen better te meitsjen.
Mar dat litte wy mar foar wat it is.
Nijsgjirriger is it karakter fan it ferhaal, dat op in hokus-
Wy moatte ús betinke, dat de ferhalen dy’t de evangelisten ús fertelle oer de wûnders
fan Jezus, altiten in ferwizende betsjutting hawwe. It binne tekens dy’t ferwize
nei it grutte wûnder fan Peaske: it mystearje fan de ferrizenis fan Jezus út de dea
en dêrmei fan de oerwinning fan it libben op de dea. En wat dat mei minsken docht.
Dêr giet dit ferhaal ek oer.
Wat mekearde de sike frou?
Wy geane werom nei wat der bart yn dy synagoge. Sa kin
men jin ôffreegje, wat dy frou krekt skeelde? Wie it rimmetyk of sokssawat? Dat is
uteraard net mear nei te gean en dat is foar de útlis fan it ferhaal sels net wichtich
om te witten. Persoanlik haw ik it idee dat der hiel wat oars oan de hân west hat
as in rêchkwaal. Want der stiet dat ‘de satan har 18 jier bebûn hat’. Der wie om
samar te sizzen in kweade macht yn it libben fan dy frou, in kweageast dy't har al
dy jierren yn de besnijing hân hat. In macht dy’t har deltriuwt en dy’t wol sa sterk
is dat se dêr net tsjin opwoeksen is. En dat giet no al sa’n 18 jier lang.
Oer dat
getal 18 falt ek noch wol wat te sizzen. 18 is trije kear seis. Yn de Tora stiet
dat in Israëlyt dy’t oan legerwâl en yn slavernij rekke is, nei seis jier wer frijlitten
wurde moat. De gedachte wie dat men it gjin minske oandwaan kin om in libben lang
yn slavernij te libjen. Dizze frou hie trije kear sa’n skoft yn de macht fan in kweageast
sitten. Achttjin jier hie hja libbe yn ûnfrijheid en slavernij, of wat it dan ek
mar wie.
As Jezus dy opfallende ferskining dêr tusken dy oare minsken sjocht, dan
lit er syn ûnderrjocht foar wat it is, rint op har ta en helpt har ôf fan wat har
pleaget en deltriuwt. En dan stiet der dat de frou oereinkomt en God priizget.
Oer
bûgde minsken
Gemeente, wat is no krekt de aktualiteit fan dit ferhaal? Wat hat it
ús hjoed te sizzen? Ik tink fan in hiel
soad. Want ek hjoed binne der frijwat minsken
dy't bûgd troch it libben geane en dy't krektlyk as dizze
frou deltreaun wurde troch
in swiere lêst. En dan haw ik it net oer rimmetyk of hernia of in oare fysike kwaal,
mar op hiel wat oars. Net daliks te sjen, of miskien wol foar immen dy't mei in skerp
each nei minsken sjocht, lykas Jezus dat die. Want fakentiids is der ommers yn de
hâlding fan minsken, yn in wize fan rinnen, mar benammen yn de eachopslach wol te
sjen dat der wat oan skeelt.
Ik doel op dy minsken dy’t swier beladen troch it libben
geane fanwegen in swiere lêst dy’t har op de nekke sit en dy’t se net fan har ôf
sette kinne. Dêrby kin it gean om in kweade ynfloed, in kweade stim, dy’t der altiten
is. En dy’t in ferdjerlike ynfloed hat op it stean yn it libben.
Wat men ek docht,
hoe’t men der ek tsjin wrakselet om dy stim kwyt te wurden, hy is der altyd.
Fanalles
kin der yn in minskelibben barre dêr’t men troch tekene wurdt. Dingen dy’t jin oerkomme:
in slim ferlies, in djip fertriet, sa yngripend dat men der net oerhinne komt. Mar
der kinne ek slimme dingen wêze dy’t jin oandien binne, dy’t jin bybliuwe en deltriuwe.
Negative ynfloeden fan bûten, krinkend en fernederjend oant yn it djipste fan jins
siel.
Ik fyn it altyd freeslik, dy ferhalen dy't minsken my soms yn fertrouwen fertelle.
Bygelyks hoe't se thús altiten it gefoel hân hawwe dat se net akseptearre waarden.
Hoe't se altiten efterút set binne by it bruorke of it suske.
Dy waarden omheech stutsen, mar foar jin wie der noait in wurd fan wurdearring, hoe't
men jins bêst ek die.
Yn myn pastorale kontakten kom ik sokke ferhalen in hiel soad
tsjin.
Hûshâldings lykje nei bûten ta fakentiids hiel prachtich en harmonieus, mar
wat him bytiden efter dy doarren ôfspilet, dêr ha wy ornaris gjin idee fan. Der is
net allinne soks as lichaamlike mishanneling, geastlike mishanneling bestiet ek.
En krekt dêr leit in grut taboe op om oer te praten, om dat nei bûten te bringen.
As
men der al oer begjint, dan wurdt it amper serieus nommen. Dat komt omdat bûtensteanders
der gjin ried mei witte.
Mar it bestiet wol. En mear as wy tinke.
En sadwaande rinne
der frijwat minsken om, rûngear fanwegen de leafde, de akseptaasje en de wurdearring
dy’t har ûnthâlden is. Foar oaren wie it der wol, mar net foar jin.
As oan in ynfús
is it fenyn jins libben yndript al fan jongs ôf. Mei wurden of sûnder wurden:
'Do,
wat soesto. Mien mar net datst wat bist. Want do kinst neat en it sil ek neat mei
dy wurde!’
En sa binne der minsken, waans gefoel fan eigenwearde en selsrespekt oant
yn de woartels ta oantaast is.
En in hiel negatyf selsbyld is sadwaande ûntstien.
En de djipste laach dêrûnder is it gefoel: ‘Eins mei ik der net wêze!’ En somtiden
is minsken dat ek oan te sjen. It stiet yn de eagen te lêzen.
Oer oerein kommen
Jezus
seach dêr yn de synagoge sa’n frou en it rekke him djip. Want in minske mei rjochtop
gean, omdat er witte mei dat er akseptearre is troch de himelske Heit. Dy hâldt fan
syn bern sûnder betingsten.
'Frou, jo binne ferlost fan jo swakkens', seit er, en
hy leit har de hannen op. En de frou stiet mei-
Gemeente, ik tink dat dit foar ús allegearre in hiele aktuele boadskip is by de
start fan it winterwurk.
Amen.
Rienk Klooster
FOWE -