April 2003
De kening dy’t God sjen woe
Yn in fier lân wenne ris in kening dy’t oan de ein fan syn libben tryst waard. “Sjoch”, sei er, “no haw ik yn myn libben fan alles meimakke wat in minske mar belibje kin en sawat alles sjoen en heard. Allinne ien ding haw ik net sjoen: God. Dat soe ik noch o sa graach wolle”.
Dêrom hiet de kening alle wize mannen yn it lân, dat hja him God sjen litte soene. De kening wie wend dat elkenien die wat er sei. En hy rôp alle wize mannen gear, mar dy wisten net hoe’t se hjir mei oan moasten.
Doe kaam der in hoeder fan it fjild, dy’t it befel fan de kening heard hie. Hy sei: “Lit my oan jo winsk foldwaan!” “Goed”, sei de kening.
En de hoeder brocht de kening nei it iepen fjild en wiisde nei de sinne. “Sjochris yn de sinne op”, sei er.
De kening seach omheech, mar waard ferbline troch de glâns fan de sinne. Hy die fuortendaliks de eagen ticht en bûgde de holle. “Woest my faaks blyn ha?” rôp er.
“Mar kening”, sei de hoeder, “dat is ommers mar ien lyts dinkje yn dat grutte hielal, in swak skynsel fan de hearlikheid fan God, in lyts fonkje fan syn ivige glâns! Hoe soene jo dan mei jo swakke, trienwetterjende, kniperjende eagen God sels sjen kinne? Jo moatte Him mei hiele oare eagen sykje!”
De kening waard stil en sei: “Ik sjoch datsto in wiis man bist. Sis my no: wat wie der foardat God der wie?”
De hoeder tocht efkes nei en sei: “Begjin mar te tellen”.
De kening begûn te tellen: “Ien, twa, trije….”
“Nee, nee”, sei de hoeder, “jo moatte begjinne mei wat foar de ien komt.”
“Hoe kin dat no”, sei de kening, “foar de ien is der dochs neat?”
“Hiel goed betocht, majesteit. En foar God wie der ek neat”.
“No noch myn tredde fraach”, sei de kening. “Wat docht God?
De hoeder seach dat it hert fan de kening al sa hurd net mear wie as tefoaren.
“Goed”, sei er, “ik sil jo antwurd jaan op dy fraach. Mar lit ús dan ruilje fan klean”.
En de kening die de keningsmantel út, sette de kroan ôf en beklaaide de hoeder dêrmei. Sels die er de âlde smoarge mantel fan de hoeder oan en die de hoederstas om. De hoeder gong op de troan sitten, naam de gouden skepter en wiisde nei ûnderen, it plak dêr’t de kening stie as in earm man.
“Sjoch”, sei er “Dat is no krekt wat God docht, “de iene ferheget Er en de oare hellet Er del nei ûnderen”.
De kening bleau stean en tocht nei. Ynienen seach er omheech en sei: “No begjin ik in bytsje fan God te begripen!”
Leo Tolstoi
oersetting R. Klooster
April 2000
De ferstannige soan: in Joadsk ferhaal
It sil foar de measte oare minsken wol it selde wêze as foar my: elk hat sa syn eigen stikken yn de Bibel, dy’t jin it measte oansprekke. Yn it nije testamint binne dat foar my altyd wer de gelikenissen, dy’t Jezus hieltyd fertelt. Ynstee fan in dogmatyske útlis fan de Bibel brûkt Jezus hieltyd wer it middel fan in hiel konkreet ferhaal oer in hiele gewoane deistige sitewaasje. Boppedat wurdt hjir ek wer dúdlik hoe sterk oft Jezus yn de Joadske tradysje stiet: in tradysje dêr’t it Kristendom spitigernôch hûnderten jierren oan foarby gien is.
As anty-dogmatysk persoan sprekke se mei ek sa oan, om’t ik mar al te goed wit hoe faak oft algemiene útgongspunten yn de praktyk ferkeard útpakke. Elke sitewaasje is wer oars, mar gelokkich ha de Joadske rabby’s in macht ferhalen om ús wer op it rjochte spoar te setten.
Ien fan myn favorite gelikenissen is dy fan de ferlerne soan (Lukas 14: fers 11oant en mei 31).
Trouwens: de namme, dy’t dizze gelikenis krigen hat, is fansels goed mis. It hie wêze moatten: de ferstannige soan, want wat minske hellet yn dit libben no gjin brike setten út? Dat part fan Jezus syn ferhaal is fan alle tiden. It giet der om, dat de soan op seker stuit ta de konklúzje komt, dat er goed ferkeard sit en dat tajout oan himsels, dêrneffens hannelet en ek syn heit (God) bekent, dat er ferkeard hannele hat. Oer dat tajaan, dat men ferkeard west hat, is fansels noch wol in boek fol te skriuwen yn dit Fryske lân fan hurde koppen, dy’t noait har ûngelyk bekenne sille.
Mar dat efkes fansiden, want ek oare nammen soene wol mooglik wêze, want dit ferhaal hat in hiele soad lagen. In oare laach is de - hiel minsklike - reaksje fan de broer. Dy reaksje fan it net ferjaan kinne, stiet lyk foar dy fan de heit oer. De gelikenis makket ús dúdlik, dat wy noch hiel wat fan God leare kinne, as it giet om it ferjaan fan missetten fan meiminsken.
Dochs is der noch in part fan it ferhaal, dat altyd wer mear yndruk op my makket, as alle oare. It is in koart sintsje út fers 20, dêr’t in soad minsken oan foarby lêze: “De heit seach him fan fierren al oankommen”.
De persoan fan de heit, dy’t hiel dúdlik foar God stiet, hat syn soan noait fergetten. Hy jout elk fan ús alle frijheid om in eigen libbenspaad en libbensferfolling te kiezen. Yn dat ferbân is it ek opfallend, dat de heit de soan by it fuortgean gjin preken en ferstannige warskôgings meijout. Preken, dy’t in soad âlden har bern faak wol miene jaan te moatten en dy’t by my altyd wurke ha as in reade lape op in bolle, moat ik bekenne.
Nee, God stjoert ús hielendal allinne op ’en paad om, somtiden troch skea en skande hinne, ús eigen wei nei Him werom te finen. En it wichtichste is, dat wy witte meie, dat wy altyd werom komme kinne. Aloan wer stiet de Heit by de dyk en wachtet en hopet dat wy werom komme sille. As jo dat ienkear witte, is de reis werom ek net mear in swiere reis. It is in reis werom nei hûs en nei Heit.
Jan Lautenbach