






Septimber 2010
De startsneinpreek oer de hoop
Yn Genesis 9 lêze wy it ferhaal oer de oarsprong fan de reinbôge. Earst giet it wiidweidich oer de sûntfloed, de grutte allesferneatigjende ramp dy’t de rjochtfeardige Noach en syn hûshâlding en in tal bisten dy’t by har yn de arke binne as iennichsten oerlibje. In freeslik ferhaal is it yn wêzen.
Mar dêrnei giet it oer de reinbôge, dy’t troch God yn de wolkens set wurdt as in teken fan in ferbûn, d.w.s. in ferbinende ôfspraak tusken Him en Noach, mar eins mei de hiele skepping.
De reinbôge is yn de bibel dus net samar in natoerferskynsel, mar in symboal fan hoop foar de takomst.
Sa faak as wy reinbôge stean sjogge, meie wy tinke oan de godlike leafde foar minsken. Dat wy yn ús libben altiten wer opnij begjinne meie. Ik moat sizze: Sa faak as ik de reinbôge sjoch, bin ik der altiten wer fan ûnder de yndruk.
De grutste fan dy trije is de hoop
Hoop, dêr giet it ek oer yn dy bekende wurden út 1 Korinthiërts 13: ‘Yn ien wurd, trije dingen bliuwe foar altiten: leauwe, hope en leafde. Mar de grutste dêrfan is de leafde’. Der wiene ris in dûmny en rabby, dy’t yn petear wiene oer dizze tekst. En doe sei de rabby: It binne prachtige wurden. Allinne it falt my op dat jim as kristenen altiten de klam sa lizze op de leafde. Wy as joaden soene sizze: de grutste fan dy trije is de hoop. Want krekt dy hoop hat foar ús folk altiten sa belangryk west. As dy hoop der net west hie, dan hiene wy as Israëliten al lang net mear bestien. Dat aloan libjen út de hoop hat ús rêding west. Yn it folkliet fan it hjoeddeiske Israël komme wy dy gedachte ek tsjin: Salang as de hoop net stjert, sil it Joadske folk bestean bliuwe.
Hoop is dus hiel wêzenlik. Ommers, salang as der hoop is, is der libben en salang as der libben is, is der hoop. Dat liket sa fanselssprekkend, it yntraapjen fan in iepen doar.
Mar wie dat mar sa! Yn it deistige libben is it fakentiids hiel oars.
Hoopfol yn it libben stean is hielendal net fanselssprekkend. Hoop moat men fakentiids bewrakselje.
Want de wrâld, de grutte wrâld en de lytse wrâld om jin hinne, is hielendal net sa posityf en fol fan hoop.
In protte minsken binne datoangeande hielendal net ynspirearjend. Der is in hiel soad om jin hinne dêr’t men earder wurch fan wurdt en mismoedich; en as men net oppast, ek noch depressyf. Want de negativiteit, de lammenadigens, it eigenbelang, it materialisme, it kwea, it absurde en oare siikmeitsjende krêften en ynfloeden binne fakentiids dominant oanwêzich. En wol sa dominant dat de hoop jin fergiet.
Hoop: mar op wat?
En dan binne der hiele fromme minsken (folle frommer as ik bin), dy hoopje dan op in yngripen fan hegerhân. God sil op in dei yngripe en Hy sil in ein meitsje oan dizze sûndige wrâld mei al syn ferkeardens. En dan sil Jezus weromkomme op de wolken fan himel. En it Ryk fan God sil werklikheid wurde. De grêven sille iepengean en soksawat.
As minsken my freegje wat ik derfan tink (ik tref se wolris yn tsjerklike fermiddens, mar ik krij se ek wolris oan de doar), dan sis ik altiten: ‘It is in opsje. Wy sille wol sjen’.
Ditsoarte fan gedachten binne net nij. Dy binne sa âld as it kristendom. Noch folle âlder sels.
Neffens my seit it mear oer sokke minsken as oer de werklikheid dêr’t wy yn libje. Mar hawar, elkenien hat rjocht op syn eigen wize fan hoopjen en ek op syn eigen teloarstellings. Want sa âld as dizze wize fan hoopjen is, sa âld binne de teloarstellings dêroer ek.
De realiteit fan it libben
Nee, ik bedoel in oare wize fan hoopjen. Ik bedoel in wize fan hoopjen, dy’t in kwaliteit is fan it libben sels.
In hoop dy’t kwaliteit jout oan jins eigen libben, it bestean fan no en hjirre. Dat der in soad rottichheid en negativiteit is, dat witte wy allegearre wol. Dat wist dy joadske rabby dêr’t ik it oer hie, ek mar al te goed.
Syn hiele femylje wie der net mear, allegearre fermoarde. Mar dochs libbe er út de hoop.
Sa kin der ek yn jins eigen bestean fanalles wêze oan teloarstelling, tsjinslach en fertriet, fanalles dat in swiere oanslach docht op de hoop dy’t yn jin is. It kin ek gean om de negative ynfloeden fan minsken om jin hinne. As wie it allinne mar de jaloerskens fan guon. Guon dy’t it nedich fine om harsels omheech te wurkjen troch oaren nei ûnderen te triuwen. Of de negative hâlding fan minsken dy’t net goed yn har fel stekke, dy’t omrinne mei de mûlhoeken nei ûnderen, alles om har hinne nei ûnderen helje mei harren negative kommintaar en allinne mei harren oanwêzichheid al oeral de boel fersiikje. Ommers alles wat posityf is, konfrontearret harren mei harren eigen leechte en is sadwaande bedriigjend. Minsken sunder hoop op de takomst.
Sa binne der ek minsken dy’t fan tinken binne dat eardere tiden better wiene as is de tiid dêr’t wy no yn yn libje. En dy’t gjin gelegenheid foarbygean litte om dy miening te fintilearjen. Eartiids wie alles better: de tiid doe’t in dubeltsje noch in dûbeltsje wie, doe’t wy Ynje noch hienen; doe’t der noch gesach wie en de tsjerken sneins noch fol sieten. Ek sokke steane mei de mûlhoeken nei ûnderen yn it libben en har grutste hoop is dat de âlde tiden werom komme sille en dat de takomst tsjinkeard wurde sil. Minsken dy’t om samar te sizzen efterstebek yn it libben steane sûnder hoop.
Negativiteit, konservatisme, falske hoop op in godlik yngripen, yn wêzen giet it allegearre om bangens, eangst foar de takomst. In takomst sûnder hoop. De wrâld is der fol fan. Rûnom binne dizze krêften oanwêzich: yn de hûshâldings, op skoallen, yn bedriuwen, yn bestjoeren, rûnom yn de maatskippij en net te ferjitten yn de tsjerke. Ik tink wolris dat it ûntbrekken fan hoop wolris de djipste oarsaak wêze kin fan de tsjerklike malêze fan hjoeddedei.
Trouwens dat negative, dat deltriuwen fan it positive fan de hoop begjint al hiel betiid. It is in skea dy’t men al yn jins bernejierren oprinne kin. Sa fan: Wat soesto? Dy’t út in guozzeaai bret is, sil ommers noait in pauw wurde! En sa wurdt bewust of ûnbewust de negativiteit as in feninich ynfuus de ieren yndript. It gefolch is dat in protte minsken steane negatyf yn it libben steane en omrinne mei in negatyf wrâldbyld en mei in negatyf minskbyld (Miskien is dit ien fan de redenen wêrom as ik net fan jierdeisfeestjes hâld).
Hoop is in kwaliteit fan it libben
Gemeente, hoopfol en posityf yn it libben te stean, dat is net fanselssprekkend.
En dêrom is it sa fan belang dat wy op dizze startsnein oproppen wurde, om dat wol te wêzen. En jin der net troch negativiteit en eangst ûnder skoffelje en ûnder wrotte te litten.
Yn de startkrante stiet in ferhaal fan de representatrise Annemiek Schrijver.
Hja seit: ‘Hoop is een krachtig wapen tegen wanhoop en cynisme’. Hoop is gjin takomstmusyk, mar realiteit. Hja seit: Guon geane nei de sportskoalle, mar ik mei graach meditearje en sa treen ik myn geast. Foaral is musyk dêrby foar my hiel wichtich.
Hoop is dus in kwaliteit fan it libben.
Hoop betsjut iepenheid. Iepen yn it libben stean. Iepen en posityf. Kreatyf ek.
Hoop hat te krijen mei ynderlike frede. Hoop is libbensmoed. Hoop is Geast.
Hoe’t de takomst wêze sil, dat witte wy net.
Mar wês foaral net bang.
Haw fertrouwen.
Leau yn jinsels.
Hoop is de wurking fan Gods Hillige Geast yn ús libben.
Hoop is de wurking fan Gods leafde yn ús libben.
En as men hoopfol yn it libben stiet, dan is it libben altiten sinfol, hoe’t it ek ôfrinne mei.
Sa is it ek mei de siedder yn de gelikenis.
Hy sieddet it sied. Wat derfan komme sil, dat wit er net. Fan it iene sil wat mear komme as it oare.
Somtiden komt der ek neat fan.
Mar de siedder, hy sieddet wol. Alle jierren weroan.
En dêrmei is dit in ferhaal oer hoop. In hoop dy’t posityf is en sinfol.
Dêrom sis ik ta beslút:
Hoopje!
Leau yn dysels!
Leau yn watst graach berikke wolst!
Ast dat net dochst, ast gjin leauwen en hoop, dan sil dy noait wat slagje.
Leau en hoopje, sa komst fierder.
Fierder ast oait tinke koest
Lit dy net fan de wize bringe, mar hoopje,
Dan sil it altiten goed komme
Leau dat mar.
Tink oan dy siedder.
En sjoch nei de reinbôge.
Amen.
Rienk Klooster

