Jannewaris 2008
Leauwe yn in God dy’t net ‘bestiet’
Preek nei oanlieding fan it boek fan Klaas Hendrikse: Geloven in een God die niet bestaat.
Skriftlêzings: I Keningen 8:1-12; Johannes 4: 4-26
Der is op it heden in soad te dwaan oer it boekje Geloven in een God die niet bestaat fan Klaas Hendrikse, dûmny yn Middelburg en Zierikzee. In dûmny, dy’t neffens syn eigen sizzen op in ateïstyske wize yn God leaut. Hendrikse hat al in kear as wat op de tillefyzje west. En mei syn boek hat er blykber hiel wat losmakke. Dat docht bliken it omtinken dat it boek rûnom kriget. Foaral minsken dy’t it boek net lêzen hawwe, dy hawwe it grutste wurd, sa krij ik de yndruk.
Om’t de fragen dêr’t dit boek oer giet net nij binne en my wol fertroud, fûn ik it yn earsten net nedich om it te lêzen, lit stean te keapjen. Mar omdat sa’n protte minsken it deroer hawwe, en ik it fan immen te lien krije koe, haw ik it ferline wike dan mar ris lêzen. Stiet der in soad nijs yn? Nee, dat net. Bin ik it der mei iens?
Ja, yn grutte linen wol. Ik soe it allinne wat oars formulearje. Mar ik tink dat it in goed ding is, dat der wer ris omtinken is foar de fraach nei it hoe en wat fan it ‘bestean’ fan God.
Ketters
Ik ferbaas my deroer wat sa’n boek losmeitsje kin. ‘De man is in ketter’, sa is de klassis Zierikzee fan oardiel en hat syn geskrift oanklage by de synoade. Mar de synoade wol him de hannen der net oan baarne, wol ek gjin petear en seit: ‘Jim moatte der yn de klassis mar oer prate’.
In ketter dus. Ketters hearre fanâlds op de brânsteapel. De tsjerke hat in reputaasje op dat gebied.
En Farizeeërs, dy sitte foaroan yn tsjerke. Ek op dat gebied hat de tsjerke in reputaasje. Yn ider gefal bin ik benijd hoe’t dit komme sil, want tsjerklike leartuchtkwestjes meitsje in soad los. En ûnrêst yn de tsjerke, dêr sit de synoade net om te springen.
‘Leauwe yn in God dy’t net bestiet’, sa is de titel fan it boek. Hendrikse seit: Ik leau net dat God bestiet, lykas oare dingen om ús hinne besteane. God ‘bestiet’ net. En dan seit er net in punt, mar in komma. Want, seit er: ‘Ik leau wol yn God’. Hoe kin dat? Slút elkoar dat net út? In nijsgjirrige fraach om oer nei te tinken.
Wy sitte hjir fan ‘e moarn allegearre as leauwige minsken. Wy leauwe yn God. Oars sieten wy hjir net.
En oars stie ik hjir net. Koe ik myn wurk net iensen dwaan. Wat myn eigen leauwen yn God oanbelanget, dat sit hiel djip en dat datearret ek al fan hiel lang ferlyn. It is begûn mei in berneferske. It alderearste ferske dat ik as jonkje fan seis jier learde op skoalle.
God is altijd bij mij,
Hoor, wat ik vertel
In al mijn doen en denken
Al mijn werk en spel
Wa’t it ferske skreaun hat en wêr’t it ferske weikomt, dat wit ik net. Mar it is mei altiten bybleaun en it stiet om samar te sizzen oan de basis leit fan myn persoanlike leauwen. En dêrmei bedoel ik it djippe besef dat Hy, de Ivige altiten op ien of oare wize ticht by my is. Hoe’t dat krekt sit, dêr koe ik as bern fan seis gjin ferklearring foar jaan, en dat kin no sa’n 54 jier letter noch net.
De lear fan de tsjerke
Mar goed, yn de santiger ik studearre teology. En by de tsjerklike oplieding moasten wy ek kennis nimme fan de belidenisgeskriften. Sa krige ik ûnder eagen wat der stiet yn de Nederlandse Geloofsbelijdenis út 1561.
En lies dêr yn Artikel 1 oer De Enige God dizze wurden:
Wij geloven allen met het hart en belijden met de mond, dat er is een enig en eenvoudig geestelijk Wezen, dat wij God noemen: eeuwig, ondoorgrondelijk, onzienlijk, onveranderlijk, almachtig, volkomen wijs, rechtvaardig, goed en een zeer overvloedige bron van al het goede.
Sa waard it formulearre yn 1561. Dit is gjin bibeltaal. Yn de formulearring fan dit Godsbyld sit frijwat dat ûntliend is oan de Grykske filosofy. God ‘is’, mei oare wurden Hy ‘bestiet’ as enig en eenvoudig geestelijk Wezen: eeuwig, onveranderlijk, almachtig. Ik tink dat wy allegearre wol wat meikrige hawwe fan dizze Godsfoarstelling, mar dat wy it stik foar stik dochs ek wer op in eigen en persoanlike wize ferarbeide hawwe. Want leauwen is wat persoanliks. En it byld fan God dat wy hawwe, feroaret al neffens de dingen dy’t wy meimeitsje yn it libben.
Bern op skoalle freegje my wolris, hoe’t God derút sjocht. Ik freegje dan: ‘Wat tinkst sels?’
En altiten wer fernim ik dat bern har God foarstelle as in âld man mei in griis burd, dy’t him tahâldt earne tusken de wolkens. ‘Liket er op Sinteklaas?’ freegje ik dan. ‘Ja, mar ek wol op dûmny’, krij ik dan as antwurd (hoe faak mei in minske sa’n komplemint barre). Foar bern bestiet God dus substansjeel, konkreet, suver hast stoflik. En it soe wolris wêzen kinne dat frijwat minsken dat byld út de berne jierren by har hâlde. En al neffens dat byld bestiet God yn harren foarstellings, mar foar har gefoel ek yn werklikheid.
Hoe bestiet God?
En no is der yn Seelân in dûmny dy’t seit: ‘God ‘bestiet’ net. Men soe hast sizze: It liket wat op de teloarstelling dy’t bern oprinne, at se der op in kweade dei efter komme dat Sinteklaas net echt bestiet en dat se eins mar wat foar de gek hâlden binne. Mar dy fergeliking giet net op. Want Hendrikse seit: ‘Van God kun je niet zeggen dat hij bestaat, nee God “gebeurt”.
Wat bedoelt er te sizzen? En it is hiel wichtich om goed nei him te harkjen. Kin men bygelyks sizze dat ‘gerjochtichheid’ bestiet? Kin men sizze dat leafde ‘bestiet?’ Kin men ‘gerjochtichheid’ of ‘leafde’ fêstpakke? Nee, want it is net ‘substansjeel’.
‘Gerjochtichheid’ is eat dat bart. It bart tusken minsken, yn in maatskippij. Mei ‘leafde’ is dat ek sa. It is in barren tusken twa minsken. Mar it is net te gripen, sels net ûnder wurden te bringen. Want wat binne wurden?
En God, seit Hendrikse, is allyksa in barren tusken minsken of hiel persoanlik yn in minske. En dat wat wy God neame, hat altyd te krijen mei hiele djippe en kostbere gefoelens. En wat dat krekt is, dat is te grut om yn wurden te sizzen. Mar Hy is der. Hy is der as dejinge dy’t by ús is en mei ús mei giet yn dit libben.
Dat is in bibelske, in Joadske gedachte. En ek in kristlike gedachte. Mar freegje net hoe’t dat krekt sit.
Want it godlike is te grut om ûnder wurden te bringen yn lytsminsklike wurden. Wurden, minsklike foarstellings, hoe moai en ferheven oft se ek binne, se sjitte altiten te koart. God is altiten mear en oars.
God bliuwt in geheim
Wy hawwe in stik lêzen út 1 Keningen 8. It giet dêr oer de bou fan de timpel yn Jeruzalim troch kening Salomo. De timpel dy’t de âlde tinte ferfangt, jildt as it hûs fan de Heare yn it midden fan syn folk.
En dan giet it ek oer de gouden arke, de kiste mei dêryn de beide stienen platen mei de tsien wurden deryn gravearre, dy’t Moazes op de berch Hoareb fan God krige hie. Dy gouden kiste kriget in plak yn it Alderhillichste, d.w.s. de tsjustere romte yn it binnenste fan de timpel. Twa kearûb-ingels steane oan wjerkanten fan de kiste of op it deksel, dat is my net hielendal dúdlik. Ik kom der daliks op werom.
En dan stiet der:
'Doe't no de prysters út it hillichdom kamen, waard it hûs fan de Heare fol fan in wolk. Om dy wolk koene de prysters net op har post bliuwe om tsjinst te dwaan, want de hearlikheid fan de Heare naam syn timpel hielendal yn beslach'.
Yn byldzjende taal wurd hjir ferteld dat de Ivige God hjir syn wenstee hat. Yn bylden en symboalen, lykas in wolk, lykas de ‘godlike hearlikheid’. Mar it wêzen fan God sels, dat bliuwt in geheim.
En no dy ingelfigueren as op of neist dy gouden kiste yn it binnenste fan de timpel, it Alder-hillichste.
Dêr hearde eins in byld te stean fan de god oan wa’t de timpel wijd wie. By de folken om Israël hinne, wie dat gebrûklik. Yn de timpel yn Jeruzalim wie dat sa net. It plak fan it byld wie leech!
Wat wol dat sizze? Ik tink dat dat sizze wol:
Hy is der wol. By syn folk hat er syn wenstee. Mar Hy is der op in hiele oare wize as wy tinke.
En noait, mar dan ek noait sil er talitte dat wy oer him beskikke. Noait lit er him bine oan bylden en foarstellings fan minsken. Ek net oan in tsjerklike lear. Dat moatte wy goed begripe.
Jezus oer God
Dan geane wy no nei it ferhaal yn Johannes 4: it petear tusken Jezus en in Samaritaanske frou. Op himsels
is it al hiel eigenaardich dat Jezus as Joad ferkeart yn it Samaritaanske lân. Joaden en Samaritanen gongen net mei-inoar om en hienen beide in eigen timpel. Noch eigenaardiger is dat er praat mei in frou.
Mar it petear dat er mei har hat, is tige nijsgjirrich. It spilet him ôf by in wetterput.
Jezus freget dy frou om wat wetter foar him út dy put te heljen. De frou begrypt net hoe’t in Joadske man har soks freegje kin. As jo wisten wa’t it is dy’t jo dit freget, seit Jezus en hy begjint oer it libbene wetter, dat hysels jout. Yn it petear dat ûntstiet, kriget de frou it gefoel dat dit net samar in persoan is.
En dan giet it ús benammen om wat Jezus dan tsjin dy frou seit. Hy seit: it plak dêr giet it net om, want de wiere ferearders ferearje myn Heit yn Geast en wierheid. Dêr komt it op oan. Sokke ferearders siket myn Heit.
En dan docht Jezus de útspraak: 'God is Geast, en dy't him ferearje, moatte dat dwaan yn Geast en wierheid'.
'Ja, as de Messias komt, sil er ús dat oansizze’, seit de frou. 'Ik dy't mei jo praat, bin it', seit Jezus.
Dat is in prachtich momint yn it petear.
Mar wêr’t it my om giet, dat is dy útspraak fan Jezus: 'God is Geast'.
As de bern op skoalle my freegje: ‘Hoe sjocht God derút?’ dan jou ik steefêst dit antwurd:
'Wy kinne ús God net foarstelle. God is Geast'. En ik lis dan út dat al yn de timpel syn plak tusken dy beide ingels leech wie. 'Mar dûmny, bestiet God dan net echt?' Ik sis dan: jawol, mar op in manier dy't wy net ûnder wurden bringe kinne.
En dan sis ik: ‘It is krekt as mei “leafde”. It is in wurd. Mar it giet om it gefoel. Mar beskriuw dat gefoel mar ris. Dat waarme en djippe gefoel dat minsken bynt. Is it ‘waarm’ en ‘djip’. Mar dat binne ommers mar wurden.
Mar it gefoel fan leafde dat minsken foar elkoar ha, foar dy ha, it is hiel belangryk, mar beskriuw it mar ris. Bestiet it? Ja, it bestiet wol, mar hoe?'
Sa plat as in dûbeltsje
Mei God is dat ek sa. God is lykas in gefoel fan leafde en waarmte en goedens om jin hinne. It hat mei feilichheid te meitsjen, burgen wêze, mei ynderlike krêft, mei treast en mei libbens-moed, mei ynspiraasje, mei akseptaasje (do meist der wêze) en mei hieltiten wer in nij begjin. Ek mei it besef fan goed en kwea.
Mar it is mear as dat en lit him net omskriuwe. It is in geheimenis. 'God is Geast', seit Jezus.
Ik soe sizze wolle: Wat wy God neame, hat te krijen mei in ynderlik belibjen, in mystyk belibjen.
Somtiden te belibjen en dan mear yn de stilte as yn de drokte. In ynderlike stim, in hiel djip gefoel fan ferbûnens. In stim dy’t rjochting jout oan jins bestean. In stim dy’t jin ynspirearret en de moed jout om der te wêzen as minske mei en foar oare minsken. En dêr, yn wat minsken foar elkoar betsjutte, dêr bart it. Yn it goede dat der bart, dêr is God. Dat is de djipste laach fan it leauwen.
Mar dan no de fraach: bestiet God no echt of bestiet er net echt! (as gong it om soks as it bestean fan Sinteklaas). Gemeente, wat dy kreauwerij yn de tsjerke oanbelanget oer de fraach nei it ‘bestean’ fan God, it sil jim net ferbaze as ik sis:'Ik fyn it sa plat as in dûbeltsje'.
Ik wol dan ek beslute mei de wurden fan Jezus:
'De tiid komt en is der no al, dat de wiere ferearders myn Heit yn 'e Geast en yn wierheid ferearje sille;
want myn Heit is der op út sokke ferearders te finen.
God is Geast en dy’t Him ferearje, moatte dat dwaan yn de Geast en yn wierheid’.
Amen.
Rienk Klooster