wpd25a8018_02.jpg
wp0616a547.gif
wpd3a37125.gif
wp16ddc10b_02.jpg
wpfa277a31_02.jpg

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

artikels en oertinkings út de Earn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2011 - 2012

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Rienk Klooster - bylden en foarstellings fan Jezus

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

wpfa277a31_02.jpg
wpd3a37125.gif
Septimber 2010

De echte druvebeam

Skriftlêzings Eksodus 3: 1-15 en Jehannes 15: 1-17

Yn dizze Skriftlêzings giet it om de wolbekende ‘ik-bin’ teksten (de wei, de wierheid en it libben). Jezus as de echte druvebeam. Jezus wurdt hjir op direkte wize ferbûn mei de heilsfraach.
It wie yn de tiid fan de ferkiezings en ik woe ris stilstean by it saneamde grutte gelyk, it klemen fan de wierheid en de fraach hoe’t we omgean kinne mei teksten dy’t we bygelyks oantreffe yn it evangeelje fan Jehannes.
It tema fan it grutte gelyk is noch altyd aktueel. Ferskate groepearrings yn ús maatskippij, oft se no religieus of polityk fan aard binne, kleme te witten hoe’t it krekt sit. We binne bedarre yn in tiid dêr’t it optilt fan de oerflakkige ‘oneliners’ en holle gjalpen. Simpele, ien-diminsjonale opfettings fan wierheid passearje de revu.
It liket wol as komme wy hieltyd mear telâne yn it spultsje fan: dy’t de grutste mûle hat, kriget gelyk.
En noch altyd wurde minsken, of groepearringen, oan kant skood troch sok grut en breedsprakich taalgebrûk.
In sterke ideology kin blykber fungearje as motivaasje of legitimaasje foar yntolerânsje. Ik behein my hjir ta it mêd fan de religy, om’t de Earn gjin polityk blêd is. Mar jo kinne fan tinken wol hawwe dat dy manier fan yn it libben stean him net ta it religieuze beheint.

De wierheidskleem fan religy
Wêr’t we ek yn leauwe, yn de God fan de bibel of yn de god fan de ekonomy of yn de foarútgong, guon oanhingers tinke dat harren fisy de iennichste wei is ta it heil.
Dizze kleem op eksklusiviteit, ek wol wierheidskleem neamd, liedt gauris ta ûnferdraachsumens. Want as jo fan miening binne dat jo religy de iennichste wierheid ferkundiget, dan is it dreech om oare leauwigen te akseptearjen. Ik hoech jo net te wizen op alle oarloggen dy’t fierd binne. Religy spilet hast altyd wol in rol en religy is faak in ekskús foar minsken om yntolerant te wêzen.
De klassike Kristology seit dat Jezus it unike gesicht fan de Heit is. Mar tink jo ris yn dat it yndie sa wêze soe dat der bûten Jezus gjin heil te ferwachtsjen is. En stel no dat jo per ûngelok yn Afrika berne binne en jo soenen deagean foar’t jo ek mar fan Jezus heard ha. Betsjut soks dan dat it plak dêr’t jo widze stien hat beskiedend is foar jo dielhawwen oan it heil? Makket it godlike dan dochs ûnderskied nei ras? Sa sjogge jo, wierheidskleems liede ta drege fraachstikken.
De fragen dy’t wy ús stelle moatte, binne de folgjende: hokker bylden fan Jezus hawwe wy sels?
En wat betsjutte dizze bylden foar ús hâlding fan oaren oer? En as ik no oare religy's ek sjen wol as wier, fal ik dan myn eigen tradysje net ôf? Kin ik Jezus dan noch wol belide as de Kristus?

Objektive en subjektive wierheid
Foar’t ik fierder gean mei myn ferhaal, moatte we earst stilstean by it begryp wierheid. Wat bedoele we hjirmei? Wy ûnderskiede yn de godstsjinstfilosofy eins twa foarmen fan wierheid: objektive wierheid en subjektive wierheid.
1. Objektive wierheid – dit wol sizze: eat is wier as ik it bewize kin. Útspraken as 'it gers is grien' binne objektyf wier te neamen. Dy opfetting past by de natuerwittenskip en is de meast dominante yn ús westerske kultuer. Mar dit is lestich as it om godstsjinst giet. Nimmen hat God ea sjoen, dus wat falt der te bewizen?
Dêrom is de twadde opfetting fan wierheid foar ús nijsgjirrich:
2. Subjektive wierheid – hjir wurdt mear romte jûn oan de rol fan de minske. Eat wurdt as wierheid oannommen, om't immen it sa belibbet, as wie it wier. Hjir is sprake fan relasjonele wierheid, it is in proses.
God hat Moazes roppen, mar de ropping wie neat wurden as Moazes net antwurde hie.
Beide bin nedich, God en minske.

Soad fisy’s en ynterpretaasjes
De teolooch Paul Knitter hat yn syn boek 'No other Name?' ek pleite foar it meitsjen fan dit ûnderskied.
De fraach wie neffens Knitter: hoe ha de earste folgelingen fan Jezus en de skriuwers fan de evangeelje-ferhalen it begryp wierheid brûkt?
It leit net yn ’e reden dat Jezus himsels de titel 'Kristus' jûn hat. Hy stelde leaver de tsjinfraach:
Wa sizze jim dat ik bin? En hy joech Pilatus dit antwurd doe 't dy frege oft Jezus de kening fan de joaden wie: ‘Jo sizze it . . . ’
Knitter lit sjen dat de tiid dêr’t Jezus yn libbe in hiele plurifoarme tiid en maatskippij wie.
Der bestienen in soad fisy’s njonken inoar. Lykas hjoed de dei. Yn de tiid fan Jezus wie it hiel gewoan en eins hast ek nedich om yn eksklusive taal te praten.
As jo Jezus, om it efkes populêr te sizzen, oan de man bringe woenen, dan moasten jo eksklusive taal brûke om oare mienings te oertroevjen.
It is efkes hiel wichtich te betinken dat de titel Kristus in ynterpretaasje is fan wa ’t Jezus wie foar syn folgelingen. Lykas dat Bûddha in titel is dy’t de minske Siddarta Gauthama krige fan syn folgelingen.
It is dus gjin útspraak oer in objektive wierheid, mar it is in earetitel, it is in subjektyf belibjen fan minsken dy’t rekke wienen troch wat se seagen.

De minsklike syktocht nei fêstichheid
Jezus waard troch harren neamd: de wei, de wierheid, it libben, de goede hoeder en dus ek, lykas we lêzen hawwe, de echte druvebeam. As predikant, steande yn de frijsinnige tradysje, stel ik mysels de fraach hoe’t wy dy wurden no ferstean kinne, hjoed-de-dei, libjend yn in kultuer mei ûnderskate opfettings en fisy's.
Om de útspraken oer Jezus te begripen, is it fan belang ús eigen grûnhâlding ta de bibelske opfetting fan wierheid te bepalen. De bibel is, om it mei Kuitert te sizzen, net in boek dat kant en kleare antwurden jout op alle fragen fan minsken. En dus ek net it antwurd jout op wat of wa’t God no krekt is.
It falt my op dat eangst en leauwe faak hân yn hân gean. Eangst makket dat minsken sykje nei fêstichheid. We sykje earne hâld, dêr’t we fan tinke dat it ús feiliger makket. Yn relaasje ta it leauwe sykje in soad minsken harren hâldfêst yn bylden fan God, ferpakt yn dogma’s en learstellings.

As de tradysje net mear foldocht
Lykwols: it libben konfrontearret ús somtiden mei saken dy’t as gefolch hawwe dat we net mear útkomme mei de lear fan eartiids. Ek godsbylden kinne dêrtroch feroarje en as in minske yn syn libben tsjin soks oanrint, dan is dat net altyd maklik. Wy moatte as minsken ús eins algeduerich op ’e nij ferhâlde ta de tradysje.
Ik wol, as frijsinnich predikant, steande yn de Minniste- en Remonstrantske tradysje, dan ek pleitsje foar in Kristology dy’t hjir rjocht oan docht. Ik bin in foarstanner fan in fisy op Kristology as in proses dat him ûntjout yn in gearwurking tusken it hillige en minsken, troch de tiden hinne.
In chassidyske útspraak, opskreaun troch Martin Buber, makket dúdlik wat ik bedoel te sizzen.

Sa spriek de Baal Shem Tov: Yn de bibel wurdt net praat oer: De God fan Abraham, Izaäk en Jakob. Nee, der stiet wat oars, nammentlik: De God fan Abraham, de God fan Izaäk en de God fan Jakob.

Elke kear wurdt de Godsnamme op ’e nij ferbûn mei in yndividu. Dat betsjut neffens de útlis dat alle minsken har eigen paad gean moatte mei God.
Do kinst net teare op de tradysje fan in oar, do silst dyn eigen paad sykje moatte yn it ramt fan de tradysje.

‘Ik bin dy’t ik wêze sil’
We hawwe lêzen dat Moazes, dy’t sa syn bêst die om ûnder syn opdracht út te kommen, frege wat er sizze moast tsjin de Farao doe’t dy witte woe wa’t him stjoerd hie. God sei: myn namme is Ha-Sheem. Ha-Sheem betsjut letterlik: ‘de namme’.
No hawwe nammen yn de bibelske tradysje in djippere betsjutting, se fertelle wa ast bist. It is opfallend dat God Syn wêzen hjir net bleatjûn wurdt yn in fêststeand byld, nee, it bliuwt in mystearje. Ik bin dy’t ik wêze sil, stiet der eins.
Dat is yn oerienstimming mei wat de wet fan Moazes ús al learde: Do silst gjin bylden meitsje en dy oanbidde. De minske is net makke om te bûgen foar in lear, in dogma of in byld.

Dizze God lit him moetsje yn in byld dat net kloppet mei ús werklikheid. Hoe kin in toarnbosk brâne en dochs net fertard wurde troch it fjoer? Dizze God is ûngrypber!
De namme Ha-Sheem seit it: ik gean mei dy mei, sa’t ik mei dy meigean sil.
God is hjirmei in persoanlik tasnien byld, ynstee fan in massyf byld.
Hoe’t er mei dy meigiet, kin ferskille nei plak, tiid en minske.
As ik dan sis: Jezus is de Kristus, dan sis ik net dat dit letterlik sa is. Nee, it is in útspraak fan in leauwich minske. It is myn tasnien byld. De taal fan it leauwen is leafdestaal.
Wy moatte dan ek net freegje: is Jezus dé wierheid? Dy fraach giet rjochting wierheid as wat objektyfs.
Ik bin fan miening dat we it subjektive ramt as útgongspunt nimme moatte.
Wy soenen freegje moatte: Hoe wier is Jezus? Hoe wier hat syn libben west? Hoe wichtich is syn paad foar myn libben?
Dy fraach makket dat jo sels de ynhâld beoardielje en it net oerlitte oan it ynstitút tsjerke of de dogmatyk.
It giet om in persoanlike belutsenens en in moreel, etysk engaazjemint.

Yn it âlde testamint wurdt de druvestôk ‘wier’ neamd as bliken docht dat dy yn de tiid fan de rispinge frucht draach. It Hebrieuske wurdt foar wier is emet.
Emet, wierheid, is datjinge dêr’t men fan op oan kin. Wierheid betsjut betrouberens en dêrom wurdt Jezus ferlike mei de wiere druvestôk.
It giet der dus net om fertize te reitsjen yn regeltsjes. It giet om de ûnderfining fan wat weardefol is.
Jezus libbet ús in polityk fisioen foar dêr’t it draait om it rjocht fan de swakke. Dit draach ik jim op: ha inoar leaf! Wat is der mear nedich om libje te kinnen?
Jezus hie weet fan oarsprong, doel en sin fan it libben. Te dynamysk foar wurden, steatsgefaarlik om’t er utering joech oan it politike fisioen fan de God mei de neamensweardige namme: Ik bin dy’t ik wêze sil.
Net in namme om fêst te lizzen, mar wol in namme om te libjen.

Om it Anna Blaman nei te sizzen: "Dy't freget nei it bewiis, is te lyts foar it geheim."

Amen

Yvonne Hiemstra

wp9f7061fe_02.jpg
wp570233bf_02.jpg