wpd25a8018_02.jpg
wp0616a547.gif
wpd3a37125.gif
wp16ddc10b_02.jpg
wpfa277a31_02.jpg

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

artikels en oertinkings út de Earn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2011 - 2012

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Rienk Klooster - bylden en foarstellings fan Jezus

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

wpfa277a31_02.jpg
wpd3a37125.gif
Maart 2006
De krusiging fan Jezus: sinleas geweld?

Op 10 maart sieten myn  frou en ik de jûns yn de Martinitsjerke te Boalsert te genietsjen fan  Stille Sneon, it teaterstik fan Hoite Pruiksma en Romke Toering. It gong oer de dea fan Jezus, sjoen  troch de eagen fan Maria syn mem en Maria Magdalena syn frou. It spyljen sels, de oanklaaiïng fan it toaniel, de muzyk en de lûdseffekten, allegearre mei-elkoar wie it fan in heech artistyk nivo. Wat my benammen trof wiene de wurden fan syn mem Maria: ’Wie it ea de bedoeling dat in bern sa lije moast?’ Twa oare froulju sizze dan: ‘Myn ferstân begrypt it net’ en ‘Myn gefoel taast it net…’ Oan de ein fan it stik seit Maria nochris dyselde wurden.
De fraach fan Maria hâldt jin fansels dwaande, sa faak as men yn de bibel it lijensferhaal ûnder eagen kriget. Wie de krúsdea fan Jezus in gefal fan sinleas geweld of net. No wit ik wol dat de tsjerklike teology it antwurd op dy fraach al ieuwenlang klear lizzen hat. Anselmus fan Canterbury hat yn Cur Deus homo ommers syn ideeën dêroer formulearre: Jezus hat troch syn krúsdea plakferfangend de straf ûndergean foar de sûnden fan de wrâld. Omdat Jezus dit lijen ûndergien hat, is de skuld fan de minskheid foldien en is God net langer lilk, want syn eare is dêrmei rêden. De tsjerke yn it westen hat dy útlis yn grutte linen oernommen en as gesachhawwend ferklearre. Wy kinne in soksoartige gedachtegong bygelyks weromfine yn de
Heidelbergske Kategismus (1563), mar ek yn it synodale geskrift fan de PKN Jezus Christus, onze Heer en Verlosser (2001). De dea fan Jezus wie gjin sinleaze aksje, mar hie as doel om de minskheid fan de ûndergong te rêden.

Ik haw dizze lear altyd ôfwiisd, om’t dy nei myn betinken net etysk, ûnminsklik en net te rymjen is mei it byld fan in God fan leafde. Yn dy opfetting bin ik yn Boalsert fersterke. Ek it lêzen fan it opstel ‘Een verschrikkelijke vrijdag’ yn it boek Bijbelse  tijdgenoten fan de Joadske skriuwer en heechlearaar yn de medisinen B. Smalhout hat my dêr de eagen foar iepene. Hy beskriuwt dêr de medyske kant fan de krúsdea.

Krusiging as standert deastraf
Dêr is net safolle literatuer oer dit ûnderwerp. Sa komt it miskien ek, sa skriuwt er, dat minsken dy’t as utering fan harren leauwe in krús of krusifiks as sieraad drage, net witte fan hokfoar grouwélich ynstrumint dit de stilearre ôfbylding is. Krusiging wie in foarm fan deastraf dy’t yn it Romeinske ryk faak tapast is en dy’t sa freeslik wie, dat yn de earste ieuwen fan it kristendom nimmen op it idee komme soe om yn it krús in symboal fan it leauwen te sjen.
Likemin as men it hjoed-de-dei yn de holle helje soe en hingje by wize fan devoasje in sulveren elektrysk stuoltsje, in gouden galchje of gaskeammerke om de nekke. De Romeinen hiene it krusigjen oernommen fan de Kartagers, en dêrnei ferbettere as in metoade om slachtoffers sa slim en sa lang mooglik lije te litten. Dizze foarm fan terjochtstelling hat sawat 1000 jier yn gebrûk west, oant dat de kristlike keizer Konstantyn de Grutte it yn 337 ôfskaft hat. De Romeinen pasten dizze wize fan eksekúsje ta foar: opstannige slaven, kriichsfinzenen en deserteurs. By de grutte slave-opstân ûnder lieding fan Spartacus yn 71 foar Kr. Binne
6.472 persoanen krusige.
By alle Romeinske stêden stiene by âlds in tal krusen permanint opsteld, lykas te uzes de galgen op it galgefjild. Krusen wiene der yn soarten: T-, X- en gamma-foarmich. Trochstrings waard de T-foarmige crux commissa brûkt. Dy bestie út in stipes, dy’t almeast permanint rjochtop yn de grûn stie, en in patibulum, in losse dwersbalke dy’t mei in ienfâldige penne-en-gat ferbining boppe-op de stipes paste.

It krusigjen
It wie wizânsje dat de feroardielden de dwersbalke hielendal neaken nei it ekskúsjeplak ta droegen. Dat wie noch in piniging mear, want meastentiids wie it slachtoffer al mei de strekte earmen oan de balke fêstbûn.
De balke, dy’t sa‘n 60 – 100 pûn woech (like swier as ien of twa sekfollen semint) lei dan sawat op de útsteksels fan de boppeste wringe fan de rêch en de leechste fan de nekke. As in slachtoffer ûnderweis kaam te stroffeljen, foel er plat foaroer op it antlit mei it gewicht fan de balke yn de nekke. Mei’t er it antlit net beskermje koe, rekken  by sa’n fallerij gauris de noas, de wangbonken en de tosken stikken.
Op it eksekúsjeplak wiene der twa mooglik-heden: men koe de feroardielden mei touwen of riemen dan wol mei spikers oan it krús fêstmeitsje. Yn it twadde gefal waarden spikers brûkt fan 7 oant 20 sm lang en mei in dikte fan 6 oant 9 mm en mei in bolrûne kop. De dwersbalke waard op de grûn dellein en de feroardielde moast mei de skouders op de balke lizzen gean.
De holle hong dan efteroer en de earmen waarden wiid útspraat. Ien of twa soldaten hâlden in earm beet, in oaren-ien sette de punt fan de spiker yn de pols, krekt op it plak dêr’t de ûnderearm oergiet yn de hân, ûnder de mûs fan de tomme en dan presys yn de midden. Mei ien fikse slach fan de hammer waard de spiker dwers troch de pols hinne slein en mei noch in pear slaggen fêstslein yn it hout. Dêrnei waard ek de oare pols fêstslein. It is net sa dat de spikers troch de palms fan de hannen hinne slein waarden. Want dy soene troch it lichemsgewicht yn de lingterjochting útskuorre.
Elk dy’t wolris in ferklofte pols hân hat, wit hoe pynlik dat is. Mar dat wie noch net alles. Troch de pols rint in wichtige senuw, de nervus medianus, dy’t troch de spiker altiten rekke en skansearre waard. It oanreitsjen en skansearjen fan in senuw jout ien fan de meast fûleinige pinen dy’t besteane. By it hingjen oan in krús wurdt de senuw oer de skerpe kanten fan de spiker spand lykas in snaar oer de kaam fan in fioele.

As de polzen oan de dwersbalke fêstmakke wiene, waard dy troch de soldaten optild. De feroardielde moast earst sitten gean en dêrnei tsjin de peal oan stean gean. Oan de beide úteinen waard de dwersbalke mei de feroardielde deroan optild en op de peal set. Sa’n peal wie almeast net heger as twa meter. Sa’n betreklik leech krús hiet in crux humilis. Yn útsûnderlike gefallen koe in heech krús brûkt wurde, in crux sublimis. Op Golgotha hawwe nei alle gedachten gjin hege krusen stien.
As in feroardielde oan it dwershout hong, waarden de knibbels safier bûgd, dat ien fan de fuotten plat tsjin de stipes treaun wurde koe. Dan waard der in spiker fan sa’n 20 sm dwers troch de krop fan de foet slein, krekt tusken it twadde en tredde middenfuotsbonkje troch. As de spiker der oan de fuotsoal wer útkaam, waard de oare skonk sa bûgd dat de spiker ek troch dy foet hinne slein wurde koe oant yn it hout fan de peal. Sa hong it slachtoffer dan oan trije spikers. Bloedferlies wie der mar in bytsje, mar de pine wie ûndraachlik en de deastriid begûn. Want men wie net samar dea. Al neffens de kondysje fan de feroardielde en de technyk fan de krusiging koe it stjerren oerenlang duorje en fakentiids oant de oare deis. Der binne gefallen bekend dat de feroardielden langer as twa dagen yn libben bleauwen.

Deadsoarsaak
Mar wêr stoaren dy dan by eintsjebeslút oan en wat wie medysk besjoen de deadsoarsaak? De wûnen oan de polzen en de fuotten wiene net libbensgefaarlik, likemin as it betreklik lytse bloedferlies. De slachtoffers stoaren troch in hiel oar meganisme.
As  men immen oan de polzen ophinget en it lichem troch de swiertekrêft nei ûnderen sakket, dan komt der in grutte spanning te stean op de spieren fan de earmen, de skouders en it boarst. De ribben wurde nei boppen lutsen en sa komt de boarstkas yn maksimale ynazemingsstân te stean. It slachtoffer kin dan noch sykhelje mei it middenruft. Mar dan wurdt it útazemjen wer dreech en de feroardielde begjint it mei sa’n tsien minuten benaud te  krijen. Men kin it ferlikenje mei in longpasjint, dy’t in swiere astma-oanfal hat. De swier belêste earm-, skouder- en boarstspieren reitsje yn in uterst pynlike kramptastân.
De spierstofwikseling wurdt ferhege. Mar dêr is net genôch soerstof foar beskikber, omdat de bloedsirkulaasje yn de lidden behindere is. It gefolch dêrfan is dat der in moai mannich molksoer oanmakke wurdt. Sadwaande docht him yn it hiele lichem in fersuorringsproses foar. Yn de medyske wrâld wurdt dat in metabole acidose neamd, in fersuorring feroarsake troch de stofwiksel. Ditselde ferskynsel is ek net ûnbekend by sportlju, dy’t fierstefolle fan de lea frege hawwe en dan lêst krije fan krampen. Dejingen dy’t krusige binne, kinne boppedat net goed útazemje, wêrtroch it koalsoergas dat it lichem oanmakket, ek net goed mear fuort kin.
De respiratoire acidose, (fersuorring fanwegen te min fentilaasje) boazet de niisneamde metabole acidose noch mear oan. It slachtoffer begjint him oan wetter te switten, wêrtroch oft it deaswit him letterlik by de lea delrint. Ek it hert begjint it stadichoan te bejaan. Der ûntstiet in saneamde dekompensaasje. De longen rinne fol mei focht lykas by in swiere hertpasjint. De lippen wurde fealblau, de eagen pûdzje út, de bloeddruk sakket, de lichemstemperatuer giet omheech en stadich mar wis reitsje alle spieren, ek dy fan de romp en de skonken yn in helske kramp. Op it lêst rekket it slachtoffer yn shock-tastân en smoart. Safier kin it al
binnen de heal oere komme. Yn Dachau pasten de nazi’s ek wol soksoartige metoaden fan tamtearjen ta.
De slachtoffers waarden dan mei in tou oan de polzen ophongen.

Oerlevere oan de boalen
It wie lykwols net de bedoeling fan de Romeinen dat de slachtoffers sa gau al dea wêze soene. Dêrom waarden ek de fuotten fêstspikere. De feroardielde koe dan de driigjende fersmoaring tydlik ûnderbrekke of útstelle, troch him ôf te setten op de fuotspiker. Sa koe er troch de skonken wat te rekken en de lea omheech te triuwen it boarst en earmspieren wat ûntlêste. It sykheljen gong dan justjes better. De fersuorring yn it lichem waard wat minder en de skiere kleur loek wat fan it antlit. Mar om mei jins folle gewicht op in fjouwerkantige spiker te stean, dy’t dwers tusken de middenfuotsbonken troch slein is, is ek net botte lang te fernearen. De feroardiele gong dan wer troch de knibbels en sakke nei ûnderen oant dat er wer oan de spikers troch de polzen hong. De polssenuw spande him wer oer de spiker, de gleone pine jage wer troch de beide earmen en de fersmoaring en de krampen begûnen fannijs. En sa ruts de persoan oan it krús it lêste ellindige eintsje fan syn libben. Want hieltiten wer soe er himsels omheech wrotte om dêrnei fanwegen de pine al rillegau wer del te sakjen. De rêch, dy’t fan tefoaren by it giseljen stikken slein wie, skjirre dêrby hieltyd oer it rûge hout fan de stipes. Op en del gong it dan, tsien kear, hûndert kear, oan ’t it slachoffer sa dea ynein wie, dat er smoarde. It kin trouwens ek wêze dat de dea mei feroarsake waard troch de niisneamde fersteurde bloedsirkulaasje. Yn de medyske wittenskip hjit dat in circulatoire shock.

De boalen koene it lijen lykwols noch langer duorje litte troch touwen te brûken ynstee fan spikers. Touwen dogge nammentlik sa sear net as spikers. Mei datselde doel siet oan de stipes ek wolris in sedulum, in soartemint fan sitsje dêr’t de feroardielde wat op sitte koe en sa de fuotten en de earmen wat ûntlêstgje.
Ek koe it wêze dat ûnder de fuotten in fuotsteun oanbrocht wie, in suppedaneum. Meastentiids waarden dy net brûkt, want de soldaten woene fansels ek wolris wer nei hûs . . . .
Lykwols koene de boalen it proses ek wat hurder ferrinne litte troch it de feroardielden ûnmooglik te meitsjen om harsels omheech te triuwen. Dat waard dan dien troch it tebrizeljen fan de skonken, krekt ûnder de knibbel. Dat waard dan dien mei in crurifragium, in soartemint fan brûnzen of in izeren kneppel.
It slachtoffer wie dan binnen it kertier wei. Hy stoar dan net allinne omdat er smoarde en fersuorre mar ek troch it grutte bloedferlies. By sa’n fraktuer ûntstiet in haematoom.
Ommers de weefsels om de stikkene bonke hinne rinne fol bloed, de skonk begjint op te setten en wurdt binnen it kertier twaris sa tsjok as gewoanwei. Nei in behanneling mei in crurifragium ferliest men al gau twa of treddel mingel bloed, foar de measte minsken is dat sa’n 40% fan wat men oan bloed by jin hat.    

Fakentiids bleauwen de liken fan de feroardielden oan it krús hingjen, oant dat de rôfdieren en de fûgels harren miel dermei dien hiene of der troch ûntbining ôf foelen. Lykwols koene de neibesteanden fan immen dy’t sa terjochtsteld wie, it lichem ek opfreegje by de Romeinske autoriteiten om it dêrnei te begraven. Faak waard dat tastien sûnder dat dêr ekstra kosten foar yn rekken brocht waarden. Allinne moast de dea dan wol offisjeel fêststeld wurde. Der waard dan mei in lâns dwers troch it boarst hinne stutsen. It koe trouwens noch in hiel kerwei wêze om in lyk fan in krús ôf te heljen. De spikers sieten bytiden wol sa fêst yn it taaie sipressehout, dat der in bile of in seage oan te pas komme moast.

Foar minsken dy’t it hiele artikel lêze wolle (as se dat noch kinne), is it hiele artikel yn te laden as PDF-dokumint troch te klikken op de folgjende link ‘De krusiging fan Jezus’
wpa8a66861_02.jpg
wp04ff8b64_02.jpg