






Juny 2008
Oertinking oer Preker en ús Godsbyld
(troch Jan Lautenbach)
Ynlieding
Lykas gewoanlik sitte wy ek fan ‘e moarn mei in lyts ploechje minsken yn de Earnewâldster tsjerke.
Nei tsjerke gean en leauwe yn God is net, of net mear, fanselssprekkend.
Allegearre kinne wy foarbylden neame út ús eigen famylje, freonen en kunde dy’t de tsjerke farwol sein hawwe. Troch ûnferskilligens, gjin sin om der djipper oer nei te tinken of troch klearebare tsjinsin yn tsjerke
en godstsjinst.
Bytiden is men skruten om te sizzen dat men noch yn God leaut, want hieltyd faker wurdt men oanfallen op wat de tsjerke docht en dien hat. En fansels: der binne saken, dêr’t de tsjerke har djip foar skamje moat, mar jim en ik binne dêr net ferantwurdlik foar en God ek net.
Dochs krijt God der omraak fan lâns. Alle ierdskoddings, rampen, brannen en ûngemakken wurde taskreaun oan persoanlik yngripen fan God. In soad minsken ha in byld fan in God dy’t boppe yn de himel sit en der aardichheid oan hat om sa út en troch minsken te narjen mei sykte, dea en oare slimme dingen dy’t minsken oerkomme kinne.
Hoe komt it dat minsken sokke ferskriklike ideeën oer God hawwe? En jim en ik hiel oare? As wy dêr oer neitinke, dan sjogge wy, dat de ideeën dy’t wy oer God en godstsjinst hawwe, fuortkomme út de kultuer dêr’t wy yn grutbrocht binne, mar noch mear mei it fermidden, en dan benammen de famylje, dêr’t wy grutbrocht binne. Hast altyd spilet wat wy feitlik yn ús jonge jierren meimakke hawwe yn de thús-sitewaasje, meastentiids ûnbewust, in rol yn hoe’t minsken tsjin God en de wrâld oansjogge.
Okkerdeis hat dûmny Klooster in preek hâlden oer it boekje “Leauwen yn in God dy’t net bestiet”.
Yn dy preek – hy hat yn de Earn stien en stiet ek noch op ynternet – sei Klooster dat er al fan jongs ôf oan in djip besef en fertrouwen hân hat dat de Ivige altyd ticht by him wie.
Miskien is dat ek wol de reden dat jim en ik hjir noch nei tsjerke geane. Wy hawwe ek ús fragen by wat der bart yn de wrâld en wat minsken oerkomt. Mar op de iene of de oare manier ha wy – troch ús opfieding, troch der oer nei te tinken - in godsbyld krige, dat ús fertrouwen jout yn God, yn de wrâld en yn oare minsken.
Tagelyk ha oare minsken, faak sûnder dat se der oait bewust oer neitocht hawwe, in byld fan God, fan dizze wrâld en fan oare minsken, dat har bang makket: God nimt wraak, makket minsken siik, Hy straft ensfh. ensfh. Sokke minsken libje yn in wrâld dy’t noait feilich is en noait fertroud fielt.
De oertinking fan ‘e moarn sil dan ek gean oer it godsbyld dat wy hawwe en de gefolgen dy’t dat hat foar ús stean yn de wrâld. Foar alle dúdlikens wol ik dêr wol oan taheakje, dat myn godsbyld de lêste jierren fiks feroare is. Tweintich jier preken fan dûmny Klooster, acht jier Earnewâldster Rûnte, in kursus Teologyske Foarming en in pear meter boeken oer teology ha makke, dat ik de âlde dogma’s fan ús foarfaars – en sels dy fan de moderne PKN – ûntgroeid bin. Ik bin der frij seker fan dat de measten fan jim ek al wat fierder binne as de âlde belidenisgeskriften út de 16e ieu, dus dat sil wol losrinne.
Lêzingen
Preker Haadstik 5: de fersen 1 oant en mei 6;
Haadstik 8: de fersen 10 oant en mei 17;
Haadstik 11: alle fersen.
Jesaja haadstik 55: de fersen 6 o/m 11.
Elk minske moat God rekkenskip jaan fan alle goeie dingen, dy’t er yn it libben krigen hat en dêr’t er net fan geniete hat! (Rabbinale siswize)
Preker is in westerske oersetting fan it Hebrieuske wurd yn ‘e titel. it wurd learaar soe tichter yn de buert komme. De skriuwer fan Preker neamt himsels “soan fan David” en op basis dêrfan ha de Joadske en kristlike tradysjes Salomo as de skriuwer fan dit boek sjoen. Tsjintwurdich witte wy dat it boek folle letter skreaun wêze moat. Taalgebrûk en de oansniene tema’s wize op grutte Grykske ynfloed. Want de Grykske taal, kultuer en filosofy sloegen fan 300 jier foar Kristus ôf yn it hiele Middellânske Seegebiet foar master op.
It boek Preker hat fan jongs ôf oan myn favorite bibelboek west. Wêrom wit ik net, mar miskien hat it wat te meitsjen mei it realisme fan it boek. Yn de rest fan de Bibel slacht ornaris it âlde, bewende Godsbyld foar master op, mar yn Preker is te fernimmen, dat dêr ek yn dy tiid al fragen oer wienen. Doe’t Joadske rabbys yn de twadde ieu fêstleinen hokker boeken yn de bibel thús hearden, wie der gâns striid en ferskil fan miening oer oft it boek Preker der wol yn moast. Mar úteinlik is Preker dochs yn de kanon opnommen.
Dat Preker neitocht oer syn Godsbyld is fansels net raar. Alle tiden troch hawwe minsken dat dien. Iksels haw dat dien en jim sille dêr ek wol ris oer prakkesearre hawwe.
Om by mysels te bliuwen, moat ik earlik sizze, dat ik oant myn fjirtichste lui west haw as it gyng om neitinken oer God en de wrâld. Ôfsjoen fan wat kategisaasjelessen haw ik gewoan net folle neitocht oer God. Wat ik noch wol wit fan dy kategisaasje, is dat ik it tige iens wie mei de Fersoeningslear. Doe’t ik jong wie, hie ik in frij negatyf minskbyld en in folle positiver Godsbyld. It wie my yn dy tiid dúdlik, dat it minskdom der net folle fan bakte. It wie mar goed, dat God persoanlik yngrepen hie om troch de krúsdea fan Jezus alles wer goed te meitsjen, want as it oan ús minsken lei, kaam der neat fan op ‘e hispel.
Mar dat feroare, doe’t wy mids njoggentiger jierren in pear jier nei de kursus Teologyske Foarming west hawwe. En dêrnei meidienen oan de Earnewâldster Rûnte. En boeken begûnen te lêzen. In pear fan dy boeken lizze oan de basis fan dizze oertinking.
In skiednis fan God
Ien fan dy boeken is “A History of God” fan Karen Armstrong, dy’t in grut part fan har libben yn in nonnekleaster wenne hat, mar it dêr úteinlik dochs net mear fine koe.
Yn dat boek is se neigien hoe’t de trije grutte godstsjinsten – Joadedom, Kristendom en Islam - yn it ferline tsjin God oanseagen. De grutste gelearden fan earder tiden hawwe har dwaande hâlden mei it analysearjen fan God op. God waard - op basis fan de âlde, oerlevere teksten - op de snijtafel lein, kompleet ûntlede en ferklearre. Op basis dêrfan binne letter de grutte tsjerklike dogma’s fêstlein. In pear foarbylden.
Augustinus hat út Genesis 1, it skeppingsferhaal, de erfsûnde ôflaat. Om’t Adam en Eva doe de fout yngien binne, sit de sûnde ynbakt yn alle minsken. Minsken binne feroardiele ta sûnde en kweadwaan en goeddwaan is (frijwol) net mooglik.
De reformator Jean Cauvin (better bekend as Calvijn) hat in soad skreaun oer de saneamde predestinaasje-lear. Yn it koart komt dy del op it folgjende: God is almachtich, hy wit alles en hy bestjoert alles en hy wit ek wat der yn de takomst barre sil. Hy wit ek wa’t behâlden wurde sille en wa net. Minsken ha wol in frije wil, mar God wit al yn it foar oft jo behâlden wurde sille of net. It Kristendom en de Islam ha oan ditsoarte fan tinkbylden in tige fatalistyske grûnslach oerhâlden, dêr’t wy hjoed-de-dei de negative gefolgen noch fan ûnderfine.
Al lêzende besaude ik my mear en mear. Hoe koenen al dy minsken sa goed witte wat God wol en net is, wat er die en docht en wêrom? Ik wit net wat jim der fan tinke, mar myn konklúzje is, dat se it net wisten.
Om by ús teksten te bliuwen: “Want der binne dreamen by de bult en der binne lege wurden by de bult; haw do mar ûntsach foar God”. Of in oar sitaat út haadstik 5: “Wês net te rap mei de mûle en lit dyn hert der net te gau wat hinne prate foar Gods antlit, want God is yn ‘e himel en do bist op ‘e ierde; wês dêrom in man fan in bytsje wurden”.
Eins soe ik my no, lykas Job, de hân op ‘e mûle lizze moatte en de preek beslute mei de wurden fan Jesaja: “Want safier de himel útgiet boppe de ierde, sa fier giet myn dwaan út boppe jimmes en giet myn tinken jimmes te boppen”. Om it wat cru te sizzen: sa’t in goudfisk net begrypt wat minsken besielet, sa kinne minsken God net folslein begripe.
De Godsbylden fan foarhinne
Dochs liket it my goed om – mei alle nedige respekt foar God – wat fierder nei te tinken oer de minsklike godsbylden. Hoe’t God wier is, sille wy minsken noait benei komme kinne, mar wat wy wol dwaan kinne,
is sjen nei de bylden dy’t minsken har yn de rin fan de tiid fan God en oare goaden foarme hawwe.
En wy moatte dan tajaan, dat alle bylden fan goaden tige minskfoarmich binne. Net allinne wat uterlik oanbelanget, mar ek wat tinken en dwaan oanbelanget. God is lulk op minsken, neffens de tsien geboaden is Er oergeunstich, Hy is ferjouwend, Hy hat spyt fan wat er dien hat (de sûndfloed), Hy is wraaksuchtich (oant yn it fjirde geslacht). De hiele bibel troch, mar ek yn oare godstsjinsten, komme wy sokke bylden tsjin.
In oar punt dat wy by hast alle godstsjinsten tsjinkomme, is dat God wat fan ús wol.
Hy wol dat wy him oanbidde, dat wy offers bringe, dat wy loflieten foar him sjonge, dat wy syn geboaden dogge. Fyftich jier lyn mochten wy net dûnsje of op snein op ‘e fyts nei tsjerke en ek net reedride.
Seks mocht allinne foar de fuortplanting, mar better is it om it hielendal te litten en as wy allegearre hjir in pear punten neame en beprate soenen, sieten wy hjir moarnmoarne noch te praten oer de frustraasjes út ús jonge jierren.
Yn ferbân mei ús godsbyld moatte ek beleanning en straf neamd wurde. As wy ús hâlde oan Gods ferboaden en geboaden, dan komt alles goed. Dan wurde wy beleanne, wy wurde ryk en krije in soad soannen en dochters, wy wurde hiel âld en as wy dea geane, komme wy yn de himel. Dogge wy it net goed, dan sil God sykte en kwalen en ûngelok útstoarte en komme wy yn de hel.
As jim dizze dingen ris yn jim omgean litte, dan komme jim ta de ûntdekking, dat se mear oer minsken sels sizze as oer God. It seit noch mear oer hoe’t minsken hûnderten en tûzenen jierren lyn tochten.
As yllustraasje neam ik hjir hoe’t de trije grutte monoteïstyske godstsjinsten oer de posysje fan de frou tochten en/of noch altyd tinke. As wy noch wat trochtinke, kinne wy sjen, dat al dy tinkbylden fan eartiids delslein en bestjurre binne yn alle godstsjinstige boeken: yn it âlde en nije testamint, yn de Koran. Se binne foar hillich ferklearre en foar ivich fêstlizzend. En om’t ús religys ynfloed ha op ús kultuer is alles wat wy leauwe, tinke en dogge, ferjûn fan dy ideeën.
Eartiids leauden wy bygelyks, dat wy minsken ôfgryslik sûndich en ferkeard wiene.Om it wer goed te meitsjen tusken ús en God, moast Jezus ús troch syn krúsdea wer fersoenje mei God, hat de tsjerke ús leard.
Iksels wit net hoe’t ik dy krúsdea rymje moat mei it Alde Testamint, dêr’t de profeten hieltyd wer it bringen fan berne- en minske-offers fier fersmite en absolút ferbiede, mar dy’t dêr mear oer witte wol, ferwiis ik no mar even nei ús webside: www.fowe.org. Dêr stiet in goed artikel oer de krúsdea fan Jezus op.
Lykwols fielt de moderne minske oan syn wetter, dat guon fan dy ideeën net “koosjer” binne en seit de tsjerke farwol. En as ik my hjir yn Earnewâld net hiel noflik thúsfielde, hie ik it ynstitút PKN wierskynlik ek al farwol sein.
Yn hokker God leauwe wy?
Sa’t ik sei, minsken fiele dat de tsjerke en guon fan har ideeën net “koosjer” binne. Ik foar my kin net leauwe yn in lulke, wraaksuchtige God. Dat soe betsjutte, dat gefoelens dy’t wy minsken as moreel heechsteand beskôgje – leafde, trou, ferjaan, minsken yn need helpe, sunich omgean mei de ierde en ús miljeu, bisten net ûnnedich deadzje en martelje ensafuorthinne – fan in gâns heger nivo binne as de gefoelens fan God.
Fansels dogge wy minsken net altyd wat wy leauwe en sizze, mar wy fiele yn ús djipste inerlik faak wol wat goed is en wat ferkeard. Ik kin dus net leauwe yn in nearzige, wrantelige en lulke God. En dan komt fansels de fraach: wêr leau ik, wêr leauwe wy noch wol yn? Ús âlde godsbylden binne fermôge en net mear fan dizze tiid. Mar wat komt der foar yn it plak?
Preker witst it ek net: “Likemin asto witst hoe’t der libbensgeast komt yn it biente yn ‘e memmeskurte fan in frou dy’t swier is, likemin witsto hoe’t God te wurk giet by alles wat er makket”. Wy witte net hoe’t God is, wat Er tinkt en wat Er docht, mar iksels leau yn in goede God, dy’t it bêste foar hat mei dizze ierde en alle minsken. Dat is it iennichste godsbyld dêr’t ik mei libje kin.
De rest fan de oertinking is te lêzen troch te klikken op de neifolgjende skeakel (link)::
0806 Preker en ús Godsbyld.
