






Juny 2007
De ljurk en de kikkerts
in Sineeske Pinksterfabel
(fan Chuang Tsu, oersetting Douwe Willemsma)
Der wie der ris in maatskippij fan kikkerts dy libben op de boaiem fan in djippe, donkere put.
Se seagen dêr hielendal neat fan de bûtenwrâld.
Se waarden bestjoerd troch in grutte opperkikkert, in grutte bullebak dêr’t elkenien benaud foar wie en dy’t
sei dat hy eigner wie fan de put mei alles dat der yn siet. Hy die noait wat en libbe fan it wurk dat de ûnderkikkerts foar him dienen. Se wrotten de hiele dei troch de modder en sochten michjes, wjirmkes en sa dêr’t de opperkikkert almar grouwer fan waard.
Sa út en troch fladdere der in nuveraardige ljurk de put yn om de kikkerts ta te sjongen oer de moaie dingen dy’t er sjoen hie op syn reizen oer de wrâld; hy song oer de sinne, de moanne, de stjerren, de hege bergen, de griene greiden, de grutte marren en de wide romte yn de loft. Hieltyd as de ljurk op besite kaam, joech de opperkikkert opdracht oan de ûnderkikkerts goed te harkjen nei wat de ljurk sei. ‘Want hy fertelt jimme’ sei de opperkikkert, ‘oer it lokkige lân dêr’t alle kikkerts hinne geane as beleanning nei dit libben fol fan ellinde.
Sels tocht de opperkikkert, dy’t dochs al heal dôf wie en net krekt hearde wat de ljurk song, dat dy ljurk hielendal gek wie.
De ûnderkikkerts hienen har earst wolris op in dwaalspoar sette litten troch wat de opperkikkert sei.
Mar nei ferrin fan tiid wienen se synysk wurden oer mearkes lykas de ljurk dy fertelde en se wienen ek ta de konklúzje kommen dat de ljurk mear as in bytsje gek wie. Fierder wienen se troch in pear frijtinkers ûnder kikkerts der fan oertsjûge rekke dat dizze fûgel troch de opperkikkert brûkt wie om harren te treasten en ôf te lieden mei ferhalen oer hoe moai oft it letter wol net wurde soe as se dea gean soenen.
‘Dat is allegearre leagene’ rôpen de ûnderkikkerts.
Mar by de ûnderkikkerts wie ek in filosoof dy’t in nij en nijsgjirrich idee krigen hie oer de ljurk. ‘Wat de ljurk seit, is net hielendal in leagen’, sei er, ‘en it is ek net allegearre ûnsin. Wat de ljurk ús besiket te fertellen, op syn wize, is wat foar moai plak wy fan dizze earmoedige put meitsje kinne as wy dat wolle. As hy sjongt oer de sinne en de moanne, bedoelt er prachtige nije foarmen fan ferljochting dêr’t wy de tsjusternis út ús libben mei ferdriuwe kinne soenen. As er sjongt oer de wide waaiende loften, bedoelt er de sûne fentilaasje dêr’t wy fan genietsje kinne soene yn stee fan de fochtige stjonkende lucht dêr’t wy oan wend binne.
En it belangrykste; as er sjongt oer it frij en wyld fleanen ûnder de stjerren, bedoelt er de frijheid dy’t wy allegearre kenne sille, as de lêst fan de opperkikkert fan ús weinommen is. Jimme sjogge dus wol, dizze
fûgel fertsjinnet net om útlake te wurden; hy fertsjinnet om priizge te wurden om’t er ús wer ynspiraasje en hope jout.’
Mei tank oan de kikkertfilosoof krigen de ûnderkikkerts wer in nij sympathyk byld fan de ljurk. Doe’t de revolúsje kaam – want revolúsjes komme altyd – setten de ûnderkikkerts it byld fan de ljurk op harren flagge. Neidat de opperkikkert oan kant setten wie, waard de dûnkere, fochtige put prachtich ferljochte en fentilearre; it waard in noflik plak om te libjen.
Mar de nuveraardige ljurk kaam noch hieltyd op besite mei ferhalen oer de sinne, de moanne, de stjerren, de hege bergen, de griene greiden, de grutte marren, de wide romte yn de loft en alles wat er dêr belibbe.
‘Miskien is dizze fûgel dochs wol gek’, sei de kikkertfilosoof; ‘wy ha yn alle gefallen gjin ferlet mear fan dizze lieten. Je wurde der ek wurch fan om hieltyd mar lústerje te moatten nei fantasijen, dy’t har sosjale betsjutting ferlern hawwe’.
Op in dei is it de kikkerts slagge om de ljurk te fangen . . . . . . se hawwe him opset en yn har nije museum delset . . . . . op in eareplakje.

