wpd25a8018_02.jpg
wp0616a547.gif
wpd3a37125.gif
wp16ddc10b_02.jpg
wpfa277a31_02.jpg

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

artikels en oertinkings út de Earn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2011 - 2012

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Rienk Klooster - bylden en foarstellings fan Jezus

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

wpfa277a31_02.jpg
wpd3a37125.gif
Septimber 2007
'Hoe lang moatsto noch?'

'Hoe lang moatsto noch?' Dat is in fraach, dy't ik de lêste jierren faak om my hinne hear. Der kin net in jierdeisfeestje of in oare gelegenheid wêze dêr't minsken fan myn leeftiid elkoar moetsje, of it praat komt grif op dit ûnderwerp. Dat murk ik benammen doe't ik yn july myn 60e jierdei belibje mocht. Frijwat minsken dy't my lokwinsken stelden my tagelyk de fraach, 'en hoelang moasto noch?' Ik liet witte, dat ik noch lang net fan doel wie om dea te gean, mar dat wie uteraard gjin antwurd op de fraach. Want de fraachstellers wolle fan jin witte, wannear foar jin de 'vut'-regeling yngiet, dan wol it emeritaat. As ik dan útlein ha, hoe't dat yn de tsjerke regele is, krij ik grif de opmerking te hearren: 'Dus do moatst oan dyn 65e ta! Dat is noch fiif jier!'
It is suver hast de reaksje fan immen dy't in finzenisboef opsiket, dy’t somber en suchtsjend fan efter de traaljes wei meidielt, dat er noch fiif jier sitte moat.

De fraach fan minsken dy’t jin freegje ‘Hoelang moatsto noch?’ seit op himsels al hiel wat. Ik tink dan, hoe hasto sels dyn wurk belibbe, datsto my dy fraach op dizze wize stelst. It is krekt as hat it wurk foar dy in soartemint fan finzenskip west, dêrst no nei al dy jierren fan befrijd bist. It falt my ek op dat frijwat minsken it gefoel hawwe dat se it noch noait sa drok hân hawwe as sûnt dat se út it wurk wei binne. Guon haw ik sels wol sizzen heard dat se har net begripe kinne, hoe’t se oait de tiid hiene foar it deistige wurk. As ik dan de fraach stel, wat dan wol de aktiviteiten binne dy’t se op dit stuit by de ein hawwe, dan witte se dêr faak gjin dúdlik antwurd op te jaan. De dagen skine samar om te fleanen.

'Hoelang moatsto noch?’ Op de fraach antwurdzje ik dan, dat ik dat net belibje as in ‘moatten’. Uteraard bin ik, sa't it no liket, noch wol in tal jierren  ferbûn oan de tsjerke, nei alle gedachten oan de gemeenten Westerwert en Earnewâld.
Mar dêrnjonken bring ik myn tiid graach troch mei lêzen, skriuwen, skilderjen en oare nijsgjirrige saken.
Alles mei elkoar jout it my noch altiten in soad foldwaning en ik genietsje folop fan it libben.
Foar my (gelokkich ek foar myn frou) is it libben noch ien en al útdaging. Wy sitte fol plannen en beide hoopje wy oan it lêste ta aktyf te bliuwen. Fansels wurdt men âlder (gelokkich mar, sis ik dan). Dat betsjut dat jins lichaamlike kondysje net mear is lykas tritich jier ferlyn, mar jins belêzenheid en libbensûnderfining is folle
en folle grutter as doe’t men tritich wie. Dat is de oare kant.

It komt der yn it libben o sa op oan om ‘it ark skerp te hâlden’. Ik bedoel om derby te bliuwen, dwaande te bliuwen en net wei te sakjen efter de tillevyzje en efter de geraniums en dêr te fertutearzjen ta in ‘deade siel’. Ik haw minsken moete dy’t oant op hege leeftiid (sels oer de 90) warber bleauwen, folop belangstelling hiene foar fanalles en noch wat, dy’t liezen en dy’t oan it lêste ta skerp en jong fan geast wiene. It is ek net tafallich dat dit soart minsken krekt fanwegens dizze eigenskippen soms oant op hege jierren funksjonearje kin yn hege en ferantwurdlike funksjes. De paus is dêr in typysk foarbyld fan, mar men kin ek tinke oan guon politisy. ‘Hoelang moatsto noch?’ Antwurd: ‘Ik hoopje myn libben lang warber te bliuwen!’

Rienk Klooster

Ferslach stúdzjeferlof 2007
De tsjerkoarder skriuwt foar dat in dûmny hâlden is om fan syn stúdzjeferlof ferslach te dwaan oan de tsjerkeried.
Yn de tsjerkeriedsgearkomst haw ik dat dan ek dien, mar ik stel it ek op priis dat te dwaan oan de hiele gemeente, want by eintsjebeslút is it de gemeente dy't jin de gelegenheid biedt om in fearnsjier dwaande te wêzen mei de stúdzje.
Dy’t my kenne, dy witte dat ik my yn it algemien graach dwaande hâld mei lêzen, studearjen en skriuwen. Gelokkich is de PKN ek fan betinken dat it wichtich is dat dûmny’s njonken it fakentiids drokke gemeentewurk dwaande bliuwe mei de wittenskip. Der is dan ek in âlde siswize: Een predikant die niet studeert, is niet bekeerd.
Minsken lykas ik, komme fan sa’n stúdzjeferlof gewoan by. Studearjen is soks as ‘geastlik bytanken', jins geast ferromje. De iene hâldt him dwaande mei de âlde talen en mei  bibelútlis, in oar mei besinning op praktyske saken as: pastorale psychology, preekkunde, kategeze of liturgy. Myn belangstelling leit benammen op tsjerkehistoarysk gebiet.
Yn it ferlingde fan myn proefskrift haw ik twa artikels skreaun: ien oer de âlde evangelyske rjochting yn Nederlân yn de perioade 1867-1946 en ien oer de evangelyske rjochting yn de perioade 1848-1961 yn de stêd Ljouwert. Oer beide ûnderwerpen hie ik earder al frijwat ûndersyk dien en in soad gegevens sammele, mar no haw ik dy dan ferarbeide yn dizze beide publikaasjes.
It earste artikel haw ik oanbean oan it Documentatieblad voor de Nederlandse Kerkgeschiedenis na 1800,
it twadde sil ferskine yn in nûmer fan de Leeuwarder Historische Reeks.

It tredde ûnderwerp, dêr't ik allinne mar wat in opset foar makke haw en in earste begjin, is in boek oer de tsjerkeskiednis fan de Stellingwerven. Dat sil in projekt wurde fan jierren. Stellingwerf is in gebied dat altiten wat op it fuottenein lein hat, sawol yn de Midsieuwen doe't it noch ûnder Drinte foel, as yn de tiid dêrnei doe't it by Fryslân hearde. Yn de histoaryske hânboeken oer Fryslân, Drinte en Oerisel wurdt dan ek net in soad omtinken jûn oan dit gebiet. It is wier dat it in gebiet west hat sûnder stêden, kleasters en wichtige adelike famyljes, mar dat wol net sizze dat de skiednis oan dit lân yn it streamgebiet fan de Tsjonger en de Linde foarbygien is. Der sitte krekt hiele nijsgjirrige kanten oan de Stellingwerfske skiednis en benammen ek oan
de tsjerkeskiednis.

No’t it stúdzjeferlof foarby is, giet myn tank út nei de gemeenten Westerwert en Earnewâld, dy’t it mooglik makke hawwe dat ik wer in fearnsjier myn tiid besteegje koe oan de wittenskip. En wat ik o sa wurdearre haw, is dat ik yn de ferloftiid folslein mei rêst litten bin.

Rienk Klooster
wpa8a66861_02.jpg
wp206c71a1_02.jpg