

grûnslach en doel fan de stifting FOWE
artikels en oertinkings út de Earn
Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus
Oer Messias-
As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze
Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld
Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern
Leauwige ferbylding as antydepressivum
God is leafde, byldspraak, poëzij . . .
Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema
Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden
Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit
Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny
Jierdei! God en de twade sekse
Ympresjes fan in reis nei Sina
Charles Darwin -
Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater
it kwea as macht en as realiteit
nij diakonaal doel: Sviatoslav
oer bûgd wêzen en oerein kommen
leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´
de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?
de Protestantse Kerk in Nederland
de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
Advintspreek: de essinsje fan it bestean
Presys op tiid gongst ek wer fuort
oer Jezus en it kwea fan syn tiid
oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13
oer Genesis en Markus en it kwea
oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet
program foar it winterskoft 2011 -
Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis
Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme
Evert van Olst oer it goede libben en it kwea
J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk
Jan Greven -
Rienk Klooster -
Sytse Ypma -

FOWE -
Desimber 2010
Oer de Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld
Skriftlêzings: Psalm 18: 26-
In bysûnder barren hjoed, sawol foar de herfoarme gemeente fan Earnewâld as ek foar mysels. Want wa hie noch mar in jier lyn tinke kinnen dat ik nochris offisjeel ferbûn wurde soe oan dizze gemeente, dêr't ik al langer as 27 jier wurkje?
Okkerdeis sei in kollega: 'Do hast mar in nuvere karriêre'. Mar hawar, it is no ienkear sa dat de dingen yn it libben ferrinne lykas se ferrinne. En it libben hinget oan elkoar fan tafallichheden. Tafal, dat wol sizze: It falt jin ta, it komt op jins wei. Dêr moatte wy net yngewikkeld of heechdravend oer dwaan. It is gewoan wat it is.
Myn alderearste kontakt mei Earnewâld wie yn de maityd fan 1975. Ik hie lêzen dat de herfoarme gemeente dêr in foargonger socht. Myn frou en ik ha doe op in jûn op besite west by Keimpe en Anne de Jong, dy't doe tegearre de dingen hjir sa'n bytsje regelen. It paste fan beide kanten, mar it die bliken dat de gemeente sa lyts wie dat dy ús te min traktemint biede koe, mar allikemin passende wenromte.
Dat wie o sa spitich. En doe't ik twa jier letter befêstige waard op de Rottefalle en Keimpe de Jong nei ôfrin fan de tsjinst noch efkes it wurd krige, liet er ús witte dat him noch altiten spiet dat it mei ús en Earnewâld neat wurden wie.
Dat feroare yn 1983, doe't ik yn de gemeente Westerwert komme koe, mar net op in folslein traktemint.
Doe kaam Earnewâld my wer yn it sin. En sa waard op it tsjerklik buro yn Ljouwert
de konstuksje fan in 'pseudo-
En no op 3 oktober 2010 bin ik dochs noch offisjeel dûmny wurden yn Earnewâld, 35 jier nei dat alderearste kontakt yn de maityd fan 1975. Ik fyn it hiel bysûnder. Ek hiel bysûnder fyn ik it dat it 102 jier lyn is dat der krekt sa'n offisjele amtsbefêstiging west hat yn dizze tsjerke. Dat gong yn 1908 om Ds. George Offerhaus.
Sfear en geast fan Earnewâld
By Earnewâld haw ik altiten in bysûnder gefoel hân. En dat bysûndere sit him yn de sfear, dêr't ik yn 1975 al wat fan preaun hie. In lytse gemeente, ien fan de alderlytsten yn Fryslân. Mar – en dat is it bysûndere – altiten krigel en optimistysk. Want wat wy hjoeddedei sa faak tsjinkomme yn tsjerklike fermiddens, dat is dy lammenadige en negative geast fan: och wat stelt it noch foar; it rint mei de tsjerke dochs op de non en dan kinne wy de boel slute. Sok praat haw ik hjir yn Earnewâld noch noait heard. En wat ha wy hjir wol minmachtich west. Want yn de njoggentiger jierren bestie de hiele tsjerkeried noch út ien diaken. Âlderlingen hiene wy net mear. Fierder wiene der noch twa tsjerkfâlden, in koster en in oargeliste.
Mar it wichtichste wie, dat dy pear minsken sa'n hert hiene foar de saak en dat dy sa optimistysk wienen.
Sa fan: salang as wy kinne, sette wy troch! Der wie om samar te sizzen in goede geast. Of better sein: de GEAST wie der. Dat wie doe it bysûndere en dat is noch it bysûndere. As ik bûtensteanders fertel hoe't it hjir om en ta giet mei de gemeente, mei it wurkferbân, de Earnewâldster rûnte, mei de Earn en hoe'n entûsiasme as hjir is, dan fernim ik altiten wer de ferbazing oer hoe't soks kin.
Doe't yn jannewaris fan dit jier bliken die dat de problemen yn Westerwert net op te lossen wiene, haw ik der fuortendaliks op oanstien dat ik net frijsteld wurde woe fan myn wurk yn Earnewâld. Fan it iene kaam doe it oare en sadwaande stean ik hjir no hjoed om foar de tredde kear yn myn dûmnyskip in yntreepreek te hâlden.
Betrouber en goed
Wat beweecht jin en wat ynspirearret jin yn jins wurk? Dat haw ik ferline wike yn my omgean litten.
En sadwaande hat dizze yntreepreek wat in persoanlik karakter.
Wy hawwe twa fragminten út de bibel lêzen: in pear fersen út 18e psalm en in stik út de berchrede fan Jezus. Yn beide skriftlêzings komme wy in bepaald wurd tsjin dêr't ik it oer ha wol. Yn psalm 18 lêze wy:
'Jo litte ommers myn lampe ljochtsje, Heare
Myn God makket my it tsjuster ljocht.
Mei Jo ommers berin ik in binde,
Mei myn God bespring ik in skâns.
De wei fan dizze God is betrouber,
It wurd fan de Hear is suver.
In skyld is Hy foar elk dy't by Him skûlet'.
Dat binne wurden dy't jin reitsje. It giet oer in ynderlike ferbûnens mei God. It giet oer betrouwen, libbensmoed en ynspiraasje. Sa'n leauwen is fan belang om jinsels oerein te hâlden yn it libben, by de dingen dy't op jins wei komme kinne. Hy, de Ivige, is it dy't it tsjuster ljocht makket, seit de dichter. 'mei Him berin ik in binde en mei God bespring ik in skâns'. En dan giet it fierder mei de wurden: De wei fan dizze God is betrouber.
Dat wurdsje 'betrouber', dêr giet it my om. Want dat is in bysûnder en belangryk wurd. Ik kom der daliks op werom. Mar earst wol ik no nei de berchrede fan Jezus. Dêr lêze wy yn fers 48 de wurden: 'Jim moatte dus foar elkenien goed wêze, lykas jim himelske Heit dat is'. Net iensen sa'n rare oersetting, want yn it Nederlânsk stiet der: 'Weest dan volmaakt, gelijk uw hemelse Vader volmaakt is.
Geef en oprjocht
Ik bin op syk gien yn de oarspronklike tekst, nei de betsjutting fan dat Grykske en dat Hebrieuske wurd, dat yn it Nederlânsk oerset wurdt mei 'volmaakt' en yn it Frysk mei 'goed' en yn psalm 18 mei 'betrouber'. Ik haw murken dat myn wurdboeken en oare hanboeken noch net by it âld papier moatte. Yn it Gryksk stiet der teleios, dat betsjut 'rjochte op in doel, op ien doel'. Dus: 'net dûbel' en sadwaande ek net 'dûbelsinnich' en mei ien of oare bybedoeling. Nee, it betsjut 'mei ien doel' ofwol 'út ien stik'. Dat is ek de letterlike betsjutting fan it Hebrieuske wurd tammim, dat brûkt wurdt yn psalm 18.
Yn de wurdboeken fine wy sawol foar teleios en tammim dan ek de betsjutting: 'ûndûbelsinnich', oprjocht', en 'geef'. Mei in wat moderner wurd soe men sizze kinne: 'ynteger'. En foar dy oersetting fiel ik eins wol. Want minsken dy't ynteger binne, dy binne út ien stik, oprjocht en net dûbelsinnich.
Dat is wat oars as volmaakt of perfect dat wy yn de Nederlânske oersetting oantreffe. Gjin minske is ommers perfekt en Jezus hat ús dan ek wier net de opdracht jûn om perfeksjonisten te wêzen. Mar wol dat wy 'geef', 'oprjocht', 'ynteger' wêze sille, lykas dat ek fan God sein wurde kin. Sa kom ik by it wurd 'yntegriteit'. In wurd dat hiel wichtich is: God is om samar te sizzen 'ynteger'. En wy ha de opdracht om dat ek te wêzen. Dat jildt foar it hiele libben. En benammen foar elkenien, dy't him troch de Man fan Nazaret oansprutsen fielt.
Persoanlike ûntjouwing
Mar wat betsjut it krekt foar it myn wurk, foar it dûmnyskip, it hoeder en learaar wêzen? Wat it pastorale wurk oanbelanget, sil it dúdlik wêze dat yntegriteit in earste betingst is. Mar it jildt ek likegoed foar it learaar wêzen, it kânselwurk. Lit my datoangeande wat fertelle oer myn persoanlike ûntwikkeling.
Al op de legere skoalle krige ik in grutte leafde foar de bibelferhalen, dy't dêr ferteld waarden. En efternei tink ik dat ik it mystike leauwen, lykas dat bygelyks foarkomt yn psalm 18, dêr al skipe haw.
Dat wie doe al myn basis en dat is letter sa bleaun. Yn wêzen is it noait wer by my weigien.
As adolesint waard it krityske tinken yn my wekker: ik hearde op skoalle oer de paleontology (âlderdom fan de ierde) en oer de evolúsjeteory (de skiednis fan it libben). Mar tagelyk mei it krityske tinken begûn ek de twifel oan de wierheid fan de bibelferhalen dêr't ik mei opbrocht wie. En as der doe yn dy tiid net in pear belangrike frijsinnige teologen op myn paad kommen wiene, dan bin ik bang dat ik doe de tsjerke farwol sein hie. Dat is lykwols net bard. Want fan harren learde ik dat wittenskip en leauwen elkoar net útslute, salang as beide mar har eigen plak krije. Ik krige in grutte fassinaasje foar de bûnte wrâld fan tinken en leauwen en ik begûn te lêzen en te lêzen, en dat doch ik noch altiten.
Yn myn teologyske stúdzje yn Grins boeiden my de taalkundige en de historyske kant
fan de bibel, en ek de hiele gedachtewrâld dy't derefter siet. Ik learde om dêr op
in wittenskiplike en krityske wize mei om te gean. En sa de bibel te ferstean en
út te lizzen. Mar wat my ek o sa boeide, dat wie de wrâld fan de grutte tinkers.
Sa bin ik beynfloede troch de eksistinsjefilosofy en de taal-
Mar wat it bestudearjen fan de skiednis my ek brocht hat, is de ferbjustering oer it minsklike kwea. Ik soe it absolút absurde dêr't minsken ta by steat binne, yn ien wurd gearfetsje kinne: Auschwitz. Eins stiet dat wurd as in fjoer, as in baarnende toarnbeibosk yn alles wat ik op de kânsel nei foaren bring.
Dêrom haw ik noch altiten in hekel oan in fromme, dogmatyske teology, dy't yn wêzen nearne oer giet. En allikemin oer heechdravende liturgyske formules, dy't yn wêzen leech binne en oars neat as heechtsjerklike gewichtichdoggerij.
Yn it foarste plak pastor
Op it teologyske mêd bin ik altiten myn eigen paad wat gien. Mei de tradysjonele tsjerkelear kin ik net safolle. It is my te moai, te glêd, te beslikke, mar benammen te oerflakkich.
Ik haw murken hoe't sawol minsklike ûnderfining as wittenskip har net altiten ferdrage mei de lear fan de tsjerke. En as ik kieze moat foar it iene of foar it oare, dan kies ik foar de wittenskip en foar minsklikheid, en net foar it tsjerklike systeem en wat dêrby heard. By my is der gjin ferskil tusken de studearkeamer en de preekstoel. As wittenskipper haw ik wittenskiplike yntegriteit en ek de minsklikheid altiten heech yn it findel hân. Dat haw ik al hiel betiid leard fan de frijsinnige dûmny's út myn adolesinsjejierren. Yn dy frijsinnige, iepen en ûndogmatyske geast haw ik altiten wurke, de bibel útlein en ferkundige: sykjend nei wierheid oangeande leauwen en libben, skôgjend, romte jaan en romte skeppe. Mei it doel dat troch de wurden hinne it Wurd fan ynderlike befrijing, fan ferromming, fan treast en libbensmoed trochbrekke kin. Dat minsken sadwaande oanrekke wurde troch de Geast, thúskomme by harsels en ynderlike frede fine yn har hert. Mar tagelyk ynspirearre wurde ta sinjouwing oan har libben, om hoek te hâlden, jins namme heech te hâlden troch jins libbenstaak op jin te nimmen. Op de preekstoel mei ik dan de learaar en de wittenskipper wêze, mar ek dêr fiel ik my yn it foarste plak de pastor.
'Lykas jim himelske Heit dat is'
Wat my destiids al trof yn Earnewâld, yn dy lytse gemeente tusken de reidpôlen, dat wiene dy romte en dy iepenheid dy't ik socht. In lytse mienskip, mar in mienskip droegen troch in trou, in betrutsenheid en in geast fan optimisme, dêr't ik my daliks by thús fielde. En dat gefoel is net wer by my wei gien. Net dat herfoarme Earnewâld perfekt is, dat bin ik sels ek net. Mar wat hjir wol is, dat is de romte om de dingen troch te jaan, dy't ik al lêzende en studearjendewei tsjinkommen bin. En dat hat ek wer te krijen mei respekt en yntegriteit oer en wer. Dêrom hat it wurkjen hjirre my altiten foldwaning jûn en hat it ek no foar my noch altiten útdaging.
Hjoed sette wy meielkoar in nije stap. Wat wy 35 jier lyn al graach woenen, dat liket no hielendal wier te wurden. Hoeder en learaar te wêzen, mar no offisjeel, fan dizze gemeente, lyts en eigensinnich en mei in eigen kleur, mar wol in hiele waarme kleur. In gemeente fan achttjin belidende lidmaten, mar mei in folle gruttere rûnte fan belangstellende en entûsiaste minsken dêr omhinne. En mei in alderaardichste pleatslike grifformearde sustergemeente dernjonken.
Hjoed sette wy in nije stap, in stap op wei nei de takomst.En ik wol ta beslút fan myn ferhaal de winsk útsprekke, dat wy ús dêrby oriïntearje meie oan de wurden út psalm 18:
'De wei fan God is geef, ynteger, it wurd fan de Hear is suver,
in skyld is Hy foar elk dy't by Him skûlet'.
En dat wy besykje sille om as leauwensmienskip te libjen mei dy opdracht dy't Jezus ek oan ús joech: 'Wês geef, ynteger, lykas jim himelske Heit dat is'.
Amen. Rienk Klooster
