Juny 2010
Presys op tiid gongst ek wer fuort
Preek hâlden op 16 maaie 2010, de snein tusken Himelfeart en Pinkster
Skriftlêzings: 2 Keningen 2 fers 1-18, Hannelingen 1 fers 1-14 en Mattéus 28 fers16-20
Wy hawwe yn de bibel twa berjochten lêzen oer in himelfeart: de himelfeart fan de profeet Elia en de himelfeart fan Jezus. Sokke berjochten roppe fragen op en freegje om útlis. Eins binne guon gemeenten al sûnt de sechstiger jierren fan de 19e ieu ferlegen mei dit soarte fan ferhalen. Yn frijwat gemeenten binne de tsjinsten op
himelfeartsdei dan ek ôfskaft. Op himsels fyn ik dat net sa slim, mar dat wol noch net sizze dat de ‘himelfeartsferhalen’ yn de bibel gjin serieuze ferhalen binne. Dy wolle krekt hiel wat wêzenliks sizze.
Om te begjinnen wol ik mei klam sizze, dat wy ús net ôfpinigje moatte mei de fraach, hoe’t it mooglik is dat in minsklik lichem him ferpleatse kin nei . . . ? Ja wêr krekt hinne? Sis it mar. Nee, it giet om hiel wat oars.
Fierder is it opfallend dat wy yn de bibel net safolle himelfeartsferhalen tsjinkomme. Eins binne it ferhalen mei in geheim. Der wurdt wat yn ferteld, dat him net sa maklik ferwurdzje lit. En as wy se tsjinkomme dan giet it oer persoanen fan in útsûnderlik grutte betsjutting.
En dat is no krekt wat it ferhaal ta útdrukking bringe wol. De ferhalen wolle sizze: dizze persoan is om wat er sein en dien hat ‘ûnstjerlik’. Sa wurde gauris de grêven dan wol de stoflike resten fan minsken fan histoarysk belang of fan idoalen fereare en kinne sels ta wiere beafeartsplakken wurde. Dat jildt fan it grêf fan Michael Jackson bygelyks, mar der falt ek te tinken oan it mausoleum fan Lenin op it Reade plein, dêr’t it balseme lyk fan dizze kommunistyske lieder yn opbiere is, of oan it it mausoleum fan Mao tse Toeng op it Plein fan de himelske frede yn Peking (wat der krekt yn dat mausoleum leit, witte wy net, want by it balsemjen fan it lyk is wat ferkeard gien).
Mozes, Elia en Jezus
Dêrom is it krekt sa opmerklik dat soks yn de bibelske berjochten krekt net bart. Fan Mozes wurdt ferteld dat it plak fan syn grêf ûnbekend is (Deuteronomium 34:6) en dat it sadwaande ûnmooglik om syn lyk en syn grêf te ferearjen. Fan de grutte profeet Elia wurdt ferteld dat er weinommen is yn in stoarm mei in wein mei hynders fan fjoer. Dêrne wurdt ferteld dat fyftich keardels sa ûnbeskamsum binne om te sykjen om it lyk, mar it trije dagen letter noch net fûn ha. Echt yndrukwekkend.
Wat Jezus oanbelanget, fertelt Lukas yn it boek Hannelingen dat in wolk him weinaam. En op harren eigen wize fertelle de oare evangeeljeferhalen ek soks. It lyk is der dus net mear, mar . . . it grêf is der noch wol:
It Hillige Grêf yn de Hillige Grêf-tsjerke yn Jeruzalem! As der ien ding is dat beskamsum is foar it kristendom, dan is dat wol dit plak, dêr’t it lichem fan Jezus fan de jûns fan Goedfreed oant de iere moarn fan
Peaskesnein yn lein hat. Krústochten binne der om hâlden, sa hillich wie it.
Mozes en Elia fertsjintwurdigen tegearre de Tora en de Profeten, de religieuze tradysje fan Israël. Beide hawwe oan it folk oerbrocht wat Gods bedoeling is mei it libben. En beiden binne se nei it folbringen fan harren ierdske taak opnommen yn ‘Gods hearlikheid’. Net om harren liken of grêven giet it, wol de bibel dêrmei sizze, mar om de betsjutting fan de boadskip dy’t se trochjûn hawwe. Dêrom fertsjinje se oansjen. Lês dêrom de Tora en de profeten en libje dêrmei, mar doch net oan ordinêre ferearing fan stoflike resten en saneamde hillige plakken.
‘It is goed foar jimme dat ik fuort gean’.
Datselde jildt ek fan Jezus, de Man fan Nazaret, dy’t yn wurd en died it Ryk fan God ferkundige en dy’t syn libben derfoar jûn hat. De ‘Minskesoan’ wurdt er neamd, de ‘Messias’, de ‘Soan fan God’. Foar dy’t yn him leauwe, is der gjin grutter namme op ierde. Oer him fertelle de ferhalen dat er nei Peaske noch in kear as wat oan syn learlingen ferskynd is. It ferhaal yn Hânlingen 2 fertelt oer de lêste fan dy ferskinings. In ôfskied is it. Mar it eigenaardige is dat it ek wer gjin ôfskied is.
Yn Johannes 16:7 hearre wy Jezus sizzen tsjin syn learlingen: ‘Ik gean fuort nei Him dy’t my stjoerd hat’.
En dan giet er fierder: ‘Jim hert is fol fan fertriet. Mar ik sis jim de wierheid: It is goed foar jimme dat ik fuort gean’. En sa sit der sawol yn it ôfskied dat wy hjir by Johannes lêze, as yn it himelfeartsferhaal yn Hânlingen 1 wat weemoedichs. De Frânsken sizze dan: Partir c’est mourir un peu (ôfskied nimme is in bytsje stjerre). Dat kin wy ek beharkje yn de berjochten dy’t wy lêzen hawwe. De learlingen witte net wat se der fan tinke moatte. Yn Hanlingen 1 steane se wat ferdwaasd yn de loft te sjen. Mar dan binne dêr ynienen twa mannen yn wite klean, dy’t harren oansprekke en treaste yn harren gefoelens fan weemoed en fertriet.
Nijsgjirrich binne de wurden fan Jezus dy’t Johannes oerlevere hat en de wurden dy’t wy lêzen hawwe by Mattéus. By Johannes is it: ‘It is goed foar jimme dat ik fuortgean’ en by Mattéus lêze wy: ‘Sjoch ik bin by by jimme, alle dagen’. Dat liket in tsjinstridichheid. Mar yn beide útspraken fan Jezus giet it om wiere wurden.
Ik sil besykje om oan de hân fan in gedicht fan de dichter Hans Bouma út te lizzen wat ik bedoel (ik haw de Nederlânske tekst ferfryske). In gedicht is it oer in kommen, in gean en in bliuwen:
Datst der doe wiest, krekt op dat momint.
Wat brocht dy hjirre? As hie ik dy roppen.
Dyn eachopslach, dyn hân. Krekt sa en net oars.
En datst doe dy pear wurden seidest.
Wurden dy’t alles oars makken.
En presys op tiid gongst ek wer fuort.
Feilleas fieldest it oan.
Mar dyn eachopslach, dyn hân,
Dy wurden.
Do, bliuwend myn minske.
In geskink út de himel.
Himelfeart en Pinkster, yn in pear dichtrigels delset. Der wurdt ferteld oer immen, dy’t troch syn oanwêzichheid in djippe en bliuwende yndruk makket, mar dy’t ek presys op ‘e tiid wer fuortgiet en dy’t dat momint fan fuortgean ek feilleas oanfielt. Dat kin in momint lykje: pynlik en weemoedich. Mar in momint fan ôfskied, fan wer út elkoar gean, kin ek in goed momint wêze.
Wêrom in goed momint?
Ik tink dat dat te meitsjen hat mei respekt, it respekt dat bygelyks in goeie learmaster hat foar syn learlingen. Want in goeie learmaster is der ommers op út om syn learlingen wat by te bringen dat fan wearde is: kennis en ynsjoch, mar ek in bepaalde krityske hâlding. En wat in goeie learmaster altiten besykje sil om foar te kommen, dat is dat syn learlingen epigoanen wurde, dws. minsken dy’t him allinne mar bewunderje, him slaafsk en kritykleas neiprate en dy’t syn útspraken te pas en te ûnpas oanhelje. Goeie learlingen wurde gjin kopyen fan harren learmaster, gjin neipraters. In learling moat krekt de romte krije om de dingen dy’t er fan syn
learmaster heard en sjoen hat, selsstannich te ferarbeidzjen. De learling moat him dêr in eigen mieneing oer foarmje. Want hy moat him geastlik ûntjaan kinne ta de unike minske dy’t er is. En dêr is romte foar nedich.
Dêrom moat in learmaster him ek op ‘e tiid weromlûke en syn learlingen loslitte.
As er dat net docht, is er gjin goeie learmaster. En foar de learlingen jildt itselde.
Ek dy moatte har op ‘e tiid los meitsje fan de learmaster om harren eigen paad gean te kinnen. Learlingen moatte dan ek krityk ha kinne op harren learmaster en him yn gjin gefal ferhearlikje en him sa heech stelle dat er boppe alle krityk ferheven is.
As ik myn eigen biografy neigean, dan hawwe dêr ek minsken west dy’t op myn paad kommen binne en dy’t in djippe yndruk op my neilitten hawwe. Ik tink oan guon ûnderwizers fan de legere skoalle, leararen op it fuortset ûnderwys, inkelde dûmny’s út myn jeugd, en letter guon learmasters op de universiteit en op it seminaarje, en fansels ek grutte skriuwers en tinkers en kabaretiers. Mar ik tink ek oan hiele gewoane minsken dy’t ik tsjinkommen bin yn myn wurk en yn de privee-sfear. Wize minsken stik foar stik, minsken dy’t wat te melden hiene, minsken dy’t wat útstrielen en dêr’t wat fan útgong. Allegearre minsken om jinsels oan op te lûken. De measten binne der net mear. Minsken geane no ienkear foarby. Dat kin hiel pynlik wêze.
Mar der is ek in oare kant. Want wat giet no krekt foarby en wat is bliuwend?
De geast fan de minske moat him ûntjaan
Dêrom leit der sa'n djippe wierheid yn de wurden fan Jezus: 'It is goed foar jimme dat ik fuortgean’. Want dat betsjut dat er net op in totalitêre wize omgiet mei syn learlingen. Wat hy no krekt net wol, dat is harren de harsens spiele, it brein waskje. Want de wurden fan Jezus, de wurden fan God, de wurden dy’t wy yn de bibel lêze, dy binne net totalitêr. It binne gjin wurden dy’t har oantsjinje mei in absolút gesach en dy’t allikemin bedoeld binne om jin oan te ûnderwerpen. Kritykleaze ûnderwerping is yn striid mei sûn leauwenslibben.
It evangeelje is dan ek net bedoeld as twang en dressuer, mar bedoeld as in boadskip fan romte en befrijing. Leauwen is ommers fertrouwen.
Leauwen is yn fertrouwen jins wei gean troch it libben. En dat leauwen bestiet altiten binnen de romte fan de leafde en it respekt foar minsken, fan de minsklike frijheid. It is frij fan terreur en altiten út op it skeppen fan romte en frijheid. Leauwen is dêrom ek wat oars as it neipraten fan wat learstellings, it sitearjen fan bibelteksten en jin dêrefter ferskûlje. Ek wat oars as it neipraten fan in dûmny of in teolooch dy’t wat yndruk makket. Leauwen is sels wat oars as de wurden fan Jezus neiprate.
Leauwen wol ek sizze: sels neitinke en sels de âlde wurden en ferhalen ferarbeidzje. It klinkt miskien wat nuver dat ik dat sa sis. Mar allinne binnen dy romte, yn dy frijheid kin de minsklike geast him ûntjaan en kin de Hillige Geast, de Geast fan God, de Geast fan Kristus, minsken ynderlik oansprekke en ynspirearje. Leauwen is ommers: yn betrouwen jins wei gean troch dit libben. En dan begjinne ek dy slotwurden út it Mattéus-evangeelje te sprekken: 'Sjoch, ik bin by jimme, alle dagen, oan de ein fan de tiden ta'.
Dat wol sizze: yn de Geast is er by ús. Hy giet mei jin mei op jins libbenspaad en wol as in boarne fan treast, bemoediging en ynspiraasje.
Jezus sprekt ús noch altiten oan
Dy minsken dêr’t ik it krekt oer hie, dy’t elk op harren eigen wize foar myn foarming sa wichtich west hawwe, dy haw ik ek by my. Dy sprekke my noch altiten oan en faak komme guon útspraken my noch yn it sin.
Of ik sykje wer ris in passaazje op út in boek of in brief. Sa is it ek mei Jezus, mei de wurden dy’t ús yn de evangeeljes oerlevere binne. Hy sprekt ús noch altiten oan yn de ferhalen, de berjochten en de útspraken.
It liket in tsjinstelling, de wurden: ‘It is goed dat ik fuortgean, want oars kin myn geast net by jim komme’ en ‘Ik bin by jim alle dagen’. Mar krekt yn dy tsjinstelling leit de eigenaardige betsjutting fan de
ferskillende berjochten oer de himelfeart fan Jezus. Dêrom wol ik beslute mei it gedicht fan Hans Bouma:
Datst der doe wiest, krekt op dat momint.
Wat brocht dy hjirre? As hie ik dy roppen.
Dyn eachopslach, dyn hân. Krekt sa en net oars.
En datst doe dy pear wurden seidest.
Wurden dy’t alles oars makken.
En presys op tiid gongst wer fuort.
Feilleas fieldest it oan.
Dyn eachopslach, dyn hân.
Dy wurden.
Do bliuwend myn minske.
In geskink út de himel.
Amen. Rienk Klooster