Septimber 2009
Oertinking oer ‘Tuskentiid’ of ‘Alles is Leafde’
(troch Rienk Klooster)
Dizze oertinking stiet ek yn de Earn fan oktober 2009, en dy kin ynladen wurde as PDF-dokumint troch te klikken op de neifolgjende skeakel: Earn 45
Skriftlêzing: 1 Korintiërs 13
'Tuskentiid', it iepenloftstik fan dit jier, ynspirearre op de film 'Alles is liefde'. De bibellêzing dy’t ikdêrby keazen haw is 1 Korintiërs 13, it lofliet op de leafde. De wurden dy’t wy dêr lêze geane oer de essinsje fan it libben en slute hiel goed oan sawol by it iepenloftstik as by de film. Oer ien wurdsje giet it yn wêzen: LEAFDE.
It tonielstik en de film dogge dat op in boartlike wize, en 1 Korinthiërs 13 docht dat op in hiele direkte en yngeande wize. Minsken longerje ommers nei dat iene.
By it trochnimmen fan it programmaboekje en wat ik dêryn lies oer de ynhâld fan ‘Tuskentiid’, kaam my de alderearste rigel yn it sin fan it boek Totalité et Infini fan de grutte filosoof Emmanuel Levinas. Dat boek begjint mei de yndrukwekkende sin: 'La vraie vie est absente'. Mais nous sommes au monde. It wiere libben, dat is hjir net oanwêzich. Mar wy binne wol op de wrâld. Dy wurden fan dizze Joadske tinker hawwe altiten in djippe yndruk op my makke, lykas trouwens syn hiele gedachtewrâld. Mar mei wat er seit yn dy iepeningssin fan
dat boek, rekket er in djippe wierheid oangeande it libben.
Dyselde gedachte wolle it stik ‘Tuskentiid’en 1 Korinthiërs 13 ús ek dúdlik meitsje: Wy binne hjir op ierde, yn dit libben, en wy binne op syk. Wy sykje wat, wy longerje nei wat, dat hjir op dit stuit noch net is en dat wy misse. Bytiden o sa misse. Mar wy hoopje dat wy it fine sille, of der spoaren fan ûntdekke en belibje meie yn ús bestean fan no en hjirre.
By de tarieding fan dizze tsjinst hie ik it skript fan it stik net by de hân, dat sadwaande koe ik it net neilêze. Mar in rigel dy’t by it sjen fan it stik by my hingjen bleaun is, dat ien fan de haadpersoanen soks sei: Íensum komst op dizze wrâld en iensum giest wer út dizze wrâld wei. En yn dy tuskentiid hopest datst wat belibje meist fan dat watst sikest. Datst sa út en troch in glim opfangst fan it wiere libben en dat de stikjes om samar te sizzen ‘te plak falle’.
It libben is ornaris in puzel dy’t net yn elkoar past
Bêste minsken, dat is net allinne in djip minsklike gedachte, dy’t o sa werkenber is yn it bestean fan in protte insken, miskien wol yn it bestean fan ús allegearre, mar tagelyk is it ek in hiele bibelske gedachte. En krekt dat brocht my by 1 Korintiërs 13, it lofliet op de leafde, dat hichtepunt út de bibel. Ik lês it faak by in troutsjinst of in dooptsjinst, mar ek likegoed by in begraffenis of in kremaasje. Mar men kin it ek likegoed lêze by alderhande oare gelegenheden, lykas bygelyks by de túnpreek fan hjoed.
No is it fakentiids sa dat yn in wat romantyske film of tonielstik yn de slotsênes de stikken te plak falle, by wize fan in happy end. Dat is ek sa yn ‘Tuskentiid’. Mar allegearre witte wy mar al te skoan dat de werklikheid fan it libben faak hiel oars is. Yn de realiteit fan it deistige libben, dêr falle de stikken almeast hielendal net te plak. It libben is ommers ornaris lykas in puzel dy’t hielendal net ynelkoar past. En wol om’t der bytiden gjin inkeld patroan yn te ûntdekken falt.
De fraach nei de almacht fan God
No wit ik wol, dat der frijwat kristenminsken binne dy’t miene dat it wol sa is. Dy tinke dan dat der wol soks
as in patroan of in bedoeling wêze moat. En as se dy sels net ûntdekke kinne, dan skriuwe se dy ta oan in hegere macht.
Oan God as de grutte Albeskikker, dy’t de skiednis neffens in fêst patroan ferinne lit en dy’t ek de hân hat yn it persoanlike bestean fan elkenien. Ik kom se faak tsjin dy’t sa tinke en leauwe, sawol tsjerkeminsken as ek bûtentsjerkliken. Dy hear ik dan sizzen: ‘Dûmny, it hat sa wêze moatten’. En bytiden wurdt de bibelske persoan Job derby oanhelle, dy’t neidat er al syn bern en syn besit ferlern hat, seit: ‘Soene wy it goede al fan de Heare oannimme en it kweade net?’ en 'De Hear hat jûn, de Hear hat nommen, priizge is de namme fan
de Hear!' Dat binne fromme gedachten om dochs foar jinsels op ien of oare wize klear te kommen mei de wêrom-fragen dy’t it libben opropt.
Wat ik ek wolris tsjinkommen bin, is dat minsken it libben dan ferlikenje mei de patroanen fan in kleed.
Wy minsken sjogge dan allinne mar tsjin de raffels fan de efterkant oan, dêr’t wy gjin wiis út wurde kinne.
God is lykwols yn de posysje om de prachtige, mar foar ús minsken ferburgen, patroanen fan foarkant te sjen.
De gedachte is dan dat it ús yn it hjirneimels dúdlik wurde sil, wêrom 't it ierdske libben sa beroerd ferrinne moast lykas it ferrûn is. Yn dy tuskentiid past it ús, lytse minskjes mei ús beheinde sicht op de dingen dy’t
ús oerkomme, alhiel net om opstannich te wêzen tsjin de ûnneigeanbere en net te bedjipjen wiisheid fan de Almachtige God. Sokke ferhalen hear ik dan altiten swijend oan (elkenien hat ommers rjocht op syn eigen gedachten en gefoelens), oant my de fraach steld wurdt: 'Mar wat tinkt jo dêrfan fan dûmny?'.
Ik sis dan: ‘It is in opsje!’ 'Mar leauwe jo dat dan net?'
Antwurd: 'Nee, ik leau der gjin miter fan (om yn de sfear fan 'Tuskentiid' te bliuwen)'.
In souder fol ‘wêrom?’ fragen
Bêste minsken, ik sil jim útlizze wêrom oft ik sa net leauwe kin. Mar al te faak hear ik minsken wanhopich freegjen: ‘Wêrom, wêrom, wêrom? As der in God bestiet dy’t hjir wat oan dwaan kin, wêrom grypt dy dan net yn. Wêrom lit er minsken krepearje oan freeslike sykten. Wêrom koe er dat tragyske ûngelok dan net tefoaren komme? Foar ien dy't Almachtich is, hie dat dochs mar in lytse muoite west? As dy God dan ek noch in God fan leafde hjit te wêzen, dan begryp ik hielendal neat mear fan it leed en it lijen op dizze wrâld!’
Bêste minsken, út ús eigen biografy wei kinne wy allegearre wol wat ynfolje by dat leed, dat lijen dat jin oerkomme kin yn it libben. Want allegearre, de iene wat mear as de oare, wurde wy yn ús ierdske bestean sa út en troch konfrontearre mei de grutte wêrom-fragen fan it libben.
'Wêrom-fragen? Ik haw der wol in souder fol fan’, sei immen ris tsjin my. Ja, wa net?
It bernlike oan kant dwaan
It is hiel opmerklik dat yn dat prachtige liet yn 1 Korintiërs 13 nei al dy prachtige dingen dy’t sein wurde oer de leafde dy’t noait ferlern giet, ynienen in hiele oare toan oanslein wurdt. Wy lêze:
'Doe't ik in lyts bern wie, prate ik as in bern, tocht ik as in bern, redenearre ik as in bern. No’t ik folwoeksen wurden bin, haw ik it bernlike oan de kant dien. No sjogge wy noch ûndúdlik yn in spegel . . .’
Ik fyn dit altiten in yndrukwekkende passaasje, mar ek in hiel bysûnder byld. Oer it bernlike dat no oan de kant dien is en it stean yn it libben as in geastlik folwoeksen minske, dêr giet it oer. Mar minsken dy’t geastlik folwoeksen binne en dy’t it bernlike oan de kant dien hawwe, dy witte ek mar al te skoan fan dy spegel, dy ûndúdlike, besleine spegel oftewol dy spegel dy’t jin foar riedsels pleatst. De riedsels fan it libben, de brutsenens fan it bestean. It ûnbegryplike en de grutte wanhopige fragen dêr’t men tsjinoan rint en dêr’t men gjin antwurden op krijt.
Mar minsken ha bytiden sels ek wat ûnbegrypliks yn har, ûnbegryplike kanten oan harren persoanlikheid, dy’t men ferlikenje kin mei in riedsel dêr’t gjin oplossing foar bestiet. En miskien ha wy sels ek wol wat fan sa’n riedsel yn ús. Want wa minske ken himsels alhiel?
As de ierde de himel rekket
Yn it iepenloft stik, mar ek yn de film ‘Alles is Liefde’ sjogge wy alderhande yntriizjes en motiven. De minsken drave om samar te sizzen fan de iene kant fan it toniel kant nei de oare kant (it is bytiden hast net te folgjen), mar sûnder dat se elkoar echt begripe. Mar hja foarmje sadwaande in libbene yllustraasje by de wurden fan Levinas ‘La vraié vie est absente’, mais nous sommes au monde.'
It wiere libben dêr’t minsken nei longerje, dat is der net (alteast fakentiids net), mar wy binne wol yn dizze wrâld. En wy drave en wy dogge, wy libje en wy stribje, ja wat net? It libben liket bytiden ien grutte puzel en in wanhopich sykjen om de dingen oanelkoar en ynelkoar te passen, mar in line of patroan is der bytiden amper yn te finen en sin en doel binne der almeast likemin oan te ûntdekken. Benammen dan net as it leed, it lijen de oerhân krijt yn jins libben. Dat is neat minder as de konfrontaasje mei de hurde realiteit fan it bestean.
En men kin jin ôfpinigje mei noch safolle fragen, mar foar ús allegearre jildt, dat ‘it is wat it is’. Mar oft wy wolle of net: Wy moatte fierder! Want it libben giet troch!
'Tuskentiid' wol ús dúdlik meitsje dat wy fierder kinne troch it leauwen yn it
libben net te ferliezen. It wiere libben dêr’t wy fan dreame, is der net.
Dat is wier. Mar bytiden binne der spoaren fan dat oare, fan dy mominten dat de sinne wol efkes in glimk fan syn ljocht sjen lit. En dat der wol stikjes te plak lykje te fallen. Fan dy mominten dat om samar te sizzen hiel efkes ‘de himel de ierde rekket’. Dat binne gouden mominten.
Besykje dy mominten krekt fêst te hâlden en koesterje dy! Besykje dy dêrom oan it libben ta te betrouwen. Leau deryn. Ja, men moat deryn leauwe, oars sil men der noait wat fan sjen kinne!
Dat is yn it koart de boadskip fan ‘Tuskentiid’.
Leauwe, hope en leafde
En dêrmei sitte wy ek wer middenyn wat 1 Korintiërs 13 ús sizze wol. Leafde is ommers it heechste, it djipste, it djoerste, it meast kostbere dat tusken minsken bestean kin. Dat wol uteraard net sizze dat alles roazich is. Sa is it libben net. Leafde is in striid, lykas it hiele libben striid is. Mar wat is in libben sûnder
leafde? Wat is in libben sûnder dat minsken om jin jouwe, fan jin hâlde, der op ‘e tiid foar jin binne?
Wat is it libben sûnder dat men minsken om jin hinne hat fan wa’t men sels hâldt en foar wa’t men libje wol
en der wêze wol? Mar men moat der wol yn leauwe. Oars komt men net fierder as dy ‘besleine spegel’, en bliuwt men hingjen yn fragen en riedsels dêr’t men noait útkomme sil.
1 Korintiërs 13 is in liet dat skreaun is út in djip minsklik besef fan it leed en de wanhoop fan it libben wei.
Mar de skriuwer is immen dy’t himsels mentaal oerein hâldt, troch it leauwen en de hoop net te ferliezen en troch him ta te betrouwen oan wat er belibbet as it heechste, it djipste en it djoerste dat bestiet:
de LEAFDE.
Mar as dat besef der is, dan is men dy spegel foarby en kin men wer each hawwe foar dy dingen dy’t it libben glâns jouwe en sin en doel. Dan kin men jin tabetrouwe oan it libben, oan de minsken om jin hinne en oan God dy’t LEAFDE is. Út dat libbensgefoel wei kin men sizze:
'Yn ien wurd, trije dingen bliuwe foar altiten: leauwe, hope en leafde. Mar de grutste dêrfan is de leafde'.
Falt soks te bewizen? Nee fansels net!
Mar sawol it stik ‘Tuskentiid’ as 1 Korintiërs 13 wolle ús dúdlik meitsje dat dizze leafde him by eintsjebelút sels bewiist!
Amen.
Rienk Klooster