Maaie 2008
Deltein yn ‘e hel . . .
Preek út de rige preken oer de Apostolyske Leauwensbelidenis.
Yn de Apostolyske Leauwensbelidenis komme wy ek in leauwenssartikel tsjin dêr’t yn meidield wurdt dat Jezus nei syn dea oan it krús ‘deltein is yn de hel’ (‘nedergedaald ter helle’). Wêr komt dy gedachte wei en hoe bibelsk is dy? Wêr yn de bibel giet it oer de hel en wat betsjut dat dan? Wat moatte wy hjoed ferstean ûnder de hel? In bytsje nuver ûnderwerp miskien, mar der is wol it ien en oar oer te sizzen. Op 18 maaie fan dit jier haw ik dêr yn Earnewâld dizze preek oer hâlden.
Bûten de wurden fan de Apostolyske leauwensbelidenis haw ik as skriftlêzings brûkt:
Psalm 18: 1-7; 1 Petrus 3: 18-20 en 4:6.
De Apostolyske Leauwensbelidenis
Ik leau yn God de Heit, de Almachtige, Skepper fan himel en ierde.
En yn Jezus Kristus, syn ienichstberne Soan, ús Heare;
dy’t ûntfongen is fan de Hillige Geast, berne út de faam Maria;
dy’t lit hat ûnder Pontius Pilatus, krusige, stoarn en begroeven is, deltein yn de hel;
de tredde deis wer opstien fan de deaden;
opfearn nei de himel, sittend oan de rjochterhân fan God, de almachtige Heit;
dêr’t Er wei komme sil om te oardieljen de libbenen en de deaden.
Ik leau yn de Hillige Geast.
Ik leau de hillige katholike Tsjerke, de mienskip fan de hilligen;
de ferjouwing fan de sûnden;
de weropstanning fan it flêsk;
en it ivige libben.
Preek
Gemeente. It is nuver dat de foarstelling fan hel en hellefjoer sa libbet by in soad minsken, benammen bûten de tsjerke. Minsken tinke dêrby dan oan in freeslik oard yn it hjirneimels, dêr’t ûnleauwigen en oare dogeneaten nei harren dea hinne geane. In plak dêr’t it fjoer heech opstookt is en dêr’t alderhande duvels binne om harren slachtoffers te roasterjen, te pinigjen en te tramtearjen. Mar minsken dy’t braaf nei tsjerke geane, dy’t alles leauwe wat dêr ferkundige wurdt en wat der yn de bibel stiet, dy hoege net bang te wêzen foar it hellefjoer, want dy komme skielk yn de himel. En dêr is it prachtich moai.
Hoe komme minsen by ditsoarte fan foarstellings en ideeën? Ik tink dat de tsjerke dêr sels skuld oan hat.
Yn de Midsieuwen bygelyks (benammen it tiidrek fan 1000 oant 1500) wie de eangst foar it hellefjoer hiel grut. Dat kin men hjoeddedei noch sjen oan de foarstellings op de alterstikken út dy tiid. Dêr sjocht men dan boppenoan de oardieljende Kristus, dy’t mei de iene hân minsken ferwiist nei de himelske hearlikheid, mar mei de oare hân minsken it hellefjoer ynstjoert. De hel wurdt dan ôfbylde as in grut meunster mei de bek wiid iepen. En dêrbinnenyn sjocht men in grut fjoer mei alderhande gnizende duveltsjes mei hoarntsjes en pylksturten en fansels dejingen dy’t ta de hel feroardiele binne.
Men soe sizze kinne: Och, dat wiene de âlde tiden! Mar fersin jin net, der wurdt yn de tsjerken noch altiten hel en ferdommenis preke! Ik tink dan wolris: Wat hawwe in soad minsken sadwaande net libbe mei eangst foar de dea. En ek hjoeddedei binne der noch frijwat minsken, dy’t op ien of oare wize bang binne foar dea, oardiel, hellefjoer en soksawat.
It heucht my noch dat Freek de Jonge yn in konferânse opmurk, dat wy net bang wêze hoegden foar it hellefjoer: Och, sei er, hoelang brânt in minske? Dat is gau besjoen. Boppedat is it dêr lekker waarm yn de hel. It soe bêst wêze kinne dat minsken dy’t yn de himel binne, dêr graach wol hinne wolle. Sa fan: ‘Stjoer my dêr mar hinne. Lekker smûk!’
Fan Petrus nei de leauwensbelidenis
De belidenis seit dus oer Jezus dat Er ‘deltein is yn de hel’. En fan ivichheid oant sillichheid, sa faak as it Apostolikum foarlêzen wurdt, klinke de gemeente dy wurden yn de earen. Mar wat betsjutte dy wurden?
Wol dat sizze dat Jezus op Goed freed nei ôfrin fan de krusiging en de grêflizzing noch op ekskurzje west hat nei de hel om dêrnei op Peaskesnein wer presint te wêzen hjir op ierde? Men soe it suver hast tinke.
En wêr hawwe de opstellers fan it Apostolikum dizze wysheid wei? It falt jin trouwens op dat yn de nijere ferzy’s fan it Apostolikum stiet dat Jezus deltein is yn ‘it ryk fan de dea’. Dat klinkt al frijwat oars.
De foarstelling fan dat útstapke tusken Goed Freed en Peaske is ûntliend oan de neifolgjende fragminten út
it earste Petrusbrief:
I Petrus 3: 18-20 en 4:6
“ . . . Kristus is ommers ek ienkear foar ús stoarn foar de sûnden, as rjochtfeardige foar ûnrjochtfeardigen om jimme ta God te bringen. Nei it lichem is Er deade, nei de geast is Er libben makke. Sa koe Er ek nei de geasten yn it deaderyk tagean en har syn boadskip ferkundigje. Dat wienen de geasten fan har dy't ienris nei God net harkje wollen hienen, doe't Hy ferduldich wachte yn Noäch syn dagen, wylst dy dwaande wie mei it bouwen fan de arke. Yn dy arke binne mar in stikmannich minsken – acht meiinoar – rêden troch it wetter.
. . . Want dêrom is ek oan minsken dy't no al stoarn binne, it bliid boadskip brocht, dat sy wol, as alle minsken, oardiele wurde soenen nei it lichem, mar dochs, lykas God, nei de Geast libje soenen . . . .
Der wurdt ús dus meidield dat Jezus yn it deaderyk west hat om dêr oan de deaden syn boadskip te ferkundigjen. En dan giet it, sa stiet der, om minsken dy’t net nei God harkje woene lykas yn de tiid fan Noach. Noach boude mei syn soannen oan de arke en warskôge de minsken foar de grutte wetterfloed dy’t komme soe. Mar de ûnleauwigen laken him fjouwerkant út. En sadwaande waarden allinne Noach en syn neiste femylje rêden fan de ferdrinkingsdea. Nei dizze ûnleauwigen soe Jezus tusken Goed Freed en Peaskesnein ta west ha om oan har it evangeelje te ferkundigjen en har te bekearen.
Ik tink dat frijwat fan ús de earen begjinne te flapperjen. It is dan ek in bizar ferhaal, mar it stiet hjir wol. Blykber wie yn in skier ferline dy foarstelling oer de 'hellefeart' fan Jezus wol sa wichtich, dat er opnommen is yn de Apostolyske Leauwensbelidenis. Mar wat ik hjoed mei dizze ynformaasje moat, ik soe it net witte.
En dat is dan it safolste beswier fan myn kant tsjin it liturgyske gebrûk fan dizze âlde leauwensbelidenis, samar en sûnder der fierder by nei te tinken. Mar tagelyk bin ik my der wol fan bewust, dat sokke wurden jin wol oan it tinken sette. Want nochris, wat is krekt dy hel, dêr’t de ieuwen troch sa bot oer preke is en dêr’t safolle minsken bang foar west hawwe en noch bang foar binne.
Sje’ool wurdt hades wurdt hel
Ik bin op de sneup gien yn de bibel sels en haw my ôffrege wat der stiet yn it Hebrieusk (Alde Testamint) en yn it Gryksk (Nije Testamint) en wêr, hoe en yn hokfoar ferbân oft dy wurden brûkt wurde. Dat is in hiel geplús en in hiel ferhaal, dêr’t ik jim fierder net mei lêstich falle sil. Mar wol in pear dingen dêroer.
Ik kaam derefter dat de foarstelling fan de hel as in plak fan ivige straf nei de dea amper of hielendal net foarkomt yn de bibel: yn it Alde Testamint seker net en yn it Nije Testamint yn wêzen ek net.
De wurden dy’t dêr almeast foar brûkt wurde en dy’t foarhinne oerset waarden (yn de Steatebibel bygelyks) mei ‘hel’: sje’ool yn it Hebrieusk en hades yn it Gryksk, betsjutte soks as 'grêf'. En dan net as in grêfstee op in tsjerkhôf, mar mear yn de algemiene betsjutting fan it plak en de tastân fan de dea. Sje’ool en hades kin men soms ek oersette mei: 'it ryk fan de dea'. Yn it bibelske wrâldbyld – men wist net dat de ierde rûn wie - wurdt de sje’ool foarsteld as in plak ûnder de ierde.
Bangmakkerij
Mar hoe komme wy dan by dy freeslike foarstelling fan it hellefjoer as in plak fan ivige straf en piniging en mei duvels? Ik wol net sizze dat der alhiel gjin oanknopingspunten binne yn it NT, mar ik haw earder it idee dat it berêst op misferstannen, ûnkunde, ferkearde oersettings en ynterpretaasje, en dat it in útfining is fan de tsjerke. En it spyt my dat ik it sizze moat, mar it hat neffens my ek te meitsjen mei klearebare yntimidaasje (bangmakkerij). Yntimidaasje fan de kant fan de geastlikheid, dat seker. Mar ek de gewoane leauwigen hawwe elkoar dermei drige en bang makke.
Ik haw in man kennen, dy’t my fertelde dat syn mem him as lyts jonkje, as er wat útfretten hie of net om lyk woe, plichte te driigjen mei it hellefjoer. Sa fan: 'Daenk deromme mien jongien as ie dat weer doen, dan kom ie laeter in et grote vuur!
Datselde warskôgjen en driigjen moat ek de opset west ha fan dy âlde Midsieuske alterstikken oer it hjirneimels, dêr’t wy it oer hiene. De minsken dy’t yn dy tiid lêze noch skriuwe koene waarden op dy manier yntimidearre en tagelyk oanfitere om trou harren kristlike ferplichtings nei te kommen.
En allyksa hawwe dy âlderwetske tongerpreken makke dat der noch altiten minsken binne, dy’t bang binne foar de dea. En alhoewol’t ik sels sokke minsken mar selden tsjinkommen bin, wit ik út berjochten en ferhalen mar al te goed dat dit ferskynsel gauris foarkomt. 'Hel' is dus in ferkearde oersetting fan sje’ool en hades.
De goeie oersetting is 'grêf' yn it algemien of 'ryk fan de dea'.
It deaderyk fan David
Mar dan wolle wy no sjen hoe’t dat wurd krekt brûkt wurdt yn Psalm 18.
'In psalm fan David, stiet derboppe, doe't hy rêden waard út de macht fan kening Saul’.
En wy lêze:
Ik haw Jo ynlik leaf, Heare, myn sterkte,
Heare, myn rots, myn stins, myn rêder…
De Heare dy’t te loovjen is, haw ik roppen
en ik bin fan myn fijannen ferlost.
Bannen fan de dea besetten my,
floeden fan ferdjer kamen my oer it mad,
stringen fan it deaderyk omfetten my
falstrikken fan de dea strûpten om my hinne.
Doe’t it my oanfleach rôp ik oan de Heare,
oan myn God skreaude ik om help.
Ik freegje jim omtinken foar de wurden: 'stringen fan it deaderyk omfetten my'
Gemeente, wat is hjir oan de hân?
De dichter (lit it David west ha) bekriuwt syn ellindige sitewaasje. Hy wurdt bedrige troch syn fijannen.
En hy ferlikenet dy sitewaasje mei it ferkearen yn it sje’ool, it 'ryk fan de dea'.
It opfallende is dat er 'it ryk fan de dea' ('de hel', om samar te sizzen) hjir brûkt yn in figuerlike betsjutting.
Hy hat it oer it libben fan no en hjirre. Der binne guon dy’t him it libben ûnmooglik meitsje. Saul makket him it libben om samar te sizzen ta in hel. David is op de flecht, hat gjin dak boppe de holle, hy wurdt bedrige en libbet yn grutte ûnsekerheid. Dat is wat hjir sein wurdt.
Gemeente, dat is in gedachte dy’t my tige oansprekt en rekket. Ik bedoel de gedachte dat de ‘hel’ ofwol it ‘ryk fan de dea’ in sitewaasje is, dy’t hjir op ierde oanwêzich is. En dat it de minsken binne dy’t elkoar dat oandwaan kinne. Dat is wat wy lêze yn Psalm 18:6.
Minsken dy’t de hiele preek lêze wolle, kinne de Earn fan juny 2008 ynlade as PDF-dokumint troch te klikken op de folgjende skeakel (link) ‘Earn 40’