Herfoarme Tsjerke Earnewâld Hiemside Frysk Oekumenysk Wurkferbân

FOWE

grûnslach en doel fan de stifting FOWE

tsjerketsjinsten

kontakt

foar it bûsboekje

de Earn

De profeet as hoeder

Hoe te bidden?

De Geast fan God

Twa ferskillende wizen fan leauwen?

Wierheid

Seiderjûn

Betinke

Duco Arris Vorster, dûmny en mystikus

Oer Messias- en eintiidferwachtings

De skatkeamer fan ús hert

Begjinne by it begjin

Gewoane minsken

Twa gedichten fan Roemi

As God net bestiet, kin hja ek in frou wêze

Oer De Rottefalle nei Jorwert nei Earnewâld

Dr. Rienk Klooster beroppen yn Earnewâld

Kahlil Gibran: oer it houlik en oer bern

Leauwige ferbylding as antydepressivum

God is leafde, byldspraak, poëzij . . .

It pak fan ús heit

Hjir stean ik foar!

Kryst kollum

Longerjend lânskip: oer dichter C.O. Jellema

Slauerhoff en Jorwert (1)

Slauerhoff en Jorwert (2)

Slauerhoff en Jorwert (3)

Slauerhoff en Jorwert (4)

Slauerhoff en Jorwert (5)

Slauerhoff en Jorwert (6)

Slauerhoff en Jorwert (7)

Slauerhoff en Rinsma

Net te froed en net te tsjoed

Skepping en evolúsje, twa ferskillende taalfjilden

Siebe de Boer: sykje nei wat ferburgen leit

Johannes Hendrikus Zelle, in legindaryske dûmny

Jierdei! God en de twade sekse

Ympresjes fan in reis nei Sina

oer de nije Earn

Charles Darwin - de evolúsjeteory

Darwin, Nietzsche en de morele tinkflater

Johannes Calvyn

it kwea as macht en as realiteit

nij diakonaal doel: Sviatoslav

oer bûgd wêzen en oerein kommen

deltein yn ´e hel

de karre fan Jiskepûster

leauwe yn in God dy´t net ´bestiet´

it Krystferhaal

fuotstappen yn it sân

hoe lang moatsto noch?

ferslach stúdzjeferlof 2007

de ljurk en de kikkerts

de krusiging fan Jezus

de moard op Theo van Gogh

de Bibel:Hillige skrift en Wurd fan God?

de Protestantse Kerk in Nederland

de kening dy´t God sjen woe

de ferstannige soan: in Joadsk ferhaal

Oertinkings

Goed Freed en it lijen fan de minske

Advintspreek: de essinsje fan it bestean

Oer de Hoop

De echte druvebeam

Presys op tiid gongst ek wer fuort

In nij begjin meitsje

oer hawwe en wêze

oer Jezus en it kwea fan syn tiid

oer ‘Tuskentiid’ en 1 Korintiërs 13

oer de Geast fan Pinkster

oer Jona en it kwea

oer Genesis en Markus en it kwea

oer Mattéus en Job: de goede en de wylde weet

mar ferlos ús fan it kweade

oer Eksodus en Micha

oer Preker en ús Godsbyld

de trije wizen

God as de ´Almachtige´

oer Job en de almacht fan God

tsien preken oer it ‘Us Heit’

Frijheid

de Earnewâldster Rûnte

program foar it winterskoft 2017 - 2018

Trinus Hoekstra oer globalisearring en kredytkrisis

Hessel Posthuma oer it kwea yn it Boeddhisme

Evert van Olst oer it goede libben en it kwea

J.H. Laenen oer goed en kwea yn Joadske mystyk

Jan Greven - it kwea as macht en as realiteit

Sytse Ypma - God als Iets is geen porem

Jan Greven - veranderend religieus landschap in Nld

list mei literatuer side 1

list mei literatuer side 2

Hiemside Frysk Oekumenysk Wurkferbân Mail: tine.vanminnen@kpnplanet.nl


FOWE  -  De Earn


Oktober 2009


Ympresjes fan in reis nei Sina


Uteraard hat men as teolooch op sa’n reis nei Sina benammen each foar de geastlike en religieuze kant fan sa’n lân. Wy hawwe ferskate timpels sawol fan bûten as fan binnen besjoen. Ek ha wy yn in moskee west en fansels is it ús net ûntgien dat yn Sina ek tsjerken steane.

Us waard ferteld, dat der de lêste jierren in folle gruttere tolerânsje is op it gebied fan godstsjinst as it wol west hat, alhoewol de oerheid de ûntjouwings op geastlik gebied wol goed yn it each hâldt. Yn de tiid fan de kulturele revolúsje yn de 60er en 70er jierren wie alle godstsjinst taboe en is der in hiel soad oan ieuwenâld religieus kultuergoed gewoanwei fernield. Sa binne yn Tibet de measte kleasters en timpels domwei mei de grûn gelyk makke. It falt jin trouwens yn it algemien op dat der by de Sinezen sa’n bytsje histoarysk besef libbet. Rûnom wurde ieuwenâlde gebouwen en wenwiken sûnder pardon opromme om plak te meitsjen foar moderne flatgebouwen. It seit ek hiel wat dat histoaryske stúdzje yn Sina hielendal net yn tel is. Sa binne der mar in bytsje studinten dy’t skiednis studearje. Mei skiednis falt ommers neat te fertsjinjen.


Leauwen en byleauwe

Nettsjinsteande dat is it opmerklik hoe’t yn Sina de religy al dy jierren fan ûnderdrukking oerlibbe hat.

Blykber is de minske yn djipste wêzen dochs folle religieuzer as wy ornaris tinke. Om te begjinnen binne de Sinezen o sa byleauwich, bygelyks wat sifers en getallen oanbelanget. It sifer 4 bringt ûngelok. Mar 6 en 8 dêrfoaroer binne geloksgetallen. Benammen it sifer 8 bringt jin gelok. Sa binne de nûmerbuorden op de auto’s djoerder al neffens dat der mear geloksgetallen op foarkomme. En it wie ek net tafallich dat de Olympyske spullen ferline jier yn Beijing begûnen om 8 minuten oer achten op 8 augustus 2008.


Ferearing fan foarâlders

Op ús reis ha wy frijwat timpels besjoen, dy’t ek goed besocht waarden, benammen ek troch jonge minsken. Timpels binne frij tagonklik foar elkenien en it is dêr in kommen en in gean fan minsken. Hja komme dêr om wijreekstokjes oan te stekken en om te bidden.

It is krekt as is der suver wat in religieuze oplibbing geande. Datselde foel ús trouwens ek op yn oare lannen dêr’t wy de lêste jierren west hawwe en dêr’t de godstsjinst ûnderdrukt west hat: yn Ruslân en Georgië bygelyks. Lykwols is it net sa maklik om wat sicht te krijen op it religieuze libben fan de Sinezen, op wat de minsken leauwe en wat har yn djipste wêzen dwaande hâldt.

In ferskynsel dat tige algemien is yn Sina, eins in folksgodstsjinst, is de foarâlderferearing. Jins foarâlden moat men te freon hâlde. Dy wurde dan ek fereare, sawol op hûsalters yn in hoeke fan de keamer as yn timpels.

Sa ha wy yn in timpel west, dêr’t de muorren fol hongen mei nammen en foto’s fan ferstoarnen.

Der wiene alters dêr’t minsken har offerjeften op dellizze koene en der wie in rige knibbelbankjes dêr’t men knibbelje koe. De offerjeften wiene foar de muontsen dy’t de timpel ûnderholden.

Yn oare timpels stie it fol mei bylden: alderhande goadebylden, mar ek likegoed Boeddhabylden.

By de yngong steane fakentiids bylden mei gryslike koppen om de kweageasten te ferdriuwen. In tige populêre goadin is Kwan Yin, de goadin fan de fruchtberheid en dy’t men ek oanroppe kin yn gefal fan sykten en kwalen. It foel my op dat yn dizze timpel de froulju yn de rige stiene om dizze goadinne te bewijreekjen, te oanbidden en om efkes har byld oan te reitsjen.


Kong Fu Tse

De trije godstsjinsten dy’t fanâlds Sina behearskje binne: it konfûsjanisme, it taoïsme en it boeddhisme.

Dizze trije besteane net njonkenelkoar, mar binne earder in ienheid. Sinezen komme bygelyks sawol yn Konfûsjus-timpel as yn in taoïstyske of in Boeddhatimpel. It Konfûsjanisme giet werom op de grutte learmaster Konfûsjus (Latyn: Confucius; Sinees: Kong Fu Tse). Dizze minister, pedagooch en filosoof libbe yn de 6e ieu foar Kristus en stiet noch altiten heech yn oansjen. Syn lear wie tige nochteren, praktysk, oarderlik en minsklik (sa wie it alteast bedoeld). De kearn dêrfan binne de fiif libbensrelaasjes en de hâldings dy’t dêrby hearre: 1. leafde by de heit en earbied by de soan; 2. soarchsumens by de âldere broer en dimmenens by de jongere broer; 3. rjochtfeardichheid by de man en hearrigens by de frou; 4. wize minsklikheid by de âlderein en tankberens by de jongerein; 5. goedgeunstichheid by de bestjoerders en trou by de ûnderhearrigen.


Lao Tse en it Taoïsme

Wat Konfûsjus (alhiel yn de tradysje fan de Sineeske tinkers foar him) neistribbe wie in libbenslear dy’t basearre wie op harmonije oftewol op de ‘Tao’. Mei dat lêste bedoele de Sinezen de harmonije dy’t bestiet tusken de twa prinsipes fan Yin en Yang, dy’t as de twa grutte tsjinstellings elkoar oanfolje ta in gehiel.

Op dizze harmonije fan tsjinstellings is de hiele werklikheid basearre.

Neat is hielendal Yin of hielendal Yang. Yin en Yang wurde ôfbylde as in twa kikkertsfiskjes dy’t tegearre in sirkel foarmje. Yin is it froulike prinsipe, Yang it manlike. Yin is alles wat kâld is, passyf, wiet, weak, tsjuster, heimsinnich en feroarlik. Yang stiet foar waarm, aktyf, hurd, droech, ljocht en stevich. It iene is net better as it oare en it iene kin net sûnder it oare. Troch de ‘Tao’ foarmje de prinsipes Yin en Yang in folseine harmonije fan tsjinstellings en wurkje yn alles wat bestiet. Sels in miel iten is yn Sina basearre op dit prinsipe.

It taoïsme is yn syn hjoeddeiske foarm in kompleks fan alderhande tsjustere rituelen, mar fan hûs út is it basearre op de lear fan de Sineeske filosoof Lao Tse, in tiidgenoat fan de niisneamde Kong Fu Tse.

Fanâlds wie it in djipsinnige en mystike lear, dy’t (oars as it mear praktyske en aktive konfûsjanisme) in passive libbenshâlding foarstie. De minske moast libje yn ienfâld en harmonije mei de natoer en troch mystike meditaasje komme ta in ynderlike rêst en in jin ien fielen mei dyselde natoer. ‘Wei-wu wei’ neame de Sinezen it berikken fan ynderlike oerjefte en ferlossing.

De tredde religy is it Boeddhisme, dat yn syn Sineeske foarm ek wer eleminten yn him hat fan de beide oare religys. Trouwens Boeddha-bylden kin men ek oantreffe yn bygelyks taoïstyske timpels.


De heechste god is Ping Ping

It kin de Sinezen net safolle skele wat se oanbidde. As it har om samar te sizzen mar wat opsmyt en as it mar helpt.

Op de weromwei nei hûs siet ik yn it fleantúch neist in Koreaan, mei wa’t ik oan de praat rekke.

Hy fertelde my dat yn Súd-Korea in soad minsken kristen wiene, mar ek in hiel soad it boeddhisme oan hongen. Hy wie sels oertsjûge Boeddhist. Elkenien dy’t libbet neffens de wysheid fan it boeddhisme kin in Boeddha wurde, sa sei er.

Ik frege him nei it ferskil tusken it Sineeske en Koreaanske boeddhisme, om’t it my opfallen wie dat yn Sina de godstsjinsten sa bot  trochelkoar hinne rûnen. Hy fertelde my dat dat yn Korea hiel oars wie en mei in glimke makke er de opmerking: ‘The Chinese are very flexible’ (Sinezen binne hiel fleksibel).

En ik tocht by mysels: De heechste god dy’t yn Sina fereare wurdt, is yn wêzen de god 'Ping Ping'.

Mar dat is in ferskynsel dat yn it westen net oars is.   


Rienk Klooster


Sineeske timpel yn Xuchang